(01-08-2001) - Wat is dat dochs mei Friezen op campings...
Sadree 't se in Fryske klank hearre, fleane se daalk op
je ou mei in konstatearring en in fraach: 'Jim komme út
Fryslân! Wêr komme jim wei?' Of se smyspelje
wat en besykje jo it hiele ferbliuw op it kampearplak
te negearjen.
(02-08-2001) - Elke dei, op alle campings, kochten
wy in krante. Gjin letter Frysk-kultureel nijs haw ik
lêzen. Der barde op dit stik de ourûne wiken
yn Fryslân dus neat wat ek mar in bytsje boppe-provinsjale
nijswearde hie. Wol lies ik tige positive stikken oer
Spangea. 'Aïda' wie in boppeslach.
(02-08-2001) - Tusken de fakânsjepost/e-mails
in aardich berjocht fan Piter Wilkens. Syn liet oer
'De Lauwers' is klear en stiet op cd. Sil oare moanne
beskikber wêze. Benammen by de Rabo-bank yn Surhústerfean.
Piter wit fan myn fassinaasje foar dat rivierke dat
yn 'e omkriten fan 't Fean syn begjin hat, dat yn myn
jongestiid foar my in wichtich plak wie. Om te berneboartsjen.
En - letter - om te mimerjen. Ik koe him wat ynspiraasje
jaan ta it skriuwen fan dat liet. No mar ouwachtsje
oft myn (wer)tinken en fielen werom te finen is yn dat
'deagewoane rocknûmerke' (skriuwt Piter).
(02-08-2001) - Ik bin, wat it keatsen oanbelanget,
grif yn in ûngelokkich part fan Fryslân
hikke en tein. Dy sport bestie net yn 'e wâlden
en it wie dan elke kear wer mei grutte ferbjustering
dat ik seach hoefolle plak de Ljouwerter krante elke
simmermendje ynromme foar de keatsferslachjouwerij.
Elkenien, behalve wy wâldsjers dus, moast wol
keatsfanaat wêze. Wêrom oars safolle oandacht
ommers?
Yn 1976 setten wy ús yn Menaam nei wenjen en
sûnt haw ik tsientallen grutte keatspartijen besjoen.
In aardige sport, meibelibbe troch in pear hûndert
man/frou publyk. Sûnt wit ik ek dat it keatsen
mar yn in beheind part fan de provinsje wurdearre wurdt.
Mar de media dogge noch altyd as soe dat keatsen in
hiel grutte sport yn Fryslân wêze. Ik begryp
dat net.
Juster wie 'k yn Frjentsjer en belibbe de PC. Wer:
hiel aardige sport. Ik hie in moaie dei, preau de sfear,
hie niget oan dy fracht publyk. Sa soe de topkeatserij
altyd wêze moatte. Dan soe 'k de wyklikse media-oandacht
begripe.
De jûns en ek hjoed seach ik nei Omrop Fryslân-televyzje.
De PC dus. Godallemachtich, wat in PC! Suver ien grut
PC-orgasme... Wie dit no net wer in klassyk foarbyld
fan 'overkill'?
(03-08-2001) - Wat in hearlikheid! Dizze dei is noch
jong (00.12 oere), de muzyk fan Stevie Ray Vaughan kidelet
myn earen, Menaam sliept, withoefolle saken haw ik regele
- hoe witte de lju dat wy wer thús binne fan
in fakânsjereis? - en ik haw wer telefoanys ja
sein wylst it nee wêze moatten hie. Dat ik bin
skriuwer/suteler ein dizze moanne yn Stiens, ik lês
foar yn Boalsert, Radio Eenhoorn wol dingen, lykas de
lju fan Omrop Fryslân. En 'Trotwaer' ferwachtet
in artikel oer Tiny Mulder. Jenny wol dat ik guon kezinen
skilderje, de fiver yn ús tún is fiks
fersmoarge en ik moat noch in presint betinke omt ik
saterdje 56 jier wurd. Mar de hearlikheid! Ik libje
wer. Op campings bin ik, mar bin ik eins net. Och, tolve
boeken yn 21 dagen en goed 400 fytskilometers - en dan
dy PC earjuster noch. Hearlikheid?
(03-08-2001) - Sjoerd Bottema: 'It aai fan Siderius'.
Bewust meinommen op fakânsje dit boek, omt ik
der yn alle rêst fan genietsje woe. En geniete
haw ik. Sjoerd kin út en troch eamelje op heech
literêr nivo, op guon plakken liket it dat er
him einlings in bytsje bleat joech. It haadstik 'Frij
man' haw ik trije kear lêzen, sa moai! (****)
(04-08-2001) - Myn hiele libben al hat dizze datum
in bysûndere betsjutting hân. As ik him
sjoch (wêr ek mar, hoe dan ek) is der altyd sa'n
freudiaans aha! Myn bertedatum, elk jier wer. Apart
is dat. Ien datum yn 't jier is echt wichtich. Dat gjin
gelul oer houliksdei, de jierdei fan de frou, de bern
of wat ek - ûnsin. In minske hat mar ien dei yn
't jier dy 't echt foar himsels is, fan himsels is.
Der is mar ien datum dy 't der 'echt ta docht'. Foar
my dus 4 augustus.
(04-08-2001) - Blinders, no moat ik de tekst op myn
iepeningsside al efkes oanpasse! 56 jier bin 'k yntusken.
Ik fyn dat wol hartstikke âld, hear. Ik bedoel:
it klinkt wol hartstikke âld.
(06-08-2001) - Nimmen dy 't soks leaut fansels, optinksels
fan in wrâldfrjemde geast. Mar stel. Jo wolle
hiel graach skriuwer wêze, jo hawwe dêr
alles foar oer, echt alles. Mar it wol mar net slagje.
Ek it skriuwen fan in televyzjeskript slagget net, likemin
as jo tekst fan in iepenloftspul in sukses wie. It brekt
jo eins allegear by de hannen om 't ou. En jo ha sa'n
ferlet fan erkenning, fan eare - jo wolle der sa graach
by hearre, skriuwer wêze. Fearren yn 'e kont.
It wurdt him allegear net. En jo fine josels eins hiel
geweldich.
Dat is in tryste sitewaasje. Om gek fan te wurden.
Immen oars skriuwt in skript, werskriuwt dat skript
withoefaak oant it goed is en ferfilme wurde kin. Jo
meie jo namme der ûnder sette, jo krije de 'credits'
fan wat in oar makke. Jo hawwe der sels gjin harsus
oan dien, gjin wurd, mar jo krije de eare. En jo krije
ek noch de sinten. It honorarium fan dejinge dy 't it
skript makke. Dy krijt dus neat. Jo krije én
de eare én de sinten. En jo hawwe dêr frede
mei, jo kinne dêr mei troch it libben. Jo akseptearje
dat. Want ynienen giet jo namme as skriuwer troch de
wrâld. Halléluja!
