deiboek   skriuwersdeiboek 2001

(01-12-2001) - De tolfte moanne fan it jier helle. En suver elke dei skreaun. Ik bin grutsk op mysels!

(01-12-2001) - By de slachter juster (earne yn Ljouwert - ja, Fryske skriuwers moetsje elkoar op de frjemdste plakken) kaam ik Durk van der Ploeg en de frou tsjin. Wy kochten ús dingen en ûnderwilens praten wy. 'Moatsto der ek hinne?' frege Durk. 'Ik haw gjin idee wêrsto it oer hast', sei 'k. 'en dus hoech ik der net hinne'. Hjoed krige ik allerlei parseberjochten fan de Friese Pers Boekerij tastjoerd. De bondel mei 'Winterferhalen' is ferskynd en nei alle gedachten juster oanbean. Want ik seach Durk syn namme der by stean. Tusken dy fan Greet Andringa, Corrie Boelens, Ida Fluitman, Jaap Krol, Heabke Velda en oare. Foar my hast allegear ûnbekende auteurs. Mar dat seit net folle. Wat my oanbelanget. Durk van der Ploeg tusken (tink ik) nij talint.Is it net prachtich?

(02-12-2001) - Nij talint, skreau ik juster. In boek fol winterferhalen fan (benammen) begjinnende auteurs. In moedich ûndernimmen fan Jelma Knol fan de Friese Pers Boekerij. Jou nije skriuwers en skriuwsters in kâns, jou se in poadium, in útjefte. Tagelyk tink ik: as in ferhaal kwaliteit hat, dan is it dochs net fan belang wa 't it skreaun hat? It giet om it produkt, net om de namme fan de auteur.

Wêr komme dy nije skriuwers ynienen wei? Nei alle gedachten binne it minsken dy 't in skriuwkursus folge ha. By it FLMD. Lju dy 't troch de betûfte fingers fan Akky van der Veer cs gongen binne. As dat sa is, dan leit dêr wer it bewiis dat skriuwen te learen is. Goede begelieding, talint dat beslipe wurdt. Moai.

En dan freegje ik my ynienen ou: hawwe dy kursisten ek meidien oan de Rely Rally? Sûnder mis.

(02-12-2001) - Jûn iet ik by myn buorrel(s) sa'n tsiisboltsje. Karton oan 'e bûtekant (knapperich, dat al) en sa'n ûnbestimde smurry fan wite klaai dêr yn. Lekker! Mar, frege ik my ou, hoe meitsje je no sa'n ding? Sa'n boltje? In fraach, tink, foar it 'Klokhuis', ien fan myn favorite televyzjeprogramma's.

(03-12-2001) - Ik snap der neat mear fan. Ik bedoel, yn Afghanistan barre de meast grouwélige dingen, yn it Midden Easten is it brân en ellinde. Ik folgje it nijs op de televyzje. Kom ik ynienen 'live'-útstjoerings tsjin fan parsekonferinsjes fan úntsleine fuotbaltreners, blykt sels it beneamen fan in nije trener by Ajax in ferskuorrend wichtich 'item' te wêzen. Wat in fergriemen fan televyzjestjoertiid! Wat is dit? Gekte? Gjin maat hâlde kinne? Rare prioariteiten?

(03-12-2001) - Ien fan de aardichste internetsiden dy 't ik ken (ik krij wykliks in mail - jo kinne jo der op abonnearje) is 'www.cultuurnet.nl'. It is in wiidweidige seleksje fan it kulturele nijs sa 't dat de ourûne wike yn de Nederlânse kranten stie, ek de regionale. Tige nijsgjirrich faak.

(04-12-2001) - Op 1 april o.s. moat it syn beslach krigen ha: de fúzje tusken de Provinsjale Bibleteek / Buma Bibleteek, it Ryksargyf en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Ik kin my dêr op dit stuit hielendal neat by foarstelle. Komt fansels, jo binne sa wend in ynstitút te keppeljen oan it gebou dêr 't it yn sit. Mar in gearwurking c.q fúzje leit fansels foar de hân. Yn dizze tiid. Benammen as jo lêze hoe moai de 'missy' fan it nije ynstitút formulearre is: "...fungearje te wollen as it sintrum yn Fryslân dêr 't fraach en oanbod fan heechweardige ynformaasje oer benammen kultuer, skiednis en literatuer fysyk en/of firtueel by inoar brocht wurde en dêr 't kennis en wittenskip stimulearre wurde". Sa moai dat jo der triennen fan yn 'e eagen krije. En dan ek noch dit prachtige klisjee: "Nei de fúzje sil it nije ynstitút mear wêze moatte as de som fan de trije dielen". Hawar, as wy de gelearden leauwe moatte kin 't allinne mat better, funksjoneler wurde as it wie. Dat sil wier wêze.

Hoe dan ek, wy sille ouskie nimme moatte fan it prachtige, âlde gebou yn de Grutte Tsjerkestrjitte. Fral foar skriuwers sil soks wennen wêze. It FLMD wurdt ûnderbrocht yn de beide moderne gebouwen oan de Bûterhoeke.

(04-12-2001) - Tineke Steenmeijer fertelde my okkerdeis dat sy der bewust foar keazen hat dizze fúzjeklus ou te meitsjen. It kapiteinske fart har skip de nije haven yn. Dan stapt se fan board. Ik fyn dat netsjes. Se hie ommers ek earder ouheakje kinnen. FUT of hoe soks ek neamd wurdt tsjintwurdich. Gjin gesoademiter om 'e teannen, foar de fúzje de tsjerke út. Nee, oan 'e ein ta troch. En dan mei har Frâns/Frans dat nei Frankryk op. Utpûste fan in moai skoft FLMD'erjen.

(04-12-2001) - No waard my hjoed frege in passende namme te betinken foar it nije ynstitút. In 'oansprekkende, goed yn it gehoar lizzende Fryske namme' - ek foar net-Friezen maklik út te sprekken. Ik sil dat net besykje. Lit ik graach oer oan dy hûnderten oaren dy 't soks ek frege waard.

