(03-05-2001) - It is tiisdje 1 maaie. Antwerpen, in
oere as tolve, healwei ienen. By tafal reitsje ik op dat
stuit op de Grote Markt. It plein is ouset mei hikken,
foar de monumintale gebouwen stean tribunes. Folk sit,
stiet en streamt ta. Der hinget in soarte ferwachting
yn 'e loft: der sil wat barre! Ik freegje oan in moterplysjeman
(perfekte imitaasje fan sa'n Amerikaanse film'kollega')
wat? De man sjocht my ferbjustere oan: wat dogge jo hjir
dan, op dit stee? Antwurd jout er net. In telmannich letter
lykwols komt achter it stedhûs wei in muzykkorps,
folge troch in fikse ploech manlju, froulju en bern. Guon
swaaie mei reade flaggen en findels, oaren triuwe tekstplakkaten
op tsjiltsjes oer de dyk. Noch in korps, mear flaggen,
findels, teksten. En ik wit: hjir giet in 1 maaie-optocht
oan my foarby. Hjir wurdt (en ik sjoch nei de gesichten
fan de dielnimmers, harkje nei de kommintaren en it plezier
om my hinne) 'de dei fan de arbeid' fierd. Letterlik fierd:
muzyk, akrobaten, optúgde frachtweinen, laitsjende
en swaaiende minsken. Soks wylst de teksten dy 't meidroegen
wurde tsjûgje fan in dreech bestean, achterstânssitewaasjes
en swiere easken oan it regear. It kommende oere stean
ik mei stive ferwûndering te sjen nei in trochgeande
stream minsken. Alle mooglike soasjalistise sektoaren
komme del. Reade flaggen en findels. Der wurdt songen.
'De ynternasjonale'. Ik waan my yn in film fan Eisenstein,
yn de boeken fan Louis Paul Boon, yn journaalbylden. Se
bestean dus echt, sokke massale optochten. Ik sjoch en
ik genietsje fan suver surrealistise tafrielen. En ik
tink: dizze minsken stean earne foar, hawwe in oertsjûging
dy 't se útdrage. En ik tink ek: hoe lang is it
alwer lyn dat ik yn Den Haag meirûn yn dy demonstraasje
tsjin kearnraketten? Dat ik überhaupt libbensliif
earne foar stie of tsjin wie? Wat is bleaun? Allinne in
grutte bek, nei alle gedachten.
(03-05-2001) - Ek Antwerpen: efkes mimerje by in barok
byld fan Willem Elsschot, efkes 'de dingen groetsje'
njonken Paul van Ostaijen yn brûns.
(04-05-2001) - Jierferslach FLMD. Minder besikers oan
it museum, gruttere tarin op de 'thússide'. De
krêft fan it internet? Goed 46 persint fytst troch
de Nederlânstalige tekst, 32 persint kiest foar
it Frysk. Nijsgjirrich gegeven. Lykas it feit dat 17
persint de Ingelstalige tekst foar kar nimt en (mar!)
5 persint de Dútse. 8525 besikers yn it jier
2000. It FLMD as Frysk-literêr finsterke op de
wrâld. It begjin is der, mei hast 24 besikers
deis gemiddeld.
(04-05-2001) - Dat haw ik wol faker. Dat it in skoft
duorret ear 't ik begryp wat der bedoeld wurdt, bedoel
ik. In eptich skriuwen fan de Fryske Akademy: in Fryske
Taaldatabank wurdt op internet set. "Dat wurdt
in grut digitaal neislachwurk fan Fryske boeken en artikels
ornearre foar minsken mei niget oan Fryske taal en kultuer
en (foar...?) wittenskippers oer de hiele wrâld.
De Fryske Taaldatabank sil brûkt wurde by ferskate
ûndersyksprojekten". Dat snap ik. En dan:
"Neffens ús betinken hearre 'Petear en profyl.
Peteareboek' en 'Ien foar de wraak' ek yn dy digitale
kolleksje thús". Gôh!, tink ik, suver
wat grutsk, wat in eare! Mar tagelyk: wêrom no
krekt dizze boeken? It 'Peteareboek' - ja, dêr
kin ik my wat by foarstelle. Safolle troch my ûnderfrege
minsken oan it wurd, elk yn syn eigen taal. Mar wêrom
myn earste misdiedroman? Wêrom net in oarenien?
Wêrom net allegearre? Ik haw it brief en it kontrakt
ferskate kearen lêzen, mar in útlis koe
'k net fine. It sil wol hegere wittenskip wêze
dêr 't ik, dochs in gewoane skoalmaster, gjin
aan fan ha. Mar dat fan in Fryske Taaldatabank op internet,
dat is moai. Al wer in stap fierder. Internet en it
Frysk, it wurdt wol wat.
(04-05-2001) - No miende ik te witten dat in kontrakt
in skriftlike oerienkomst is tusken twa partijen dy
't elk in tekene eksimplaar yn it laad lizze kinne.
De Fryske Akademy stjoert my ien eksimplaar ta, tekene,
dat ik, nei 't ik myn hân set ha, weromstjoere
moat. Apart fyn ik dat. Dan dogge de plattelânsfroulju
fan Wytmarsum 'en omstreken' (dêr 't ik oer in
skoft wat fertelle sil oer myn skriuwwurk) it korrekter:
twa kontrakten dêr 't ien fan yn in al frankearre
slúf retoer moat.
(05-05-2001) - Foar myn thússide makke ik in
(tink ik) folsleine list fan alle misdiedromans en -ferhalebondels
dy 't ea yn it Frysk ferskynden. De Dynte Planteit/Nier
Hinnebruier-stoarjes fan R.R. van der Leest stean dêr
net op. Al tinke guon oaren der oars oer, ik fyn dat
gjin misdiedromans. Reinder sels ek net trouwens; wy
hiene it der alris oer. No leit op myn nachtkastke it
nijste diel út de rige Fryske Klassiken: 'Komme
dy kepers/Boef fan Rys' fan Van der Leest. Ik sil der
meikoarten mei te set. Faaks dat ik myn kriminele kritearia
oangeande R.R.(R.) syn boeken bystelle moat? Lêste
nijs: der sit in nije Planteit/Hinnebruier-roman oan
te kommen! Faaks noch oan te tugen yn de sutelaksje
fan takomme hjerst?
(05-05-2001) - Gjin wûnder mear, it wurdt al
wer gewoan. Sjoen yn De Sweach: in toppe beam mei in
modern earrebarrenêst yn in gewoane doarpstún
- in pear poppebringers setten har nei wenjen en (hoopje
ik) brieden.