In optinksel? Wie 't mar sa! It is hurde realiteit-
(ik hâld my noch wat op 'e flakte omt ik hjir
eins noch net oer skriuwe mei - mar der oer skriuwe
sil ik, meikoarten. It is sa'n sneu en sielich gefal...).
(07-08-2001) - De sjuery fan de Rely Jorritsmapriisfraach
(jezus, wat in wurd!), de lju dy 't kedize oer de Rely
Rally 2001 hawwe ien fers bekroand. Dat is bysûnder.
In sjuery kin 5 fersen en 5 ferhalen foardrage foar
in RJ-priis. Maksimaal. De ferhalen wiene fan 't jier
prut, net bekroanensweardich neffens de sjuery. Guon
fan dy ynstjoerde ferhalen fine wy dus meikoarten werom
yn de kolommen fan Hjir, Trotwaer en Kistwurk. Fan de
ynstjoerde fersen wie dus mar ien de muoite wurdich.
Dramatys! De sjuery hat dus gewoan syn/har wurk dien
en de trije minsken kamen ta dizze útslach. Ien
fers. Gjin ferhaal. Net mear.
Ik haw respekt foar sa'n útslach. Moedich. Faaks
terjochte. Moarn filosofearje (") ik hjir efkes
fierder oer.
(07-08-2001) - Op de side fan 'Kistwurk' - jo moatte
wol klikke en klakke en grieme om der in bytsje wiis
út te wurden - foel jûn myn each op de
namme Boomsma. Gôh! tocht ik: giet it oer my?
Moarn dochs efkes sjen. Soe kinne. Dat ik dy Boomsma
bin. En in besite fan my oan Kistwurk krikt har besikerstal
ek wer op. Altyd goed foar provinsjale promoasje.
(08-08-2001) - Ja, it giet oer my, dat stikje op de
side fan it literêre tydskrift 'Kistwurk'. Under
oaren oer my. Humor! Nivo: EH-de earste yn 'e bocht.
Tsjong.
(08-08-2001) - Jo kinne sizze: it wiist min mei de
Fryske skriuwerij as mar ien ynstjoering foar de Rely
Rally yn 'e eagen fan de sjuery de muoite wurdich wie.
Soe in oare sjuery oars oardiele ha? Ik tink it net.
Sels haw ik trije jier Rely-ynstjoerings beoardiele,
dat ik wit dat de rispinge it iene jier gâns oars
wêze kin (minder, better) as in oar jier. Ik wit
dus ek dat op syn minst 80 persint fan wat ynstjoerd
wurdt Fryske skriuwerij is, gjin literatuer. En de Rely
Jorritsmapriisfraach is literêre 'spekriderij'
(om Fedde Schurer ris te sitearjen). In sjuery hat dan
ek deagewoan de plicht om kritys te wêzen, kritys
op it stik fan literêr nivo. As dan mar ien bydrage
'de souwe treast is', is dat net oars. Hoe spitich ek
foar de ynstjoerders dy 't oare ferwachtings hiene.
Omt se sels oertsjûge wiene fan de kwaliteit fan
har wurk.
Sa 't ik juster al skreau: guon fan de oukarde ferhalen
en fersen sille wy de kommende moannen sûnder
mis yn ien fan ús literêre tydskriften
lêze kinne. De kritise latte leit by elke sjuery/redaksje
oars ommers. Wy, lêzers, sille dat net witte.
De hjoeddeiske sjueryleden sille dan glimkje. Sy werkenne
it ferhaal, it fers. En de auteur wit: ik skreau dus
in poerbêst ferhaal, fers. De Rely-sjuery wie
fan 't jier net kapabel genôch om myn wurk literêr
op nivo te skatten. Sa'n redaksje hat der folle mear
ferstân fan. Dus. Sa bliuwt der libben, hope,
argewaasje, foldwaning, teloarstelling, ensfh.
Feit bliuwt: de gearkomste , begjin oktober, yn it
tsjerkje fan Bears - as de priis útrikt wurdt
-, sil koart wêze.
(09-08-2001) - Josse de Haan stjoerde my in dei as
wat lyn in hiel aardich artikel ta. Syn reaksje op it
stik dat Jabik Veenbaas koartlyn op 'Kistwurk' publisearre.
Oer Trinus Riemersma, de 'god fan stront en jiske' of
soks. As ik it goed begrepen haw sil Josse syn stik
meikoarten yn de kolommen fan 'Kistwurk' opnommen wurde.
Faaks dat der noch ris in aardige diskusje komt oer
Riemersma syn wurk. Is er in auteur dy 't him liede
liet troch streamingen, troch ferneamde skriuwers, troch
boeken (Veenbaas) of is er in oarspronklik talint dat
yn de Fryske literatuer knappe dingen die, fernijend
wie (De Haan). Meikoarten kinne wy Josse de Haan foar
Jabik Veenbaas oer lêze. Digitaal!
Ja ferdomd! Ik meitsje al wer reklame foar 'Kistwurk'!
Ik bin ('ikke-ikke-ik' neffens EH-de earste) eins fierste
goed foar dizze (aldergeloks) o sa lytse wrâld...
(10-08-2001) - Haw ik it nei ús fakânsje
al oer de Gysbert Japikspriis hân? Ik tocht it
net. Hy bestiet dochs noch wol? Ik bedoel, de priis
wurdt fan 't jier dochs net oerslein?
(10-08-2001) - Ut en troch briefkje ik mei Jef Geeraerts.
Meast is er optein en fertelt oer de lêste reis
dy 't hy en syn Leonore makken. Soms is de toan fan
in brief wat somber. Jef fielt dat er âlder wurdt
en dat is him eins min nei 't sin. Hy hat in hekel oan
âlde minsken.
Ik moete Jef gâns jierren lyn yn Ljouwert. Ik
moast him dy jûns interviewe foar de SLAL. Op
syn keamer yn it Oranjehotel al fertelde er dat er eartiids
faak yn Fryslân kaam. Hy hie in skoft ferkearing
hân mei in frou út 'e omkriten fan 't Hearrenfean.
Sei er. It Frysk wie him net ûnbekend. Ik krige
dêr daalk in bewiis fan: suver aksintleas lies
er it begjin foar fan in roman fan my dy 't ik as presint
foar him meinommen hie. Letter makken wy in kuier troch
de binnestêd. Jef wiisde my op kroegen en shoarmatinten
dy 't er yntuytyf as 'krochten van de misdaad' bestimpele.