(05-12-2001) - Fannemidzje wiene wy by Praxis. Mei de hannen yn 'e bûse pesjantele ik nei in skoftsje achter Jenny oan. Dy fielt har as in fisk yn it wetter yn sokke saken. Ik net. Ik wurd deawurch. Fan it der wêzen allinne al. Sa rekken wy op in stuit op in oudieling dêr 't krystkitch foar master opsloech. Glimmer, glitter en bollen. Ut alle lûdsprekkers lykwols fytste Sinterklaas foarby. 'Zie ginds...'. Dat fûn ik wol wer komyk.

(05-12-2001) - Oait - it wie fiif desimber, de moarns hartstikke betiid -ried ik nei myn skoalle. Sinterklaasdei en ik moast noch fan alles regelje. En sa. By de (doe noch) Frieslandhal stie in bûtenlânse frachtwein mei knipperjende ljochten. De sjofeur wappere my ta ho en treau my in briefke ûnder de noas. Gâns skouderopheljen en oare lichemstaal. Ik lies it briefke en ik begrypte dat de man nei in bepaald adres yn Ljouwert moast. 'Folgje my' sil myn meidieling west hawwe. Wy rieden troch de stêd en ik brocht him te plak. De man wie út 'e skroeven en joech my by wize fan tank in fikse pûde sinasapels. Wylst hy it hiem opried, seach ik dat it in Spaanse frachtauto wie. 'Appeltjes van oranje' - sinterklaasdei. Op skoalle tochten se dat ik wer oan it fantasearjen west hie.

(06-12-2001) - Der wolle my sa gau gjin foarbylden yn 't sin komme, mar ik bin der eins wol wis fan dat 'De beam fan belofte' fan Gerrit Damsma net de earste dokumintêre roman yn de Fryske literatuer is. In roman dus oer persoanen dy 't echt libbe ha. Bysûnder liket my dit boek lykwols al. Damsma die ûndersyk nei de erfaringen fan in keppel Fryske famyljes dy 't healwei de njoggentjinde ieu in nij bestean besochten op te bouwen yn it oerwâld fan de steat Michigan, USA. Op de flecht foar wurkleazens, earmoed en strideraasje yn 'e tsjerke. It wiene eins de earste lânferhuzers. Se neamden har nije wenplak 'Vriesland'. Ik bin benijd nei 't ferhaal. 'Frysk en Frij' makke der yn alle gefallen wer in moaie útjefte fan.

(06-12-2001) - En in opfallende nije útjefte fyn ik 'Fryslâns ferline' fan Douwe Kooistra en Harm Oldenhof (Afûk). De skiednis fan Fryslân op 'e nij ferteld yn 339 siden, rynsk illustrearre. Dit liket my no typys sa'n boek foar de 'lange winterjûnen'. Edukaasje en gjin ein.

(07-12-2001) - In listke: Provinsje Fryslân/Gemeente Hearrenfean/Gemeente Ljouwert/Gemeente Lemsterlân/Gemeente Smellingerlân/Anjerfonds Friesland/Arjen Witteveen-Fûns/Douwe Kalma Stifting/Je Maintaindrai Friesland/Juckema-Siderius Fonds/Lammert Koopmans Stichting/Ottema-Kingma Stichting/Pollema-Tromp Stichting/St.Anthony Gasthuis/Stichting Het Old Burger Weeshuis/Stichting Paulus Folkertsma ta eare/Van Heloma Stichting/Bibliotheek Leeuwarden/Intrada Muziekuitgave - (it Flmd docht ek mei). Mei-elkoar goed foar de útjefte fan in boek dat ik twa dagen lyn (foar ƒ25,-) yn 'e ramsj kocht. Moarn fierder. Of aansen.

(07-12-2001) - As jo goed 'skoaie' kinne, binne jo by steat en jou in prachtboek út. Dat wie myn earste gedachte doe 't ik boppesteand listke beseach. It stiet yn 'Ik bin jim sjonger' (Fedde Schurer, dichter fan it liet), dat - ûnder redaksje fan Hans Algra en Frans Sijtsma - yn 1998 útjûn waard troch de 'Bibliotheek Leeuwarden'. In monumintaal boek! Net allinne omt jo der ien de harses mei ynslaan kinne (it huft der gau in pear kilo yn), mar seker ek om de ynhâld. Moai illustrearre ferhalen oer de 'dichter/sjonger' Fedde Schurer. It twadde diel befettet syn sololieten en koarwurken, ynklusyf de muzyk. In 'must' foar Schurerfans!

Ik kocht it boek yn de Ljouwerter bibletheek omt it dêr foar in sliterspriis te keap leit. Trije jier nei ferskinen. Mei tank oan al dy subsydzjejouwers eins. Sa komt Jan Splinter de winter troch.

(07-12-2001) - 'Het gedicht is op zijn mooist als het op weg naar af is' (Remco Campert: Als in een droom).

(08-12-2001) - Yn 'e LC fan hjoed lies ik in interview mei Benne Lutsen Boarnstra. Yn gjin 100 jier sjoen, dy jonge. Wol wertinkens yn 'e kop. 'Operaesje Fers'-tiid. Santiger jierren, twadde helte. Hoe 't 'Binne' syn fersen lies, dy slepende stim, in stim dy 't de sealen deastil krige - yndrukwekkend! Tsjêbbe Hettinga wie goed, Binne wie better. Doe.

(08-12-2001) - Wat in kloatewurk is dat! De computer skjinmeitsje, firussen ferwiderje. Hokfoar idioaten binne dat dy 't it internet fersmoargje mei ditsoarte fan kriminele aksjes? En hoefolle wille belibje se der oan? Sike geasten binne it!