(06-05-2001) - In nije Planteit/Hinnebruier-stoarje
fan R.R. van der Leest op kommendewei? Joop: fertel!
fertel! Op fersyk fan de KU lês ik 'In kâld
keunstje' - dy nije roman dus. Gewoanwei soe ik dêr
noait yn it iepenbier oer skriuwe fansels: in lêskommisjelid
wurket en oardielet sub rosa. De útjouwer beslút
oer útjefte en makket publisiteit. No leit it
lykwols even oars. De tekst dêr 't ik oer oardielje
moat krige ik net tastjoerd as tiposkript mar al folslein
as opmakke tekst. Ynklusyf jier fan útjefte (2001),
ynklusyf 'Utjûn mei stipe fan 'e Provinsje Fryslân'.
Dêrom wit ik it. Dêrom skriuw ik der oer.
Want ik fyn dit raar. Wêrom in oardiel freegje
oan my as it beslút fan útjefte blykber
al nommen is? In bytsje oerstallich allegear. Dochs
lês ik de steapel A4'kes. Ik bin in grut leafhawwer
fan Reinder syn boeken. No hoech ik net te wachtsjen
oant de útjefte in feit is. En dat fyn ik wol
noflik. In oardiel oan de KU hoech ik ek net mear te
jaan. Skeelt ek wer.
(08-05-2001) - (...) In kwesje fan begryp.
(08-05-2001) - Ik moat it op dizze side mear oer mysels
hawwe, minder oer oaren. As ik oer oare minsken skriuw,
brek ik yn yn in oar minskelibben - ek al reagearje
ik tige persoanlik en giet it dus eins oer mysels. Oer
myn blidens, lulkens, oer myn fertriet. Mar ik sil hjir
wol de minske respektearje moatte. En dat is fansels
wat oars as syn/har fynksje of produkt. Dan haw ik frijpik.
(09-05-2001) - Al in moai skoft bin 'k dwaande de brievewiksel
tusken Fokke Sierksma en my te redigearjen ta in aardich
boekje. In boekje dat ek foar in oar nijsgjirrich wêze
sil, bedoel ik dan. Yn 'e santiger jierren haw ik lange
petearen mei de man hân. Eachyneach en telefoanys.
Mar gâns fan dy petearen gongen via de post. Ik
learde in soad fan Sierksma, benammen oer Frysk-kulturele
saken fan yn en nei de twadde wrâldoarloch. Sierksma
wie lange jierren warber yn Fryske fermiddens en hy
wie kritys, wâde faak op al te lange teannen.
Hy learde my benammen dat ik de saken net simpelwei
opfrette moat sa 't se optsjinne wurde. Yn boeken, yn
artikels, yn ynliedingen. Guon minsken, sa sei er withoefaak,
hawwe der belang by in mythe yn stân te hâlden,
rôze ljocht skine te litten oer guon foarfallen,
persoanen en sa. Omt har soks better útkomt,
omt de wierheid soms in té skel lûd hat
en - as dy wierheid al te iepenbier wurdt - wurkje kin
as de ferneamde stien yn in tuiketuikefiver (dêr
't kikkerts yn kweakje, in plestiken ielreager de wacht
hâldt, in grut net oerhinne spand is om steurende
eleminten bûten te hâlden). Troch Fokke
Sierksma syn opmerkings, troch ús petearen, bin
ik fansels mei foarme, ek kritiser wurden, bleaun. Ik
herken yn ús tiid in mythe as dy him oantsjinnet.
Ut en troch jou ik in prip, stek der efkes yn - faak
hear ik 'au' en dan glimkje ik. Mythes kinne moai wêze.
Om yn stân te hâlden. En om tsjin oan te
pisjen, om de laach stof der ou te migen.
(09-05-2001) - De mythe fan de Fryske Beweging, de
mythe fan goed en net-goed yn de twadde wrâldoarloch,
de mythe fan wichtich en net-wichtich yn Frysk fermidden,
de mythe fan Fedde Schurer as grut dichter, de mythe
fan allinne mar rykwurden lânferhuzers, de mythe
fan ien wichtige taal, de mythe fan asjomarbyditrûntsjehearre-danbinnejogoed,
de mythe fan literatuerbefoardering, de mythe fan eartiids-wie-alles-better,
de mythe fan dé literatuerskiednis, de mythe
fan it Frysk-nasjonalisme, de mythe fan wy Friezen binne
sa bysûnder, de mythe fan de KFFB leveret allinne
mar minne boeken, de mythe fan...
(09-05-2001) - Wûnder! Mem tilde efkes de wjukken
op: twa jonge ljippen. Noch gjin healoere letter: jonge
skriezen. Suver yn deselde greide, fan 'e dyk ou sjoen.
Fûgologen skodholje no faaks. Mar it binne myn
eagen.
(10-05-2001) - Telefoanpetearke mei Sietske de Jong,
oer de troch my beoardiele roman fan Reinder van der
Leest. Sietske docht de ynkommen tiposkriften fan de
KU. "By ús", sei se, "bepaalt
in lêskommisje of in boek útjûn wurdt.
Nimmen oars". Dus myn oardiel wie noch wol fan
belang? "Ja hear". Wêrom krige ik de
tekst dan as al folslein opmakke tekst? "Dogge
wy tsjintwurdich wol faker". No, ik wie knap erchtinkend.
Ik tocht dat it beslút fan útjefte al
nommen wie. Dat myn frege oardiel in pytsnotsaakje wie.
"Nee hear. Wier net. De lêskommisjeleden
hawwe it lêste wurd". Okee. Bliid dat ik
dat no wit. Alfêst foar in oare kear. (Tsjong,
tink ik ynienen: Boomsma, wat kinsto eamelje!).
(11-05-2001) - Jierren lyn al wer spruts Maarten 't
Hart loovjende wurden oer it dichtwurk fan Obe Postma.
Wurdearring ynienen foar de dichter út in wol
hiel ûnferwachte hoeke. Dat wie wat! Guon reaksjes
út Frysk-literêre fermiddens wei wiene
suver orgastys: in ferneamd Nederlânstalich skriuwer
sprekt/skriuwt aardige wurden oer in (te uzes al hast
fergetten) Fryske dichter. Tsjong! Op slach waard in
hegedrukspuit op Postma's dichtwurk set en glânzjend
kaam syn poëzij yn de fitrine. Maarten 't Hart
seit dat Obe Postma prachtige fersen makke, no, dan
moat dat wol wier wêze. Oersettingen, romme oandacht
yn sammelbondels en mear soks. Obe Postma wie ynienen
in 'spearpunt', it 'boechbyld' fan de Fryske literatuer.
