(01-11-2001) - In Nederlânstalich boek oer de
Fryske literatuer is op kommendewei. Lês ik hjoed
yn de LC. Wurdt dat sa'n boek mei de bekende nammen, of
sil de redaksje it lef ha en jow ek oandacht oan it eksperimint,
it oars as oare? As ik de gearstalling fan de redaksje
besjoch, dan haw ik yn 't foar sa myn twifels oer dat
oars as oare. Minsken as Jelle Krol en Teake Oppewal hawwe
bewiisd benammen each te hawwen foar wat west hat. It
risikoleaze. Hawar, ik moat net seure foar 't ik ien en
oar besjoen haw fansels. It feit dat der sa'n boek komt,
is hiel aardich. Want lit ús al even fêststelle
dat der noch noait sa folle yn it Nederlâns oerset
is as hjoeddedei. Josse de Haan en Lida Dykstra lizze
al yn de winkel, oer in skoftsje komme dêr Trinus
Riemersma en Hanneke de Jong by. Tel dat op by resint
oerset wurk fan Obe Postma en Tsjêbbe Hettinga,
tink ek efkes oan de 'Spiegel', de meikoarten te ferskinen
bondel mei 'leafdespoëzij', de misdiedroman fan Frans
en Tineke Steenmeijer, de roman fan Tineke Steenmeijer
oer 'Nynke', Akky van der Veer har lêste boek, de
samling snie- en iisferzen - no, it begjint der sa stadichoan
op te lykjen! As wy sa trochgean wurdt de Fryske literatuer
aansen ek bûten ús provinsje foar fol oansjoen.
(03-11-2001) - It is alwer hartstikke nacht fansels
en ik ha de kranten fan hjoed (juster dus) noch net
iens út. Mar 'Aandacht wederopbouw Afghanistan'
lies ik niis as de kop fan in artikel. Ik skodholle
en ik lies de kop nochris. It stie der echt. Ik bedoel,
sawat elke dei wurdt Afghanistan bombardearre, yn pún
smiten. En dat sil noch wol in hoart troch gean, bin
'k bang. Mar wylst dy bommen falle, wylst fan alles
yn dat lân stikken makke wurdt, stikken makke
wurde sil, tinke wy dus al nei oer hoe 't wy dat lân
wer 'opbouwe'. De absurditeit ten top! Kin immen hiel
hoeden oan menear Bush (of wa 't dan ek mar oan de toutsjes
lûkt op dit stik) fertelle dat it eins belachlik
is wat hjir bart? De boel ferrinnewearje mei it doel
it aansen wer op te bouwen. Of tink ik te nayf? Is dit
in ûnnoazele gedachte: keapje foar it jild dat
dy bommesmiterij kostet iten foar de Afghanen. Goodwill.
(03-11-2001) - Yn 'e auto harkje ik in soad nei Omrop
Fryslân. Benammen de midzjes. En sadwaande fal
ik faak yn it programma 'De Middei'. Ourûne freed
waard Gurbe Douwstra beselskippe fan Karst Berkenbosch.
Fan no ou syn ko-presintator op de freedtemidzje. In
sukseske foar it Stellingwerfs, tocht ik. En doe 't
ik wat langer neitocht: wat in logise stap. Eins is
it apart dat soks net earder útfûn is.
Eins is it apart dat der op Omrop Fryslân noait
romte west hat foar in programma mei in folslein Stellingwerfse
presintaasje.
(03-11-2001) - Fan 'e midzje wie 'k net op de hjerstgearkomste
fan it Skriuwersboun.
(03-11-2001) - Fan 'e midzje wie 'k by de fuotbalwedstriid
Leeuwarder Zwaluwen-Drachtster Boys. Achter it doel
fan de 'Sweltsjes' stie in ploech Drachtsters dy 't
by elke oanfal rôp 'Foarjouwe! Foarjouwe!'. Ik
ha my der oer fernuvere. Sels soe 'k keazen hawwe foar
'Foarjaan!'. It die my tinken oan de frou yn 'e Rottefalle
dy 't ik eartiids in sigaret oanbea en dy 't sei: 'Nee,
tanke. Ik rikje net mear'. Wâldsjer farianten?
Wol my net oan. Dan soe 'k it witte moatte. As wâldsjer.
(04-11-2001) - De iene wâldsjer is de oare net.
Wat de taal oanbelanget. Yn 'e omkriten fan Dokkum hear
ik wol 'ik har' en 'wy harre'. Oare wâldsjers
sizze dan 'ik ha' en 'wy ha'. Of, as se hiel geef wolle:
'ik ha' en 'wy hawwe'.
(04-11-2001) - Is trouwens de útspraak 'wy'
(mei de y fan wyt) net folle gever as 'wy' (mei de y
fan snein)? Gever yn de sin fan konsekwinter? Hoewol
'snein' - ik hear dat ek wol as 'snoin'. Rare praters,
dy net-wâldsjers!
(04-11-2001) - In jier as wat lyn seach ik by ús
yn Menaam in jonkje op strjitte dwaande mei in lyts
fleantúchje. Opwine, loslitte, wer opwine, wer
loslitte. Ik stie der mei niget nei te sjen. Doe 't
wy eachkontakt hiene sei 'k: 'Moai net!' It knaapke
seach my ferbjustere oan: 'Wat moai net?'
(04-11-2001) - Ik bin lêskommisjelid fan de Koperative
Utjouwerij. Soks betsjut dat ik út en troch (mar
dochs wol in kear as fiif jiers) in tiposkipt tastjoerd
krij dat ik beoardielje moat: wol as net gaadlik foar
útjefte? It feit dat ik dingen foar de KU doch
is trouwens bysûnder: ea bin ik út dy klup
dondere (roajeard) omt ik stout wie. Ik bin eins in
'afvallige'. Dêroer letter ris: Tony Feitsma en
ik - tsjong! Mar 'la Feitsma' is gjin KUbaas mear. Hawar,
de KU en ik - sans rancune. Nei Feitsma. Lêskommisjelid
dus. Al jierren. Poëzij faak. Soms in roman. En
út en troch wat oars. Aardich wurk, want jo bliuwe
op 'e hichte fan wat der stiet oan te kommen. Of net.
