deiboek   skriuwersdeiboek 2001
(01-09-2001) - Efkes seach ik him fan 'e midzje. Hy prate yn in kamera fan Omrop Fryslân. Ed Bausch - 'festivalleiding, programmering en idee' neffens it 'colofon' fan it programmaboekje fan Sirkus Ljouwert. De paus op de piramide dus. Earms oer elkoar foar it boarst, in sunige glimk ûnder dy mânske bril. Jûn heinde ik syn wurden fan it skerm. Ed joech ta dat er in jier as wat lyn, doe 't it 'straatfestival' Sirkus Ljouwert waard en fan de betide nei de lette simmer perpleatst waard, eins wat te ambisjeus west hie. It festival hie, sa tocht er doe, heger fan kwaliteit wurde moatten; it moast meidraaie yn de top fan sokke festivals yn Nederlân. Mar Ed woe no wol tajaan dat it roer wer wat om moast, fan it dochs wat al te elitêre werom nei in feest op strjitte foar in breed publyk. Moai fûn ik dat. Omt ik wit dat Ed Bausch him leaver de tonge út 'e mûle skuort as ta te jaan dat syn kar, syn fisy, net de krekte wie. No ja, dus, eins - hy soe neitinke oer de krityk. En sa.

Takomme jier dus wer in gewoan 'straatfestival' yn 'e binnestêd fan Ljouwert. Begjin juny.

No moat ik sizze, hjoed like it út en troch suver wer âlderwets. Oeren haw ik rûn en fan tsientallen optredens makke ik wat mei. Gâns téater, ferskate sjongkoaren. En foar my as hichtepunt it optreden fan Mathilde Santing mei it Noord-Nederlands Orkest. It NNO as folweardige big band! Dat wie moai. Lykas trouwens dy slaanderij fan 'Femmes Vattaal'. En dochs (efkes seure), en dochs miste ik wer dy lytse bands, dy soms kneuterige popgroepkes, dat famke mei de fioele, dy dwersfluitbern - dy lytse optredens dêr 't jo al kuierjend ynienen tsjinoan rinne. Komt wol wer. Takomme jier.

(01-09-2001) - De winner fan de Gysbert Japikspriis is bekend. Dat is wis. Ja, net by my fansels - dan hie 't hjir yn kapitalen stien. Mar de sjuery is ta in oardiel kommen. De namme is no ek bekend by guon provinsjale pommeranten. Dat wy, gewoane minsken, sille noch wol in wike as fiif geduld dwaan moatte ear 't wy it te witten komme. It seit himsels dat ik it net iens besocht haw om de namme te fernimmen út de mûle fan sjuerylid Geart de Vries. Him moete ik fan 't midzje. Dy jonge is sa sletten as de pest, glimket allinne mar.

(02-09-2001) - Freedtemidzje stie 'k yn Stiens tusken twa útjouwers yn: Koen Eekma (Afûk/Fryslân) en Jelma Knol (Friese Pers Boekerij). Beskieden as ik oars fan aard bin, fielde ik my dochs efkes wichtich. Ik bedoel: skouder oan skouder mei sokke minsken, funksjonarissen. Mar ik bin net allinne beskieden, ik bin ek sa nijsgjirrich as in âld wiif. Dat ik harke. Nei in petear oer útjouwerijsaken. En sa fernaam is dat útjouwerij Frysk en Frij op gjin inkele wize oan de sutelaksje meidocht. Folslein ûnbegryp by myn buorlju. Eins fûnen se it ek wol wer komyk, wie myn yndruk. 'Goasse Brouwer wol allinne mar moaie boekjes útjaan. It ferkeapjen liket foar him bysaak'.

Thús haw ik 'Boekenijs' der tige sekuer op neisjoen. Yndied: gjin inkele útjefte fan Frysk en Frij wurdt neamd. Snap ik net. Jo bringe dochs boeken op 'e merk om te ferkeapjen. En yn de Fryske sitewaasje is de sutelaksje dochs in aardich middel om soks foar elkoar te krijen, 'Boekenijs' dochs in treflik poadium om wat reklame te meitsjen? Jo auteurs hawwe dêr ek rjocht op, tocht ik. Har wurk moat nei de lêzers ta. Yn alle gefallen ûnder de oandacht fan de lêzers brocht wurde.

Goasse Brouwer (master-Frysk en Frij!) skynt in apart man te wêzen. Dat is my wol goed. Ik wit dat er al jierren prachtige útjeften op 'e merk bringt. Moai fersoarge útjeften. Mar blinders, dy moatte wol ferkocht wurde! Dit snap ik dus net. FF net yn 'e sutelaksje.

(02-09-2001) - Ein ferline wike ferstoar Marten Brouwer. Samar in berjocht yn 'e krante. Foar my in berjocht om dochs efkes by stil te stean. De man haw ik by myn witten mar ien kear moete. Ein santiger jierren. Yn in húskeamer boppe antikwariaat Brinkman yn Amsterdam. Begjintiid fan it literêre tydskrift 'Sonde'. Ik haw dêr fierder gjin wertinkens oan. Mar Marten Brouwer wie ien fan de oprjochters fan 'Quatrebras', in Frysk-literêr tydskrift dêr 't it belang net licht fan te oerskatten is. En Marten Brouwer wie dichter, in tige apart dichter. Om dy beide redenen fyn ik it feit dat er no dea is fan belang. Wer immen rêst. Wer in stikje Fryske literatuer histoary.

(03-09-2001) - Freedtemidzje (al wer - blinders, de tiid is suver net mear by te hâlden) helle ik Trinus Riemersma fan Frjentsjer. Sa, ûnderweis nei Stiens, praten wy wer wat by. Oer kezinen en doarren dy 't ferve wurde moasten, oer auto's, oer it gea om ús hinne, oer computerswierrichheden, oer de takomst fan de Koperative Utjowerij, oer de nije útjeften fan dy KU. En sa kaam ik úteinlik ta de fraach dy 't ik him daalk al foarlizze wollen hie: hoe komt it mei 'Na de klap', de Nederlânse oersetting (Jabik Veenbaas) fan Trinus syn roman dy 't ferskine sil by útjouwerij De Geus. No, dat sil heve. Yn oktober of novimber. Wêrom moast dat sa lang duorje? Der hiene allerlei swierrichheden west, sei Trinus. Redakteuren dy 't it ferhaal bekoartsje woene (der sieten tefolle herhellings yn), de oersetting dêr 't oare redakteuren mei oan 'e haal woene - hinne en wer praten en gjin ein. Jo moatte blykber as Frysk skriuwer gâns ferneare as jo yn it Nederlâns oerset wurde wolle. Want dy Fryske útjefte, de oarspronklike tekst dus, liket net fan belang te wêzen. In marzjinaal ferskynsel. It giet ommers om it boek op kommendewei, de roman dy 't by de 'Hollânse' útjouwer ferskine sil. Ek al soe dat yn ferskate opsichten in hiel oar ferhaal wêze. De auteur mei besykje syn poat stiif te hâlden - fêsthâlde oan de basistekst. Neffens Trinus is er dêr aardich yn slagge.