Ik fûn dat prima. Ik lês Obe Postma al sûnt
myn jongesjierren. Wat my lykwols al opfoel, doe, wie
dat nimmen him oufrege: hoe komt Maarten 't Hart by
Postma? Hoe kaam er mei dat wurk yn 'e kunde en hoe
kaam er ta syn grutte wurdearring?
It antwurd is simpel: troch Fokke Sierksma.
In stikje út de ynlieding fan dat boekje oer
Sierksma dêr 't ik al in moai skoft oan wurkje.
Ik fertel yn dy ynlieding oer de suver kritykleaze bewûndering
fan de man foar de poëzij fan Postma. Dan: "Hoe
't er eins altyd dwaande wie mei de fersen fan Obe Postma
docht faaks ek bliken út it ferhaal fan de stikelbearskes.
Yn it biologys laboratorium fan de universiteit fan
Leiden die de biolooch Maarten 't Hart ûndersyk
nei it hâlden en dragen fan dy fiskjes. Fokke
Sierksma - hy wurke oan deselde universiteit - hie dêr
ek aardichheid oan en assistearre de lettere suksesskriuwer
út en troch. Oeren en oeren loere nei swimmende,
frettende en pearjende toanderkes. Nachtwurk, letterlik.
Soms barde der eat wat it oantekenjen wurdich wie, meastentiids
wie 't in deade boel. Om de tiid dochs aardich troch
te kommen, naam Fokke Sierksma op in stuit dichtbondels
fan Obe Postma mei. 'Ik wist dat Maarten ynteressearre
wie yn literatuer, yn poëzij. Dat ik lies him nachtenlang
fersen fan Postma foar. Yn 't earstoan bleau er der
ûnferskillich ûnder, mar geandewei rekke
er ynteressearre. Ik moast de teksten taljochtsje fansels,
fertale. Mar op in stuit wie er folslein wûn.
Hy begriep de taal, fielde de fersen. Ik haw it meimakke
dat Maarten Obe syn fersen lûdop deklamearre.
Hy wie troch de bocht en akseptearre Obe Postma as in
grut dichter. Fan Europeesk nivo, sei er sels'.".
(12-05-2001) - Ut en troch wurdt my frege oft der in
frachmint fan dit skriuwersdeiboek (al as net yn oersetting)
op in beskate internetside pleatst wurde mei. Fansels!
skriuw ik dan werom. Ik bin idel genôch om soks
moai te finen. Wurdearring? Yn alle gefallen in bewiis
fan ynteresse. Ut en troch fernim ik ek dat guon in
stikje fan myn tekst sûnder tastimming brûke.
As soks bart en der wurdt net eksplisyt ferwiisd nei
de boarne, dan wurd ik pissich. Kin 'k net oer. Fyn
'k ûnfatsoenlik.
(12-05-2001) - Der is kâns dat ik, wat dit skriuwersdeiboek
oanbelanget, in skoft 'op swart' gean. Ik sil oan in
oare computer en ik wit út erfaring dat der by
it oersetten fan bestannen c.q. ynstallearjen fan nije
'software' alles mis gean kin. De 25 oant 45 ynteressearren
dy 't alle dagen efkes lâns komme op myn side
(fyn 'k prachtich trouwens) sille dan efkes in oar hinnekommen
fine moatte. Mar faaks giet it poerbêst en meitsje
ik my soargen om neat.
(13-05-2001) - Ik bin nochal bewarderich fan aard.
Sadwaande stiet yn myn keamer gâns in rige mappen
- fol mei krantestikken, foto's, útnoegings,
ferslaggen, brieven. Benammen brieven. Tinne, flarderige
trochslachjes út it typtiidrek fan epistels dy
't ik ea ferstjoerde, hân- en masjineskreaune
teksten dy 't de post my besoarge, keunstich opmakke
teksten, hastich delkwattele meidielings. Brieven dus,
yn maten en soarten. Yn 'e rin fan tsientallen jierren
dwaande wêze yn de skriuwerij ûntfongen
en ferstjoerd. Dierber besit. Want elk fan dy brieven
is ea skreaun mei in doel, opteard en yn in slúf
treaun. Oan my ferstjoerd, troch my ferstjoerd. Elke
brief hat noch wat fan fingerprinten oan him, in rook,
oan elke brief hinget in persoanlik aspekt, libbensliif.
Brieven krij ik hast net mear. Brieven ferstjoer ik
hast net mear. De hillige e-mail naam it oer. In tiidrek
is ousletten. Jo dogge de computer oan en lêze
elektroanise post, ferstjoere elektroanise post. De
printer makket ienfoarmige útdraaien. Selden
mear in slúf iepenskuorre of tichtplakke, selden
mear in hânskrift ûnder eagen, selden mear
sels in pinne pakke en in skriuwblok. Foarútgong
is soms synonym oan earmoede.
(13-05-2001) - Ynearsten fierder mei dizze computer.
(13-05-2001) - Wat ik miste fannemidzje: in gigantise
muzikale 'yell' dy 't út withoefolle lûdsprekkers
oer it fjild daveret by elke boppeslach, coaches dy
't yn wytkalke fjouwerkantsjes oan 'e sydline flokke
en balte, dyselde coaches dy 't op krusiale mominten
in 'pinchhitter' ynsette, spilers dy 't sabeare blessearre
oangean, oer it fjild rôlje en raze om medise
help, publyk dat him ferbaal bemuoit mei it spul, spilers
dy 't werom skelle of byneed de middelfinger opstekke,
in skiedrjochter dy 't mei giele en reade kaarten swaait
as it spul te nuet wurdt, spilers dy 't elkoar om 'e
earen slaan mei de keatswant - mei oare wurden: aksje
en emoasje! It wie noch krekt gjin golfen, dit keatsen
(sa't ik dat yn Dronryp beseach) mar wat waard der in
allemachtigen soad kuiere en stilstien. Ut en troch
in aksje fan in telmannich: bal opslaan, werom huffe.
Dan wer kuierje, stilstean, efkes byprate ("Alles
goed by jimme thús? Al fakânsjeplannen?").
Hat oait ien ris byholden hoefolle tiid yn in keatswedstriid
(prosintueel) effektyf keatst wurdt?
Hawar, it wie noflik waar. En thús sitte jo
ek mar wat yn 'e tún.