(09-12-2001) - Ik fyn it sa njonkenlytsen wol opfallend wurden. It ourûne jier bin 'k, op myn wurk mar ek op oare plakken, withoefaak konfrontearre mei fragen oer 'Baas boppe baas'. Omt men wist dat ik dêr by belutsen wie. As skriuwer. Se fûnen it allegear spannend. Wat sil it wurde? No draait de seary op de televyzje en gjin harsus, op myn wurk net en op oare plakken likemin, dy 't noch ynteresse toant. Der wurdt net oer praat. Der is in grut swijen oer dit ûnderwerp. Ja ho! Ien kollega, ferline wike: 'Ik fyn der gjin sek oan, mar myn âlden binne al hielendal ferslaafd!' Hy seach wol elke tiisdjetejûn. Lykas ik trouwens. Mar dat hat benammen te krijen mei nijsgjirrigens. Wat ha myn kollega-skriuwers (lju dy 't dus wol in skript klear krigen) der fan makke? Ik sjoch dus as skriptskriuwer, as ien dy 't soks besocht. No ja, de iene hat der al wat mear mei dien as de oare. Mar wy binne noch net iens healwei fansels. Oardielje kin dus noch net echt. Dat it sil om dy reden wêze, dat der oer swijd wurdt. Op myn wurk en op oare plakken.

(10-12-2001) - Op de hurde skiif fan dizze computer stiet in resinsje dy 't ik makke nei oanlieding fan 'Reinwetter op 'e stêd', de roman dy 't Libbe Leistra fan 't jier yn eigen behear útjoech. De tekst lies ik foar op Radio Eenhoorn. Telefoanys hie 'k him de tekst al hearre litten. Op syn fersyk. Mar ik sei ek ta dy tekst op te stjoeren nei Gytsjerk. Is der net fan kommen. Slûge soe ek... Hjoed fernaam ik dat Leistra, 88 jier âld, ferstoarn is. No hoecht it net mear. Dus. Ik ha slim de pest yn. Ik kin sa sleau wêze!

(10-12-2001) - In jier as wat lyn wûn Libbe Leistra in Rely Jorritsma-priis. Wy sieten yn 'e tsjerkebanken fan Bears en seagen ta hoe 't de âldman, krûmwoeksen en min op 'e gong, nei foaren kaam en it poadium ûnder de preekstoel opknoffele. In hiel ûndernimmen. Wy holden allegear de siken yn. Mar hy kaam te plak en seach in moai skoft it hear oer. Dûdlik wie dat er geniete fan it momint, de oandacht. Doe 't er syn fers foarlies holden wy wer de siken yn. Prachtige foardracht fan in prachtich fers!

Ik tink dat Leistra ien fan de lêste folksdichters wie. Ik haw in pear (hânskreaune) fersen fan him tastjoerd krigen. Yn in begeliedend briefke neamt er de doarpskrante: 'Ik stjoer der geregeld wat kopij hinne'. Ik moast tinke oan de folksdichters út earder tiden. Ea haw ik my yngeand ferdjippe yn har libben en wurk, stalde in samling gear ('Earnst en Koartswyl' - 1979). Dichters fan de doarpskrante - slim ûnderskat faak, want har dichtsjen wie gjin 'literatuer'. Mar wat rôlen der soms juwieltsjes út har pinne! Lykas út de pinne fan Libbe Leistra. In inkele kear waarden dy opmurken. Troch in Rely-sjuery bygelyks. De lêste kear, ferline jier, troch de redaksje fan 'Do bliuwst wol Do wol' (Frysk en Frij).

(11-12-2001)- Soms krije jo in boekje yn hannen dêr 't jo fan witte: alles kloppet. It omkaft, de foarmjouwing, de ynhâld, de illustraasjes. Alles! Sa'n boekje dêr 't jo oan fiele, dit is mei leafde makke. Hjir is mear as gewoane oandacht oan bestege. Hjir hawwe guon minsken echt flyt op dien. 'Listen fan goaden en bisten' is sa'n boekje. Utjûn troch Bornmeer, makke ta gelegenheid fan it 125-jierrich bestean fan de Buma Bibliotheek. Wat de ynhâld oanbelanget, de Buma is in klassike bibleteek en de opdracht wie 'om de bining mei de klassiken op ludike wize nei bûten te bringen'. Sadwaande krigen fiif auteurs de opdracht in fabel te skriuwen. De foarmjouwing waard yn hannen jûn fan Gert Jan Slagter, de illustraasjes binne fan Pico van de Werken. Wier: in boekje om te hawwen. Of om wei te jaan.

(11-12-2001) - Se bestean noch! Of eins: guon útjouwers meitsje se noch. Of wer. In 'Fûnslist'. Net samar in fladderige folder of in sútrich stensiltsje - in echt boekje mei in foto en bio- en bibliografise ynformaasje oer de auteur. En in folsleine list fan noch te krijen útjeften. Prachtich! Eartiids sammele ik sokke boekjes. Mar op in stuit wiene se net mear te krijen. Yn ûnbrûk rekke nei alle gedachten. Mar útjouwerij Bornmeer makke wer ien. In echte âlderwetse, mar o sa ynformative 'fûnslist'.

(12-12-2001) - Sûnt twa jier haw ik sa'n blau tellerke op myn thússide. Nedstat: dan krije jo in idee hoefolle besikers lânskomme. Yn 't begjin wurke dat ding foar gjin meter (der wiene allerlei steuringen), mar dit jier gong it knap, leau 'k. Ut en troch sjoch ik efkes. Hjoed ek wer: 9958 besikers oant no! Ik waard der suver kjel fan! Meikoarten kin ik dus de tsientûzendste besiker ferwachtsje. Faaks moarn al. Halléluja!

Tagelyk begûn ik te relativearjen. Fansels binne it net allinne mar besikers dy 't lâns komme: op syn minst trije kear yn 'e wike sjoch ik sels op myn side. Om te sjen oft de boel der in bytsje kreas op stiet. En boppedat, tsientûzen besikers yn twa jier (no ja, oardel jier eins), is dat wol sa'n soad? Ik kin net fergelykje mei lykweardige skriuwerssiden.

(12-12-2001) - Yntusken bin ik in stik as tsien thússiden bylâns fytst (siden fan skriuwers), blauwe tellerkes besjoen en ja: tsientûzen is wol in hiel soad. Moai.

