(03-02-2001) - In echte kroade mei kikkerts - om dat
ferneamde klisjee mar ris te brûken - ha wy eins
noait west. De measte útgongspunten fan de Omrop
Fryslân-televyzjeseary 'Baas boppe baas' binne daalk
yn 't begjin fêstlein - troch 'baas' Steven de Jong,
troch ússels (de skriuwers). Lokaasjes, karakters
fan de haadpersoanen, tiidplan per oulevering. Dy dingen.
Mar geandewei it skriuwen fernamen wy dat der dochs mear
dúdlikheid komme moast. Foarbyld. Ien fan de wichtichste
karakters is Nederlânstalich. Wat prate de oaren
tsjin har? Oar foarbyld. Is der in tún by it hûs?
Filmje op bûtenlokaasjes kostet jild en tiid. As
skriuwer kinne jo jo dêr wol neat fan oanlûke
en gâns tiid stekke yn it betinken (en skriuwen!)
fan in moaie sêne yn 'e tûn, mar as de regisseur
dat stik sûnder mear skrast (want der is gjin tún,
ropt hy achterou), wie al dat wurk om 'e nocht.
Oer dizze saken hiene wy it fannemoarn. En aardich
wie dat Rinse Westra (de akteur dy 't de haadfiguer
delsette moat) meiprate. Dat mantsje (Beant Baas, net
Rinse) stiet ús no wol helder foar de geast.
Der waard mear dúdlik, dat wy kinne no fierder
mei it skriuwen fan de skripts fan 12 ouleveringen dy
't meielkoar it earste Fryske televyzjedrama wurde sille.
Wy binne aardich ûnderweis, mar dit kostet (my
teminsten) mear tiid as ik ferwachte. Omt it sa'n oare
skriuwdissipline is as ik oant no wend wie.
(03-02-2001) - Altyd wer spannend om te fernimmen wat
in oar mei jo tekst docht. Dat kin (yn myn gefal dan)
it foardragen fan in gedicht wêze, it spyljen
fan in tenielstik of it komponearjen fan muzyk by in
liet. Sa harke ik wensdjetemidzje yn de auto nei de
útfiering troch 'Om 'e Noard' fan it saneamde
harkersliet. De oare jûns seach ik it allegear
op de televyzje. Ik wie net daalk út 'e skroeven
- dat bin 'k eins mar selden - mar ik fyn al dat Wim
Beckers der in strak en helder liet fan makke hat. Spitich
is dat de sjongster út en troch wat min te ferstean
is. Mar hat dat 'spitich' net te krijen mei it feit
dat ik in tekstminske bin? Ik wol no ienris elk wurd
ferstean. Hoe dan ek: dit harkersliet past wer kreas
yn de rige nije Fryske ferskes. Wurdt - as dy plannen
trochgean - in hiel aardige cd!
(06-02-2001) - Hjoed krige ik de cd tastjoerd dy 't
'Om 'e Noard' makke fan it harkersliet ('Kontakt').
In tige profesjoneel eagjend produkt yn eagen behear
makke. Ik koe der neat oan dwaan, mar daalk gongen myn
gedachten werom yn 'e tiid. Yn 'e sechstiger, begjin
santiger jierren makken wy faak ús eigen boekjes,
dichtbondels foar 't measte. Dagen grieme mei stensilmasjines,
de inket oan 't achter de earen. Grutsk wiene wy op
de einprodukten dêr 't jo no, safolle jierren
letter, wat meilydsum om glimkje. Mar wy diene it. It
hiele produksjeproses wie uzes. En wy sutelen de boel
út by boekhannelers dy 't ús meast mei
wanhoop yn 'e eagen oankommen seagen: dêr ha jo
wer ien... Wer sa'n anargistise, wrâldbestoarmjende
Fryske dichter mei in hânfol fladderige boekjes.
It is in goed gefoel dat it begryp 'yn eigen behear'
noch bestiet. Noch altyd. Muzikanten en skriuwers dy
't sels har wurk útjouwe en útsutelje.
De kopyearmasjine, de computer - machtige hjoeddeiske
mooglikheden om mei treflike en keapsjogge produkten
op 'e merk te kommen. Gjin inket mear achter de earen
lykwols, mar myn wurdearring foar sokken sil grut bliuwe.
Want dizze minsken leauwe yn wat se dogge. Litte har
net tsjinhâlde troch neeskodzjende útjouwers
of oare o sa dreech te nimmen obstakels.
(07-02-2001) - "Wa 't op in oar stean giet, liket
sels grutter".