Ik moast dêr wat om laitsje, frege oft er in bytsje
paranoïde wie of sa. 'Zijt ge echt zo naief, Joop?'
Blykber al. Net lang nei ús kuier brânde
in troch him oanwiisde haptinte út. In soarte
wraakaksje. Ik haw it him skreaun. Hy wie net ferbaasd.
(10-08-2001) - It is dochs ûnfoarstelber! Boppesteand
stikje skreau ik yn 't begjin fan 'e jûn. Samar,
om 't ik yn 'e kop in bytsje neifilosofearre oer in
brief dat ik juster krige. Mar it feit dat ik mysels
kombinearje mei de 'ferneamde Flaamse auteur' Jef Geeraerts
is foar immen al reden om my (yn geef Frysk) út
te meitsjen foar 'opskepper', 'grutdwaner' en mear.
In e-mail. Under alias fansels. It is dochs ûnfoarstelber!
Wer sa'n Fries mei in minderweardichheidskompleks. Dus.
Tsjonge jonge wat in lul! In anonime lul.
(10-08-2001) - Oer in alias skreaun - salang 't 'Kistwurk'
bestiet figurearret njonken EH-de earste in Rimmer Franke
as redakteur. Ik haw tocht dat dy namme in alias wie.
Fan EH-1. Om (sabeare) oan te jaan dat it digitale blêd
nét in ienmansprojekt is. No twifelje ik in bytsje.
Rimmer Franke bestiet. Tink ik. It is in skûlnamme.
Fan wa? Ik hâld it ynearsten op Jabik Veenbaas.
(wurdt fuortset)
(12-08-2001) - Even foar 't wy mei fakânsje gongen
- begjin july - skreau ik in e-mail oan Steven de Jong,
regisseur en sa fan 'Baas boppe baas', de televyzjeseary
dy 't fan 't hjerst de topper wêze moat fan Omrop
Fryslân-televyzje. Ik skreau Steven dat ik der
mei ophold - de beide skripts dy 't ik skreaun hie (en
werskreaun en werskreaun, ensfh) koene mar gjin genede
fine yn 'e eagen fan de master. Ik hie sa njonkenlytsen
myn nocht. Ik wie wurch fan dizze skriuwerij, ik woe
wol wer ris wat oars. Ik haw my ûntskuldige by
Steven en tajûn dat ik as skriptskriuwer ynearsten
mislearre bin. Spitich. Ik 'baal' der noch altyd slim
fan. Mar ik fyn wol dat jo in mislearjen akseptearje
moatte. En tajaan. Fan Steven de Jong haw ik op myn
skriuwen gjin reaksje hân.
Myn namme sil dus fan 't hjerst net oer it skerm rôlje
as 'Baas boppe baas' útstjoerd wurdt. It is net
oars. Ferlerne tiid en fergriemde enerzjy hat it lykwols
net west, dy skriptskriuwerij. Wol in soad tiid en gâns
enerzjy. Dat wol. Mar ik haw der fan leard. Yn mear
as skriuwopsicht. Dêr sil ik it letter oer ha.
Ien ding noch. Ik bin der wis fan dat, as it publyk
de seary wit te wurdearjen, soks - wat de skriuwerij
oanbelanget - foar in hiel grut part op it konto fan
Simy Sevenster byskreaun wurde moat. Neffens my hat
hja mear as de helte fan de tolve ouleveringen skreaun,
bewurke en oerset. Djippe bewûndering fan myn
kant! De fraach is no lykwols: kriget hja ek de wurdearring
dy 't hja fertsjinnet? Ik haw dêr sa myn twifels
oer. Ek dêr sil ik letter oer skriuwe. As ik mei.
(13-08-2001) - Jo lêze wolris fan dy ferhalen
oer skriuwers dy 't in besite bringe oan har útjouwer
en dan mei alle mooglike toeters en bellen let en set
wurde. Op it kantoar fan de grutte baas in buorrel drinke,
de stêd yn om in fikse hap te iten. Soks. De skriuwer
as in tige heechachte en bysûndere gast. Ik lês
sokke ferhalen graach. En ik leau se ek noch. Sterker:
ik wit dat se wier binne.
It giet net om Fryske skriuwers fansels. O, ik bin
der wis fan dat in útjouwer syn auteurs ek yn
de Fryske sitewaasje wit te wurdearjen, mar de persoanlike
kontakten binne meast hastich, oustannelik, saaklik.
Brieven, telefoantsjes, e-mails - dat wurk. Ek it ûndertekenjen
fan in kontrakt foar in nij boek (tink der om: in hiel
wichtich barren foar in auteur!) is meast in saak op
oustân - via de postrinner. Neat feestliks oan.
De buorrel drinkt de auteur thús. Wy hawwe, tink
ik, gjin tradysje op dit stik. Teminsten, ik haw nea
fernommen dat it oars gong. Jo hawwe in auteur en jo
hawwe in útjouwer. De iennichste bân tusken
beide partijen is it boek op kommendeweis.
Fan 'e midzje lykwols fernaam ik dat it ek oars kin.
Ik stapte sûnder oankundiging by de Friese Pers
Boekerij binnen. Redaktrise Jelma Knol skode foar de
computer wei en wy hiene in noflik petear - wy hiene
alle tiid fan 'e wrâld. Dat de grutte baas der
op in stuit ynkaam om te fûstkjen sil tafal west
ha, mar it wie allegear 'krekt echt'. Ik fielde my efkes
in auteur út de ferhalen dy 't ik lies... Hoe
lyts en ûnbelangryk ek allegear, it docht jo goed
as jo wurdearre wurde, as der tiid foar jo is, respekt.
In skriuwer is ek mar in minske.
(13-08-2001) - Fansels hiene Jelma en ik it efkes oer
de Gysbert Japiks-priis. Wa 't wy tochten dat him fan
't jier winne (moatte) soe. De kandidaten dy 't wy betochten
wiene suver deselde. Durk van der Ploeg, Josse de Haan,
Albertina Soepboer. En noch in stikmannich. Jelma neamde
ek Akky van der Veer. Ik fûn dat moai. Ik bedoel:
Akky sit by Bornmeer, net by de FPB. Doe 't ik nei hûs
ried haw ik neitocht oer Akky van der Veer as GJ-priiskandidate.
Har beide lêste boeken ('Grutte wurden' en 'Kuneara')
fûn ik prachtich, moai fan opbou en tige soarchfâldich
skreaun. Ja, tocht ik, doe 't ik ús hiem opried.