(13-12-2001) - Justerjûn beseach ik de earste oulevering fan in nije televyzjeseary. Op Nederlân 1. Yn opdracht fan myn dochter. Eat mei in gier of soksawat. Prachtich! Ik snapte der neat fan, mar de bylden sprutsen my oan, de ûnderskate ferhaallinen, de grize kleur. It poerbêste aktearjen. Dit wie dus even... no ja, moaie televyzje.

Ien fan de rollen waard spile troch de Flaamse akteur Jan Decleir. In fenomeen! Ik moast daalk tinke oan in útstjoering fan Barend en Van Dorp. Decleir wie gast. Yn in prachtich Nederlâns mei in licht Flaams aksint joech hy syn antwurden. Ynienen frege Barend, yn in Nederlâns mei in licht Amsterdams aksint: 'Welk dialect spreek je nu?' Ik seach de ferbjustering op it gesicht fan Decleir. Dialect? Dialect? Doe snapte er it. Efkes spatte der wat lulkens út syn eagen. Mar hy bleau de hear dy 't er is: 'Ik dacht dat ik gewoon Nederlands sprak'. Deadlik antwurd oan in domme, want arrogante Amsterdammer dy 't gjin gefoel foar taal hat.

(13-12-2001) - Noch altyd wurdt der yn de Provinsjale Steaten omeamele oer in eventueel nij Frysktalich tydskrift. In Nij Trotwaer? Of dochs wat oars? It wurdt in sjenante fertoaning sa stadichoan. Wurdt it net ris tiid en jou de saak yn hannen fan lju dy 't op dit stik ferstân fan saken ha en dy 't ris in beslút nimme kinne? Eksterne lju fansels, want yn de Steaten sitte se net.

(14-12-2001) - It is no goed sân oere, de jûns. Niis krekt de stân fan myn Nedstatteller skôge. En dan docht bliken dat iksels de 10.001ste besiker fan myn side bin. Reden om der jûn in noflike whisky tsjinoan te goaien!

(14-12-2001) - Se streamden binnen, de lokwinsken! E-mails, telefoantsjes, telegrammen, ja, se stiene sels op 'e stoepe! Mei blommen en al. Sjoernalisten kamen del, kameraploegen - ik wist wier net wat my oerkaam! 'Joop Boomsma hat mear as 10 tûzen besikers op syn thússide hân!'

It sil net tafalle en rin moarn wer yn alle beskiedenens oer de strjitten.

(14-12-2001) - Niiskrekt - it rint tsjin de ein fan dizze dei - lies ik in redaksjoneel artikel op 'Kistwurk', datearre 15 desimber. In hiel komys stik eins. Want it giet oer sinten. Ik moat suver altyd gnize as it om sinten giet. Yn Frysk-literêre rûnten.

(15-12-2001) - Doe 't ik yn 1968 kaam de wurkjen oan de iepenbiere legere skoalle fan Gouderak en wy ús yn it doarp oan 'e Hollânse Isel nei wenjen setten, wie Ad, de soan fan kapper Melkert, noch mar sa'n jonkje. Kapper Melkert hat my trouwens mar ien kear as klant hân. Ik hie lang hier doe en in grut burd. Dêr wie kapper Melkert noch net oan ta, koe er neat mei wurde. Soan Ad haw ik net yn 'e klasse hân. Hy gong yn Moordrecht nei skoalle. Hy en syn broers. Nei de katolike skoalle. Fansels koenen wy de jonges. Elk koe elkoar yn in doarp fan noch gjin tûzen ynwenners. Ad rûn der wat út. Hy hie wat oer him as it knapste jonkje fan de klasse. Wat er sûnder mis ek wie. Hoe oars wiene syn broers!

Hjoed waard Ad keazen as de nije lieder fan de Partij van de Arbeid. Yn Gouderak sille se wol knikt ha. Hoeden. Want eins waard ferwachte, doe al, dat Ad professor wurde soe. Of soks.

(15-12-2001) - Fannemoarn hie 'k nei de 'evaluaasjegearkomste' sillen fan 'Baas boppe baas'. It is him net wurden. Ik ha my fersliept.

(15-12-2001) - Fannemoarn, in oere as alve. In ielreager strykt del yn ús tún. Hiel hoeden rint er nei de fiver, nimt alle tiid foar in observaasje. Dan set er in poat op it iis, lúkt de poat werom, set him op 'e nij op it iis. Stadich, as yn 'slow motion', komt ek de oare poat der by. Mei ynlutsen nekke sjocht er skoften nei it iis - út en troch licht beweech oan 'e kop. Nei alle gedachten fernimt er de fisken. Stadich, o sa stadich wurdt de nekke in lange hals. De snaffel is no in deun boppe it iis. Deastil. Skoften hinget er yn in frjemde balâns. Dan sjit de snaffel nei foaren, en nochris - beide kearen stuiteret de kop werom. Ferstuivere sjocht er nei ûnderen. En wer pikt de snaffel yn it iis.

Dombo, tink ik. Wol op it iis stean en dochs tinke dat it wetter is!

(16-12-2001) - Wat is dat foar in rare tekst! Ik lês him yn de ynlieding fan '101 markante Friezen van de twintigste eeuw', in samling biografytsjes. It giet oer it Frysk folksliet ('de Friese hymne') 'bij het vertolken waarvan mensen zich uit respect uit hun stoel verheffen en statig met de hand op het hart meezingen'. No, dat 'respect' wol my noch wol oan, mar 'met de hand op it hart'? Dat haw ik noch noait sjoen. By it keatsen net, by it fierljeppen net en by it Hearrenfean likemin. Ornaris riist it publyk by de earste klanken stadich oerein, leit de hannen op 'e rêch of lit dy wat bongelich njonken it liif hingje. 'Met de hand op it hart' - tsjonge noch oan ta. Sa feramerikanisearre binne wy aldergeloks noch altyd net. En dan, 'statig ... meezingen'? O, der binne altyd wol guon dy 't fleurich meisjonge, mar it grutste part fan 't publyk sjocht meast wat ûnwennich om him hinne (in bytsje beskamsum, liket it wol) of 'playbackt' in inkeld wurd. Wol is der altyd applaus nei ourin: opluchting, wy kinne wer gewoan dwaan.