(08-02-2001) - Yn maart ferskynt by Bornmeer de nije
dichtbondel fan Tine Bethlehem: 'Stien en Wetter'. Dat
dy titel hiel bot liket op dy fan myn bondel 'Wetter,
stien en sân' (KU, Ljouwert - 1975) wie Tine har
in pear moanne lyn al fan bewust. Se belle my dêr
oer. Fûn ik hiel korrekt. Ik haw sein dat ik dêr
gjin inkeld probleem mei hie. Oaren ek net, hoopje ik.
(10-02-2001) - Wurd ik wat erchtinkend of bespeur ik
werklik in hyltyd dúdliker wurdende skieding
tusken 'jonge' en 'âlde' auteurs yn Fryslân?
Of eins: troch guon ynstituten (Skriuwersboun benammen)
wurdt gâns opset by de ploech yn de stêd
Grins wenjende Frysk-skriuwende auteurs. Op it kommende
boekefeest krije se alle romte, op de ledegearkomste
fan it Skriuwersboun sille se yn 'e slach mei de 'âlderein'
en no lês ik yn in brief fan datselde Skriuwersboun
dat dy 'jongere' skriuwers ek al ou wolle fan it fenomeen
Skriuwerswykein. It bestjoer fan it boun (dêr
't dy jongerein dus net yn fertsjintwurdige is) ropt
jûchhei: jou dizze minsken alle romte. De Fryske
literatuer moat dus rêden wurde út de stêd
Grins wei. Ik soe 't prachtich fine as soks ek bart.
Nije ideeën, flamjende nije ûndernimmens,
in hiele rige prachtige romans, dichtbondels, essees
en oar skôgjend wurk - wy kinne dus nochal wat
ferwachtsje fan de nije generaasje. Dy lêst ha
se op harren skouders krigen (of sels lein, kin ek).
Wy - de âlde, wurge, útskreaune generaasje
- sille ús beheine ta lêzen. En genietsje
fan wat de jongerein ús te bieden hat. Romte
dus foar in nije Fryske literatuer! De spuit op en de
biezem oer dy âlde, fermôge troep! De lange
stilte foar de stoarm is oer: it sil heve! Neffens it
(ek myn) Skriuwersboun.
(10-02-2001) - Jûn haw ik in knoop trochhakke.
Einlings en te'n lêsten. Ik haw de titel keazen
dy 't ik jaan wol oan in nije dichtbondel: 'Libben en
Gea'. Sa. Dat stiet fêst! Is fêstlein.
(12-02-2001) - Niiskrekt foar de mikrofoan fan Radio
Eenhoorn wer wat oandacht jaan kinnen oan in stikmannich
resint ferskynde Fryske boeken: in roman, in berneboek,
in dichtbondel en in novelle. Yn dat lêste gefal
haw ik sûndige tsjin myn prinsipe dat ik allinne
wat sis oer boeken dy 't ik lêzen haw. 'Berjochten
út Boedapest' fan Douwe Kootstra, it boekewikegeskink
fan dit jier, is noch net út. Teminsten, ik haw
it noch net ûnder eagen hân. Dat ik haw
my liede litten troch it parseberjocht dat de Friese
Pers Boekerij my ferline wike tastjoerde. In deasûnde,
ik wit it. Sterker noch: ik jou it hjir ta.
No mar hoopje dat it boekje der echt komt. Oars sit
ik yn de sitewaasje fan dy legindarise tenielresinsint,
dy 't te beroerd wie en gean jûns nei de skouboarch.
Syn oardiel stie de oare deis yn de krante. De foarstelling
wie lykwols oulast.
(12-02-2001) - Noch efkes oer 'jong' en 'âld'
yn de skriuwerij. In advertinsje fan útjouwerij
Noordboek yn de LC fan hjoed (foar 'De spelbepaler'
fan Sietse de Vries). Sietse wurdt 'jong en veelbelovend'
neamd. En dat er - sa wurdt skreaun - fan 1955 is. Fryske
skriuwers bliuwe lang jong.