Ja. As Akky de priis fan 't jier wint, haw ik dêr
alle frede mei. In monsterfrommes. Ek as auteur.
(14-08-2001) - Duorjend op syk nei de identiteit fan
Rimmer Franke en nijsgjirrige siden op 'Kistwurk' wurd
ik hyltyd mar wer konfrontearre mei 'Deze pagina kan
niet worden weergegeven'. Dat steurt my. Mar it is it
begjin fan in nacht. Ik sil op bêd. Moarn glânzet
'Kistwurk' wer as...
(14-08-2001) - Even mear as twa jier lyn skreau ik
myn lêste brief oan Jelle Kaspersma. Hjoed krige
ik in antwurd. Ik bin bliid mei dat brief, mei dat teken
út Kampen wei. Ik bin in grut leafhawwer fan
Jelle syn poëzij. Earlik, rjocht út it hert
wei, breed fan opset mar tagelyk rjochte op ien punt:
leafde foar it gea, de minske yn dat gea - de leafde.
De poëzij fan Jelle is troch de measte kritisi
yn Fryslân oubrând. De grûn yn wâde.
Sels in plakje yn 'De Spiegel van de Friese Poëzie'
wie him net gund. Neffens my in skandaal. Guon poëtys
gegriem yn dat boekje heart net iens yn 't skaad fan
wat Jelle makke, yn syn bêste mominten. 'Ave Marije'
(syn lêste bondel) achtsje ik in hichtepunt yn
de Fryske leafdeslieryk. Mar ik haw gjin ferstân
fan poëzij fansels. Ik reagearje op gedichten mei
myn hert, myn yntuysje, myn gefoel. Ik beriddenearje
poëzij net, ik fergelykje poëzij net, ik bin
net programmearre op wat in fers wêze moat. Ik
fiel wat goed is en wat net. Gâns wat Jelle Kaspersma
dichte is goed. Fielt goed.
Minne kritiken - guon kinne der oer, oaren wurde der
spikersljocht fan. Wy sille Jelle Kaspersma net gau
wer yn Fryske fermiddens fernimme. Hy hat syn nocht
fan lytse geasten dy 't har o sa wichtich fiele. Ik
preau dat út syn brief. Ik sil him meikoarten
skriuwe. Ik sil oanstean op nije fersen, in nije bondel.
(15-08-2001) - In goed kertier lyn skreau ik de lêste
wurden fan boppesteand stikje. It is no 00.27 oere en
ik lies dy tekst werom. Ik fielde ynienen de ynholden
lulkens - eins hie 'k te kear gean moatten tsjin de
Teake Oppewals, de Tjitte Piebenga's en elkenien oars
dy 't in dichter net herkenne. Dy 't mar rûntsjes
draaien bliuwe yn in stereotyp soarte fan dichterlik
tinken. Wat dus gjin tinken en seker gjin fielen is.
Mar ik haw my ynholden, fernaam ik. God, wat bin ik
in aardich minske.
(16-08-2001) - Wurd ik in nachtminske? Of haw ik it
oerdei sa drok (yn 'e fakânsje?) dat ik allinne
mar nachts oan de skriuwerij ta kom? Dat is net goed.
Ik bedoel, it is no tongersdje 00.38 oere en ik haw
in stikmannich buorrels hân. Drank ferdôvet,
dat ik soe no net skerp mear wêze kinne. Tagelyk
soe ik no yn in fase sitte moatte dy 't my it gefoel
jout dat ik de skriuwende rjochterhân fan God
(of sa) bin. Ik bin skerp en ik fiel my net daalk in
hân fan wa dan ek. Ik bin der gewoan by. Sa waard
ik niis plezierich ferrast troch myn útjouwer:
stjoer dyn gedichten op, want wy wolle mear oan poëzij
dwaan as ien bondel yn de trije jier. Is dat net moai,
sa'n fraach? It stelt neat foar, dy fraach, it is sa
frijbliuwend as de pest, mar my docht it goed. Betrouwen,
ferwachtings. Ik skyn dochs in nijsgjirrich auteur te
wêzen. Feit is wol wer dat ik yn de fierste fierte
noch gjin bondel gearstalle kin. Of eins: net gearstalle
doar. Mar moarn (nei dizze nacht) is wer in dei. Dochs?
(16-08-2001) - Wy wiene hjoed (juster yntusken) op
it Amelân. De besikers wiene benammen Frysk, de
bewenners benammen net.
(17-08-2001) - Eins is it wol hiel apart. Ik haw in
aardich idee foar in roman. Dêr wol 'k oer in
skoftsje mei úteinsette. Ynienen bin 'k tige
warber mei it útskriuwen fan in plot, it yndielen
fan de haadstikken, it beskriuwen fan de haad- en byfiguren,
de lokaasjes, de tiidsaspekten, neam mar op. Mei oare
wurden: ik meitsje my yn 't foar drok oer hoe 't de
roman der út sjen sil, hoe 't de opbou wêze
moat, wat de karakters binne. Ik timmerje in ramt. Dat
ik letter mei in allemachtich soad wurden beklaaie sil.
Apart fyn ik dat. Dat haw ik noait dien. Der wie altyd
in ideetsje, in soarte fan begjin. Net mear. En dan
sette ik útein. Yn it betrouwen dat der earne,
yn 'e fierte, oer in wike as wat, wol in ein wêze
soe. Mei oare wurden: myn boeken hawwe har suver altyd
sels skreaun, it ferhaal ûntstie skriuwendeweis
en de ein wie foar my altyd wer in ferrassing. No wit
ik eins al hoe 't dat boek ourinne sil. It boek dat
ik skriuwe sil. Wol ik dat wol? Oan in roman begjinne
sûnder aventoer, sûnder de nijsgjirrigens
nei it ferrin fan 't ferhaal, sûnder de spanning
fan hoe sil dy skriuwerij geandewei útpakke?
Eins wol ik dat net, leau 'k. In roman as in ynfoloefening...
Neitinke!
(17-08-2001) - No moat ik ek wer net al yngewikkeld
dwaan fansels. Oerdei hearde ik ferskate kearen de stim
fan Rink van der Velde, dy 't oait ris tsjin my sei:
'Wa soe dat no, ju, sa'n boekje. Jo betinke in moai
ferhaal, jo begjinne te skriuwen en nei in pear haadstikken
wurdt it dochs allegear oars as jo it betocht ha'. Sa
likernôch sei er it, sa hearde ik it fannemidzje.