Swier wurk, want it giet faak om wurk fan freonen, kollega-skriuwers.
Besykje dan mar ris objektyf te bliuwen. It wrâldsje
is sa lyts. 'Heden ik morgen gij'. Soks.
Ik rêd my der wol mei. Ik bin earlik. Ik sis
wat is der fan fyn. Tsjin de lju fan de KU. Mar as it
sa ris útkomt (en it komt faak sa út)
ek tsjin de auteur. Ik haw noch noait in dreun foar
de harsus hân.
Takomme saterdje sille wy, lêskommisjeleden fan
de KU, prate oer: wat is in goede roman? Eins bin ik
allinne mar benijd nei 't wa 't dy oare lêzers
binne.
(05-11-2001) - Begjin santiger jierren waard ik lid
fan de Koperative Utjouwerij. Lid nûmer 13. Yn
1988 bin ik út de klup dondere. Moaie tiid belibbe
mei de Q. Benammen yn de begjintiid. In prachtich en
ynspirearjend fermidden. Ik sjoch my noch saterdeitemoarns
mei in ierdappelbakje foar it liif troch allerlei doarpen
rinnen: sutelje. Bûten de 'gewoane' sutelaksje
om. It seit himsels dat wy allinne KU-boeken yn dy bakjes
hiene. As der frege waard nei 'de nije Rink' (doe ek
al) wie dat pynlik. Wy hiene allinne mar 'de nije Trinus'.
De gearkomsten op 'e souder fan Henk Brattinga yn Bolswert
wiene ûnferjitlik.
Hawar. Nostalgy.
Yn 'e rin fan 'e jierren fielde ik my hyltyd minder
by de Q belutsen. De sfear feroare. Dat doe 't ik myn
earste misdiedroman skreaun hie, haw ik it tiposkipt
oanbean oan de Friese Pers. Net oan de Koperative Utjouwerij,
lykas ik neffens de kêsten dwaan moatten hie.
Hiel bewust. Ik hie myn nocht fan de klup. Doe 't dat
boek ferskynde folge der in fûle brievewiksel
mei Tony Feitsma c.s. Bestjoersleden. Uteinlik waard
ik roajeard as lid. Letter haw ik wol spyt hân
fan myn hannelwize. Ik hie ommers ek in soad te tankjen
oan de Q: se joegen op syn minst seis boeken fan my
út. It wie, sêft sein, net alhiel fatsoenlik.
Fuortrinne nei de grutte konkurrint. Mar yn 1988 tocht
ik dat ik it sa dwaan moast.
En och, as Q-leskommisjelid pro deo doch ik al gâns
in rige fan jierren boete.
(05-11-2001) - Wie der wol in hjerstgearkomste fan
it Skriuwersboun, ourûne saterdje? Ik ha der neat
fan heard, neat oer lêzen. Is dy klup lang om
let dan dochs alhiel weiwurden? Of is dit de stilte
foar de stoarm dy 't de jonge Grinzer hûnen aansen
waaie litte sille?
(07-11-2001) - Justerjûn brocht Josse de Haan
ús syn 'Kikkerjaren', de oersetting. Moaie útjefte.
Prachtich omkaft. Ik sil it meikoarten lêze. Om
de oersetting fan Harmen Wind te priuwen. Dat oersetten
moat in fikse put west ha. Josse hat in aparte styl
fan skriuwen en om dêr, lit my sizze, lykweardich
Nederlâns fan te meitsjen, no, in heikerwei. Ik
haw trouwens altyd respekt hân foar literêre
oersetters. Jo moatte beide talen oant yn 'e fine puntsjes
behearskje. En gefoel hawwe foar literatuer.
Oan djip yn 'e nacht ta ha wy bypraat, Josse en ik.
En wy ha rabbe. Ougryslik rabbe. Dat is lekker!
(07-11-2001) - In wike lyn liende ik 'Hotel Reboelje'
fan in freon: in soarte fan sammel-cd fan dy Fryske
(= Frysktalige) popgroep. Dy freon is in djipfriesamsterdammer.
Wat betsjut dat er oerdreaun ynteressearre is yn alles
wat út Fryslân komt, mar tagelyk hartstikke
kritys bliuwt. Syn kritearium is: kwaliteit! Neffens
him is 'Reboelje' mear as kwaliteit. Dat ik beharke
de cd. En nochris. En ik bin ferkocht! Wat 'De Kast'.
Wat 'Twarris'. 'Reboelje' blinder!
Hjoed haw ik de Ljouwerter platesaken oustrúnd.
Ik kaam werom mei trije cd's fan 'Reboelje'. Mear koe
'k net fine. Mar de kommende dagen sil ik de slepende
stim fan Marius de Boer yn myn earen hawwe. De 'oais'
fan de 'kloai' nim ik der dan mar op ta. Mar de teksten
binne apart. Better as wat ik ornaris beharkje by oare
Frysktalige bands/artysten.Dy kloaie faak mar wat oan.
As it mar rimet en sa.
(07-11-2001) - Dan wie der de ourûne dagen noch
in juffer dan D'66 dy 't gjin fleske wyn mear ha wol
yn it krystpakket fan plysjeminsken. Jo soene de moslims
foar de harsus tsjitte. Want moslims hawwe neat mei
alkohol. Godallemachtich! Hoe fier moatte jo troch de
knibbels sakje om polityk korrekt te wêzen yn
dizze tiid! Moatte wy, heidenen en kristenen en oar
ûnrant, kollektyf bûge foar dy iene moslm
dy 't him steurt oan dat fleske wyn? Spiel troch dat
guod. Jou it oan in freon. Sis efkes tsjin de gearstaller
fan dat krystpakket dat jo dy wyn net op priis stelle.