(13-02-2001) - Eins bin ik in a-sosjaal minske. Dat
wol dan sizze: as minsken en masse begjinne te 'babbeljen'
en te 'netwurkjen', as ik fersille reitsje yn grut selskip
en it gûnzet my yn de earen, dan bin ik meast
de earste dy 't it striidtoaniel ferlit. Ik haw der
no ienris gjin nocht oan en griem mei yn de grutte griemerij
fan neatsizzerij. Hoewol, ik moat al sizze dat it allegear
wol ûntspannen eage. Freonen fan Sjoerd Bottema
en Baukje Wytsma binne sûnder mis freonlike en
leave minsken. Mar ik tink dus dat ik sa'n bytsje de
earste gast wie dy 't de jas oanluts doe 't it 'offisjele
program' foarby wie. Ik dronk noch wol in gleske, ik
hufte noch in skouder, ik tute noch in stikmannich wangen,
ik spruts noch wat freonlike wurden om my hinne en ik
krûpte har (har!) efkes oan. Dêrnei rûn
ik nei de auto. Ik hie lykwols in goed gefoel yn 't
liif. Twa freonen wiene útkommen mei in nij boek,
sûnder mis goede, wichtige boeken. Dêr wie
ik by, yn it Weidumerhout ûnder Weidum. Ik belibbe
de ekstase fan guon minsken, de spanning fan Baukje
en it flechmatike fan Sjoerd. Tsja, in goed gefoel -
freonen mei rjocht en reden yn de kiker.
In boekpresintaasje is oer 't generaal in ferfeelsum
barren. Dat jildt meast ek foar de iepening fan in keunsteksposysje
of soks. Jo harkje nei freonlik bedoelde wurden, jo
drinke in drankje, jo prate in pypfol en winskje de
sintrale figuer lok en sukses. Mar it kin ek oars. Baukje
har sânde dichtbondel ('Kom mei in koer') waard
har troch Tineke Steenmeijer oanbean mei in treflik
en net plichtmjittich wurd. De tekst dy 't Jan Piter
Janzen Sjoerd Bottema taspruts om dy syn nije boek ('It
aai fan Siderius') te beljochtsjen, foldie my ek. Dat
is dan winst op sa'n gearkomste. Geniete koe der ek
wurde fan de muzyk fan Gerrit Breteler (wat kin dy man
sjonge!) en Hylke Tromp. Hawar, oan alles wie te fernimmen
dat it ferskinen fan dizze twa nije boeken wichtich
is foar de Fryske literatuer en dat dêr bêst
efkes in fikse streek ûnder set wurde mocht.
Mar dat neisitten - ik wurd der altyd wer ibelich fan.
Omt ik yn wêzen in a-sosjaal minske bin, tink.
It is fansels ek mooglik dat ik te serieus yn dit libben
stean, net fan 'geselligens' hâld.
(14-02-2001) - Ik bin in bytsje ferbjustere. Troch
it tal besikers dat ynienen op myn side komt. Oant in
skoftsje lyn wiene dat sa'n 10 deis, by mear as 20 hie
'k oanstriid en stek de flagge út. Dat liket
in bytsje, mar jo prate wolris mei kollega-skriuwers
fan bûten Fryslân dy 't ek in eigen side
ha. En dan docht bliken dat om ende by 15 'hits' deis
hiel modaal is. De lêste dagen lykwols melde myn
besikers har mei tsientallen tagelyk. Ik fyn dat prachtich!
Ik bin suver in bytsje grutsk. Jo kinne jo wol hiel
beskieden opstelle, mar it is mei in eigen thússide
krekt as mei in boek fan josels: wat mear belangstelling,
wat leaver jo it ha. Ik bedoel: jo piele net allinne
mar foar de anale útgong fan in kat...
Wêrom ynienen dy gruttere tarin op myn side,
en hooplik ek op oare skriuwerssiden? Mear belangstelling
foar it literêre internet yn it algemien? Ik soe
dat in hiel befredigjende ferklearring fine. Want op
it stik fan de skriuwerij biedt it internet safolle
nijsgjirrichs!
(16-02-2001) - It is in hiel goedkeap stikje dêr
't Henk van der Veer it febrewarisnûmer fan Trotwaer
mei iepenet. Syn 'Dwersreed' giet oer in Fryske 'soap'
dy 't troch in skriuwerskollektyf foar Omrop Fryslân-televyzje
skreaun wurdt. En dat is apart. Allinne de earste oeren
fan de allerearste byienkomst fan dat kollektyf wie
der sprake fan in 'soap', mar dêr woene wy, de
skriuwers dus, eins net oan. It soe allinne mar mear
fan itselde wurde (kinne), mar dan yn de Fryske taal.
Daalk de middeis al waard it beslút nommen om
te besykjen ta in lichte dramaseary (fan 12 ouleveringen)
te kommen mei deselde haadfiguren, deselde lokaasjes.