(14-05-2001) - Moaie foto sjoen yn de LC fan hjoed.
Op 'e rêch Beant Baas en foar him oer Cynthia,
(potinsjele) pakesizzer: blier kopke, leave glimk en
mei in namme as Sjinese poëzij. Oer har hinne hinget
de grutte tsjoender, de poppespiler sels. Ik tocht:
stel dat dit famke útkeazen wurdt, bern spylje
moat fan in Fryske feedokter en in Amsterdamse slachtersdochter,
dan haw ik (en de oare auteurs) in probleemke. Of it
bern is adoptearre of de feedokter is in sûch
dy 't net wit dat hy net de heit fan dat moaie berntsje
wêze kin. Hoewol: probleemke? Mear in útdaging
eins. Yn myn tinzen foarmje har al moaie sênes.
Mar dy sille dan wer tefolle de kant fan de 'soap' útgean.
Mei net. Wy woene drama. Besteklik Frysk plattelânsdrama.
En dat wurdt it ek. Sûnder Sjinese poëzij,
bin 'k bang.
(14-05-2001) - Ik hâld fan katten en ik hâld
fan fûgels. Jûn waard ik dus wer konfrontearre
mei dat ivige dilemma. De jongste kat bringt grutsk
in jonge fûgel yn 'e hûs. Sa'n glêd,
rôze bistke dat noch wat fan libben yn him hat.
De kat miauket, freget myn oandacht. De jonge fûgel
beweecht it kopke. Oandwaanlik. Mar ik bin in folwoeksen
keardel, stean realistys yn 'e wrâld, dat ik aai
de kat oer de kop en knyp efkes letter it fûgeltsje
dea. Kat tefreden, fûgeltsje yn de griene kontener.
Ik lit myn tinzen efkes gean. Unbestimd gefoel.
(14-05-2001) - Hoe, sei immen (in freon) lêstendeis
tsjin my, hoe slaggesto der suver elke dei wer yn en
skriuw yn dyn deiboek? Hy bedoelde eins: hoe is 't mooglik
datsto deiyndeiút wat te skriuwen hast. Der wie
wat fan bewûndering te fernimmen yn syn lûd.
Krekt as soe it byhâlden fan dit skriuwersdeiboek
in grutte prestaasje wêze. Ik ha besocht him út
te lizzen dat soks mear in kwesje fan tiid en fan prioriteit
is as fan ynspiraasje. Tiid: ik joech les hjoed, wurke
yn 'e tún, joech wer in pear lessen, lies de
krante, lies in stik fan in boek, haw in soarte fan
hutspot sean, spuite in kontener skjin, die yn trije
winkels boadskippen, haw it hok fan de knyn ferkjinne,
hie in probleemke mei de kat, skreau in eintsje oan
in televyzjeskript, beantwurde e-mails, seach in healoere
nei de televyzje (Nova oer ús legerbaaskes),
prate in fiks skoft mei René oer fûgels,
skreau twa stikjes oan it skriuwersdeiboek, hie in fierstelang
telefoanpetear - gewoane dingen, deistige dingen. Dogge
jo. Prioriteit: op dit stuit is it 00.15. Tiisdje dus
al wer. Ik kies der foar om dit stikje te meitsjen en
te publisearjen. Folle aardiger hie it west en skriuw
oer de ferbjustering fan René: hy seach juster
in folslein wite ljip! Dan hawwe jo it oer ynspiraasje
- in wite ljip! In albino... dêr is in ferhaal
fan te meitsjen!
(15-05-2001) - No wurdt it sa njonkenlytsen wolris
tiid dat dy Gysbert-Japikssjuery mei de útslach
fanwegen komt! Ik bin ougryslik benijd. Mar faaks bin
ik de iennichste. Want nergens hear ik oaren der oer,
lês ik in spekulatyf stikje of fernim ik wat fan
diskusje. It liket der suver op dat de GJ-priis gjin
harsus ynteressearret. Behalve my dan. En - fansels
- potinsjele priiswinners. Ek dy hearre jo net. Fansels
net. Aansen wurdt de útslach bekend makke: meidielinkje
yn de parse, hjir en dêr in interview, in inkeld
rabberijke, in bewyske oergeunst - en dat is it dan.
Wat in ougryslik deade boel, wat in ûnferskilligens.
Mar benammen: wer in moaie kâns ferskiten om de
Fryske literatuer ûnder de oandacht te bringen.
Tamtam, blinders! Gjin tuiketuike... Net wer tuiketuike,
asjeblyft - doch ris wat, slach ris op de tromme, druk
dy ivich waaksjende stienpûst út en spuitsje
de dridze oer de Frysk-literêre wrâld. Aksje!
Beweging!
Fan 't wykein seach ik de televyzje-útstjoering
oer de Librispriis. In lange, drege oanrin, gâns
ynformaasje oer auteurs en boeken lykwols, diskusje,
stadichoan it opbouwen fan de spanning en as 'klap op
de fjoerpylk' in folslein ûnferwachte winner.
Prachtige útstjoering, regelrjochte reklame (want
adekwate oandacht) foar de Nederlânse literatuer!
(16-05-2001) - Ik lies it stikje fan juster: 'stienpûst',
'dridze'. Dy wurden foelen my op. Wêrom haw ik
dy skrean? Sjoch, it skriuwen fan dizze stikjes is in
kwesje fan sitten gean en tipe. Ik haw in ûnderwerp,
mear net. It stikje skriuwt himsels. De ynhâld,
de toan is ouhinklik fan myn stemming op dat stuit.
Bin 'k nidich dan brûk ik oare wurden as wannear
't ik my noflik fiel oer myn ûnderwerp. Juster
wie 'k in bytsje nidich. Oer de lamlendigens fan Frysk-literêre
pommeranten dy 't net de moed of de kriich opbringe
kinne en meitsje fan de Gysbert Japikspriis in feestlik
en spannend oeheden. (Ik skreau dêr earder oer:
28-02-01). It hoecht net sa wiidweidich en ronkjend
as mei de 'Libris', mar in spannende nominaasje en in
'live'-útstjoering fan Omrop Fryslân-televyzje
wêryn 't (yn feestlike sfearen) de winner bekend
makke wurdt, liket my in aardige oanset. Sa soe dizze
wichtichste Frysk-literêre priis de glâns
krije kinne dy 't er fertsjinnet. Om my mei der dan
ek wol in sponsor opstean dy 't it jildbedrach optilt
nei in figuer dat der (yn 2001) wat op liket.
Of - tinkend oan dy jildsjitter, publisiteit, aksje!