(17-12-2001) - Eins is it al krekt de 18de, mar wat ik skriuwe wol heart by de 17de. In grut part fan 'e jûn harke ik (koptelefoan, dat al) nei 'Rau, blau en gau' fan 'Chickens Go Mad'. Blues fan it suverste wetter. Gjin ferrassing fansels. Ik haw mear muzyk fan dizze bluesband. Dat ik op in stuit ûntdiek dat de groep út Fryslân komt, wie trouwens al in ferrassing. Doe. Mar dêr giet it no net oer. Hoewol... de teksten binne allegear Frysktalich. Sljochtweihinne oerset (liket it) troch Henk Osinga en Beart Oosterhaven. Hat wol wat.

In miks fan 'Cuby and the Blizzards' en 'Blues 'n Trouble', dy gedachte spile jûn wer troch myn kop. Unsin fansels. De stim fan Henk Osinga betsjut mear. Fergelykje de nûmers 'Hee Jehannes' en 'No sjoch ik dyn triennen'. De man is blues. Trouwens, Herman Driesten - wat in skitterende gitarist!

Prachtige cd!

(18-12-2001) - 'Kistwurk' hat de digitale doarren wer iepenset. Neffens my de iennichste doarren dy 't der ta dogge. Dat papieren blêd - oerstallich.

(18-12-2001) - Ferline wike die ik in lyts ûndersyk yn de klassen dêr 't ik les oan jou. Tredde en fjirde klassen fuortset ûnderwiis. Myn fraach wie simpelwei: 'Wa fan jim hat op dit stuit (thús) tagong ta it internet?' Eksakt 158 learlingen diene mei. 'Ikke wol' seine 138 bern, 'ik net' fertelden de oare 20. Dus.

Dat, as jo in digitaal tydskrift opsette is in papieren ekwivalint langer net mear noadich. De internettichtens wreidet him elke dei mear út. Mear as 60 persint is de stân hjoeddedei, lies ik earne. Lannelik.

(19-12-2001) - It bliuwt in unike útjouwerij, 'Perio' fan Willem Winters. Elke útjefte is wer in ferrassing. Willem liket him net drok te meitsjen om de kommersjele kant fan syn saak. "Meast meitsje ik in oplage fan 50 en dy gean de doar wol út. Meitsje ik mear as 50, dan wurde dy earste 50 ferkocht en de rest bliuwt op souder lizzen", sei er in dei as wat lyn tsjin my. In wol hiel lakonike hâlding foar in útjouwer, dy 't mei foarmjouwer Gert Jan Slagter al hiel lang in perfekt team foarmet.

Fyftich eksimplaren as útgongspunt. Ik tink trouwens dat it mei 'Froeger leit inne foddesak' (gedichten 1980-2000) fan Johan van Bergen wolris oars útpakke kin. Teminsten, dat hoopje ik. Johan van Bergen dichte yn it Liwadders. It liket sympatike parlando, syn poëzij, mar as jo der efkes foar sitten gean, blykt it krekt even mear te wêzen. Nostalgys, dat wol. En knap mankelyk somtiden. Mar syn teksten rinne as in trein, pakke jo by it hert. Moaie bondel. Fertsjinnet in breed publyk.

(20-12-2001) - Justermoarn wat al te hastich fan 't bêd ou: ik knoffele by de trep del. Smertlapen, in seare tean. Yn mysels flokke, wat dom gnize. Skamte om myn ûnnoazelens. Justerjûn en fannacht fikse fine. Fannemoarn: dokter, sikehûs. Diagnoze: brutsen dikke tean. Dat, seker wat myn linkerfoet oanbelanget, in wite kryst dit kear. Gips.

(20-12-2001) - "Kunst heeft niets met dogma's, moralistisch geneuzel en geboden, zeker niet met de tien geboden'. (Josse de Haan yn in interview mei 'Het Nieuwsblad van het Noorden' - 7-12-2001).

(20-12-2001) - In inkele kear kom ik yn in sikehûs - der is wolris in learling fan my siik, famylje, in freon. Dan rin ik troch al dy gongen en ik sjoch folle mear as ik sjen wol. Fan dy âldere manlju yn rôlstuollen bygelyks - se sitte wat te sitten, ride út en troch in eintsje hinne en wer, sjogge swijend nei de knibbels, smoke bûten in sigaret - en altyd earnstich it antlit, tryst, iensum. Ik haw, altyd as ik troch de gongen fan in sikehûs rin, wat meilijen mei dy manlju. Jo witte net wêrom 't se yn dy stoel sitte, wat har mankeart en sa. Jo tinke faak it slimste.

Fannemoarn wie 'k sels in man yn in rôlstoel. It gips moast úthurdzje, Jenny soe de auto ophelje. Ik siet wat te sitten, rôle de stoel út en troch in eintsje hinne en wer, bestudearre myn knibbels. God, wat fielde ik my lullich. En elk dy 't my sitten seach moast toch ha: iensume man, tryst as jo op dit stee yn sa'n stoel omheukerje.

(21-12-2001) - Fedde Dykstra wol ha (LC, hjoed), ik soe ris besykje moatte in roman te skriuwen, 'on line' daalk op it internet dus. Dan soe ik it skriuwaventoer krije dat ik sykje, de ferrassings, it ûnferwachte. Ik ha knikt doe 't ik it lies. Want - hoe eigenwiis it ek klinke mei - dy gedachte is wolris yn my omgongen. En sa'n ûndernimmen hat syn sjarme fansels. It IS in aventoer.

Ien probleemke: ik skriuw myn teksten altyd earst mei de pinne. Net earder as wannear 't ik wis bin dat in tekst wat foarstelt, gean ik achter de tekstferwurker sitten. Sa bou ik in ferhaal op. Stikje by bytsje op it skerm, mar altyd earst op papier. No ja, neitinke. Dy útdaging liket my oars wol wat.