Seker gjin 'soap' dus. Mar doe wie Henk al nei hûs
ta gien; mei in OF-pinne yn de bûse en nei 't
er - dat noch wol - in broadsje kroket iten hie (sa
't er grutsk skriuwt). It is dan ek ferrekte flau om
moannen letter (yn in literêr tydskrift! - in
perfekt poadium foar 'yntellektuele' lêzers dy
't foar har goed fatsoen al sizze móatte dat
se net fan soaps hâlde...) te kommen mei in badinearjend
stikje oer in ûndernimmen dêr 't er net
iens it echte begjin fan meimakke. Syn stikje mist dus
geagewoan al de basis. Hy skriuwt oer in grut projekt,
dat yntusken syn foarm begjint te krijen en dêr
't mear as tsien minsken gâns tiid yn stopje.
Soks wylst er allinne mar weet hat fan de earste, outaastende,
oriïntearjende oeren. Nochris: flau en goedkeap.
Wêrom hat Henk van der Veer net gewoan skreaun
dat er himsels as skriuwer net by steat achtet en meitsje
skripts fan in dramasearje foar de televyzje? Hie dat
net folle earliker west?
(17-02-2001) - Ourûne tongersdje, de jûns
even foar tsienen. Ik stean op perrom 3 fan it stasjon
Naarden/Bussum en wachtsje op de trein dy 't my wer
nei it noarden bringt. Krekt in kostlike jûn belibbe
mei leden fan de pleatslike Fryske Krite. Twa âldere
froulju komme op my ta. 'Moaie lêzing', hear ik.
Ik werken de dames net, se binne no ferpakt yn grize
reinjassen. 'Jim gean ek mei dizze trein?' freegje ik.
'Nee, wy moatte nei Haarlem'. Haarlem! 'Spesjaal foar
dizze jûn nei Bussum reizge?' freegje ik. Spesjaal
foar my, tink ik der stikem achteroan. Ik hoopje op
entûsjast ja, hear. Myn hert wurdt yn 't foar
al grut fan grutskens. 'Nee hear, wy komme altyd op
sokke jûnen yn Bussum'.
(17-02-2001) - Gôh!, tocht ik justerjûn.
Tsjong! Ik ha dat net sa faak. Dat ik tink mei útroptekens.
Mar ik hie krekt de lêste sessy meimakke fan in
ploech Fryske dichters/muzikanten út de stêd
Grins. In hiel nijsgjirrich en eins ek wol ferfrjemdzjend
barren. Ik wie geastlik hielendal blank sitten gien
op sa'n tsjerkebank yn Teater Romein: lit mar ris sjen
wat jim - jonge hûnen - kinne, my te bieden hawwe.
En geandewei waard ik meinommen op de golvjende weagen
fan de klanken dy 't oer ús útstruid waarden:
stim en muzyk. Prachtich fûn ik it. Benammen de
dialooch fan Albertina Soepboer en Tsead Bruinja fûn
ik yndrukwekkend. Poëtys fan toan, klank - mar
soms hurd en ek wol wer heimsinnich fan ynhâld.
Dy muzyk der by, golvjend mar hyltyd deun op it ritme
fan de tekst bliuwend. Hoe oars wie trouwens de bydrage
fan Meindert Talma. Suver ûntroerend kneuterich
syn sjongsizzen, wêrby 't de klemtoan alle kanten
út like te gean. Ja, tocht ik - op dy tsjerkebank
- dy Grinzers binne wier dwaande wat moais op te setten.
Ik lûk myn twifels yn, ruilje dy om foar in poarsje
ferwachting. Faaks dat de nije Fryske literêre
sinne al yn de stêd Grins opkomt.
Ik wie dus op dat boekefeest, justerjûn yn Teater
Romein yn Ljouwert. Ik haw my út en troch plat
drukke litten tusken kloften skriuwers en sa, ik haw
mei in giel briefke yn 'e hân it rûntsje
optredens belibbe (net allegear lykwols, ik die wol
in kar), ik haw my nét troch dat alderleafste
mar o sa jonge famke ferliede litten ta it keapjen fan
it earste nûmer fan Kistwurk, ik haw my de earen
fan 'e kop lulle litten en sels withoefolle earen fol
luld - it haw in soarte fan skriuwersréuny meimakke.
En ta myn eigen ferbjustering fûn ik it gesellich.
Faaks dat it dochs wat tafalt mei myn a-sosjalens. Ut
en troch. Want dat feest fan justerjûn wie in
goed feest.