Soks. Mar meitsje der gjin polityk punt fan. Kontkrûpers
fan D'66. Of fan alle oare partijen dy 't it hjir mei
iens binne. Bah!
(08-11-2001) - De moarnskranten brochten hjoed it nijs:
misdiedauteur Gerhard Hormann liket fertochte yn de
saak fan de Utrechtse searyferkrêfter. Hy moat
in alibi jaan foar 25 septimber 1995 en him is frege
wangslym ou te stean foar DNA-ûndersyk.
Yn 1999 ferskynde Hormann syn 'Dubbel Bedrog', in thriller
oer - jawis - in searyferkrêfter dy 't warber
is yn Utrecht. Yn dat boek is dy ferkrêfter de
haadfiguer. Blykber is de auteur de wurklikheid sa ticht
op de hûd kommen, dat de plysje 'diederynformaasje'
tsjin kaam (ynformaasje dy 't allinne mar by de plysje
en de dieder bekend is). Dat is 'fertocht'. Mar in misdiedroman
is fiksje wêrby 't de auteur in mooglike wierheid
skept. Soms komt dy mooglike realiteit wol hiel ticht
by de echte wurklikheid. Dat liket hjir it gefal. Mar
it soe oars wol wat wêze: in auteur dy 't syn
eigen misdieden beskriuwt yn romanfoarm! Wat trouwens
earder barde: Klinkhamer beskreau yn 'Woensdag Gehaktdag'
ommers de moard op syn frou. In moard wêr 't er
letter, gâns letter, foar pakt en feroardiele
waard.
Hawar, Gerhard Hormann syn DNA sil útslútsel
jaan. Fiksje of wurklikheid.
(08-11-2001) - Itty Sluis sil foar takomme jier it
Fryske boekewikegeskink skriuwe. Faaks dat se it al
skreaun hat. It liket my in goede kar, Itty. En eins
hoopje ik dan op in juwieltsje as 'In pleats by de mar'.
In slim ûnderskatte novelle. Mar wol in bewiis
fan Itty har aparte skriuwtalint.
(10-11-2001) - Frysk en Frij ûntjout him hyltyd
mear as in folweardige útjouwer. En dan benammen
ek as in útjouwer dy 't fiks flyt docht op de
útjeften. Frysktalige útjeften fansels,
mar ek twatalige. Besjoch de aldernijste rispinge. 'dijklichamen/dyklichems'
fan Rienk Kruiderink. 'Onzichtbaar liep je met me mee/Unsichtber
rûnsto mei my op' fan Fré Travaille. Beide
dichters binne Nederlânstalich yn har dichtsjen,
mar beide hiene der ferlet fan en set in Fryske oersetting
njonken de oarspronklike tekst. Kruiderink fersoarge
(mei help) sels de oersettingen, Travaille fûn
Geartrude Brouwer as fertaler.
Tige fersoarge en keapsjoch is ek de twadde bondel
fan Gryt Witbraad: 'Dagen'. Hja swile benammen fersprate
publikaasjes by elkoar en dat is moai. Nijsgjirrich!
(10-11-2001) - Jûn sil ik dan dochs nei de 'premjêre'
fan 'Baas boppe baas'. Yn de Ljouwerter Harmonie. Us
waard in klaaiingadfys jûn: 'tenue de ville'.
Ik ha werklik gjin idee wat dat betsjut, mar foar alle
wissichheid doch ik mar in jaske oan. In strik haw ik
al jierren net mear. Mar dat jildt foar mear manlju
yn de 'ville'. Hoopje ik.
(11-11-2001) - 'Om kertier foar tsienen moat it dien
wêze', sei presintator Geart van Tuinen, 'want
dan sil hjir wer in film draaie'. Efkes in tuskenstikje
yn it Noordelijk Film Festival dus, de 'premjêre'
fan 'Baas boppe baas'. Televyzje as bysûnder aksint.
Want by dit Festival giet it fansels om film. Eins allinne
mar om film. Wy, besikers fan de 'premjêre', waarden
nei ourin dan ek by elkoar treaun yn in apart hoekje
fan de foyer fan De Harmonie. Om de filmleafhawwers
net foar de fuotten te rinnen? Mar der wie al sjampanje.
Mei in kaaihinger oan de poat fan it glês.
Hast twa oeren 'Baas boppe baas' yn de FIB-seal: taspraakjes,
it foarstellen fan de akteurs, interviews mei dyselde
akteurs, it titelliet. En video fansels. Op it filmskerm.
'It meitsjen fan...' en ien fan de tolve ouleveringen.
'Oars as oaren' - dochter Afke hat har 'coming out'
as lesbienne. Hâld dan de eagen mar ris droech!
Skript fan Roely Boer. Wat daalk opfalt is it goede
aktearjen fan benammen Hilly Harms en Lianne Zandstra,
mem en dochter. Rinze Westra, de heit, huft der yn as
de moderne Archie Bunker. Reaksjonêr, ûnberoaid,
grutte bek, lyts hertsje. Syn rol. As dizze oulevering
model stiet foar de hiele seary, dan wurdt er in 'hit'.
Mei tank oan regisseur Steven de Jong. 'Baas boppe baas'
op tiisdjetejûn, Omrop Fryslân.
De skriuwers fan de seary binne al efkes neamd. Ek
Sybe Joostema. Se wiene oanwêzich, justerjûn.
Joostema haw ik lykwols net waarnommen. Dochs in kromke
fatsoen trochbrutsen yntusken?