- soe der dan dochs tocht wurde moatte oan in nije priis,
in kommersjele priis foar it bêste Fryske boek
fan (lit my sizze) de ourûne trije jier? Dan kin
dat hiele GJ-(tuiketuike)gedoch fierder slomje ûnder
slimferwosken wollen tekkens.
(16-05-2001) - Justerjûn wie 'k dielnimmer oan
in radiodiskusje. Fjouwer minsken lieten in persoanlik
ljocht skine oer hjoeddeiske saken. Aardich. Noch aardiger
lykwols wie de mjuks fan talen dy 't sprutsen waarden:
Hollâns-Nederlâns fan de petearliedster,
Bildts, Brabâns-Nederlâns en Frysk fan de
dielnimmers. Prachtich fyn ik soks. It barde mar in
inkele kear dat ik in Frysk wurd efkes taljochtsje moast.
Respekt foar elkoars taal is de basis fan kommunikaasje,
fan diskusje.
(18-05-2001) - Sa'n bytsje tusken tongersdje en freed
yn op dit momint. Krekt werom fan in fikse jûn
Ljouwert, wêrby 't de trommelers (op alles!) fan
'Stomp' yn de Harmonie net allinne myn trommelfluezen
tichtslein hawwe, mar ek myn geast iepenen: jo kinne
mei neat oars as ritmise herry tûzenen Friezen
yn ekstase krije! In fassinearjend gegeven! As ien man/frou
oerein as bliken docht dat it lawaaigedoch dien is.
Wy ek. As jo sitten bliuwe, sjogge jo neat mear. Ommers.
Goed 14 dagen lyn beseagen wy yn Antwerpen 'Quidam',
de rinnende Europese show fan 'Cirque du Soleil'. Mear
as trije tûzen minsken yn in tinte, duorjend yn
ekstase, wat in feest! Mar oerein nei ourin? Nee hear.
Wol in allemachtich lang applaus. Folslein terjochte.
(18-05-2001) - Friezen knibbelje allinne foar god,
ha 'k wolris heard (of lêzen). Friezen gean yn
alle gefallen massaal oerein as in teaterfoarstelling
dien is. Apart. In regionale tradysje? Of deagewoan
blidens omt de kont skodde wurde kin nei in lange sit?
Of opluchting: wy kinne wer op hûs oan, efkes
in pear slokjes en dan achter it breiden broekje; moarn
is der wer in dei.
(18-05-2001) - "Zelfbescherming of mystificatie,
dat zijn meestal de motieven voor het aannemen van een
valse schrijversnaam". Sa begjint (yn de Volkskrant
fan hjoed) in nijsgjirrich artikel oer it nije boek
fan Paul Smaïl, skûlnamme fan in Frânse
skriuwer fan Marokkaanse komôf. Doe 't syn earste
boek ferskynde (1997), woene de kritisi der op oan,
dizze roman soe skreaun wêze troch in ferneamde
Frânse auteur dy 't him achter in pseudonym ferskûlet.
Dit boek wie te goed, koe dus noait troch in allochtoan
skreaun wêze. Mar, die al gau bliken, allinne
in allochtoan kin sa oer allochtoane jongerein skriuwe.
Paul Smaïl is lykwols al in skûlnamme. Selsbeskerming
en mistifikaasje tagelyk.
Sels haw ik ien kear in skûlnamme brûkt.
Net út selsbeskerming. Faaks dat it in kneuterich
besykjen ta mistifikaasje wie. Like my doe aardich.
Under de namme Jan Houtsma stjoerde ik in fers yn foar
in priisfraach. Ik brûkte it adres fan myn wurkplak
foar de korrespondinsje. Nimmen koe witte wa 't Jan
Houtma wie. It fers wûn de tredde priis. En doe
skamme ik my sa foar myn ûnnoazel dwaan dat ik
net mear it lef hie en helje de priis op. Dat fers stiet
yn de bondel 'De molkfarder'.
(18-05-2001) - Al dagen hear ik in aardich Ingelstalich
lietsje op de autoradio. Moaie tekst, knap songen, noflik
arrânzjemint. Ik núnderje it mei sa njonkenlytsen
(wat selden bart, meinúnderje bedoel ik, en dan
ek allinne mar as ik allinne bin - myn lûd komt
hurder oan as in kettingseage op in betide saterdjetemoarn).
Hjoed fernaam ik dat dat lietsje de nije 'hit' is fan
Twarres. Hjirby lûk ik myn earder útsprutsen
skepsis (26-03-01) yn.
(19-05-2001) - Ut en troch in stikje yn de NRC is aardich,
mar yn ien wike 166 stikjes is gekkewurk fansels. En
tagelyk ferhelderjend. Dêrom lies ik troch. Youp
van 't Hek is in tige midsmjittige columnnist. Mar mear:
in betûfte bakteluchtbakker, in tige mei himsels
ynnommen opskepper, grut produsint fan platte klisjees,
in wiere iependoaryntraper, in moaralist fan it benypte
soarte en in - op papier - humorist fan nulkommaniks.
Fiifentwintich gûne lichter en 512 siden lêsfoer
yn 'e kop: ik ha de man (de skriuwer) teplak. Ferhelderjend!
(19-05-2001) - It is al wer in wike as wat lyn, de
saneamde lintsjerein, mar ek fan 't jier foel it my
op dat gjin inkele Fryske skriuwer riddere (of sa) waard.
Al withoelang 'behaagt' it de keninginne net mear en
lit op dy feestlike dei in dielnimmer (f/m) oan de Fryske
skriuwerij in ûnderskieding opspjeldzje. Myn skuld!
Wat! Ja, myn skuld. Better: ek myn skuld. Ein santiger
jierren wie 'k in jiermannich foarsitter fan it Skriuwersboun.
Net in perioade dêr 't ik yn grutskens oan werom
tink, mar dêroer letter ris. Op in jiergearkomste
fan dat boun ûndertekene ik in petysje (mei ûnder
oaren Pieter Terpstra) wêryn 't de gearkomste
útsteld waard him út te sprekken tsjin
it ûndemokratys keninklik lintsjegedoch. De iene
in blikje fan blik, in oar it ridderskip, bah! De mearheid
fan de oanwêzige leden spruts him út: tsjin.
Fryske skriuwers woene oan dizze diskriminaasje net
mear meidwaan. No, dat klapte der yn! De oare deis hie
'k al in sjoernalist fan NCRV-radio oer de flier, telefoantsjes
fan en (dus) berjochten yn de lannelike parse en it
deiblêd Trouw liet my in wiidweidich artikel skriuwe.