(21-12-2001) - Mei dit skriuwersdeiboek giet it oars. Dêr skriuw ik (daalk op it skerm) sa'n bytsje elke dei oan. Lytse stikjes. Relativearjend foar 't measte, mei in bytsje selsspot. It is myn aardichheid. Soms helje ik wat fuort, soms feroarje ik de oare deis in tekstke. Meast bliuwt stean wat der stiet. En ik jou ta, folle stelt it allegear net foar. It is wat pielen yn 'e marzje - mar is it myn pielen. Oan 'e reaksjes fan lêzers fernim ik dat se der wol nocht oan belibje. Nocht. Net mear, net minder. En dat is my genôch.

Mar in roman - dan wurdt der wat ferwachte. Dan moat ik ynienen searieus wurde.

(21-12-2001) - Soms wurdt der út myn skriuwersdeiboek 2001 in tekst stellen. Sûnder tastimming dus, sûnder in deeglik kontrakt. Soms wurdt myn tekst ferkrêfte. Sil wol humor wêze. Ik skodholje dan. Ik ha gjin lange teannen, ik bin út noch yn net oergeunstich op in sukseske fan in oar. Ik freegje my lykwols al ôf: wêrom bart dit meast troch in man dy 't raar guod spuit as in oar wat mei syn teksten docht? Oersette of sa. Sûnder tastimming opnimme yn in bondel. In oar nivo?

(22-12-2001) - Jo meie oannimme dat Eeltsje Hettinga (dêr 't ik dy namme no dochs wer neam) fannacht - it is even oer tolven - dit skriuwersboek lêze sil. Hy is úteinlik myn trouste besiker. En boppedat: wat moat sa'n jonge oars, nachts. Ik wurdearje dat tige. Syn besites. Wat sil hy my misse, takomme jier. Ik hâld der mei op. Ien jier skriuwersdeiboek hie 'k mysels tasein. Eeltsje moat fierder. Ik winskje him alle sterkte.

(22-12-2001) - Wêr gean de beide boppesteande stikjes oer, waard my frege. Op www.kistwurk.nl draait - ik nim oan by gebrek oan kopij - myn alternatyf skriuwersdraaiboek (no ja: deiboek). Nivo EH1. Sjoch mar ris. Om jin de bûsen út te skuorren!

(22-12-2001) - No 't ik wer yn it gips rin, moat ik tinke oan begjin 1968. Slim auto-ûngelok hân (ein '67); úteinlik mocht ik de wrâld wer yn. De Gerdyk. Heukeljend op fan dy houten skouderkrukken (gips om earm en skonk) ferkende ik it doarp fan myn frou. Sa learde ik Rink van der Velde kennen. En ek de dichter Gerben Brouwer. Beide manlju brochten my yn 'e kunde mei de Fryske literatuer. Benammen mei Brouwer hie ik lange petearen. Of petearen... Brouwer prate, ik harke. Gerben Brouwer learde my wat poëzij is, joech my hûswurk: dy en dy bondel moatst lêze en fral dat fers moatst achtslaan. Prachtige middeis wiene dat. Ik kaam der op in stuit sa faak dat frou Brouwer elke kear al klear stie mei in kleedsje dat se ûnder myn gipspoat lei. Se hie in hekel oan de wite flek dy 't ik achterliet yn de flierbedekking.

(23-12-2001) - De klok op myn computerke: 0.35. Troch it rút fan myn keamer sjoch ik krystkaarten.

Gôh, tink ik - jo sille op dit stuit achter jo laptop sitte en de frede yn jo hertsje wol mar net komme.

(23-12-2001) - Noch altyd (14.50 oere) is de lytse wrâld om my hinne bedutsen mei snie. Bern ha wille. De loft is griisblau. In heale moanne, ûnderweis nei de folle, hinget boppe Ljouwert. Niis fleach der in fleantúch troch hinne.

(23-12-2001) - Oerdei wat achterstallich ûnderhâld dien wat de kranten oanbelanget. Sa kaam ik in stikje tsjin oer provinsjale frijerij mei de Friesland Post. Hoe moat ik dat begripe? Minder jild nei it 'Nij Trotwaer', dat omboud wurde soe ta in algemien kultureel moanneblêd? Omt der jild nei de Friesland Post giet om dêr in pear Fryske siden yn te keapjen? Hearkes hearkes! Wat in idioat plan. Ik nim dan foar it gemak mar oan dat ik it ferkeard begrepen haw.

(24-12-2001) - Radio Eenhoorn, foar de lêste kear fan 't jier. In ferhalebondel besprutsen, in bondel mei fabels, in roman en (fierste koart) in skiednisboek. Jo hawwe mar tsien menuten en ik kin - as it moat - tige rêd prate. Mar it bliuwe mar tsien menuten. En achter in mikrofoan lykje it it net mear as fiif.

Fannemoarn hearde ik it 'boekepraatsje' fan Klaas Jansma op Omrop Fryslân. Hast twintich menuten en elke wike! Ik wol my út noch yn net mei Klaas fergelykje, mar hy sit wol yn in lúkse posysje. Hy kin net allinne gâns aaien kwyt, mar hy hat ek de tiid om se te bakken, de sieden en op te iten.

Hawar, yn myn marzje doch ik myn bêst.

(24-12-2001) - In 'mailing' fan it digitale literêre tydskrift 'Kistwurk', jûn yn myn 'e-mailbox'. Mei it fersyk der by of ik trochjaan wol dat ik him ûntfongen ha ('leesbevestiging'). Wat in ûnsin! My heucht it net dat ik ea om dizze 'mailing' frege ha. Net-frege reklame dus. Al tiden bin ik dwaande om sokke e-mails achter in gerdyn te stopjen. Suver elke dei klik ik 'bericht' oan en dêrnei 'afzender blokkeren'. Dat wurket. Lit my hoopje dat soks ek mei de net-frege e-mailberjochten fan 'Kistwurk' slagget. En dan ek noch in 'leesbevestiging' der by! Gatferdamme!! Hoe djip moatte jo bûge om subsydzje te krijen... Mailinglist...!