(11-11-2001) - 'Wat is in goede roman?' Dêr hiene
wy it oer, justermidzje. Lêskommisjeleden en bestjoer
fan de Koperative Utjouwerij. Wy kamen der net út.
Fansels net. Téory en gefoel, persoanlike smaak
en ferstân. In lêzer fan in tiposkript is
in individu mei syn eigen literêre noarmen. In
beoardieling fan in boek is dêrom mear in saak
fan it hert as fan de holle. De holle foar it literêr-téoretise
(de bûtekant, de te mjitten aspekten), it hert
foar it ferhaal dat ferteld wurdt. Soks. Mar it wie
wol noflik om dat fêst te stellen. Yn in ynteressearre
rûnte.
(12-11-2001) - Saterdjetemidzje moete ik Hanneke de
Jong. Ik mocht 'De laatste brief' efkes fêsthâlde,
de Nederlânse oersetting fan har jongereinboek.
Krekt ferskynd by Van Goor. Moaie útjefte. Hanneke
fertelde dat se gâns stipe hân hie by it
oersetten. Fan in redaktrise by dy útjouwerij.
Stikjes der by skriuwe, sintsjes feroarje, efkes in
oare omskriuwing. Tips. Utstellen. Mar yn 'e praktyk
wurke dat perfekt. Se hie it gefoel dat der hiel searieus
mei har tekst omgongen waard. Profesjoneel. Suver oant
de lêste dei, oant it boek nei de printer moast.
Hanneke fûn dat noflik.
Ik kin my dêr alles by foarstelle. In Fryske
skriuwer wurket meast op in eilân. Jo jouwe jo
tiposkript yn hannen fan in útjouwer. As dy beslút
dat it in útjefte wurdt, dan wurdt jo tekst in
boek. Ik bedoel, oer 't generaal is der by de Fryske
útjouwers gjin begelieding. Wy kenne it fenomeen
'redakteur' net. Der is by gjin ínkele Fryske
útjouwer in saakkundige frou of man dy 't mei
jo de tekst kritys trochnimt en besiket dy noch better
te meitsjen. Meast wurdt it ynlevere tiposkript - as
dat goedkard is - it boek. In kwesje fan jild. In redakteur
moat betelle wurde. Fansels. Mar wat soe it in goede
saak wêze as dy begelieding der al wêze
soe. Tagelyk: de measte Fryske skriuwers binne ornaris
sa ferrekte eigenwiis. Wat sil in oar mei myn tekst!
Ik rêd my der sels wol mei, blinder! No ja...
(12-11-2001) - Hast nacht. Hast in oare dei. Ik seach
televyzjebylden fan in fleantúch dat delstoart
wie yn New York. Bylden dy 't ik faker seach. Op oare
lokaasjes, yn oare lannen. Tryst. Elke kear wer. No
wie 't oerenlang 'live' yn byld. As wie der oars gjin
nijs. Wat is dit? Us begrutsjen mei Amearika? Wie it
in hope op (of de eangst foar) in terreuroanslach? De
macht fan CNN en sa? Wy binne sa njonkenlytsen wol hiel
bot fykseard op wat yn Amearika bart. Op wat Amearika
docht. Yn Afghanistan bygelyks. Mar jûn hearde
ik 'Amerikadeskundige' Ruth Oldensiel op de televyzje
bewearen dat it de Amearikanen sels gjin reet ynteressearret
wat der bûten it eigen lân bart. Afghanistan
bestiet net foar de Amearikanen. De measten witte net
iens wêr 't dat lân leit. Dat it eigen lân
dêr bombardearret. Tsja, 'anthrax' en New York
- dat is de wâld.
(13-11-2001) - Wichtige tiden foar it Frysk. Wertinkings.
Fyftich jier lyn. De earste doktoraalstúdzje
Frysk. Teake Hoekema. Hoefolle binne him folge yn de
heale ieu dy 't nei him kaam? Net mear as 24 ha 'k earne
lêzen. Fjouwerentwintich doktorandussen Fryske
taal en letterkunde yn fyftich jier? It wol my hast
net oan, sa'n bytsje oustudearren. Jo soene jo hast
oufreegje: hoefolle stelt de universitêre stúdzje
Frysk dan hielendal foar? Mar ik moat my dêr net
mei bemuoie. Ik bin in simpele skoalmaster.
Fyftich jier lyn. Kneppelfreed. It begjin fan de echte
emansipaasje fan de Fryske taal? Oanfitere troch mei
tomaten smitende hbs'ers op it Ljouwerter Wilhelminaplein.
Eins hie de Fryske Beweging de tomaat as symboal nimme
moatten. Soe de tomaat takomme freed, op dat eksklusive
betinkingsfeestje, omparte wurde moatte. Om elkoar te
besmiten. Yn styl. Mar dat kin no net mear: in oare
klup hat him dat symboal yntusken ta-eigene. Wer in
kâns dy 't 'wy' slûpe litten hawwe.
(13-11-2001) - 'Baas boppe baas' sette jûn dus
útein. Ik bin benijd nei de earste reaksjes.
Hear ik moarn op myn wurk wol.
(14-11-2001) - Jo witte it noait fansels. Of it wier
is. Mar ik haw fernommen dat der takomme jier in twadde
seary 'Baas boppe baas' komt. De provinsje skynt in
heal miljoen reservearre te hawwen foar dat doel. Gûnen,
nim ik oan. Gjin euro's. Dat is dus in begjin. Want
in heal miljoen is fansels 'apenuten'. De seary dy 't
no draait hat in lyts miljoen koste. Noch gjin ton per
oulevering! In hiel aardige televyzjeseary as 'Russen'
kostet 6 ton per oulevering. Om mar ris wat te neamen.