En sa is it ek. Wat myn wize fan wurkjen oanbelanget
yn alle gefallen. Dat ik moat meikoarten mar in pear
haadstikken besykje te meitsjen. Op basis fan myn...
eh... 'synopsis'. Faaks dat ik fernim dat it ferhaal
oubûcht nei ûnbekende fierten. Oer ûnbekende
paden. Fersûp ik, dan fersûp ik. Kin 'k
altyd werom nei de prachtstoarje dy 't ik betocht ha.
(17-08-2001) - It liket wol frekte arrogant wat ik
hjir hjoed oerdei allegear delskreaun ha. Krekt as soe'k
samar efkes in roman skriuwe. Sa is it fansels net.
Okee, ik haw my yn 't foar noait echt bekroade om it
ferhaal sels (dat kaam wol, skriuwendeweis), mar ik
wie/bin wol altyd allemachtich lang besteld mei 'research'
(dêr 't ik sa'n wurd om skriuw). Ik haw no ienris
in frjemd aard: as ien yn in kroech ynelkoar slein wurdt
en de plysje wurdt belle, dan wol ik presys witte wat
der bart. Ik seur myn freonen by de plysje (en sa) faak
de earen fan de harsus. Details, fine puntsjes, eigen
erfaring - fertel! Dy manlju wurde soms hartstikke gek
fan my. Foar har is it deistige rûtine, foar my
net. As ik der oer skriuw - slaanderij yn 'e kroech,
plysjeboel, reklassearing, dûane, finzenis, soks
- dan moat it der al in bytsje op lykje. No ja dus.
Mei sokke ynformaasje yn 'e kop skriuwt it wol lekker.
Mar blinders - ear 't dy ynformaasje yn 'e kop sit!
'Research', moai wurd, prachtich begryp. Mar ik kin
der net sûnder. Ik haw gewoan te min fantasij,
tink. Ik moat no ienris yn 'e realiteit dolle.
(17-08-2001) - As lêste dizze dei: selden wie
'k it sa iens mei Pieter de Groot as hjoed ('Dwers',
LC). Tamtam op de Rely Jorritsma-priisfraach. Oandacht,
publisiteit! Doch ris wat!! En ik seach, wylst ik it
stikje lies, dy soere Fryske koppen, dy snorleaze burden,
dy koartebroekebejaarden, dy tuiketuikesipels, dy netsamâlomkoallen.
Ik haw glimke.
(18-08-2001) - Doe 't ik jierren lyn (al wer) frege
waard om it ougeande sjuerylid fan de Rely Jorritsma-priisfraach
op te folgjen, haw ik dêr fansels al efkes oer
neitocht. Ik ha ja sein omt ik it eins wol in eare fûn:
der wie betrouwen yn myn literêr-kritys oardiel.
Doe 't myn trije jier om wiene, bin ik sels (yn oerlis
mei myn kollega's, dat al) op syk gien nei in opfolger.
Dy fûn ik yn Frysk-literêr fermidden. It
waard immen dêr 't ik fan wist dat dy persoan
affiniteit hie mei de skriuwerij. Ek út eigen
erfaring. Fûn ik hiel wichtich. Ik bedoel: kin
in téoretikus (f/m) begripe, fiele wat skriuwen
is?
Neffens my is it sa altyd gien: in ougeand sjuerylid
siket sels syn of har ferfanger. Ik haw noait de gedachte
hân dat dêr wat mis mei wie. En as ik de
list besjoch fan de minsken dy 't yn de RJ-sjuery sieten
(en sitte), dan wiene/binne dat foar myn gefoel kompetinte
lju.
It kin dan in kear - fan 't jier - barre dat mar ien
ynstjoering bekroand wurdt. Troch in tige kritise sjuery?
Of omt de ynstjoerings fan 't jier striemin wiene? Kin.
Wit ik net. Ik ha 't spul net lêzen. It barde
ek wol dat sân of mear ynstjoerings in priis krigen.
Wie der doe in sloppe sjuery? Of wie it nivo fan de
fersen en ferhalen dat jier hiel heech? Dat lêste
is wol nei te gean fansels - de winnende ynstjoerings
binne hast altyd publisearre. My heucht it lykwols net
dat ik my oait fernuvere ha oer de minne kwaliteit fan
it winnende spul.
Om my hoecht in RJ-sjuery net beneamd te wurden troch
in ynstânsje as it FLMD. Lykas guon lju wolle.
Ik sjoch út noch yn net yn dat soks in garânsje
jout foar in better ouwoegen oardiel oer de ynstjoerings.
Ik bin der wis fan dat dy trije minsken fan 't jier
earlik har bêst dien hawwe. En it ougeande lid
fan de sjuery sil sûnder mis in weardige opfolger
fine. Dat sil trouwens muoite genôch kostje. Dit
sjuerywurk freget in allemachtigen soad tiid. En de
jildlike fergoeding is noch altyd in 'lachertje'...
(20-08-2001) - Radio Eenhoorn: in roman besprutsen
en wat sein oer Kees 't Hart syn 'Hard Gras'-avontoer.
Dat lêste boek wie boeiend om te lêzen (beropsfuotballers
binne ek mar gewoane minsken en SC Heerenveen is fansels
in keihurd bedriuw dêr 't jild fertsjinne wurde
moat), mar ik fyn al dat it no dien wêze moat
mei al dat gejûchhei. Trije boeken oer de klup
en syn trener yn ien jier, jongenochoanta. No earst
mar wer fuotbalje en punten helje. De pretinsjes sille
wier wurde moatte. Ek lêzers binne realisten.
(20-08-2001) - Dat wurdt in hiel oeheden, 18 novimber
yn it Amsterdamse Felix Merites: 'De dei fan de Fryske
literatuer' (of is it 'De dag van de Friese literatuur'?).
In aardich ûndernimmen oars, soks - hiel literêr-Fryslân
skynt dy deis nei de haadstêd te reizgjen om aaien
te lizzen. Der sil foarlêzen wurde, ynliedingen
wurde holden, interviews en muzyk stean op it programma.
De klam sil wat lizze op de oersetterij. Frysk wurk
yn Nederlânse oersetting (Trinus Riemersma/Jabik
Veenbaas en Josse de Haan/Harmen Wind) en oarstalich
wurk nei it Frysk (Eric Hoekstra, Alpita de Jong). Moai.
De fraach is lykwols: foar wa wurdt sa'n dei organisearre?
Oare fraach: wat is de fiertaal dy deis?