(03-09-2001) - In ielgoes, midden yn it doarp, op foech tritich meter fan ús hûs, stiet suver nonsjalant oan de opfeart mei wiidsprate wjukken. Wy hawwe elkoar efkes oansjoen. Hy fûn it allegear minder apart as ik.

(03-09-2001) - Raar is dat. Psygologys faaks hiel goed te ferklearjen, mar ik snap der even hielendal hartstikke neat fan. Ik sil dus op bêd - even foar tolven - en ynienen tink ik oan Marten Brouwer, oan Hessel Miedema, oan 'Quatrebras' dus. Dat romrofte literêre tiidskrift dat de striid oangong mei 'De Tsjerne', doedestiids (wie't net sechtiger jierren?) it literêre poadium fan it Fryske 'establishment' - dêr 't ik sa'n wurd om delkwattelje. Ik krij dus ynienen in flits: as 'Quatrebras' der net west hie, der net kommen wie, dan hie de Fryske literatuer fan hjoeddedei noch mear achter de feiten oanrûn as no it gefal is.

Wêr kaam dy flits wei?

(04-09-2001) - Ut en troch lês ik in pear haadstikken fan 'De Blauwe Fedde yn petear', in bondel interviews dy 't Meindert Talma en Nyk de Vries makken foar it blêd mei dy namme. Ik bin der in dei as wat lyn mei in glimk mei úteinset en ta myn eigen ferbjustering (ja wêrom eins? wat hie 'k ferwachte?) fernim ik dat it in ferslaavjend boek is. Is is prachtich. It is ferrassend, elke side wer. Niis lies ik it petear mei Rink van der Velde. Lêzendewei hearre jo Rink syn lûd, fernimme jo hoe 't de ûnderfregers har troch syn drankfoarrie hinne wrotte, sjogge jo it tafriel op de ark by de Feanhoop. Nonsjalant. Dat is it wurd dat my yn 't sin skeat. Nonsjalant, ûntspannen petear - mar wol effektyf. Der stiet in soad ynformaasje yn dat interview. Dat fyn ik knap. It liket allegear sa foar de fûst wei opskreaun, samar efkes fan de bân oerskreaun, dizze tekst. Mar sa maklik kin it net west ha. En Rink is foar syn dwaan wûnderbaarlik iepen, fertelt. Hy moat aardichheid oan syn besikers hân ha.

Dit peteareboek wol ik lang wille fan ha. Dat út en troch in stik. Net daalk alles yn ien kear opfrette. Dy oanstriid haw ik lykwols al.

(05-09-2001) - Eins fyn dat it wol in opfallend berjocht. Tilly Hermans, tsientallen fan jierren as redakteur it gesicht fan útjouwerij Meulenhoff yn Amsterdam, stapt oer nei konkurrint Atlas om dêr in nij literêr fûns op te setten. En withoefolle auteurs folgje har op slach. 'Leechrin' by Meulenhoff. Dat: gjin trou oan de útjouwer, mar trou oan de redakteur. Wol in bewiis foar de wichtige funksje dy 't in (goede) redakteur by in útjouwerij hat.

(06-09-2001) - It docht my deugd dat de spylfilm 'Nynke' fan Pieter Verhoeff oer 't generaal posityf resinsearre wurdt, benammen ek om it knappe aktearjen. Ek dat makket my nijsgjirrich nei dit wurkstik. Apart fyn ik it lykwols dat provinsjaal sa optein dien wurdt oer it 'treflike' Frysk dat de beide haadrolspilers - Súd-Nederlanners, wurdt de hyltyd by sein - yn de film prate. Fansels prate se treflik Frysk, it hie in beskamsume fertoaning wurden as dat net it gefal west hie. Dizze beropsakteurs binne ynhierd om wichtige rollen te spyljen yn in Frysktalige film. No, dan witte jo dochs wêr 't jo oan begjinne. Hie 't in Frânstalige of in Ingelstalige film west, dan hiene se treflik Frâns of Ingels sprutsen. Wy moatte sa njonkenlytsen ris ophâlde mei dat benypte gegriem as it om ús taal giet. De tiid dat wy ta ien grut mienskiplik orgasme komme as immen (in net-Fries dus, in 'Hollanner') it fertoant en sis yn it iepenbier 'bjustuchbaachlik' leit al in skoft achter ús. Miende ik.

(06-09-2001) - Feiten. Geandewei de opnames fan 'Baas boppe baas' wie der noch slim ferlet fan in tolfte skript. It lêste. Der leine wol in stikmannich (fan my bygelyks, en fan Sybe Joostema), mar dy wiene yn de eagen fan regisseur Steven de Jong net gaadlik. 'Bagger', yn faktaal. Dat der moast yn sân hasten noch ien skreaun wurde. Ik hie der gjin nocht mear oan. Joostema besocht it al, mar ek dat skript waard oukard. Uteinlik waard de assistinsje fan Simy Sevenster ynroppen. Simy hie, as skriuwster oan dizze televyzjeseary, har paad ommers mear as skjinfage! Meitsje in nij synopsis en skriuw in pear sênes út. Dan kin Joostema dêr wol fierder mei. Wêrom no krekt Sybe Joostema, dat wie nimmen echt dúdlik. Mar Simy die wat har frege waard. Joostema skreau it troch har betochte ferhaal as skript. It waard him net. Oukard troch de regisseur. Panyk dus. Noch altyd gjin lêste skript en de tiid knypte as in fûle fekke. Uteinlik skreau Simy Sevenster it hiele skript. En skreau it op 'e nij, en op 'e nij. Oant it goedkard rekke. Klear. Nee dus. Simy waard ferteld dat de namme fan Sybe Joostema ûnder har skript komme soe. En dat Joostema it (har!) honorarium krije soe. Simy poerrazen fansels. Sa lilk dat har relaasje mei de regisseur hartstikke fersteurd waard. Want dy woe perfoast Joostema syn namme ûnder har wurkstik. Dy woe ek dat Joostema it honorarium krige. En de reaksje fan Sybe Joostema, de net-skriuwer? Gjin dus. Dy liket it wol goed te finen. Hy sil op de titelrol komme as auteur fan de oulevering 'Bromtúch en Moterduvels'. En it jild op syn bankrekken krije.

Simy Sevenster hat my fan 't bejin ou oan op 'e hichte holden. Ik haw in soad dokumintaasje oer dizze saak. Ek har ferslaggen fan petearen mei lju fan Omrop Fryslân. It lêste nijs dat ik fan har krige is dit: har namme as auteur fan de oanbelangjende oulevering fan 'Baas boppe baas' komt njonken dy fan Sybe Joostema op it skerm. En se krijt as goedmakkerke tûzen gûne. 'Dat is my no wol goed fierder. It jild is net it alderwichtichste', skreau se.

Mar wat is dit in ûnfoarstelber frjemde saak! En de fraach dy 't my (as skriuwer) dwaande hâldt: hoe kin immen it foar himsels ferantwurdzje dat er (hast) alle 'credits' kriget foar in wurkstik dêr 't er neat oan dien hat?