Sa besjoen hat Steven de Jong, hat Omrop Fryslân
in knappe prestaasje levere. Oan 'e oare kant: ik haw
ferskate 'low budget'-films sjoen en dêr wiene
hiel nijsgjirrige by. Mar ik gun Steven foar takomme
jier mear finânsjele earmslach. Gâns mear.
Faaks dat dan ek de skriuwers echt betelle wurde kinne.
(17-11-2001) - Problemen mei menear Chello/UPC!
(17-11-2001) - Boppesteande sin koe 'k fannemoarn noch
kwytwurde, doe wie 't wer oer. Frustrearjend is dat.
Dat der mankeminten binne mei jins internetoanslúting:
it is as kinne jo de doar net út omt der fiif
meter snie om hûs en hiem leit. Tagong ta de wrâld
is ûnmooglik - in wrâld fan e-mail en internet.
Tagelyk bewiist myn frustraasje dat ik my foar in grut
part kommunikatyf ouhinklik meitsje litten haw fan de
nije media. Dat is net bêst! Juster skreau ik
wer ris in brief, rûn ik nei de brievebus... in
goed gefoel.
Hawar, fannemidzje rekke ik yn 'e fûke fan de
helptsjint fan Chello. It begjin: 'De wachttijd bedraagt
op dit moment (klik) dertig minuten'. Ik haw op dat
momint oanstriid en klap de telefoan del. Mar dat lost
neat op. En ik wol in oplossing. Dat ik lit in spultsje
rinne en harkje ûnderwilens nei in muzykje, ouwiksele
troch in frouwestim: 'Al onze medewerkers zijn momenteel
in gesprek. Blijft u aan de lijn?' Nei 28 menuten haw
ik kontakt. Geduldich lis ik myn probleem út,
jou myn postkoade en sa en wurd ferbûn mei immen
dy 't mear as in kertier op him wachtsje lit. Ik haw
de hel yn, mar ik beslút troch te setten. Wer
lis in ien en oar út, folgje de man syn oanwizings
op myn computer. Nada. De man suchtet. Hy liket werklik
begien mei my en myn probleem en beslút dan my
troch te ferbinen mei in kollega dy 't (no moat er efkes
neitinke oer in krekte formulearring) 'eh... meer diepgang
heeft'. Ik wachtsje. It klokje op de computer jout oan
dat ik al hast oardel oere oan de telefoan hingje. Ik
wachtsje noch mear. Wer dat ferrekte myzykje. Wer dy
frouwestim. De echte saakkundige oppenearret him. Tegearre
rinne wy in fracht oan mooglikheden troch. Ik haw noait
witten dat safolle programma's yn myn computer ferburgen
binne. Nei in healoere beslute wy de sessy te beëinigjen.
Wy hawwe it probleem net oplost. De man - freonlik en
geduldich - seit ta dat er der oer prate sil mei in
kollega. Dy sil meikoarten kontakt mei my opnimme. Syn
wurktiid sit der op, seit er. Ik hear opluchting yn
syn stim.
Jûn besykje ik it of de e-mail it docht. Jo kinne
noait witte. Gjin ferbining: 'Kan server niet vinden'.
Ik besykje myn internetoanslúting. Ferdomd! Ik
krij bylden op myn skerm. Ik tikje dit stikje. Ris sjen
of dat publisearre wurdt.
Nee dus.
(17-11-2001) - Steven de Jong makket in nije film.
Oer de 'Kameleon'. Nederlânstalich. Fansels Nederlânstalich.
Hoatse de Roos skreau syn boeken yn dy taal. Generaasjes
binne opgroeid mei Hielke en Sietse Klinkhamer en har
'Kameleon'. Ek yn Fryslân. Mar no skynt der in
politike groepearring (of sa) te wêzen dy 't wol
dat Steven de Jong der in Frysktalige film fan makket.
Wêrom? Omt Terherne him opsmiten hat as 'Kameleondoarp'?
Omt de boeken nei alle gedachten yn Fryslân spylje?
Omt Steven earder al Frysktalige produksjes makke? Wat
in flauwekul! Boppedat: sûnt wannear bemuoit de
polityk him mei keunst? Dikteart polityk in keunstner?
(18-11-2001) - Amsterdam dûnset hjoed. Op it
ritme fan de Fryske literatuer. It is 'De Dag van de
Friese Literatuur'. Oumetten oan it tal kaarten dat
ferkocht is (mear as 200) moat it in aardich feestje
wurde. Ik haw efkes yn bestân stien om der hinne.
Mar, sa realisearre ik my, ik hear net ta de doelgroep.
De 'Dag' is ornearre foar net-Friezen dy 't ris yn 'e
kunde komme wolle mei de Fryske literatuer. Dat lit
ús hoopje dat Amsterdam echt dûnset hjoed,
dat it ritme fan de Fryske literatuer oars blykt te
wêzen as dat fan de 'Skotse Trije'.
(18-11-2001) - Josse de Haan waard freedtemidzje ûnderfrege
troch Sippi Tichelaar. Omrop Fryslân, 'Omnium'.
Frou Tichelaar fûn 'Kikkerjaren' mar in 'frou-ûnfreonlik'
boek. Josse die alle war om dêr ien en oar tsjinyn
te lizzen, mar hy koe syn ûnderfreegster net oertsjûgje.
Frou-ûnfreonlik en net oars.
Wol aardich fyn ik dat. In nij literêr kritearium:
is in boek frou-ûnfreonlik of net? Jo komme dy
fraach, dy konklúzje hyltyd faker tsjin. Dizze
wike noch: in ynstjoerd brief yn 'Vrij Nederland'. Ik
sil foar mysels besykje út te finnen wat dat
is, frou-ûnfreonlik. Mar ik bin in man. Soe dat
ynfloed ha kinne op myn oardiel?