(21-08-2001) - Mear as 10 tûzen minsken wurde
aansen yn Jorwert ferwachte. Om it iepenloftspul te
besjen. Ik sil der fan 't jier net by wêze. De
lea is my noch stikken fan oare kearen dat ik in hiele
lange jûn besocht te oerlibjen op de 20 sintimeter
hurde bank dy 't my tametten wie. Ik ha noch blauwe
plakken yn 'e siden fan de earmtakken fan myn bankbuorlju,
de kont is my noch smots en de nekke - ik bedoel: jo
besykje út en troch dochs in glimp op te fangen
fan dat iepenloftspyljen - kreaket noch altyd as ik
fansiden besykje te sjen. Ik kom net wer yn de notaristún
fan Jorwert. Myn masochisme hat grinzen. Mar - sa wurdt
wier ferwachte - tsientûzen manlju, froulju, bern
litte har meikoarten al op bulten jeie. Nei 't se 40
gûne betellen. Har winskje ik sterkte.
Blinders, betink ik ynienen: tsientûzen kear
safolle tientsjes. Plus it jild fan de rige sponsors
dy 't ik yn dat Jorwertkrantsje lies. Plus de ynkomsten
út en fan ... it is wol in grut bedriuw wurden
langer! Jo meie dan ek oannimme dat de meiwurkers fiks
betelle wurde. Mei rjocht en reden.
(21-08-2001) - It stik dat ik tasei te skriuwen foar
Trotwaer wol net slagje. Tiny Mulder is in dichteresse
dy 't ik al hiel lang lês en dy 't ik bewûnderje.
De measte fersen fan Tiny dy 't ik lies - sûnt
1967 - haw ik werlêzen. En nochris lêzen.
Ik fiel my thús yn har dichtwurk en as immen
my freegje soe wêrom, dan haw ik gjin antwurd.
Ik bin fan nei de twadde wrâldoarloch, fyn joaden
(krekt as islamiten en wâldsjers) hiel gewoane
minsken, bin sa heidens as 't mar kin, bin in man, ik
reizgje fierstemin, ik bin sa moedich net as Tiny -
en dochs fiel ik my thús yn har fersen. Ik hâld
fan har poëzij.
De redaksje fan Trotwaer wol dat ik in stik skriuw
oer 'Bitterswiet', Tiny Mulder har 'samle fersen'. Ik
haw dat tasein. En ik soe mysels in grutte lul fine
as ik dy opdracht weromjoech. Mar (yn jezusnamme) wat
moat ik oer dit boek skriuwe! Alle bondels, yn dit boek
opnommen, binne ea wiidweidich besprutsen. Tineke Steenmeijer
skreau in prachtige ynlieding. Ik fiel my - nei wer
safolle oeren omlêzen yn de ferzen - noch altyd
thús yn Tiny har dichtwurk. Wat ik goed fûn,
is noch altyd goed. Wat ik eartiids net moai fûn,
is noch altyd net moai. Dat: wat soe in stik fan my
yn Trotwaer tafoegje oan de persepsje fan Tiny Mulder,
dichteresse te Jellum?
En dochs komt it stik der. Ik haw it tasein.
(21-08-2001) - Ik neamde niis de namme fan Tineke Steenmeijer
(Steenmeijer-Wielinga fansels - gewoan Tineke Wielinga
dus). It minske skriuwt - njonken withoefolle oare saken
- samar efkes in ynlieding op in sammelbondel. Knap
fyn ik dat. Dat jo njonken jo wurk soks dwaan kinne.
En dan (mei man Frans) ek noch in nije misdiedroman
publisearje! Slot Zeist as lokaasje. Ik moat meikoarten
mear oer frou Steenmeijer skriuwe. Ik wol mear oer Tineke
skriuwe.
(21-08-2001) - En dan seach ik niis dat ik hjoed mear
as 40 besikers hie (de dei is hast oer), en dan wit
ik dat ik moarn wer oan ús hûs skilderje
sil, en dan waard ik hjoed wer konfrontearre mei myn
mislearjen as skriptskriuwer fan 'Baas boppe baas',
en dan sangert dat telefoantsje - justerjûn -
fan Jelmer my duorjend troch de kop: ús soan
krige in topbaan oanbean yn Montreal, Kanada. De jonge
is gek as er it net docht - mar blinders: Kanada!
Hawar, it is 0.04 oere. Wensdje. Sliepe. Rêst.
Fergúljemûne.
(22-08-2001) - Jo kinne fan de Friese Pers Boekerij
sizze wat jo wolle, mar as it hast oan de sutelaksje
ta is, dan kinne de kroaden wer fiks folle wurde mei
har nije útjeften. De sutelsters sille benammen
bliid wêze mei 'De kâlde erfenis' fan Hylke
Speerstra ('No einlings yn it Frysk, bewurke en tige
útwreide', neffens it parseberjocht). Op 7 april
skreau ik dat Hylke der sels wis fan is dat dit boek
de 'grutte klapper' fan de sutelaksje wurdt. Wol my
wol oan. Der sil by 't ferkeapjen omraken referearre
wurde oan (de skriuwer fan) 'It wrede paradys'. Tink
der om dat soks fertuten docht!
Ik bin hiel nijsgjirrich nei 'De Blauwe Fedde yn petear'
fan Meindert Talma en Nyk de Vries. 'Fraachpetearen
mei 15 eigensinnige Friezen'. Mei in foarwurd fan Sietse
de Vries, de sjoernalist dy 't doedestiids elk nij nûmer
fan 'De Blauwe Fedde' yn de LC konsekwint de grûn
yn wâde.
(22-08-2001) - It 'Willeke Alberti-effekt' wurdt it
wol neamd: meitsje gebrûk fan de namme fan ferneamde
famyljeleden en elk sil tinke dat jo ek sa goed binne.
Ulke Brolsma hat ferhalen skreaun en dy wurde as boek
útjûn (FPB). Sitaat út it parseberjocht:
'... dat er net om 'e nocht út in skriuwerslaach
ôfkomstich is. Syn pake Reinder Brolsma is ien
fan de grutte nammen yn de Fryske literatuer, en syn
heit Liuwe ('Stoarm oer Fryslân') spile ek net
swak by'. No, tink ik, Ulke jonge, it moat wol hiel
geweldich wêze wat jo ús oan literatuer
leverje. Sa'n baaspake en sa'n baasheit! De ferwachtings
binne heech: de pakesizzer/soan sil grif net minder
wêze...
(Jo hawwe ek in oar meganisme as it WA-effekt: dat
fan de delgeande spiraal. Brolsmapake haw ik mei in
soad bewûndering lêzen, Brolsmaheit fûn
ik gâns minder).
(23-08-2001) - Justerjûn seach ik noch in ploechje
gierswellen warber boppe ús hûs. Hjoed
net mear. Is de grutte reis begûn?