(17-02-2001) - En dan hear ik krekt dat Rink van der
Velde ferstoarn is. Sa'n al skoften ferwachte berjocht
komt jin godferdomme dan dochs wer oer 't mad.
(18-02-2001) - It is op dit stuit hast al njoggentjin
febrewaris - dat djippe nacht. Ut 'e keamersrút
wei sjoch ik gjin ferljochte finsters mear oan 'e Boskrânne
yn myn Menaam. Inkeld in strjitlantearne skimeret hjir
en dêr sa'n frjemd oranje skynsel. Ik fyn it allegear
bêst. It is my allegear wol goed. Rink is dea,
wurdt oer in dei as wat begroeven yn Wetsens, it stee
dat er jierren lyn al útkeas 'om foargoed wei
te wurden, om byset te wurden en te ferdwinen yn it
lân fan Johannes de Heer. Jezus Joop, wy sille
sjonge en skrieme en ik sil fyoelspylje dat it klapt,
dêr moatst al op rekkenje!'. Samar in letterlik
sitaat dat ik werom fûn yn myn deiboek.
Hjoed haw ik faak oan Rink tocht. Faaks te faak nei
syn betinken. Hy fûn juster dat it sa wol ta koe,
it wie him wol goed. Gjin gesoademiter mear.
En dochs... in rotgefoel. Ik haw besocht gewoan te
dwaan hjoed - juster neffens de klok -, mar Rink is
wer ûnderweis nei de klaai boppe Dokkum. 'Man,
wat hast dêr te sykjen!' Skreau ik doe, frege
ik doe. Hy glimke boppe syn slokje. Lit my dat byld
dan mar koesterje. Rink glimkjend boppe syn slokje.
En de reek fan in sigaret kringeret en kringelet...
(19-02-2001) - Pauguozzen seach ik hjoed yn 'e Bantpolder,
ûnder Lauwerseach. In pear hûndert, net
mear as tûzen. Wat is der oan 'e hân? Wêr
binne dy tsientûzenen bleaun dy 't ik eins ferwachte,
omt se der elk jier binne?
(20-02-2001) - Lês ik hjoed yn de LC fan freed
- ik rin wat achter mei de krantelêzerij - dat
Jikke en Henk Brattinga út de (warbere) rûnte
fan de Koperative Utjowerij dondere binne. Op in sydspoar
(dearinnend bin 'k bang) set. Samar, sûnder oerlis
mei harren. Ik fyn dat in tryst berjocht. En ik begryp
it ek net. Faaks dat ik te min ynformaasje haw.
Begjin sântiger jierren waard ik it 13de lid
fan de KU. Jierrenlang makke ik de gearkomsten mei by
Jikke en Henk yn har Boalserter húskeamer, haw
ik Henk foar de KU wrotten sjoen yn syn printerij, lies
ik yn de stikken hoefolle jild dy KU de Brattinga's
skuldich wie. Henk en Jikke makken har dêr net
drok om. Komt letter wol goed. De KU moast bestean bliuwe,
dêr gong it om. Doe al hie 'k it gefoel dat de
Koperative Utjowerij net lang mear te bestean hie as
de Brattinga's op har finânsjele strepen stean
gean soene. Henk bleau kalm. De KU wie mei syn bern.
Moast duorjend fuorre wurde.
Ik bleau belutsen by de KU, oan 't no. Net mear as
lid, wol as lêzer fan tiposkripten. Ik bleau ek
op 'e hichte fan de gong fan saken by de KU. It weardefolle
wurk fan Jikke en Henk bleau dêryn in konstante
faktor. Nei harren pinsjonearring - sa seine se sels
- soene se noch mear tiid oan de KU besteegje kinne.
Gewoan: jo litte jo bern net samar gewurde. En de KU
draait ommers noch altyd foar in hiel grut part op frijwilligers.
Henk en Jikke binne yntusken pinsjonearre. En wurde
fansiden smiten. Mei (of sûnder, dat wit ik net)
tank foar har wrotten en wramen, mear as 30 jier. Ik
waard hiel tryst fan dit berjocht.
(21-02-2001) - Dan sitte jo - op persoanlike útnoeging,
dat al - yn it publyk dat 'live' de útstjoering
fan 'Breedbyld' meimakket, Eelke Lok syn diskusjeprogramma
op Omrop Fryslân-televyzje. In aardige erfaring.
Wist ik hoe 't televyzje makke wurdt? Soks noait earder
meimakke. Mar jo sjogge dy yn it swart klaaide kameraminsken
dwaande, stjoerd fan in ûnsichtbere regisseur.