(18-11-2001) - Dy foto juster op de foarside fan de
LC. Twa sabeare plysjeminsken foar it gerjochtsgebou
mei in boartersguodkneppeltsje yn 'e hân. Mar
wat benammen opfoel: set guon manlju in pet op 'e kop
en jo hawwe perfekte figuranten foar de rol fan SS'ers.
(19-11-2001) - Wer besocht kontakt te krijen mei de
'helpdesk' fan UPC. 'Wegens grote drukte...', of ik
letter mar wer ris belje wol. Haw ik in oere letter
dien: 'Wegens grote drukte...'. Strontsiik wurd ik der
fan!
(19-11-2001) - As it goed is moat de boel is no wer
dwaan.
(19-11-2001) - Gjin feestje foar Gerard Reve dus. De
Flaamse minister fan kultuer hat it de kening fan België
ûntret om persoanlik 'De Grote Prijs der Nederlandse
Letteren' út te rikken oan de 'grote volksschrijver'.
In kening dy 't nei syn minister harket... tsjong! Mar
wat my yn dizze saak fernuveret is dat it net Reve sels
is dêr 't oer praat wurdt, mar syn freon. Schafthuizen
is in ûnbeskofte kloatsek, in bernebetaaster,
in ûnbetrouber minske. Faaks noch folle mear.
Mar it is net Schafthuizen dy 't de priis krijt. Dat
is ien fan de wichtichste Nederlânstalige auteurs
fan nei de twadde wrâldoarloch: Gerard Reve. Dat
jo kinne jo oufreegje wat hjir eins oan 'e hân
is. Sûnt wannear spilet de partner of in famyljelid
fan in auteur in rol as it giet om it wol as net útrikken
fan in literêre priis? Binne yn it ferline alle
partners en alle famyljeleden fan dizze wichtige priis
'screend' op sedelik gedrach, op harren dieden yn it
ferline? Fansels net! Wat in krampachtich gedoch dochs!
Lit justysje útsykje wat Schafthuizen útfretten
hat. Jou Gerard Reve de eare dy 't er fertsjinnet. Helje
de saken net trochelkoar.
(20-11-2001) - Radio Eenhoorn. Gâns oandacht
bestege oan 'Aldfaars Grûn' fan J.P.Wiersma. Dat
koe omt ik it boek de ourûne wike foar in grut
part werlêzen haw. Ik fyn it noch altyd in tige
lêsbere ferhalebondel (suver in ferfolch op de
'Rimen en Teltsjes' fan de Halbertsma's). Aardich fûn
ik te fernimmen dat de 'Frico', in 1948 stiper, opdrachtjouwer
eins, ek dizze nije útjefte sponsere. Under de
hjoeddeiske namme. Dochs in soarte fan trou.
(20-11-2001) - Neffens it ferslach yn de LC hie 'k
wol oanwêzich wêze kinnen, snein, yn it
Amsterdamse Felix Meritis. Fryske literatuer foar in
publyk fan hast allinne mar Friezen. En ik mar tinke
dat de 'Dei' benammen opset wie om 'Hollanners' yn 'e
kunde te bringen mei de Fryske kultuer/literatuer. Dêrom
ek dy oersettingen op in grut skerm. Oerstallich dus.
No ja. It sil fêst in moaie dei west ha. En 'Reboelje'
wie der by.
(21-22-2001) - Fan 'e midzje seach ik by De Tille yn
Ljouwert 'Na de klap', Jabik Veenbaas syn oersetting
fan Trinus Riemersma syn roman. It is in moaie útjefte
wurden. Hurd omkaft, stofomslach mei in nijsgjirrige
illustraasje. Kreas. Dy Veenbaas is trouwens mar warber.
Njonken Trinus syn boek lei in fikse steapel Fryske
'leafdeslyryk': oersettingen fan Veenbaas. De titel
is my yntusken ûntsketten. In stekynebûs,
dit boekje. En wat my fernuvere: twatalich. Wêrom
dat? Wie dat kommersjeel oantrekliker? Dat sil 't hast
wol. In oare reden kin ik net betinke. Ik bedoel, op
dizze wize kinne jo én de Fryske lêzer
én de Hollanse betsjinje. Mar it bliuwt apart.
In oersetting is in oersetting. Ientalich. Sûnder
de oarspronklike taal der njonken. Foar Fryske poëzij
jilde dus oare wetten.
(21-11-2001) - Frou Van Maaren, eks-boargemaster fan
Ljouwert, sil in boek skriuwe oer har tiid yn de Fryske
haadstêd. As ik de kranten leauwe mei rint it,
by de gedachte oan dit ûndernimmen allinne al,
gâns amtners en en bestjoerders, tin út
'e broek. Ik snap dat net. Wêr binne dy lju bang
foar? Foar de wierheid? Nee wol! Want wierheid is goed,
is ferhelderjend. En as dy wierheid de eksklusive wierheid
fan frou Van Maaren is, no, dan binne der gelegenheden
genôch om de auteur oan te pakken, soe men tinke.
It is trouwens in aardige gedachte: bang wêze
foar in boek dat noch skreaun wurde moat. 'Sowieso'
de gedachte dat in boek minsken bang meitsje kin.
(21-11-2001) - Praat mei freonen dy 't ourûne
snein yn Felix Meritis wiene, de LC lêzen, Kistwurk
lêzen, lannelike kranten der op nei sjoen, de
lannelike televyzje yn 'e gaten holden, ynformearre
by kunde dy 't by de (ek lannelike) radio wurket - 'De
dei fan de Fryske Literatuer'/'Vers uit Friesland' is
dus net wurden wat der fan ferwachte wie. It wie allegear
te nuet, te jierren fyftich, te Frysk. Te Frysk: te
hoeden organisearre, gjin risiko, tuiketuike. En dus:
in feestje foar de eigen parochy. It wie yn Amsterdam,
mar it hie likegoed yn Ljouwert of Menaam wêze
kinnen. Logys dat de lannelike media gjin belangstelling
hiene. Aad Nuis - wa freget no sa'n man foar de iepening?