(Oegod, betink ik my ynienen - ik haw 'Kistwurk' neamd yn myn skriuwersdeiboek! Dêr komt ûnberoaide reaksje op. No ja, it is net oars).

(26-12-2001) - 'Op weg naar het einde' fyn ik ien fan de aardichste boeken fan Gerard Reve. Dy titel skeat my fan 'e moarn yn 't sin doe 't ik 'myn' deiboek op 'Kistwurk' lies. 'Op weg naar het einde'. Net mines. Dach Eeltsje. Farwol. En sa. Dus.

(26-12-2001) - It binne ferfeelsume sagen, krystdagen. Dagen om mankelyk te wurden. En ik hâld net fan mankelikens. Tagelyk foldogge wy thús oan alle krystklisjees: der stiet in optuge krystbeam yn 'e hûs, kearsen brâne, wy krije besite en wy gean op besite, wy ite der noflik fan, de flessen wyn wurde omraken ûntkoarke, krystcd's hawwe wy wer foar it ljocht helle, oan 'e muorre hingje frachten fleurige kaarten. Krektlyk as oare jierren. En dochs. Ferfeelsum. Mankelikens yn 't kop. Ik kin it allegear ek net ferklearje. Faaks dat it wat te krijen hat mei in soarte fan mienskipsgefoel dat ús yn dizze dagen optwongen wurdt: it is krysttiid, dus moat it gesellich wêze. Tagelyk: ik bin der sels by. Ik lit it gewurde, lit it oer my komme.

Hawar, moarn dogge wy wer gewoan.

(26-12-2001) - Fan 'e moarn lies ik ek it lêste nûmer fan 'De Oesdrip', it 'orgaan' fan it skriuwersboun. Wat, tocht ik, soe der fan dat blêdsje oerbliuwe as KCS it net mear folskreau? Hulde dus oan Koop!

(Ja, ik bedoel dit iroanysk).

(27-12-2001) - Utjouwerij Frysk en Frij wol it nije jier úteinsette mei seis nije boeken tagelyk. Twa oersettings fan Klaas Bruinsma (út it Middelnederlâns), in dichtbondel fan Tsjits Peanstra/Jelle Bangma - én mei trije debuten: Bouke van der Hem (roman), Aggie van der Meer (fersen) en Willem Schoorstra (ferhalen). Jo kinne fan útjouwer Goasse Brouwer sizze wat jo wolle, mar nét dat er op syn luie kont sitten bliuwt. Ik haw it net krekt byholden, mar ik haw wol de yndruk dat FF, wat it tal útjeften oanbelanget, him sa njonkenlytsen beweecht yn de warberste Fryske útjouwersrûnten. En FF is net skiterich, jout nij en (dus) noch ûnbekend talint in kâns. Ik kin dêr allinne mar wurdearring foar opbringe.

(27-12-2001) - Hiel aardich fyn ik it dat de roman 'Sloppe Opels' fan Bouke van der Hem no in útjefte wurdt. Ik haw dat boek yn tiposkipt woeksen sjoen ta einprodukt. It sil my gjin nij dwaan as dy roman, nei ferskinen (ein jannewaris), by guon minsken argewaasje opropt. Net om de foarm, de skriuwstyl (hoe apart ek), mar om de ynhâld. Alde kij? Als sear? Och, faaks falt it ta. En lêst men it boek sa 't men in roman lêze moat: fiksje.

(27-12-2001) - Justerjûn seach ik op Omrop Fryslân-televyzje it programma 'Tûkelteammen' (miende ik dat de namme wie). In soarte taalkwis. De lju sieten der wat knoffelich by, der waard omraken hannese mei blokjes en beltsjes en de presintator wie duorjend op syk nei de krekte toan. Mar dêr giet it net om. Dat komt wol goed. Want neffens my hat OF hjir in 'hit' te pakken. Ik sjoch oer in skoftsje in wyklikse útstjoering. Hyltyd twa teams (selektearre út doarp of stêd, út ferienings, de polityk, kulturele rûnten, ensfh) dy 't tsjin elkoar stride. De kennis fan de Fryske taal as basis. Emoasje! Want yn Fryslân is taal benammen emoasje. Ferdivedaasje! Want televyzje wurdt hyltyd mear ferdivedaasje. Kennis! Want jo moatte wol wat witte fansels. En de sjogger 'neemt er wat van mee'. (As dat gjin 'taalbefoardering' wêze kin!)

Ik haw besocht mei te dwaan. Foel om de bliksem net ta.

(28-12-2001) - De stichting LIRA (Literaire Rechten Auteurs) hat wer sprutsen. Elk jier wer in hichtepunt yn it bestean fan in skriuwer. It lienjild oer it ourûne jier is faaks al byskreaun op myn bankrekken. Ik bin elke kear wer ferbjustere dat der foar Fryske skriuwers noch in pear sinten oerbliuwe. Ik bedoel, der dogge safolle auteurs mei. Ut Nederlân en Flaanderen. En it budget is beheind. Mar hawar, foar my dus ƒ232.94. Ik stean mei acht titels op de list fan de LIRA en dy binne blykber allegear via de bibleteken in stikmannich kear útliend. Maklik fertsjinne jild. Jo hoege der neat foar te dwaan. Wy sille der fan 't wykein, earne yn Fryslân, noflik fan ite. Tradysje.

(28-12-2001) - By lienjild moat ik elke kear wer tinke oan de beppe fan in freondin fan myn dochter: Henny Thijsing-Boer út Drachten. Ferneamd skriuwster fan 'streekromans'. Jierrenlang krige dy it maksimale bedrach fan 10 tûzen gûne oan lienjild taskikt. Dat fûn se ûnrjochtfeardich. Dat der soks as in boppegrins bestie. Sels fûn se dat se rjocht op mear hie. No 't dy boppegrins loslitten is, sil se wol lokkich wêze.