(07-09-2001) - Op dit stuit lês ik 'Moord in Slot Zeist', de nije misdiedroman fan Frans en Tineke Steenmeijer. It liket in aardich ferhaal te wêzen. Mar wat my ferskuorrend steurt yn de opmaak is de oerfloed oan wytregels yn de tekst. Op elke side wol twatrije. En soks hast altyd sûnder funksje, want it ferhaal giet gewoan troch. In wytregel wurdt brûkt as der in spronkje yn de tiid is, in lytse flash back, in feroaring fan perspektyf, fan romte - as it in funksje hat. De wytregels yn dizze roman steure, liede ou. Gewoan stom dus. Oerstallich.

Frans en Tineke Steenmeijer - skriuwersechtpear. Hie Frans Wielinga net moaier west? Man en frou feriene yn ien namme. Lykas bygelyks Nicci French.

(08-09-2001) - Wy wiene fan 'e midzje, jûn in oerke yn 'BB aan zee'. In net-offisjele iepening fan in hús makken wy mei. Fan Wilco en Tanja. Yn Harns. Wurk-, sliep- en wenromte fan Berga en Blokland. In soad hapkes, der wie drank en it tilde op fan keunstners en skriuwers. Ik hie my foar de gelegenheid klaaid yn in swarte broek en in wyt bûsgroentsje, mei dêr oerhinne in swart jaske. Myn skuon en sokken wiene trouwens ek swart. Krekte kar! Ik gong 'naadleas' op yn de grize massa dy 't sokke oehedens oer 't generaal besiket. Mar pratende-, loerende-, glimkjendeweis seach ik dat Wilco en Tanja lokkich wiene. In nije start. Altyd in goed begjin. En út 'e sliepkeamer wei kinne jo in part fan de Waadsee sjen.

(08-09-2001) - En ik siet (by BB) - op sa'n ûngelokkich klapstuoltsje - in fiks skoft njonken Tjitte Piebenga. En wy praten. As wiene wy gelikens. As wie myn skriuwerskip te fergelykjen mei sines. Tjitte skreau 'It lyk wurdt oantaest' en dat fyn ik wol sa'n allemachtich knap boek! En Tjitte skreau fersen dêr 't ik guon noch altyd fan út 'e holle wei sitearje kin. En Tjitte skreau poëzijresinsjes (yn de LC) dy 't my lulk makken. Om 't se sa hurd, sa ûnberoaid hurd liken. Mar mei Tjitte haw ik yn 'e hûnderten jierren dat wy libje altyd wol prate kinnen. As wy elkoar ris moeten. Wer ris moeten.

(09-09-2001) - In sitaat út in resinsje yn 'Trotwaer' (7/01). It giet om twa romans fan R.R. van der Leest. "It earste boek set daliks al goed yn: 'Elke oerienkomst mei net besteande persoanen is tafallich'. De lêzer is sadwaande warskôge dat alles optocht is". Ik haw hjir lang oer neitocht. Ik snapte it net. Dat ik draaide it sitaat yn it sitaat om: 'Elke oerienkomst mei besteande persoanen is net tafallich'. Net optocht dus, soene jo tinke dat de auteur bedoelt. Faaks haw ik wat hâldfêst oan wat resinsinte De Haan oer harsels skriuwt: '...wit wol ferrassende ynfalshoekjes te finen op har eigen wâldpyk-achtige wize'.

(09-09-2001) - Juster neamde ik 'It lyk wurdt oantaest' fan Tjitte Piebenga in 'allemachtich knap boek'. As ik in top 3 meitsje moast fan de bêste Frysktalige romans dy 't ik ea lies (en ik lit de titels fan de lêste jierren der efkes bûten - noch te farsk), dat soe dit boek dêr sûnder mis by wêze. En 'De feestgongers' fan Anne Wadman. Faaks ek 'De Wuttelhaven del' fan Steven de Jong. Ut en troch lês ik in boek op 'e nij. Dizze trije boeken haw ik op syn minst twa kear lêzen. Sil dochs in persoanlik kritearium wêze. Fan wurdearring.

(10-09-2001) - It gefoel foar humor fan Lykele Jansma rûn op in stuit net alhiel mear lykop mei dat fan my. Lykele wie útjouwer/redakteur (ensfh) fan 'Alternatyf', yn 'e santiger jierren in Frysk-literêr tydskrift. Ik die oan dat blêd mei: ferhalen, fersen, interviews. Wy koene goed, Lykele en ik. Ik rekke altyd wer ûnder de yndruk fan syn wurkkrêft, syn warberens. It wie noflik toevjen yn Bûtenpost, letter Stiensgea. Op in dei lykwols makke ik in flater: yn in briefke frege ik wannear 't myn honoraria útbetelle wurde soene. As subsidiëarre útjouwer fan in literêr tydskrift wie er ommer ferplichte de meiwurkers te beteljen. Syn (like wiidweidich as neatsizzend) antwurd wie rjochte oan Prof.dr.mr.drs.J.Boomsma s.s.t.t. Fûn ik wol komyk. Ien kear. Mar it waard sûnt syn standertadressearring. Lykele stjoerde my ek syn boekútjeften ta. Konsekwint wiene dat misprinten of se foelen by it iepentearen daalk útelkoar. It moat him in fracht oan porto koste ha. Faaks dat er sa myn honorarium betelje woe? Doe 't er ús foar de safolste kear midden yn 'e nacht opbelle, waard ik nidich. Wy ha in skoftsje oan it skellen west. Dat wie myn lêste kontakt mei Lykele Jansma. En dochs. De bewûndering foar wat er út 'e wei sette, bleau. Lykele krige gâns foar elkoar.

Hjoed moast ik dus wer oan him tinke. Yn de LC lies ik dat de dichter G.N.Visser ferstoarn is. Yn 1978 joech Lykele Jansma Visser syn bondel 'Wyldewrang' út. Hy stjoerde my it boekje ta. In dummy fansels. In fleurich omkaft om in pakje wyt papier hinne.

(10-09-2001) - De roman dêr 't ik in skoft lyn hiel hoeden mei úteinsette, wurdt him net. Ik hie in soarte synopsis skreaun, in skema makke fan haadstikken, de personaazjes wiene kreas delset. Dat wurk. Mar stadichoan fernaam ik dat ik der neat oan fûn. It waard in ynfoloefening. En dat is myn wize fan wurkjen net. It is net spannend, foar my as skriuwer net. Ik moat in ferhaal skriuwendewei betinke. As ik - bygelyks - delskriuw dat de telefoan giet, dan wol ik net yn 't foar witte wa 't opbellet, en wêrom. Dat lês ik letter wol. As ik it opskreaun ha. Want dat fyn ik it aardige fan skriuwen: net witte wêr 't jo útkomme, hokker kant in ynfal jo ferhaal opsmyt. Dat fyn ik spannend.

Dat, op 'e nij begjinne. Oait. Al myn oantekens haw ik al fuortsmiten. No de kop noch leechmeitsje.

(12-09-2001) - Ik sjoch net folle nei de televyzje. Mar juster haw ik der oeren foar sitten. Oant djip yn 'e nacht. Hyltyd wer deselde bylden seach ik, woe ik sjen. Guon kommintaren beharke ik. Mar it wiene de bylden dy 't ik hyltyd wer socht. Omt ik wist: hjir is wat bard dat in skuor yn ús bestean makke hat. Massamoard yn it hert fan de wrâld. Dit moat ik sjen. Observearje. Opslaan yn de kop. Hjoed is in grins passeard. Feiligens is no echt in relatyf begryp wurden. Dwylsin bestiet.