En in Geert Mak, wat hat dy te sykjen op in manifestaasje
dy 't oer Fryske literatuer giet?
Ik hie in Theo van Gogh ferwachte dy 't interviewend
allerlei dwerse kneppels smiet. In Dette Glashouwer
dy 't provosearjend dwaande wie. Rick van der Ploeg
dy 't him útspruts oer de Fryske literatuer.
Dan hiene der televyzjeploegen west, sjoernalisten fan
de lannelike parse. Mar no - sa haw ik it begrepen -
wie it in suertsjeboel fan friezenûnderelkoar.
Leare wy it dan noait? Binne it te uzes dan altyd de
Oppewals (c.s.) dy 't bepale wat pr of kreativiteit
is? Nee, hoopje ik.
(23-11-2001) - Wensdje ferstoar Saakje Huisman, lies
ik hjoed yn 'e krante. Op slach oerfoel my in soarte
fan skuldgefoel: ik wist dat se slim siik wie, mar ik
ha al mear as in jier neat fan my hearre litten. Gjin
kaartsje, gjin briefke, gjin telefoantsje. No hearde
ik net ta de freonerûnte fan Saakje, mar ik ha
har wol goed kennen. In teken fan meilibjen hie dus
net misstien. Sleau. Eat om oer nei te tinken.
In jier as wat lyn diene wy tegearre in 'kulturele
jûn' yn de bibletheek fan Dokkum. Saakje wie de
skriuwster (har ferhalebondel 'Sûnder hûd'
wie krekt ferskynd), ik de ûnderfreger. Yn it
sealtsje benammen fan dy rjochtoppe froulju, permaninthier,
de hiele jûn de earms oer elkoar ûnder wêr
't ik boarsten ferwachte. Gjin glimk, gjin reaksje,
út en troch in skiterich applauske. Ik krige
geandewei de jûn hyltyd mear de pest yn, mar Saakje
bleau sa 't se altyd wie: fleurich, o sa fleurich.
Ik sil har ferhalen meikoarten wer ris lêze.
(24-11-2001) - Noch efkes oer dy steile froulju, doe
op dy 'kulturele jûn' yn Dokkum. Nei ourin kamen
de measten op ús ta, skodden Saakje en my de
hân en seine: 'Tige tank foar de prachtige jûn.
Wy ha genoten!' Ik tocht: hie dat in bytsje blike litten,
ferdomme! Saakje lykwols glimke fleurich en sei letter
tsjin my: 'Sa binne guon minsken yn dizze omkriten'.
In wike as wat letter wiene deselde froulju foar it
Fryske Boek yn 't spier. Sutelje en gjin ein.
(24-11-2001) - Oerdei hearde ik in nûmer fan
Reboelje op de radio. Dit stikje tekst haw ik ûntholden:
'Fiel de hertstocht, fiel de passy, fiel de waarmte
fan 'e klaai'. Ik haw efkes glimke. Humor ha se dochs
wol, dy klaikers.
(25-11-2001) - Foar 't ik mei dit deiboek útein
sette, wie ougryslik warber yn de nijsgroep 'alt culture
friesland frysk'. Unberoaid warber. Myn teksten wiene
net altiten like parlemintêr, mar se smieten wol
reaksjes op. Der waard wol diskussearre oer fan alles
en noch wat, sis mar. Ferskate lju skreauwen dat ik
myn grutte bek hâlde moast, dat ik ferdwine moast
fan dit poadium. Ik wie dus in steurend elemint yn dizze
nijsgroep. Steurend, mar ynspirearjend. Want de nijsgroep
libbe.
Ut en troch sjoch ik nochris yn de nijsgroep. Cor van
der Wal besiket it út en troch. Meast lês
ik: 'Er zijn geen items in deze weergave'. Wat dus betsjut
dat der gjin harsus ferlet hat fan in diskusjeromte
op it internet. Gjin Fryske harsus, bedoel ik. Want
yn oare taalnijsgroepen (nl.kunst.literatuur / nl.taal
bygelyks) wurdt omraken hinne-en-wer-praat.
(25-11-2001) - Yn 'e rin fan gâns jierren slagge
it my en besjoch út en troch ris in skilderij
fan Jan Mankes. By Thom Mercuur yn Gersleat, yn it Frysk
Museum, yn it Frisia Museum fan Dick Scheringa, op oare
plakken. Arnhem bygelyks. Ik kin net útlizze
wêrom 't it wurk fan dy man my sa oansprekt. Sfear?
Fakmanskip? It folslein unike fan syn portretten, syn
fûgels en geiten, syn lânskippen? Soms woe
ik dat ik in keunstkenner wie, sa'n figuer dy 't alle
keunst betéoretisearje kin. Ik moat it lykwols
mei myn gefoel dwaan. En sa rekke ik fan 'e midzje dus
knap ûnder de yndruk. Op myn gefoel. In hiele
seal fol mei skilderijen, tekeningen en oar wurk fan
Jan Mankes. Yn it Frysk Museum. Te folle suver. Jo hawwe
yn 't earstoan te min eagen om alles te besjen. Jo wolle
te hurd. Doe naam ik de tiid. Ik seach en ik seach.
En ik waard nidich. Wêrom wie sa'n man mar in
foech tritich jier fan libjen gund! Mar ik hie úteinlik
dochs dat goede gefoel: ik hie Jan Mankes sjoen, unyk
keunstner.