It Skriuwersboun ('de Friese schrijvers') stie lannelik
efkes op de kaart. Tsjonge noch oan ta!
Dat wie ein santiger jierren. By myn witten is der
sûnt gjin Frysk auteur mear keninklik ûnderskieden.
Eins fyn 'k dat wol sneu. No. Mar ja, ik wie jong doe.
En bluisterich. Faaks dat it hjoeddeisk bestjoer fan
it Skriuwersboun hjir yn de earstfolgjende ledegearkomste
in punt fan meitsje kin? Want sa 't ik (gâns âlder
en ta rêst kommen) skreau: foar guon is it wol
sneu. Jo skriuwe jo de bealch stikken en krije net iens
in lintsje, wylst oaren...
(20-05-2001) - Op dit stuit (00.11 oere) is in dombo
dwaande firussen te ferstjoeren yn Frysk-literêre
rûnten. Gôh!, tink ik, in lyts lultsje dat
in grutte lul wêze wol.
(20-05-2001) - Dit wurdt efkes spannend aansen: oer
op in nije computer.
(20-05-2001) - Operaasje útfierd en slagge.
Mei tank oan Jelmer!
(21-05-2001) - Dat mei dat firus, dêr 't ik it
juster oer hie, skynt folle slimmer te wêzen as
ik tocht. Telefoantsjes niis fan Josse de Haan en Henk
van der Veer bewize soks. Ut harren namme wurde e-mails
ferstjoerd mei in oanheakke. Ut harren namme: beide
manlju hawwe der sels gjin weet fan. Yn dat 'attachment'
stean teksten en/of persoanlike gegevens. En dat firus
sit der nei alle gedachten ek yn. Wat in belachlike
sitewaasje! En wat in gek dy 't soks docht. Is it de
bedoeling dat guon minsken (Josse en Henk oant no) yn
in kwea deiljocht set wurde moatte? En hoe lang sil
it duorje ear 't ek oaren slachtoffer wurde? Ik bygelyks?
Dat sûnder myn witten mails ûnder myn namme
ferstjoerd wurde? Benearjend soks!
Ik sil ynearsten gjin 'attachment' mear iepenje. Teminsten:
net earder as wannear 't ik tige wis bin fan de ynhâld.
(21-05-2001) - Yntusken gean ik gewoan troch mei myn
goede wurken oangeande de Fryske skriuwerij: twa ferhalebondels
en in bondel fersen haw ik jûn oandacht jûn.
Radio Eenhoorn.
(22-05-2001) - As jo fan computer wikselje - haw ik
fernommen - dan wurde jo jo ynienen hiel bewust fan
de ûnsin dy 't jo yn 'e rin fan de jierren garren
op de hurde skiif. It is in soarte fan ferhúzjen:
de deistige saken wurde maklik ynpakt en oerladen, fine
har plak wer yn de nije wente. Mar as jo oan de souder
of de fliering ta binne, begjint it grutte skiftsjen.
It measte kin fuort, stiet dêr al jierren ûnnut
te stean. Jo hawwe it bewarre (faaks dat it nochris
fan pas komt) en binne nei in skoft fergetten dat jo
it bewarren. Is dus ûnnut, kin fuort. Sa haw ik
de ourûne dagen it skiifferhúzjen erfaren.
Tagelyk hiel faak de twifel: kin dit wol fuort? Soe
der oait nochris in momint komme dat ik... Dat momint
komt noait fansels. Dat fuort!
Moaie skjinne skiif (skiven eins) haw ik no. En de
'software' waard yngreven fernijd. En dat smyt wer in
learproses op. In minske bliuwt dwaande.
(22-05-2001) - Dat firus... wa hat dat ynbrocht? En
wêrom? Ik piel mar mei dy fragen om.
(22-05-2001) - Nei de neifolgjende tekst sille in hiel
soad lju dy 't my even better kenne yn gnizen útbarste
of hiel beskaafd wat smyspelje achter de sprate palm.
Ik sis dus no: ik jou de striid in bytsje oer, it hoecht
allegear sa fernijend net mear te wêzen, litte
de jongelju it mar oernimme. Mei oare wurden: oer in
skoftsje bin ik âld. Ik fiel it oankommen. Sa!
It stiet der.
In heit is duorjend dwaande mei syn bern. Jo binne
jierren yn tou mei fan alles en noch wat. De bern hawwe
fan alles, wolle fan alles, dogge fan alles. As heit
hymje jo dêr (mei in ferskuorrende wille) achteroan.
Is der gjin heit, dan rint it mis, dan giet it op 'e
kop ferkeard. Dy ouhinklikens fan de heit: prachtich!!
Jo binne in minske dat it neiteam (en freonen en sa)
hoedet, noedet en beskermet. Jo binne wichtich en dy
wichtigens rjochtfeardiget dat part fan jo bestean.
Mar dan. De bern nimme it oer. Jo wurde sels ouhinklik.
De heit glimket as de soan dy oare computer ynstallearret,
yn in ûnfoarstelber en net nei te folgjen tempo
de dingen docht. Dat draaipunt yn jins libben, it observearjen
en akseptearjen fan de wikseling fan generaasjes - ik
bin my der fan bewust. En ik sil der faker oer skriuwe.
It feit dat myn computersysteem wurket is net myn fertsjinste.
Dat hat Jelmer regele. Sa 't ik it foar him regele dat
al dy muzykapparatuer foar in optreden op it krekte
plak telâne kaam. Yn in hierd buske. Doe.
Gniis mar. Laitsje mar. Ik waard âld en healwei
fersliten. Myn wize fan libjen. Mar ik bûch. Foar
Jelmer, myn soan.
(23-05-2001) - As ik boppesteande tekst werom lês,
dan wit ik: elke dei is wer oars. Mei Steven de Jong
hie 'k fannemidzje in fiks petear oer 'Baas boppe baas',
oer myn skripts dus. Hjoed oerdei haw ik eksamen- wurkstikken
besjoen. En nochris besjoen. En moarn sil ik eksamenwurkstikken
besjen. En nochris besjen. Korreksje en gjin ein! Mar
de bern hawwe der foar wrotten. Wy - leararen - hawwe
de plicht de bern op eigen wearde del te setten. Dat,
Steven, dat 'Baasboppebaas'- gedonder is myn gedonder
even net. Ik bin yn 't foarste plak skoalmaster. Bern
(learlingen) gean foar. Fansels. Myn skriuwersskip komt
aansen wol wer. Parallel oan dyn goed sin, oan dyn entûsjasme,
oan dyn wurkkrêft.