(12-09-2001) - Ein fan 'e midzje yntusken. Trije kranten haw ik hjoed lêzen. Benammen withoefolle fariaasjes op dat iene téma dat op 't stuit echt fan belang is. Mar niis kaam ik op side 16 fan de LC ek dit berjocht tsjin: Tsjêbbe Hettinga wint fan 't jier de Gysbert Japikspriis. Foar my in net-ferwachte winner, mar ik gun it him fan herten. En it frjemde is, fiel ik oan mysels, it is my wol goed. De ourûne moannen haw ik my út en troch in bytsje drok makke oer de GJ-priis. Ik hie myn eigen nominaasjes. Ik hie der in feestje omhinne bouwe wollen. En sa. No lês ik sa'n berjocht en ik tink: okee, Tsjêbbe dus. Wat in ûngelokkich momint om de winner bekend te meitsjen. Wat in ûngelokken dy 't sa'n momint ûngelokkich makken. Wat in ûngelokken dy 't it libben fan tsientûzenen minsken stikken makken.

(12-09-2001) - Jûns. Ik lies boppesteand stikje werom en ik tocht: hiest hjir en dêr wol in útropteken sette mocht. Tsjêbbe Hettinga is net de beroerdste GJ-winner ommers. Hy is as dichter in taalkeunstner dy 't boppedat syn fersen op yndrukwekkende wize foardraacht. Nimmen sil him de priis misgunne. Ik seker net. Feit is lykwols dat ik net oan him tocht ha, fan 't jier, as mooglike priiswinner. Mar ik kin de kar fan de sjuery wol begripe. Einlings wer ris in dichter.

(13-09-2001) - Opfallend is dat 'de Fedde' him geandewei weromlûkt en de ûnderfreegde hyltyd mear monologen gunt. Ek foar mysels komt sa'n sin wat kriptys oer. Mar ik haw it oer 'De Blauwe Fedde yn petear', it peteareboek fan Meindert Talma en Nyk de Vries. Yn de earste interviews (fan 1996 ou) wurdt omraken oandacht bestege oan it hâlden, dragen en reagearjen fan de ûnderfregers (komyk, mar meast oerstallich), de lêste petearen binne hielendal foar de interviewden. Sa'n moeting mei Joke Tjalsma (2000) - it lêste ferhaal fan dit boek- stiet sadwaande as in hûs. Knap! Mei troch de gronologise opbou fan de petearesamling waard it in hiel spannend boek. Jo lêze hoe 't de jonges groeie yn dizze dissipline. Interviewe is om de bliksem net maklik! (****)

Noch efkes dit: binne grifformearden echt nijsgjirriger as oare lju?

(13-09-2001) - Yn de LC noch gjin 'follow up'. Ik hie hjoed in grut interview mei GJ-winner Tsjêbbe Hettinga ferwachte. Faak moarn, yn 'Freed'.

(14-09-2001) - Fûn ik dochs wol yndrukwekkend. Mei myn klasse bespruts ik de gong fan saken om de stilte om tolve oere hinne. Terrorisme. New York/Washington. Efkes neitinke. Respekt toane. En ik sei: 'Wa 't net meidwaan wol, om hokfoar reden ek, hoecht net yn it lokaal te bliuwen fansels'. Even foar tolven kaam in fanke oerein, heakke de tas oer it skouder en gong it lokaal út, neieage fansels troch de 29 oare bern. Mar gjin negatyf wurd. Doe wie it tolve oere. Stilte. Efkes gibeljen, efkes in laits. Doe folsleine stilte. Yndrukwekkend sa'n lesoere. Benammen ek omt de bern prate woene, witte woene fan wa en fan wêrom. Wy ha praat en wy fûnen gjin antwurden.

(15-09-2001) - Yn 'e Doelesteech yn Ljouwert, njonken boekhannel Van der Velde, moete ik Steven de Jong. De skriuwer. Hy makke in mismoedige yndruk. 'Ik kin myn boek nergens fine. Yn gjin inkele boekhannel, net yn 'e sutelkroade. Nergens. En nimmen dy 't my wat fertelle kin'. Dat is dus ien fan de slimste dingen dy 't in skriuwer oerkomme kin. Jo hawwe in nije roman publisearre, in roman foar in breed publyk nei alle gedachten - yn alle gefallen in roman dy 't it yn de sutelkroade sûnder mis aardich dwaan soe. It boek is ferskynd, mar it is nearne te keap. Steven wie der fiks ou, fernaam ik.

Ein augustus, by de iepening fan de sutelaksje yn Stiens, ha wy tegearre 'Swarte egen' besjoen en it fleurige, keapsjogge omkaft bewûndere. Steven hie it boek, in histoarise roman dat yn 'e omkriten fan Earnewâld spilet, noch mar in menútmannich ûnder eagen hân. Hy wie grutsk. Fansels. Jo binne altyd grutsk as jo jo nije boek foar de earste kear yn hannen nimme. De roman lei op dat stuit yn de sutelkroade. In foech hânfol eksimplaren. Sûnt is it spoarleas ferdwûn. Apart.

'En', sei Steven, 'woansdeitejûn soe ik yn 'e Beurs yn Ljouwert eins meidwaan oan sa'n kulturele jûn fan 'It Fryske Boek'. No, ik wol dêr net foar gek sitte. Sûnder myn nije boek. Ik doch dus net mei oan dy jûn. Se sykje it mar út'.

(15-09-2001) - Samar in ferhaaltsje oer Tsjêbbe Hettinga. Noch gâns jierren letter hiene ús (doe noch lytse) bern it oer 'de langslieper'. It moat op har in ferpletterjende yndruk makke ha, doe. Dat immen in hiele dei trochsliepe kin. Ferskate kearen teagen se nei boppe. Om te sjen oft der al libben kommen wie yn dy frjemde man op it bêd yn ús útfanhuzerskeamer. Se hawwe gjin wurd mei him wiksele. Tsjêbbe foege him dy jûns let wer by de libbenen. Us bern sliepten doe al fansels. Mar 'de langslieper' siet yn har ûnthâld. In soarte metafoar, tink. Foar 'rare' minsken.

Wy wennen in healjier yn de Gerben Colmjonwei, Ljouwert. Winter 1975. De maitiids ferfearen wy nei Menaam.

Ik wie redakteur fan 'Operaesje Fers', de dichterstelefoan. Op syn minst ien kear yn 'e moanne wiene Fryske dichters warber. Rûnom yn 'e provinsje. Yn kroegen, restaurants, lytse sealen, folkshegeskoallen, skoallen, campings. Jelle Kaspersma, Binne Lutsen Boarnstra, Tsjêbbe Hettinga, Willem Abma, Steven de Jong, Josse de Haan, Meindert Bylsma. Nammen dy 't my samar yn 't sin komme. Wy diene ús dingen. En alle optredens waarden opnommen. De measte opnames wiene letter te beharkjen via de telefoan fan OF. Moaie tiden. Sûnder mis.