Jo sjogge in ûnspannen eagjende mar o sa konsintrearre
presintator. Jo fernimme minsken oan de tafel dy 't
rûtinearre fragen beantwurdzje as wie 't harren
deistich wurk. Hartstikke nijsgjirrich. Prachtich.
En dan ynienen neamt Lok myn namme, stelt in fraach.
Op datselde stuit hinget in mikrofoan foar myn mûle
en wit ik in kamera op my rjochte. Ik skrik my dea!
Ik bin op slach dielnimmer oan 'e diskusje en jou antwurd.
Ik praat yn 'e romte, want ik sjoch troch al dy kamera's
de presintator net mear. It is of prate jo wat tsjin
josels. Hiel apart.
Letter op 'e jûn sjoch ik thús de werhelling
fan 'Breedbyld'. Ik sjoch mysels en wurd kjel fan dy
dikke kop fol groeden. Ik hear wat ik sis. Falt net
iens ou. Mar as ik wer ris yn in televyzjeprogram moat,
sil ik... ja, wat sil ik dan? Jo binne no ienris wa
't jo binne en in kamera, dat wit ik no, registrearret
sûnder genede. Mar ik haw my wol fermakke, justerjûn.
Dat is winst.
(21-02-2001) - 'Net dwaan', sei Henk van der Veer freedtejûn
tsjin my. 'It is gjin goede titel'. Hy doelde op 'Libben
en gea', de namme dy 't ik jaan wol oan in dichtbondel
dêr 't ik op 't stuit oan wurkje. As Henk soks
seit, komt by my de twifel. Wy witte beide hoe slim
it is en betink in goede titel fan in boek. Hawar, no
earst mar fierder dichtsje. Oer myn libben en oer it
gea dêr 't ik yn libje. Ynearsten gjin titelprakkesaasjes
dus.
(23-02-2001) - In hiel aardich boekje, dat boekewikepresint
fan dit jier ('Berjochten út Boedapest'). In
soarte dokumintêre eins, basearre op it argyf
fan wrâldreizger/auteur Douwe Kootstra. Hiel moai
fyn ik dat 'frontfrou' Romkje einlings har plakje kriget.
Douwe syn sydsulver, in frommis dat fan trochpakken
wit as it om it befjochtsjen fan treinkaartsjes giet.
Wêrom, freegje ik my ou, liezen wy net earder
oer har yn Kootstra syn reisferhalen?
(23-02-2001) - Fannemidzje moete ik yn de Grutte Tsjerkestrjitte
Geart de Vries - ûnderweis nei in gearkomste fan
de Gysbert Japiks-sjuery. Sa fernaam ik. It seit himsels
dat ik op slach besocht haw him út te kloarkjen:
ha jim al in kar dien? frou, man? proaza of poëzij?
Neat fansels. Pôtticht dy jonge. It seit likefolle
himsels dat ik him wat persoanlike tips besoarge. Ik
bedoel: ik bin noait te beroerd om minsken op in (myn)
spoar te helpen. Uteinlik haw ik ek in miening oer de
hjoeddeiske Fryske literatuer. Geart glimke en brocht
it praat op oare saken.
Hawar dan. Dy Gysbert Japikspriis. As de sjuery kiest
foar in oeuvrepriis, dan kin it hast net oars en Durk
van der Ploeg is oan bar. Wurdt it in moedige oeuvrekar,
dan tink ik oan Eppie Dam - benammen foar syn jongereinboeken.
Set de sjuery de kroan op it meast opfallende boek fan
de ourûne jierren, dan moat dy nei myn betinken
nei 'Piksjitten op Snyp' fan Josse de Haan gean. It
soe fansels ek in kar foar de poëzij wurde kinne.
Yn dat gefal soe Albertina Soepboer feestfiere meie.
Har lêstferskynde dichtbondels achtsje ik ta it
bêste wat der ea yn de Fryske literatuer útkaam.
Mar kinne jo har soks op dizze leeftiid al oandwaan?
Sa'n GJ-jok om 'e nekke?
(23-02-2001) - Yn it FLMD beseach ik in útstalling
wijd oan libben en wurk fan Sjoukje Bokma de Boer -
Nynke fen Hichtum dus. Ik wie gau klear: foto's, brieven
en boeken yn fitrines. En in video dy 't steurend lûd
myn konsintraasje oan stikken skuorde.