(24-05-2001) - Mei 'Baas boppe baas' giet it trouwens
foar wûnder. It produksjeproses is fiks yn 'e
gong set. Komt my allegear hiel profesjoneel oer. Mar
dat sil wol te krijen hawwe mei it feit dat ik fan televyzjemeitsjen
hielendal gjin ferstân haw. Ik leverje ferhaaltsjes
yn in foarm dêr 't de regisseur fierder mei kin.
Ik meitsje dus bern, in oar soarget der foar dat dy
bern folwoeksen wurde. Dêr haw ik fierder gjin
gedoente mei. Hoe oars dus as mei in boek!
Aldergeloks haw ik soks faker meimakke. As toanielskriuwer
bin ik de ourûne jierren withoefaak útnoege
om in útfiering fan ien fan myn stikken oan te
sjen. Ut en troch nim ik sa'n útnoeging oan.
Soms krûme teannen yn 'e skuon, soms in goed gefoel.
In skriuwer leveret in tekst, in oar ynterpretearret
dy tekst op eigen wize, makket der in eigen 'keunstwurk'
fan. Dat is goed.
(24-05-2001) - Mar is dat net altyd it 'lot' fan in
skriuwer, dichter? Dat in oar (in lêzer) oan 'e
haal giet mei jins wurk. Der syn of har eigen ynterpretaasje
oan jout.
(24-05-2001) - Telefoantsje fan Henk: fannemoarn om
healwei tolven ferstoar Hylkje Goïnga. Net alhiel
ûnferwachte, mar in minske hopet soms tsjin better
witten yn. Omt Hylkje noch safolle jierren gund wie.
Sa'n prachtich minske, sa'n ynleave frou. God, wat sille
in soad minsken har misse!
(25-05-2001 - Frjemd sil it net wêze, mar it
is wol opfallend. Sa faak as ik juster en hjoed tinke
moast en moat oan Hylkje, bedoel ik. En dat tinken oan
sil noch wol in skoftsje trochgean. Net allinne troch
my. Hylkje wie in bysûnder minske. Hoe bysûnder
docht bliken út hiel lytse foarfaltsjes dy 't
my yn 't sin komme as har byld op myn netflues ferskynt,
as ik har stim hear. Gewoane foarfaltsjes, mar bysûnder
omt se my noch sa helder foar de geast stean. Dat kin
in petear wêze, kuierjend troch de bosk om de
Sweach hinne. Of sa'n lyts briefke, in kaart, in telefoantsje.
Of in ferwûndere 'O ja, ju?' as immen har wat
aparts fertelde. Sokke dingen. Mar benammen binne it
har oprjochte belangstelling, har harkjend ear, har
fermogen ta relativearjen, har folsleine earlikens dy
't ik ûnthâld. Unthâlde sil. En har
ûntroerende ferbjustering as immen net oprjocht
foar har oer wie. Want sa 't Hylkje sels wie, tocht
se ek dat oaren wiene. In bytsje nayf wie se út
en troch wol.
(25-05-2001) - Tafal? In dei as wat lyn hie 'k it oer
Jelmer, oer syn optreden as popmuzikant. En oer in heit
dy 't de apparatuer ferfierde. Yn hierde buskes. Justerjûn
op Omrop Fryslân-televyzje. Folslein ûnferwachte
'Blood on Blood' op it skerm. Jelmer, de gitarist. 'Live'
yn Snits. Tafal? Fansels.
(27-05-2001) - In wykein bypraat mei freonen út
ús Gouderak-perioade (1968-1975). Moaie ferhalen,
meast al withoefaak oan elkoar ferteld. Ien ferhaal
oer Loek Meijer, dichter/maat en fûleindich soasjalist,
anargist eins. In keninginnedei. Gemeentlike en oare
pommeranten op it bordes, hûnderten legereskoallebern
op it plein. Sjonge fansels. In aubade. Of soks. Nasjonale
(neffens Loek - dy 't ynhierd wie as pianist - nasjonalistise)
lieten. As lêste moasten de bern it 'Wilhelmus'
sjonge. Ik - skoalmaster yn dat doarp doe - sjoch in
glimk ferskinen om Loek syn mûle. Efkes wachtet
er, dan set er de 'Internationale' yn, it ultime soasjalistise
striidliet. De oanslach is hurd, it tempo fiks. Ut alle
bernemûlen komt de tekst fan it nasjonale folksliet.
Guon pommeranten swaaie nei de pianist, wolle him ta
stopjen twinge, mar Loek reagearret net, timmeret troch.
Loek is blyn ommers, mar it gehoar abslút (en
knap selektyf...). Hy soarge foar it moaiste 'Wilhelmus'
ea! Yn myn ûnthâld.
(27-05-2001) - Gouderak, Súd-Hollân. De
basis fan myn literêr wrotten, de jierren wêryn
't ik definityf keas foar it Frysk. Hoewol 't ik opnommen
waard yn de (o sa skiteldeftige) kulturele rûnte
fan Gouda. Mar wol as Frysktalich dichter. Noait oars.
(28-05-2001) - In folle tsjerke yn Ysbrechtum, fannemidzje.
En it wie de earste kear dat ik my yn in tsjerke thús
fielde. Te plak. Om ouskie te nimmen fan Hylkje Goïnga.
Om by dat ouskie te wêzen. Moaie muzyk, goede
wurden. En der koe lake wurde fansels. Om teksten fan
Hylkje dy 't foarlêzen waarden. Om anekdoates
dy 't oer har ferteld waarden. In ouskie alhiel yn styl,
tocht ik. In trien hjir en dêr, in glimk, in laits.
In bysûnder byelkoarwêzen fan minsken, elk
mei eigen wertinkens oan dat aparte frommis. Hylkje
hie it allegear wol aardich fûn. Faaks dat Martha
der ek sa oer tocht.
(28-05-2001) - Douwe Kootstra spruts in knappe column
oer Hylkje en 'De Strikel'. Salang 't dat blêd
bestie, siet sy yn de redaksje. Mear as har heale libben.
Tsjong! tocht ik. Gôh! Underwilens harke ik nei
Douwe syn wurden: 'De Strikel' as bysûnder fenomeen
yn de Fryske skriuwerij. Allinne troch (âld-)redaksjeleden
sa sjoen, dat seit himsels. In sektarys fenomeen suver.
In mythe yntusken. Hylkje makke hast alle redaksjegearkomsten
mei. Tsjong! tocht ik wer. Apart en bysûnder frommis.