Yn in sniestoarm ried ik dy nachts de auto fan it parkearplak fan 'Nynke Pleats' yn Piaam. Underweis nei Ljouwert sette ik twa dichters foar de doar ou. Tsjêbbe sliepte op de achterbank. Ik wist syn adres net, dat hy rekke op ús útfanhuzersbêd. Us bern hiene de oare deis grutte aardichheid oan syn fermogen om troch te sliepen.

Doe 't er ouskie nommen hie, fûn ik by it bêd twa fan syn dichtbondels. 'Foar Joop'. Tsjêbbe liet in teken achter dêr 't ik noch altyd wiis mei bin.

(Hjoed fertelde ik myn dochter - dy 't eins neat fan de Fryske skriuwerij ou wit - dat Tsjêbbe Hettinga fan 't jier de Gysbert Japikspriis wûn hie. 'O, de langslieper', sei se.)

(16-09-2001) - Yn 1987 skreau ik in ferhaal oer in man dy 't fan it stellen fan djoere auto's syn berop makke hie. Hy levere in stellen wein ou yn in pleats yn Jistrum, de oare deis fûn er syn beleanning yn in postbus. It ferhaal waard publisearre yn 'De Strikel'. Letter waard dat ferhaal de kearn fan de roman 'Ien foar de wraak'.

Yn 1997 skreau ik in ferhaal oer in 'hitman', in beropsmoardner, dy 't yn Gaasterlân in stikmannich manlju út 'e wei romje moast. Dat slagge, mar hy liet sels ek it libben. It ferhaal waard publisearre yn 'Trotwaer'. Letter waard dat ferhaal de prolooch fan de roman 'Yn reek ferflein'.

Foar beide ferhalen jildt itselde. Ik skreau se op basis fan in aardich idee, in plotsje dat ynienen yn my opkaam. Dat de ferhalen úteinlik de direkte oanlieding wurde soene ta it skriuwen fan romans wist ik doe net. Net elk ferhaal dat ik skriuw jout oanlieding ta grutter wurk. Spitigernôch. Foar mysels dan.

(16-09-2001) - Yn 1999 skreau ik it ferhaal 'Fjouwerentwintich oeren, en fierder'. In filmys opset ferhaal oer in wethâlder dy 't even bûten de stêd dea fûn waard. Fermoarde. It ferskynde yn 'Trotwaer'. Foar 't it opnommen wurde soe, frege de redaksje suver wat erchtinkend: is dit it begjin fan in nije roman? Komyk fûn ik dat. In apart kritearium. Nee, haw ik sein. Doe waard it publisearre.

(17-09-2001) - Krekt oer de grins fan de santjinde dei fan de moanne septimber. Ik beseach de digitale post. Dûbelklikjend op syn reklame-e-mail kaam ik niis telâne op ien fan de siden fan it Frysk-literêre tydskrift 'Kistwurk'. It wie de side mei in tekst dêr 't kunde lêsten fan sei: 'Moatst dêr net ris op reagearje?' Ik wit noch dat ik soksawat antwurde as: 'Hoe dan? Moat ik neame dat ik eins wol grutsk bin op de duorjende oandacht fan 'Kistwurk' foar myn skriuwersdeiboek?' En ik sei, leau 'k, ek noch dat ik it kostlik fyn dat de redaksje fan in fiksprovinsjaalsubsidiërre oaljefant safolle war docht om in earmoedige mich as my plat te stampen... Tsja, as my ienris it wurd jûn wurdt, rôlje my de prachtichste teksten út 'e mûle!

Hoe dan ek, myn (dit) skriuwersdeiboek wurdt troch redakteur EH-1 in 'digitaal it-keutelt mar-troch-deiboek' neamd. Letter 'Hear Boom fan It Seit Mar Niks'. Dat myn namme ferskate kearen ferbastere wurdt, no ja - dat kaam ik earder tsjin yn teksten, rjochte oan my persoanlik, fan deselde EH-1. Dy jonge is sa kreatyf!

Wat ik hiel apart fyn is dat ik 'Mister Ikke-Ikke-ik' neamd wurd. Ja, tink ik dan, jo skriuwe in deiboek. In persoanlik boek. Moat soks dan yn in oare persoan as de earste? En ik tink ek (op it stuit dat ik eins op bêd wol, moarn ferwachtsje myn learlingen in learaar): wat beweecht my en jou oandacht oan in, tink ik, twifelriedige geast dy 't it noflik fynt en sjoch yn my in fijân c.q. konkurrint. EH-1: skriuw gedichten! Griem net sa, mar skriuw fersen dêr 't ik fan genietsje kin!

(17-09-2001) - Jim ha gelyk, freonlike e-mailskriuwers. Boppesteand stikje hie net skreaun wurde moatten, it is te folle eare. Mar it wie nacht, ik wie wurch en ik hie in buorrel hân. Dan dogge jo wolris wat. En wat dy lêste sinnen oanbelanget: dy mien ik echt! Om my hie EH-1 de Gysbert Japikspriis ek wol ha mochten. Foar syn nije dichtbondel.

(17-09-2001) - It wie my noait echt opfallen. Mar niis al, doe 't ik myn tsjustere keamer ynkaam. Safolle ljochtsjes as der brânden. Griene ljochtsjes benammen. Op de computer, de cd-rom, de monitor, de printer, de telefoan, de 'subwoofer', de radio - allegear 'stand by'. It wie efkes as waard ik wolkom hjitten troch myn samle elektroanise freonen. Efkes. Doe 't ik it ljocht op die, like alles wer gewoan.

Mar (de âld man fertelt) ik moast ynienen tinke oan it buroke yn ús sliepkeamer yn Gouderak. Dêr skreau ik fersen en ferhalen. Mei de pinne, ûnder in glêzen ienpitslampe. En ik tocht: dat haw ik dus aldergeloks ek meimakke!

(18-09-2001) - It krekte haw ik der net fan meikrigen - ik lês de kranten nochal selektyf op 't stuit - mar der skynt yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân in frou te sitten dy 't koartlyn in útstel dien hat ta it opsetten fan in Frysk (Frysktalich?) pulpblêd. In searieus útstel fansels, want as jo ludyk wêze wolle, hawwe jo neat te sykjen yn 'ús' Provinsjale Steaten. Dan kinne jo de breipriemmen better yn oar fermidden tikje litte. Ik fyn dit in geweldich útstel! Der moat daalk trije ton frijmakke wurde foar in kommisje dy 't alle 'ins and outs' fan dit plan beskôget. In oare kommisje (twa ton) moat op slach úteinsette mei in 'haalbaarheidsonderzoek'. En as dy kommisjes har rapport útbrocht ha en in 'evaluatiebureau' (in heal miljoen) yn 2008 konkludearret dat sa'n hûsoanhûsblêd nei alle gedachten te'n ûnder gean sil yn de almar oanboazjende fracht netfrege-reklame yn ús postbussen - tsja, dan sille wy witte dat der temin 'draagvlak' is foar in Frysk (Frysktalich?) blêd. Sels as dat skreaun is op it nivo fan 'Ot-en-Sien-doen-het-op-zijn-Frysk(=Fries)'. Ja echt, frou yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân - jo útstel is wier geweldich, want jo hawwe mei jo útstel eksakt oanjûn wêr 't de oast sit: yn de provinsjale polityk is prate oer in gewoan Frysk (Frysktalich?) tydskrift it praat net wurdich. It is pulp. PS-nivo op dit stik?