(23-08-2001) - Krekt in e-mail lêzen fan Josse
de Haan: 'Kikkerjaren' (de Nederlânse oersetting
fan 'Piksjitte op Snyp' - oersetting fan Harmen Wind)
sil op 1 oktober fan de parsen rôlje. Ik fyn soks
in lokwinsk wurdich. Foar Josse en Harmen fansels, mar
seker ek foar de Fryske literatuer!
(23-08-2001) - Moarn op stap: in lang wykein stoarte
wy ús yn de Amsterdamse Uitmarkt. Kultuer snuve.
(23-08-2001) - Dochs noch efkes dit. Der libbet yn
it Fryslân fan 2001 in skriuwer dy 't it foar
himsels akseptearret dat in televyzjeskript, dêr
't er sels gjin letter fan makke hat, net allinne ûnder
syn namme ferskine sil, mar dêr ek noch it folle
honorarium fan opstrykt. En dan is der in skriuwster
dy 't dat skript makke, mar akseptearje moat dat har
namme oupakt wurdt en (nei in allemachtich gegriem)
mei in foech bûssint de bosk ynstjoerd wurdt.
Mystearje? Ja, noch al. Ik haw tasein ynearsten gjin
nammen te neamen. Mar as dizze ferachtlike saak aansen
iepenbier wurdt - en safier komt it fansels -, dan hoopje
ik al dat dy skriuwer mei in rotklap op syn bek giet!
Want ik bin lulk. Ougryslik lulk! En it spyt my dat
ik my oan myn wurd hâlde moat.
(26-08-2001) - Kultuer snuve op de Uitmarkt yn Amsterdam.
Ik hie my trije dagen dêr mei dwaande hâlde
wollen, mar it waard úteinlik in saterdjetemidzje/-jûn.
Want: hyt, fierste hyt. De oeren dy 't wy op it Museumplein
tabrochten joegen boppedat in kakofony fan lûden
út te folle poadia tagelyk. En yn de Hobbemastraat
like de iene auteur noch wichtiger en noch mear blasee
as de oare. Nee, aardiger (en earliker, oprjochter)
wie ús fytserij troch Niewendam, Schellingwoude,
Durgerdam, Broek in Waterland (kano!), Uitdam, Holysloot,
ensfh. Dêr hiene wy wille, dêr ha wy praat
en lake, dêr waarden wy wurch. Dat: kultuer wie
dit wykein foar ús benammen frituer - hoewol:
de moksels smakken tige.
(27-08-2001) - It is wat sa'n ûngelokkige dei
hjoed. Sa'n tusken-alles-yn-dei. Sa'n dei dat jo dingen
ouslute wolle omt jo eins mei nije saken úteinsette
wolle. De fraach is dan: wat wol ik ouslute? Yn alle
gefallen de simmerfakânsje. Mar dat is dan wer
in tipise skoalmastergedachte: skoalmasters ha of krije
fakânsje. Soks. Wol ik it fierder net oer ha.
Ouslute doch ik sûnder mis in perioade wêryn
't ik echt frij wie, de dingen dwaan koe dy 't ik (dy
't wy, fansels) de moarns betocht. It lesroaster stjoert
myn libbentsje wer.
Wat woe 'k úteinsette? Wêr woe 'k mei
begjinne?
(27-08-2001) - Jûn haw ik in moai skoft yn 'BoekeNijs'
omlêzen. De sutelaksje set takomme freed útein.
Yn Stiens. Ik sil der by wêze. Assistint-sutelder
wêze. Mei in frommis dat op dit stik wol tûzen
kear om my hinne kin. Tink ik. Is my tasein: 'Do wurdst
keppele oan in tige betûfte sutelster', sei immen
fan 'It Fryske Boek' in hoart lyn troch de telefoan.
Nei 't hja my fertelde dat myn oanwêzigens no
freedtejûn yn Stiens wol sa allemachtich wichtich
wie! Echt! Hartstikke! Dat ik tocht: as ik der net by
bin, giet dy hiele sutelaksje net troch.
Yn dat 'Boekenijs' lês is dat Durk Hibma der
fan 't jier dochs al wat minder fidúsje yn hat.
Ferline jier wie in 'jubeljier', in 'topjier', skriuwt
er yn it foaropwurd. Mar: "In hiel logys gefolch
is dat, krekt as mei de tijbewegings, der in wjerslach
op komt". Hee blinders, Durk! Sa ken ik dy net.
Altyd posityf, altyd de holle yn in brede laits, net
stikken te krijen. Dat is Durk Hibma. In wjerslach?
Unsin!
(28-08-2001) - By de post niis wer twa fakânsjekaarten.
Ien út Kopenhagen en de oare út Thailân.
Earder dizze simmer helle ik al oare fiere oarden út
ús postbus: China, Súd-Afrika, Itaalje,
Wales, Californië, Iislân, Indonesië
- om mar ris wat te neamen. Tsja, ús freonen/famylje
fleant langer oer de hiele wrâld. Is it wat, heite.
Wy hawwe in nusje kaarten ferstjoerd út Katwijk
aan Zee.
(28-08-2001) - Op Omrop Fryslân-televyzje fernaam
ik jûn ien en oar oer 'Sirkus Ljouwert', takomme
wykein. En ik tocht: wêrom hearde ik der net earder
as hjoed fan? Wat haw ik de ourûne wiken mist?
Wie 'k der efkes net by of sa? En tagelyk tocht ik:
it Ljouwerter strjittefestival! It sil wer heve. Feest!
Oeren yn 'e stêd ompanderje, genietsje fan optredens
yn alle maten en soarten. Mar ek ûngerêstens.
Wat is der mis mei de publisiteit? Wat is der mis mei
Sirkus Ljouwert? Wêr is it 'Straatfestival' bleaun?
(29-08-2001) - Begjin 1980 waard my frege om mei te
tinken oer in 'straatfestival' yn Ljouwert. Ik miende
dat it Margje Visser wie, dy 't betocht dat wat rûnom
yn de wrâld bart, ek yn Ljouwert mooglik wêze
moast. Ien dei de hiele binnestêd omtsjoene ta
in iepenlofttéater: muzyk, dûns, poëzij,
drama op safolle mooglik lokaasjes. It like my wol wat.
Dat wy foarmen in soarte projektgroep (sa 't soks doe
neamd waard): lju út allerlei dissiplines. Ik
herinnerje my de nammen fan Hessel van der Wal en Ed
Bausch. En ik herinnerje my twa opfallende saken. De
artysten wiene optein, elk woe wol (fergees fansels,
want der wie gewoan gjin jild) meidwaan. De gemeente
Ljouwert lei duorjend dwers, seach oeral apen en bearen,
ferge tsientallen fergunnings. Wy setten troch, úteinlik
stipe troch withoefolle frijwilligers en ynstellings.