(29-05-2001) - Likernôch in jier lyn ferstoar
Frâns Holwerda. Yn 1997 wie syn dichtbondel 'Wâldmans
hikke' útkommen. In opfallende útjefte,
in gearwurking tusken skoallemienskip De Delta en de
KU. Frâns syn presint by syn ouskie as skoalmaster.
Hjoed krige ik de twadde, útwreide printinge
fan dy bondel yn hannen, krekt ferskynd by de KU. In
'earbetoan' neffens de útjouwer. Wer in prachtige
útjefte. Neat mis mei? Ja bliksem al! De tekst
op de achterflap is hartstikke mis, want yn de no-tiid.
Frâns 'is in grage besiker fan', 'is lid fan',
'sit yn de redaksje fan'. En om de dreun hielendal hurd
en lûd te meitsjen: 'Wâldmans hikke is syn
earste dichtbondel'. Wa hat sitten te sliepen by de
Koperative Utjowerij? Dy moat him ougryslik skamje!
En op 'e knibbels nei Truus, Frâns syn frou. Untskuldigingen!
En de distribúsje fan de bondel moat op slach
stopje: alle boekjes werom en in nij, oanpast omkaft
der omhinne. Daalk útgomje dizze blunder!
(29-05-2001) - Myn útjouwer hie hjoed har jierliks
auteursfeestje. Kofje. Muzyk fan Meindert Talma en Nyk
de Vries. In taspraakje fan Wim van Dijk oer 'horizontale
marketing', oer 'commitment' en 'produkten' (dat binne
boeken, sei immen) en mear soks. In ferhaaltsje fan
Ad Verkuijlen fan it 'Fonds voor de Letteren' oer de
feroaringen by syn organisaasje: gjin addisjonele honoraria
mear, mar mear omtinken foar wurk- en oare beurzen,
wêrby 't it 'projekt' (dat is in boek, sei er
derby) sintraal komt te stean. It útrikken fan
de twakearjiers te ferskinen (fergese) promoasjekrante
fan de Friese Pers Boekerij/Noordboek. It oanbieden
fan it nije boek fan Sikke Doele oan de auteur. Noflik
neipetear mei in hapke en in drankje. Sa 'n feestje.
Hiel aardich. Mar ik wie, tink, wer de earste dy 't
de jas oanluts.
(29-05-2001) - Bysûnder fannemidzje wie it ferhaal
fan Ad Verkuijlen. Om wat er fertelde fansels. Mar ek
omt er ('rasechte Hagenaar') syn tekst yn it Frysk die.
Net allinne dy tekst, mar ek de tuskenkommentaarkes.
Ik haw him der nei frege: noait earder hie er Frysk
sprutsen. Ik haw in lytse bûging makke. Respekt
foar de Fryske literatuer. By it 'Fonds voor de letteren'.
(30-05-2001) - Juny is al sûnt jierren de 'Maand
van het spannende boek'. Krekt as de boekewiken in ûndernimmen
fan de CPNB. In aparte boekútjefte, lêzingen
en sa fan misdiedauteurs rûnom, oandacht yn de
media, spesjale bylagen fan tydskriften. En mear. Oer
't generaal prachtige promoasje foar de misdiedskriuwerij.
Foar alletalige misdiedskriuwerij. Behalve dan de Fryske.
By ús wurdt der neat oan dien. Net troch de útjouwers,
net troch 'It Fryske Boek', net troch de boekhannels,
net troch de kranten. Spitich. Jo soene suver tinke
dat der yn it Frysk gjin spannende boeken skreaun wurde.
(30-05-2001) - Stadichoan yn it libben in bytsje gekker
wurde... - dat is de bêste manier om te oerlibjen.
Ik wit ek net krekt wat ik dêr mei bedoel, mar
ik foel my sa yn. En ik haw de yndruk dat it noch wier
is ek.
(30-05-2001) - Twifel. Algeduerigen dy ferdomde twifel.
Fiif moanne haw ik no - suver elke dei - yn dit deiboek
skreaun. Wêrom eins? En foar wa oars as foar mysels?
Ut en troch fernim ik in flechtige reaksje fan immen
dy 't der efkes yn lies, guon oaren gean wat wiidweidiger
yn op wat ik hjir delset. Allegear moai fansels, mar
it hoecht net. Ik skriuw yn 't foarste plak foar mysels,
oer mysels. Altyd yn 'e hope fan interaksje, dat is
wier. Dy komt komselden. En dus twifelje ik oer dit
ûndernimmen, sa'n skriuwersdeiboek. En tagelyk
de wissichheid: do dochst it dochs foar dysels. Ja.
Ek.
(31-05-2001) - Efkes wat rjochtsette. Twa dagen lyn
skreau ik oer de tekst op de achterflap fan 'Wâldmans
hikke', de twadde printinge fan Frâns Holwerda
syn dichtbondel. Dat de no-tiid brûkt is, is gjin
flater. Skreau Dineke Bos (fan de KU) my, mar de winsk
fan Frâns syn widdo. "Truus hat it sa wollen".
(31-05-2001) - Ad Verkuijlen lit my hjoed (yn in Frysktalige
e-mail) witte dat er it Frysk praten leard hat fan Babs
Gezelle Meerburg en dat er mei, bygelyks, Josse de Haan
altyd Frysk praat. Omt er yn syn wenplak (Den Haag)
komselden Fryske bakkers, slachters en sa tsjin komt,
falt it net ta en hâld dat Frysk praten by. It
Frysk hat er ek leard troch Fryske boeken te lêzen.
Myn boeken, skriuwt er. Om de dialogen. Syn taspraak
foar de skriuwers fan de Friese Pers Boekerij wie yndied
syn earste iepenbiere Frysktalige optreden.
Ik skriuw dit efkes op omt ik nochris delsette wol
dat der fan it 'Fonds voor de Letteren' út wol
deeglik alle respekt foar de Fryske literatuer is. Dy
literatuer wurdt lêzen en pommeranten as Ad Verkuijlen
prate en skriuwe ús taal.
Ik skriuw dit ek efkes op omt ik de yndruk haw dat
'de' Friezen it sa gewoan fine dat 'Hollânse'
pommeranten (ek guon dy 't al jierren yn Fryslân
pommerant binne) it Frysk net ferstean, lêze of
prate. Roppe sokken ris twa wurden Frysk yn in mikrofoan,
dan wurde 'wy' lyrys en komme oerein yn steande ovaasje...
Bjusterbaarlik! |