(19-09-2001) - Nergens yn de media kaam ik oant no de ferbjusterjende 'affêre-Sybe Joostema' tsjin: de sjoernalist/skriuwer dy 't it gewoan fynt dat syn namme aansen op it skerm komt te stean as by Omrop Fryslân in oulevering fan 'Baas boppe baas' útstjoerd wurdt. Dy 't it like gewoan fynt dat hy it honorarium foar dat skript krijt. Wylst de tekst folslein (!) skreaun is troch Simy Sevenster. (Ik skreau dêr op 06/09 foar de lêste kear oer). Gjin wichtichgenôch nijs? Unbekend nijs? Of meitsje ik my drok om neat - is sok dwaan akseptabel? Ik fyn dus fan net. Ik wurd mislik fan soks.

(19-09-2001) - Ik bin mislearre as skriptskriuwer fan 'Baas boppe baas'. Ik haw dêr oer skreaun. Mar dat hat neat te krijen mei myn skriuwen oer Joostema. Gjin rankune of sok ûnnoazels. It sil soksawat wêze as in gefoel fan rjochtfeardigens. Ik kwesje fan eigenwearde. Dat jo al as net hawwe. As skriuwer.

De tiid en enerzjy dy 't ik bestege oan dy skriptskriuwerij haw ik as tige weardefol erfaren. Ik haw in soad leard. Fan de lju fan 'Scriptstudio', fan Steven de Jong, fan myn kollega-skriuwers. Ik bin as skriuwer in stikhinne riker wurden, ik haw leard oars tsjin it meitsjen fan teksten oan te sjen. Poere winst. It wie it allegear wol wurdich. Mar dat betsjut net dat ik net ougryslik de pest yn haw omt it my net slagje woe en meitsje in gaadlik skript!

(19-09-2001) - Al dagen sjoch ik yn Ljouwert fan dy grutte buorden om lantearnepeallen hinneteard: it sil heve, dichters op 'e strjitte. Yn it ramt fan in keunstrûte troch de stêd. Prachtich! Eat om nei út te sjen. En dan ynienen in telefoantsje fan in freon, jûn: hast it al heard? Nee dus. De beide EH's fan 'Kistwurk' heakje ou omt har ynlieding yn it programmaboekje der (yn 'e eagen fan de organisaasje) 'fier by troch' wêze soe. Ik haw dy ynlieding lêzen. In allemachtich ûnnoazel stikje, sa flau as luzen. Mar ik moat wat beskamsum erkenne: ik haw gniisd, ik hie stille wille. Sjoch, dy oanslaggen yn de Feriene Steaten wiene fan in sadanige aard dat jo ferstân der by stil stiet. Okay...! Wy hawwe treurd en stilstien. Wy treure noch en wy stean noch stil. Okay...! Mar dat betsjut net dat ús(!) wrâld net trochdraait - wy binne in folkje fan grappen en relativearjen. Ik sjoch yn it stikje fan de EH's benammen dat relativearjen: jo kinne it ek oerdriuwe. Soks. Wat is it dan foar geitewollehierregedoch om jo dêr as bestjoer fan dy 'keunstrûte' sa oan te ergerjen! Sa dat jo de beide EH's útslute, de doar útsmite. Ik soe, as ik as dichter útnoege wie, daalk in middelfinger heechop stekke! Sykje it mar út sûnder my. Okay...!

(NB: yntusken is my dúdlik wurden dat dy buorden mei 'Dichters op straat' neat mei de keunstrûte te krijen ha. In oar projekt).

(20-9-2001) - Reinder Brolsma hat foar my noait in wichtich skriuwer west. Wichtich: dat ik alles fan him lêze wol. In pear romans. Fierder bin ik net kommen. Mar fannemidzje begûn de man ynienen wat te libjen, it waard in minske mei in ferhaal. In skriuwer mei in libbensskiednis dy 't nijsgjirrich liket. In kearmannich in ferkearde kar yn de twadde wrâldoarloch, depressive tastannen, net in echt lokkich houlik, selsmoard. Dat fyn ik dan wol wer ynteressant. De biografy fan Brolsma (Doeke Sijens hat der fiif jier oan wurke) wol ik lêze.

It wie oars in aardich oeheden, niis yn de Waalse tsjerke fan Ljouwert. Boekoanbieding. De mânske biografy fan Reinder Brolsma. Tagelyk mei in soad minsken hearde ik in stikmannich ferhalen oan. Fral de earlike tekst fan Ulke Brolsma oer syn pake fûn ik yndrukwekkend. En ik seach en hearde Pieter de Groot as 'pauze-act'. De besite oan de útstalling yn it FLMD, nei ourin, haw ik net oan meidien. Hapke, drankje, praatsje. Oan my net bestege. Ik kom letter wolris te sjen.

(20-09-2001) - Yn myn bondel 'Picasso, lêste wurk' stiet it ferhaal 'Leonardo B.' De haadpersoan - in âldere skriuwer dy 't in ein oan syn libben meitsje wol, makket - soe neffens ferskate lêzers hiel bot op Reinder Brolsma lykje. Ik haw dat noait ûntstriden.

(20-09-2001) - De 'keunstrûte' troch Ljouwert (4 novimber miende ik) sil it dus sûnder dichters stelle moatte. Douwe Idema en konsorten kinne wer sykhelje sûnder ferstoppe luchtwegen: wy binne wer ûnder elkoar. Wy: byldzjende keunstners sûnder in sprút gefoel foar humor, mar mei in yn triennen fersûpt idee oer maatskiplike ferhâldings - 'das gesundenes Folksempfinden' of soks. Wy - byldzjende keunstners - skrieme mei de massa mei. Gjin dwerse lûden fan dichters. Wy moatte ferkeapje. Oan de massa.

Tine Bethlehem en Piter Yedema hawwe hoek holden. Ut dit fermidden! Op slach! Dat jildt - sa haw ik begrepen - foar hast alle dichters dy 't oan dizze manifestaasje meidwaan soene. En sa docht dus wer bliken dat skriuwers maatskiplik oars yn 'e wrâld stean as byldzjende keunstners lykas Douwe Idema. Yn alle gefallen kritiser. En mei mear gefoel foar relativiteit.

Ik bin skriuwer, dichter. Godtank!!

(21-09-2001) - Plak en datum: Bears, 3 april dit jier. Hylke Speerstra fertelt my dat syn nije boek de grutte 'klapper' fan de sutelaksje wêze sil. Hy wie noch oan it skriuwen en oersetten. Ik hie 'Een koude erfenis' lêzen en dat fûn ik in goed boek. 'Tink der mar om', sei Hylke, 'dat boek giet as in spear!' Wat wy beide doe net útsprutsen mar wol tochten: yn it sok fan 'It wrede paradys', dat ûnfoarstelbere suksesnûmer fan Simmer 2000.