Nijsgjirriger fûn ik de skriuwerspertretten yn
de fêste útstalling. Al earder wie my opfallen
dat Eeltsje Boates Folkertsma en Douwe Kalma (suver
fotografys skildere troch Bauke van der Sloot) my net
oansjogge, by my del sjogge - as hiene se witwat te
ferbergjen. De oaren (fan Douwe Tamminga oant Piter
Boersma) sjogge my lyk yn 'e eagen. Dat ha 'k al sa
leaf.
(24-02-2001) - 'Grote, hedendaagse roman, uit het Fries
vertaald. Een boek dat in het fonds van Meulenhoff niet
mag ontbreken'. Sa kundiget de útjouwer út
Amsterdam yn it nijste prospektus de roman 'Kikkerjaren'
fan Josse de Haan oan, de Nederlânse oersetting
(troch Harmen Wind) fan 'Piksjitten op Snyp'. Foto's
der by, flamjende sitaten út artikels fan Atte
Jongstra en Kees 't Hart - in boekhannelsoanbieding
mei fikse útroptekens. Whamm! tocht ik, doe 't
ik de boel ûnder eagen krige, sa kin it dus ek.
Net dat beskiedene sa't wy dat by ús yn Fryslân
meast wend binne. Niks gjin tuiketuike en doch mar gewoan,
dat is al bêst genôch... Nee, daalk de fûst
op 'e tafel, lyk tusken de eagen, streekrjocht foar
de snufferd. Dy Amsterdammers witte fan oanpakken! Dit
boek fan Josse de Haan wurdt in seller, tink der om.
Dat boadskip moat oerbrocht wurde! It sitaat fan Kees
't Hart (út De Groene Amsterdammer) skriuw ik
efkes oer: 'Een onvervalst hybridische, uit de bocht
gierende, poëtische, drammerige, pornografische,
meeslepende roman, een boek dat je misschien niet direct
van een Friestalige schrijver zou verwachten'. Sokke
teksten bin ik by Jabik Veenbaas nea tsjinkommen. Ek
net doe 't er Josse syn roman bespruts yn de LC. Hawar,
ik hâld fan 't hjerst (as de oersetting ferskynt)
de lannelike bestsellerlisten yn 'e gaten. Ris sjen
oft sok útjouwersronkjen fertuten docht. My soe
dat deugd dwaan. 'Piksjitten op Snyp' is in poerbêst
boek. 'Kikkerjaren' dus ek.
(25-02-2001) - Ik tink, ik tink - moat ik oer 'de modernen'
in miening hawwe? Virtuele Fryske auteurs dy 't samar
in rige romans produsearje. Elk jier trije, fyftjin
yn totaal. Jezus! - tink ik ek - wa rydt no wa foar
de kroade! Wurde dy romans ymportearre út it
bûtelân wei of sa? Te besetten by in skriuwfabryk
en foarsjoen fan in Fryskklinkende auteursnamme? Tuma,
Túmstra of soks? Faaks dat de NCRV of de EO in
filter oer dit deiboek leit - sa net: ik haw de yndruk
dat ik besoademitere wurd, ik fyn dit dus (tink der
om!) deagewoan kut.
(26-02-2001) - No no no Boomsma, moast dat sa mâl
juster? En ek noch in útdrukking brûke
dy 't eins fan de jongerein is. No ja, it giet ek oer
de jongerein fansels. Jonge Fryske skriuwers en skriuwsters
fan wa 't - mei stipe en ûnder begelieding (fa
wa eins?) - ferwachte wurdt dat se yn fiif jier op syn
minst 15 nije Frysktalige proazawurken produsearje.
Fan hege kwaliteit. Yn in rige dy 't 'de modernen' neamd
wurdt. In ûndernimmen fan de Friese Pers Boekerij,
útjouwerij Fryslân en de Koperative Utjowerij.
En rynsk mei jild stipe fan bygelyks it Produksjefûns
(hoopje wy mar). Ik soe it in feest fine as soks slagge.
It opsetten fan sa'n rige betsjut dus yn alle gefallen
dat dy trije útjouwers mear witte fan wat der
ûnder jonge Fryske auteurs libbet en bewrotten
wurdt as ik, simpele lêzer en observator. En sa
heart dat ek fansels. In hjoeddeiske útjouwer
hat de finger oan 'e pols fan de literatuer en is altyd
op syk nei nije skriuwers en skriuwsters. Om de faart
der yn te hâlden. Om it eigen fûns jimmeroan
út te wreidzjen en te fernijen. Yn dy sin rop
in jûchhei.