Yn juny dat jier waard it earste Ljouwerter 'Straatfestival'
in feest. In tradysje wie berne.
It seit himsels dat ik my lange jierren belutsen fielde
by it jierlikse strjittefestival. It wie dan ek in bytsje
myn bern. Mar geandewei feroare dat. Seker doe 't 'Sirkus
Ljouwert' de boel oernaam en der foarstellings kamen
dy 't net mear fergees wiene. Ik waard my allegear te
kommersjeel, te saaklik, te min 'straatfestival'. Faaks
dat it fan 't wykein wer brûzje sil yn Ljouwert,
dat jo rûnom yn 'e binnestêd wer plezierich
konfrontearre wurde mei téater yn alle maten
en soarten. Dat in kuier troch de stêd in feest
wêze sil. Ik hoopje dêr al jierren op. Ik
wol dus werom nei it begjin, nei it spontane. Ik wol
sokke dagen net yn in hokje nei in foarstelling sjen.
Ik wol dus gewoan in festival op strjitte. Yn 'e bûteloft.
Ek al reint it as de sykte.
(29-08-2001) - As der ea in priis beskikber komt foar
de tûkste Fryske sakeman/skriuwer, dan giet dy
sûnder mis nei Hylke Speerstra. Knap wat er foar
hjoed wer betocht hie om syn nije boek te presintearjen.
Lokaasje: de pleats fan Ids Postma yn Dearsum. Oeheden:
in sympoasium oer de takomst fan it Fryske plattelân
(of soks). Sprekkers: ûnder oaren Geert Mak en
Jan van der Ploeg. Oanwêzich: pommeranten en pommeranten.
Boadskiprinners: de parse, mei Omrop Fryslân-televyzje
foaroan. It is ferskuorrende tûk. Sa jo nije boek
yn de publisiteit sette - twa dagen foar it begjin fan
de sutelaksje -, betink it mar, krij it allegear mar
foar elkoar. Ik bin dus oergeunstich, stjonkende jaloers.
En tagelyk haw ik djip respekt foar sa'n stunt! Dat
wol wer.
(29-08-2001) - Wat in medium! Jûn publisearre
ik boppesteand stikje op myn internetside en no - ik
sil op bêd, dizze dei hat west - lês ik
noch twa e-mails. Beide mei deselde fraach: wêrom
bisto jaloers op Hylke Speerstra? In antwurd betink
ik no, sûnder echt neitinken. Nee, ik bin net
jaloers op Hylke (ogodnee!) - ik bin jaloers op it meganisme.
Ut namme fan. Ik wit (as foarbyld) dat Riek Landman,
elke kear as der fan har in nij boek komt, in feestje
organisearret. Prachtich. Ik wit dat withoefolle skriuwers
yn Fryslân in nij boek feestlik presintearje.
Foar kunde en freonen en withoefaak wurdt de parse útnoege.
Gjin wurd fine jo werom yn de krante, hearre jo op de
radio, gjin byld op ús regionale televyzje. Okee.
De provinsjale parse docht (hast) neat oan boekpresintaasjes.
Feit. Witte jo as skriuwer, as útjouwer. It is
net oars. Mar Hylke Speerstra is blykber in aparte kategory.
Syn netwurk wurket. Dat meganisme, dêr bin ik
jaloers op. Ut namme fan withoefolle Fryske skriuwers,
tink. Mar soe 'k ruilje wolle, soe 'k in grut part fan
myn deistich bestean netwurkje wolle ta folle gloarje
fan mysels? No nee. Dat jaloerskens mei in glimk, in
knypeach, in skouderopheljen.
(30-08-2001) - Jûn hie 'k in lang telefoanpetear
mei Akky van der Veer. Oer de bern, oer de Gysbert Japiks-priis,
oer de skriuwerij. Mar benammen oer Henk, Akky har man.
Henk is siik. Al jierren. Mar hy hâldt moed. Ek
al folget de iene sykte op de oare krupsje. Henk is
in fechter, genietet fan de perioades dat it better
giet, jout him der net by del as it liif wer wat beroerds
skipe. Ik haw dêr grutte bewûndering foar.
En ik tink faak: hat it no net genôch west? Lit
dy jonge thús syn 'timpel' oubouwe, jou him no
einlings rêst, in libben sûnder hyltyd mar
wer fisike ellinde. Mar oan wa moatte jo soks freegje?
Wa kinne jo sa'n opdracht jaan?
Henk Kuiper. Ik learde him kennen doe 't er allemachtich
kréatyf wie. As fotograaf. Prachtige platen makke
er. Realistise poëzij haw ik se ea neamd. Meindert
Bylsma, Jan Dotinga en ik makken (ein santiger jierren)
gedichten by foto's fan Henk. It waard de útstalling
'Protest/Portret' yn it FLMD - Henk syn útstalling,
ús gedichten foegen hjir en dêr wat ta,
persoanlike notysjes. Mear net. Wy waarden stimulearre
troch Henk, troch syn foto's, troch syn entûsjasme.
We praten oer ús bern, Akky en ik. Oer fan alles
eins. Mar benammen oer Henk. In keardel dêr 't
ik bewûndering foar haw, altyd hân haw.
(31-08-2001) - Idske hjit se, myn sutelmaat yn Stiens
- jûn, fan 'e midzje. It earste wat se my fertelde,
wie, dat it hjoed foar har de earste kear êze
soe, sa mei in kroade fol Fryske boeken by de doarren
lâns. 'Do wurdst keppele oan in tige betûfte
sutelster' - ik hear it Wieke de Haan fan it Fryske
Boek noch sizze. Dat (sels sutelhakkenkruk) mei in hert
fol twifels treau ik de kroade it earste hiem op. Mar
doe 't de foardoar iepenswaaide en in beppe mei in beppesizzer
har oppenearren, die daalk bliken dat 'net-erfaren'
en 'betûft' hiel goed synonym wêze kinne.
Seker yn it gefal fan Idske. Al die se it al jierren,
sok suteljen. Myn warberens beheinde him ta it foar
my út skowen fan de kroade. Ut en troch mocht
ik wat fertelle oer in boek. Fierder rêde Idske
har der mei. Hiel noflik. Spitich lykwols wie dat safolle
minsken net thús wiene (blau kaartsje yn 'e brievebus
- opdracht fan de suteldireksje -; ik ha werklik gjin
aan wat op dat kaartsje stiet) of it Frysk net behearsken
('It is net oars...'). Mar wy ferkochten dochs noch
foar eksakt 160 gûne oan boeken. In soad? Wy fûnen
it in hiel aardich bedrach, Idske en ik. |