Juster fertelde Durk Hibma my dat 'In kâlde erfenis' fier oan kop giet yn de rinnende sutelaksje: hast 400 eksimplaren ferkocht. 'En wy binne eins noch mar krekt los!'

Niis lies ik de lêste siden fan Hylke syn nije epos: foar in grut part de oersetting fan syn Nederlânstalige boek, foar in part ek in útwreiding mei iis-, boere- en skippersferhalen, tasnien op de Fryske lêzer. Hylke Speerstra is in betûft ferhaleferteller. 'In kâlde erfenis' is it ferslach fan syn Alvestêdetocht fan 1997. Dat is it ramt. Yn dat ramt ropt suver elke sleat, elke pleats, elke stêd of doarp in ferhaal op. De sjoernalist hat yn syn libben gâns belibbe, gâns heard. Dy ferhalen koe er yn dit boek kwyt - oergetten mei it romantys sauske fan in âlder wurdende man dy 't eins fynt dat it eartiids docht better (en sa) wie. Mar it boek hie my wol in deimannich yn 'e besnijing. Moai ferteld! (****)

(21-09-2001) - Noch altyd moetsje ik swellen op myn kuiers.

(22-09-2001) - Op dizze datum: yn gâns Europese stêden in saneamde 'autoleaze saterdje'. It begjin fan in moaie tradysje sa njonkenlytsen. Ljouwert docht net mei, Ljouwert hat moarn in 'autoleaze snein', want dan binne de winkels ticht, kin it minder kwea. Yn Ljouwert regeart de middenstân.

(22-09-2001) - In dei as wat lyn hearde ik op de autoradio in Amearikaan dy 't sei dat op dit stuit, nei de ramp dy 't syn lân troffen hat, elkenien him ta Jezus bekeare moast. Bidde moasten jo, elke dei bidde. Oars hie jo libben gjin sin, moasten jo jo deaskamje. Ik tocht: hufter, fundamintalist, soademiterje op! Dzjiiizuskraist, wêr hast it oer! Ik bin net leauwich, mar as ik dat al west hie, dan hie 'k ferline wike tiisdje mei in rotklap fan myn leauwe oudondere. Bidde, hie 'k tocht!

Letter tocht ik: meitsje dy net lulk. It sil wol wer sa'n simpele siel west hawwe foar wa 't de wrâld allinne mar bestiet út goed en kwea. It goede komt fan god, it kweade fan de duvel. Dan stean jo, as godsleauwige, altyd oan de goede kant, ha jo ek oeral in ferklearring foar. Tsja...

(22-09-2001) - Der kamen fan 'e wike wer Jehova's tsjûgen oan 'e doar. Jonge, modern eagjende minsken dy 't sa'n trijetsjillerke mei in lytse 'Jordi' der yn foar har út treauwen. Sûnt jierren wer ris jého's op 'e stoepe. Gôh! Ik kin dy minsken allinne mar bewûnderje. Trochsette wylst jo fan allerlei dombo's belachlik makke wurde. Wy wiene lykwols gau klear. Wol moast ik efkes neitinke oer in opmerking fan de frou op ús stoepe: 'Jezus gaf een teken', sei se, nei 't ik sa freonlik mooglik in petear út 'e wei gong wie. Myn harsus siet doe noch fol fan apokalyptise bylden: fjoer en fleantugen, flats as in harmonika nei ûnderen, tûzenen deaden - lege eagen, ûntheistere minsken. Dy bylden - dat kin dochs noait it teken fan Jezus west hawwe?

(23-09-2001) - It is dochs noch goedkommen mei Steven de Jong, syn boek en de kulturele jûn yn 'e Ljouwerter Beurs, ferline wike wensdje. It boek ('Swarte egen') kaam boppe better en is yntusken rûnom te krijen. It probleem siet by it distribúsjesintrum yn it Fryslânhûs, fertelde Durk Hibma. 'Troch sykte hiene wy efkes te min minsken beskikber'. Te begripen. Mar wêrom hat nimmen Steven op tiid ynformearre?

(24-09-2001) - Ut en troch tikket yn de pleatslike Poiesz my ien op 't skouder: ik haw op jo oanrieden datendat boek kocht. En dan wit ik: der komt in resinsje. Myn oardiel wurdt beoardiele. En ik wit: dizze man/frou harket nei Radio Eenhoorn, 'ús' lokale radio. Om de safolle wiken sis ik wat yn de mikrofoan oer Fryske boeken dy 't ik lies. It binne noait djipgeande resinsjes dy 't ik jou. Kin ek net, want der is mar in bytsje tiid beskikber. En ik wol elke kear op syn minst 3 boeken neame. Mar ik bin wol altyd folslein earlik. Minder slagge, wol aardich of goed. Ta sokke konklúzjes kom ik. Ik bin op 't lêst gjin pr-man fan de Fryske skriuwerij. Ik set de harkers op in spoar. En guon folgje dat spoar. Fyn 'k dan wer aardich.

Jûn kamen in ferhaleboek oan 'e oarder, in dichtbondel en in boekje mei siswizen. Ek liet ik myn ljochtsje skine oer in 'poppeboek'. As dat net 'all round' is! Fjouwer ferskillende útjouwers. Want dêr hâld ik ek rekken mei.

(25-09-2001) - Fansels, ik bin gjin taalkundige. Ik brûk de talen dy 't ik behearskje as kommunikaasjemiddel. Etymology is net oan my bestege en idioomboeken haw ik mar selden ynsjoen. Dochs stroffelje ik út en troch oer in wurd. Ik tink: net goed. Meast akseptearje ik dat wurd, want in oar hat it skreaun, dy sil it wol better witte. Hiel inkeldris piel ik dochs mei sa'n wurd om. By Hylke Speerstra ('In kâlde erfenis') kaam ik it wurd 'taaiwaar' tsjin, by Tine Bethlehem niis it wurd 'taaiwetter' (yn it fers 'Sedum album' út de bondel 'Wetter en stien'). Ik tink, it is dochs 'teiwaar', 'teiwetter'? It iis raant, it teit. Miskien moat ik my net drok meitsje oer sokke letterneukerij, mar ik stroffele der oer. Yn Tine har gefal waard myn oandacht fan it (oars prachtige!) fers helle: ien wurd waard wichtich, wichtiger as de poëzij sels. Dat steurt my. Dat ik oer sa'n wurd stroffelje, bedoel ik. Moat ik net dwaan.

(25-09-2001) - Wat in alderferskuorrendst moai boek is dat wurden trouwens: 'Wetter en stien' fan Tine Bethlehem en Elske Riemersma (foto's)! Utjouwerij Bornmeer hie it jild der foar (oer) en jou de foarmjouwing yn hannen fan in master: Gert Jan Slagter. Kompliminten!

(27-09-2001) - Martin Koolhoven, as regisseur fan 'De Grot' en 'AmnesiA' mei Piter Verhoeff ('Nynke') yn 'e slach foar in gouden filmkeal, skreau my yn juny dat er oait ris frege wie om in Fryske film te meitsjen. Juster moast ik wer oan dy opmerking tinke en ik frege him nei in útlis. 'Dat ligt een beetje moeilijk. Er bestaat nog steeds een kans dat ik die film ga doen, maar kan er helaas niets over zeggen'. Mailtsje fan hjoed. Dochs in nijsgjirrich gegeven: Koolhoven dy 't faaks in Fryske film makket?

