Bibliografy  
Ik ha der wier in fiks skoft tsjinoan skytskoarre: moat ik wol sa'n side opnimme, sa'n plak dêr 't jo sjen litte wat jo allegear publisearre hawwe? It soe wat ha kinne fan mei twa fûsten op it boarst trommelje... No 't ik lykwols it beslút nommen ha om it al te dwaan - it makket it byld fan in skriuwer wol folsleiner -, sil it dan ek goed!  
Op dizze side wat achtergrûn. Op de oare siden yn dizze seksje mear details..
 
 Yn eigen behear    
Myn earste útjefte (Frysk om utens) haw ik yn eigen behear útjûn. Ik hie wat fersen publisearre (tydskriften, Operaesje Fers) en ik tocht dat it wolris tiid wêze soe foar in bondel, in echtenien. Al gau waard my lykwols dúdlik dat sa ein sechstiger, begjin santiger jierren gjin útjower siet te wachtsjen op in nije dichter. Net op my yn alle gefallen. Omt ik op de legere skoalle yn Gouderak wolris stensils draaide as lesmateriaal, betocht ik: ik meitsje myn eigen boekje. Wiken haw ik oan it griemen west mei dy midsiewske stensilmasjine, oan 't der safolle brûkbere ôfdrukken wiene dat ik in pear boekjes yn elkoar sette koe. Ik tink dat ik in stik as 30 ôfset haw yn boekhannels yn Ljouwert, Surhústerfean, Drachten en 'e Gerdyk. Om te ferkeapjen. Doe 't ik in healjier letter ris in rûntsje makke lâns dy boekhannels, wie der net ien mear te krijen. Ik hie trouwens net it lef om ôf te rekkenjen. It feit dat se ferkocht (?) wiene, wie my genôch. Myn fersen ûnder it folk!
In goed jier letter werhelle ik mei Multipleks deselde prosedure. Dêr hie 'k wat mear fan makke en dêr haw ik ek in pear tientsjes oan fertsjinne.

Yn 1974 sammele ik 4 proazastikken (earder publisearre yn tydskriften) en ek dêr makke ik in bondeltsje fan: Dunnik en oar proasa (ja, ik wit it: in staveringsflater...). Oplage: 150. Ek dy boekjes haw ik útsutele by de boekhannel (en ferkocht oer de post omt ik yn de LC in advertinsje pleatse litten hie). Ik bin se allegear kwyt rekke; fan de opbringst haw ik in part fan de LC-advertinsje betelje kinnen...

It fjirde boekje dat ik yn eigen behear útbrocht wie Tobeksjen op 't oulein paed: in sabeare-petear mei Waling Dykstra oer 25 jier Winterjûnenocht. Ik wie werom gien yn de tiid (simmer 1885) om de man te moetsjen. Wy rûnen tegearre oer de seedyk by Holwert en Waling-om antwurde wiidweidich op de fragen dy 't ik him stelde. De basis foar dat 'petear' wie in tekst dy 't ik fûn yn 'Wintergrien' (fan 1886), wêryn 't Waling Dykstra sels weromsjocht op it ôflein paad fan syn Winterjûnenocht. Dit boekje liet ik printsje, it útsuteljen die iksels wer. Wat in Fryske kilometers yn de auto en wat in tiid! Mar ik ha wol de provinsje en sa'n bytsje alle boekhannelers yn Fryslân kennen leard. Dizze útjefte hie in fierste hege oplage (500), mar waard tige goed ûntfongen.

Wêrom boekjes útjaan yn eigen behear? Ferskate redenen. Yn 't earstoan sil it in soarte publikaasjedrift west ha. Der sit ek wat by fan 'het heft in eigen handen' of soks. Jo eigen baas wêze wolle. Unôfhinklik fan wa dan ek. De wichtichste reden faaks: boekjes meitsje is moai wurk. Fan 'e earste skriuwletter oant de produksje. De ellinde lykwols is dat jo it spul ek ferkeapje moatte. En dat is net myn sterkste punt.

 
 Myn bêste boek      

Der komt wolris de fraach: wat fine josels no jo bêste boek? Dat is fansels net in fraach dy 't troch in auteur te beantwurdzjen is. Jo freegje ek net oan in heit of in mem: wat is no jo bêste, meast slagge of leafste bern?

Wat myn meast slagge boek is, is allinne troch in individuele lêzer te bepalen. Soks hat te krijen mei belangstelling foar in beskaat genre. Ik skreau fersen, tenielstikken, misdiedferhalen en -romans, literêr-histoarys wurk en mear. Boeken, tink ik, dy 't net mei-elkoar te fergelykjen binne. It 'apels en parrenferhaal'. Binnen dy ferskillende genres is troch in lêzer wol in gradaasje oan te jaan: mear of minder slagge, better of minder as it it oare wurk. It is de lêzer dy 't soks bepaalt, net de auteur. Op basis fan persoanlike smaak en wurdearringskriteria. En sa.

As in auteur in boek net slagge fynt, sil er net besykje it útjûn te krijen. Teminsten, by my wurket soks sa. As ik in boek nei de útjouwer bring, bin 'k der sels wiis mei. It is it einrisseltaat fan in skoftlang wrotten: tinke, ynformaasje garje, skriuwe, skrasse, oanfolje, ombouwe, neam mar op.

Nim no myn misdiedskriuwerij. De reaksjes op myn útjeften binne altyd ferrassend. Seker omt ik mear as ien boek publisearre. Der wurdt altyd fergelike. Mei wat earder ferskynde. Guon sille altyd beweare dat myn earste boek 'it bêste is wat ik skreau', oaren lykwols sizze dat 'dizze nije oant no de bêste is'. Dat wer oaren in oare foarkar hawwe, komt ek foar. Ik tink dat dat komt, omt ik elke kear wer besykje wat oars te meitsjen. In oare opset, in oare opbou, meast ek in oare haadfiguer. Ik haw gjin sjabloon dat ik dellis om it yn te foljen. Ik bedoel: de patroanen lizze net fêst. By in auteur as Baantjer witte jo elke kear wol sa'n bytsje wat jo te wachtsjen stiet: lokaasjes, haadfiguren, styl fan skriuwen, wize fan praten, it sturtswyljen yn it lêste haadstik - it is yn 't foar allegear dúdlik. Mei dy fêste eleminten makket Baantjer wer in nij ferhaal. Knap. Ik soe der gau myn nocht fan ha.

Omt ik sa'n bytsje elke kear wer in nije wrâld meitsje yn myn boeken, binne it ek elke kear wer folslein oare ferhalen. Wa 't by my in soarte werhelling fan earder wurk ferwachtet, wurdt (bin 'k bang) teloarsteld. En omt elk boek fan my wer oars is, is ek de wurdearring ferskillend. Omt der dochs fergelike wurdt. Mei wat ik earder makke.

Myn bêste boek? It is as mei Jelmer en Marrit, ús bern. Hiel ferskillend yn gâns opsichten, mar beide ús bêste bern.

En sa is it ek mei myn boeken.

 
Gedichten   
Proaza   
Toaniel   
In dichter yn 'e misdied   
nei boppe» © Joop Boomsma