(28-12-2001) - Juster waard ik belle troch in sjoernalist fan de LC. Hy lei my de 'stelling' fan dizze wike foar: de krante hâldt it noch wol 250 jier fol. Doe 't ik oardel menút letter de telefoan dellei, kamen my allegear aardige 'statements' yn 't sin. Mar doe hie 'k myn antwurden al jûn fansels. Jûn of moarn lês ik wol wat er der fan makke hat, wat ik sein haw. It sil soksawat wêze as: internet sil noait in folsleine ferfanging fan de papieren krante wurde, mear in ferlingstik, oanfolling. Lêze mei de krante yn 'e hân is nofliker as fan it skerm ou lêze.

(29-12-2001) - 'Ik ha wat ekstra geheugen meinommen', sei Jelmer in dei as wat lyn. 'Sil 'k daalk mar even ynbouwe'. Hy liet my wat ûndúdlike strypkes sjen. Geheugen dus. Foar de computer. Ik woe dat soks by de minske (by my yn alle gefallen) ek mooglik wie. Ekstra geheugen. Of: in better geheugen. Myn ûnthâld hat sa njonkenlytsen slim lêst fan slitaazje.

(29-12-2001) - Fan 't jier haw ik it ris byholden. Ik lies 82 boeken. Mei-elkoar goed 16 tûzen siden. Fansels haw ik gjin idee of dat in soad is. Gemiddeld foar in sljochtwei lêzer, tocht ik.

(29-12-2001) - No, foaruit! Noch ien kear dan. Mar dan op myn manier. De sielige dridze fan in frustrearre geast lit ik oan dy oare deiboekskriuwer oer. In deiboekskriuwer dy 't ea in dichter wie...

'Kistwurk' sette útein as in digitaal tydskrift. Ik wie dêr wakker entûsjast oer. Bin 'k altyd bleaun. Brûk it internet op in kreative manier, haw ik altyd sein. Der binne safolle mooglikheden. 'Kistwurk' is in bewiis. In foarbyld fan in literêr tydskrift dat elke internetter op it skerm helje kin. 'Worldwide'. It ferbjustere my, doe, dat der sa gau al in papieren útjefte ferskynde. Wie no al belies jûn? Wie it doel fan 't begjin ou oan in 'gewoan' tydskrift te meitsjen? De digitale ferzy as ferlechje? It liket der op.

In krante is in âlderwets medium. Ploft in kear as seis wyks op 'e matte. In fertroud ding. Jo plantsje jo yn in noflike stoel en fermeitsje jo in skoft mei it lêzen en omtearen fan de siden. Sa hat it altyd west. Sa bliuwt it ek. In krante brûkt it internet as oanfoljend medium. Net mear. Net minder.

In papieren blêd versus digitaal blêd? Unsin! It is mar krekt wêr 't jo foar kieze. Beide útjeften hawwe har wearde. Ik haw de krante it leafst yn papieren foarm. In literêr tydskrift, dat opset is as digitaal blêd, lês ik gewoan yn syn digitale foarm. Ik ha gjin ferlet fan noch in blêdsje der by dêr 't yn stiet wat ik al lies. Op it skerm.

(30-12-2001) - Hjoed haw ik in beslút nommen. Ik hâld der mei op. Net allinne mei dit skriuwersdeiboek (want dat wie ik dochs al fan doel), mar mei de 'Skriuwersthússide'. Moarn is de lêste dei dat ik der mei ompiel. Ik ha myn nocht. Faaks dat ik ea in nije side opset. Wit ik net. Mar ynearsten is it dien. De lol is der ou. Wat ien simpele siel al net berikke kin!

(30-12-2001) - Jûn, it sil even oer healwei sânen west ha, waard in slúf besoarge. Ynhâld: de fjouwer nûmers fan de earste jiergong fan 'Kistwurk'. Der wie in briefke by: 'Lokkich nijjier en in soad lêsplezier, Kistwurk'. En: 'It iennige wat troch literatuer befoardere wurdt, is ûnsin, mar faaks is dat no ien kear har sin'.

(30-12-2001) - Fannemoarn bin 'k hapsnap wat troch dit deiboek gien. In inkele kear smiet dat krûme teannen op, soms haw ik glimke. Mar meastentiids lies ik de tekstkes sûnder spesjale emoasjes. Der stiet wat der stiet. Observaasjes. Persoanlike mieningen. Ut en troch in stikje krityk. It binne de gewoane dingen dy 't ik opskreau. Dingen dy 't ik gewoanwei ek wol betocht hie. Mar no binne se opskreaun. En krigen se - seker foar mysels - justjes mear 'gewicht', waarden se (alwer: foar mysels) in bytsje bysûnder. Wat my benammen opfoel is dat ik in hiel soad út 'e wei sette, my op ferskate plakken sjen liet, dat ik my mei gâns dingen bemuoide, oeral in miening oer hie. Benammen dat lêste moat guon minsken irritearre ha. Ik haw sa'n bytsje oeral oer skreaun. Behalve oer myn eigen skriuwerij eins. Komt: ik haw fan 't jier in bytsje skreaun. Fierste min yn alle gefallen. Dit skriuwersdeiboek friet tiid.

Der kamen in soad reaksjes. Via de e-mail. Mar ek mûnling. Faak koe it barre dat ik oer saken oansprutsen waard dêr 't ik fan tocht: hoe kinsto dat no witte? En daalk dêrnei: o ja, deiboek.

It wie it wol wurdich. In jier lang suver elke dei skriuwe oer saken dy 't myn ynteresse hiene. Ik ha myn nocht der oan belibbe. Mar hiel faak hawwe der mominten west dat ik tocht: no hâld ik der mei op. Net allinne de lêste wiken. Dan moast ik my der echt ta sette. Want, it sil it aard fan it bistke wêze, as ik earne oan begjin wol ik it ek oumeitsje.

Hawar, moarn noch. Dan is it dien mei dit skriuwersdeiboek. It soe hiel aardich wêze as immen oars it oernaam. Ik ferwachtsje dat net. En ik ried it ek nimmen oan. Is it in hûd fol wurk. Om neat eins.

(31-12-2001) - Fannacht en hjoed oerdei kamen der ferskate freonlike e-mails. Docht in minske goed. Mei dat gefoel woe 'k dit skriuwersdeiboek dan mar ouslute.

nei boppe» © Joop Boomsma