(27-09-2001) - Eins bin ik sljocht nei komplottéoryën. Ik harkje mei sân pear earen as immen mei soks op it aljemint komt. En út en troch betink ik sels ien. Dizze bygelyks. It 'Brolsma-komplot'. Reinder wie in Fryske skriuwer dêr 't op 't stuit in útstalling yn it FLMD oan wijd is. Faaks (nee: wis) nei oanlieding fan de mânske biografy dy 't Doeke Sijens fan de man makke en dy 't koartlyn ferskynde. Soan Liuwe wie ek in net ûnfernimstich Frysk auteur. Wat soe it no moai wêze as der him in pakesizzer fan Reinder oppenearre dêr 't ek in Fryske skriuwer fan makke wurde kin! Soks soe yn dizze tiid (biografy/útstalling) dochs wol hiel moai wêze. It wie Sijens sels dy 't Ulke (al healwei de fyftich) in jier as wat lyn útdage ta skriuwen. Dé pakesizzer. En ferdomd, der kaam in boek fan de jongste Brolsma: 'Ioanna', ferhalen. Oer 't generaal net sokke bêste ferhalen, mar dat is yn dizze téory net wichtich. It giet der om dat der in tredde generaasje Brolsma is, skriuwers. No. Op dit stuit (biografy/útstalling)! Blaas de boel wat op mei interviews en sa, in feestlike oanbieding ynpast yn de iepening fan de útstalling en de presintaasje fan de biografy, nonnijs oer de foto op it omslach fan de pakesizzer syn boek (de echte foto op it FLMD te sjen! - 'Komt dat zien!') - publisiteit!

Och, ik wit ek wol, ik ha wolris in bettere 'komplottéory' betocht. De plot is ek wat meager fansels. Mar hy soe wier wêze kinne... En wat dan noch, trouwens?

En in oerpakesizzer, soe dy ek noch earne te finen wêze?

(28-09-2001) - Ik hâld it noch krekt op dizze dei. 'Nynke' krige de 'Gouden Kalf' foar de bêste film, de bêste Nederlânse produksje op filmgebiet. Skitterend! Martin Koolhoven kaam fan 't jier út 'e striid as bêste regisseur. Ek skitterend. Ik bin in tefreden minske. Myn favoriten ha wûn, elk op eigen gebiet. Pieter Verhoeff is as totaalminske op filmgebiet (yn ús lân) in topper. Martin - de jonge hûn - is ûnderweis. Echt. Dit. Is. Prachtich!

No moatte wy beide films noch besjen!

(29-09-2001) - Ik wie net by de stien hjoed. Oait, yn in fier ferline, haw ik der wol west. Twa kear sels. Gewoan út nijsgjirrigens. En beide kearen frege ik my ou: wat doch ik hjir, haw ik wat te sykjen by de betinking fan de 'slach by Warns'? Ik hie dêr neat te sykjen. Sterker: ik fielde my dêr net op myn plak. It is myn fermidden net. Faaks dat it wat arrogant klinkt, mar ik fyn sokke gearkomsten te smel. Ik libje yn in wrâld dy 't efkes wat grutter is as Fryslân.

(29-09-2001) - Fragen fan in freon okkerdeis: wannear hasto foar de earste kear in televyzje-útstjoering sjoen? En wêr? Myn maat koe syn antwurden oant yn de fine puntsjes opleppelje. Ik net. Ik wist it wier net. Sûnt haw ik wol besocht ien en oar te betinken. Holpen fansels troch al dy tydskrifte- en krante-artikels dy 't ik de ourûne wiken lies. De Nederlânse televyzje wurdt takomme tiisdje 50 jier. In wichtige mylpeal. Sûnder mis. Mar 50 jier lyn wie 'k seis. De berte fan televyzje yn Nederlân is my doe grif ûntkommen. Wy libben by de distribúsjeradio. Letter harken wy nei de 'geheime senders'. It hat lange jierren duorre ear 't wy grutsjen hearden dat immen yn Surhústerfean in tv-tastel oantûgd hie. En it duorre sûnt noch in fiks tal jierren ear 't by ús yn 'e hûs sa'n ding kaam te stean. Us heit: 'Wy krije televyzje as der yn kleur útstjoerd wurdt'. Sa'n ûnfoarstelber gegeven, dat wy wisten: televyzje thús, dat wurdt him net. Noait. Mar doe moat ik fansels al witten ha wat tv wie, ik moat útstjoerings sjoen ha. By dokter Folkerts nei alle gedachten, ús húsdokter. In lyts ploechje bern mocht saterdeitemiddeis by him yn 'e húskeamer in oerke nei in berneútstjoering sjen. Wy sieten op houten banken. En wy krigen in suertsje as de show dien wie. Hoe 't ik as arbeidersjonkje yn dat oars tige elitêre selskip bern fersille rekke, wit ik net, mar ik wie der elke saterdeitemidzje. De klompen stiene foar de bûtedoar.

Wiene dat myn earste tv-útstjoerings? Hoe âld wie ik doe? Ik kin it net betinke. Ik ha gjin wissichheid. Mar de sessys by dokter Folkerts ferjit is dus noait wer.

(29-09-2001) - Sokke fragen. Wêr wiest' doe 't...? Ik haw slim muoite mei antwurden. Ik tink wolris dat ik de iennichste bin dy 't nét wit wêr 't ik wie doe de Amerikaanse presidint John F. Kennedy fermoarde waard.

(30-09-2001) - Noch altyd bin ik ûnder de yndruk fan de mooglikheden fan de computer. Myn masjine as ûnderdieltsje fan in ûnfoarstelber grutte ynformaasjewrâld dy 't internet neamd wurdt. En dêrby withoefolle tapassingen. Ik wit dat ik my ouhinklik makke ha fan de e-mail. Ik kin (better: wol) net mear sûnder. Jo kinne berjochten ferstjoere, tiposkripten, foto's, filmkes. En tagelyk haw ik út en troch via de webcam 'live' byld- en lûdkontakt mei Jelmer yn Amsterdam. Wy kinne, al typjend, ek mei elkoar 'prate' via MSN. Ik soe dat mei withoefolle oare minsken dwaan kinne. De techniken binne der. Kommunikaasje en gjin ein.

Ik wol der net iens oer neitinke dat ik mar in part fan de mooglikheden, de tapassingen brûk. Wat ik no doch is al folle mear as wat ik in jier as wat lyn foar mooglik hold. En noch altyd bin ik in bytsje nayf. Dat soks samar kin. Dat ik dat allegear doch. Op myn keamer. Samar in keamer yn samar in doarp. Tagelyk begryp ik de frou, dy 't hjir allegear neat fan witte wol. Dy 't in kaartsje stjoert as immen de jierdei fiert. Dy 't brieven skriuwt. Lange brieven soms. Mei de pinne.

nei boppe» © Joop Boomsma