Dat in positive ynstek hjoed. En dêrom gean ik
efkes nei Grins en beskôgje de Fryske auteurs
dy 't dêr wenje of wenne hawwe. Meast dichters.
Mar kinne wy fan harren romans ferwachtsje? Nyk de Vries
hat ien roman publisearre, dy komt wol mei in twaddenien.
Meindert Talma? Unwierskynlik: Talma wurdt gjin Frysktalich
auteur. Albertina Soepboer is yn myn eagen in dichteres
dy 't yn alle stilte oan in roman wurket. Komt dus wol.
Cor van der Wal is de jongste net mear, is dichter,
bliuwt dichter. Eelco Salverda, Marijke de Boer, Tsead
Bruinja, Lolkje Hoekstra, Bouke van der Hem? Potinsje
mei in stikmannich fraachtekens. Mar potinsje. Foer
foar de neamde útjouwers. Dan tink ik oan Jetske
Bilker (Zwolle tsjintwurdich): noch altyd jong en fol
skriuwersfjoer. Komt mei in roman. Bin 'k wis fan. Oer
oare nammen moat ik neitinke, mar se binne der dus wol.
En ja, ferdomd! Ik bin ynienen posityf oer 'de modernen'
op kommendewei, fernim ik. Mar dy útjouwers sille
dan wol ferrekte hurd wurkje moatte, sille der echt
wurk fan meitsje moatte. Tiid, man-/froukrêft,
jild en enerzjy. As soks slagget - dat mei dy modernen
- kin dat foar de Fryske literatuer wolris aardich útpakke.
Op termyn.
(26-02-2001) - Foar de mikrofoan fan Radio Eenhoorn
jûn: efkes prate oer Rink van der Velde (fersyk
fan de presintator) en dêrnei in koart besprek
fan in berneboek en in dichtbondel. Ik hie noch wat
sizze wollen oer in roman, mar radiotiid ferfleant noch
hurder as in skeet yn 'e romte. Hawar, myn goede wurken
foar de Fryske literatuer wer dien hjoed.
(27-02-2001) - Is it in soarte fan ynbakt minderweardichheidsgefoel?
Fannemidzje beseach ik wiidweidich 'Lokaal 13', in dichtbondel
foar de jongerein, fan Baukje Wytsma. Sa'n allemachtich
moai makke boekje! En ik tocht: dat soks yn it Frysk
kin, dat soks hjir útkomt! En tagelyk: ja fansels
kin soks ek yn it Frysk. Wêrom soe soks hjir net
kinne! Frjemd dus dat ik út en troch dochs noch
ferwûndere bin oer skitterend makke boeken yn
it Frysk. Wylst ik dy yn oare talen as fanselssprekkend
akseptearje.
(28-02-2001) - Lit ús ris mâl dwaan yn
Fryslân, litte wy de Gysbert Japikspriis fan 't
jier ris oangripe om op de tromme te slaan! Ik stel
foar! De sjuery nominearret meikoarten trije auteurs.
Dy krije yn de media fansels rom omtinken (faaks ek
lannelik), de lêzers gean mei-elkoar yn diskusje,
donderje mei mieningen oer elkoar hinne. Spannender
publisiteit en oar omtinken foar de Fryske literatuer
is suver net te betinken. Sa wurkje wy ta op it 'moment
suprème' (of soksawat): yn in 'live'-útstjoering
fan Omrop Fryslân-televyzje wurdt de útslach
bekend makke. En de priis wurdt dan ek fuortdaliks útrikt.
Feest, spanning, argewaasje, blidens, djippe ellinde
- emoasje dus!
It idee is spitigernôch net fan mysels. Der is
earder oer praat. Mar lit ús it ris besykje.
Yn de sjuery sit fan 't jier ek in televyzjeman (Geart
de Vries) - dat wa wit!
(28-02-2001) - Dy jonge hûnen yn de stêd
Grins hawwe yn alle gefallen in goed gefoel foar publisiteit.
Net dat skiterige, net dat beskiedene - nee, as der
wat posityfs oer jo melden wurdt, dan mei (en moat)
elk dat witte. Ik kin dat wol wurdearje. Sadwaande stiet
(en komt) in stikje út dit skriuwersdeiboek (fan
17/02) yn oersetting op twa skriuwerssiden. Ik haw der
wer twa 'favoriten' oan oerholden: www.poeziemarathon.nl/
('nieuws') en www.pen.nl/beeldspraak. Dy lêste
side makke my trouwens ek dúdlik dat 'Kistwurk'
seker net it iennichste on-line literêre blêd
is. |