(26-11-2001) - 'Gedicht van Hettinga uit dichtbundel'
koppet de LC hjoed op de kultuerside. Ik hie der al
wat fan fernommen, woe it eins net leauwe, mar hjoed
stiet it yn 'e krante. En dus is it wier. Jabik Veenbaas
hat in fers (mei oersetting) fan E.Hettinga 'zonder
formele toestemming' opnommen yn de koartlyn ferskynde
twatalige bondel 'Jij bent zacht als zomerregen'. En
dus komt der in nije printinge. Sûnder Hettinga
syn fers. Jo meie dus oannimme dat de earste printinge
út 'e hannel nommen wurdt. En ferneatige. Wat
in papierfergriemen! Mar ik sil moarn al efkes nei de
boekhannel om myn 'collectors-item' op te heljen.
Fansels hat Hettinga gelyk. Jo nimme net in fers yn
in sammelbondel op sûnder útdruklike tastimming
fan de dichter. Dat is net netsjes. Ek al wie der in
soarte fan mûnlinge tastimming: neffens Veenbaas
hie Hettinga him 'it betrouwen jûn de oersetting
ôf te meitsjen'. Mar dat is dus wat oars as tastimming
jaan om it fers yn in bondel op te nimmen. Dan stiet
de boel swart op wyt. In lyts kontrakt of sa.
Jo kinne jo tagelyk ek oufreegje: hie dit net oars
oplost wurde kinnen? Formeel hat Hettinga fansels alle
gelyk oan syn kant. Mar om no te easkjen de hiele oplage
út de hannel te nimmen fyn ik wat oerdreaun.
Der sil faaks ûnderhûds wat oars meispylje.
Faaks dat Hettinga Veenbaas net mear leaf fynt. Of sa.
In pesterijke? Ik wit it net. Ik sil op ûndersyk.
Want nocht oan ûnnocht haw ik ek.
(27-11-2001) - Presintatrise Gryt van Duinen die my
te witten dat myn stikjes oer 'De dei fan de Fryske
Literatuer', ourûne snein yn Amsterdam, net alhiel
oerienkamen mei har observaasjes. Ik hie alles fan hearrensizzen,
Gryt hat it allegear libbensliif meimakke. Sy hat dus
mear gelyk as ik. It hat yn Felix Meritis in nijsgjirrige
en ouwikseljende dei west. It publyk bestie foar in
lyts part út Friezen. De measte besikers kamen
út Amsterdam en omkriten. It wie sels sa dat
de moarns allerlei Amsterdammers weromstjoerd wurde
moasten omt de boel útferkocht wie. De 'dei'
wie in sukses en sil, as it oan Rudi Wester (baas fan
it organisearjende 'Nederlands Literair Productie- en
Vertalingenfonds') leit, takomme jier werhelle wurde.
(27-11-2001) - Dat stekynebûske ('Jij bent zacht...')
lei oerdei noch yn de Ljouwerter boekhannels. Teminsten
yn de trije dêr 't ik wie. Dochs in stoarm yn
in glês wetter? Of wurde de spierballen de kommende
dagen oppompe?
Ik lies it fers fan E.Hettinga. Ek yn oersetting. Graach
hie 'k skriuwe wollen dat sa'n boekje der wol sûnder
koe. Mar nee. It is in prachtich fers! En knap oerset.
Wat in ellinde! Foar in deiboekskriuwer.
(28-11-2001) - 'Kistwurk' goait oant mids desimber
de lûken ticht. Reden: de redaksje wol syn meiwurkers
(f/m) adekwaat betelje (lykas de webmaster) en der is
gewoan te min jild beskikber. Yn novimber waard 'Kistwurk'
troch de provinsje ƒ20.000 taskikt, mar dat jild
moat beskôge wurde as in brêge nei in strukturele
subsydzje. Earder krige it blêd al ƒ17.000
fan de provinsje. De meiwurkers oan de digitale ferzy
fan it blêd wurkje fergees mei, wa 't útkeazen
wurdt om yn de printe ferzy opnommen te wurden, krijt
al in dofke jild. Soks yn it ramt fan 'âlderwetse'
regelingen.
Tsja, literatuer en jild. It is altyd itselde gedonder.
Mar 'Kistwurk' is yn 't foarste plak in digitaal tydskrift,
is in 'nij medium'. En dy 'nije media' rinne foar de
keppel út. Dêr binne noch gjin echte subsydzjeregelingen
foar. De cowboys fan it internet wurde, bin 'k bang,
noch te folle beskôge as hobbymannen. Ek al wrotte
se har út 'e naden en is har wurk (it tige flot
publisearjen fan literêre teksten) op syn minst
lykweardich oan wat har printkollega's presteare.
It wurdt heech tiid dat der in omslach yn tinken komt.
By guon pommerantsky. Beoardielje in literêr internettydskrift
op deselde wize as in tydskrift dat út en troch
op de matte ploft. Is de kwaliteit fiks foldwaande:
subsydzje! Struktureel.
(28-11-2001) - Niis - it is no goed alve oere, jûns
- lies ik boppesteand stikje werom (om kofjetiid hinne
skreaun). En ik tink: stek ik no fearren yn 'e kont
of krûp ik der sels yn? Positive ferhalen fan
myn (!) kant oer EH-1! No ja. Sjoch, betink ik op dit
stuit, it 'Kistwurk'-ûndernimmen kin ik allinne
mar posityf oer wêze. In digitaal tydskrift is
okee. En 'Kistwurk' is okee. Myn probleem sit lykwols
yn de webmaster/einredakteur/godsels: EH-1. Myn erfarings
mei dy man foarmje in djiptepunt yn myn libbentsje.
Dy ûnbeskofte skellerij, nearne op basearre, hat
my djip rekke. Ik kin in soad oan, mar dat dus net.
Dit efkes as antwurd op de e-mails dy 't ik hjoed (en
juster) krige. 'Kistwurk' is goed. De pr kin better,
is yn finaal ferkearde hân. En dus wurdt it noait
wat. Allinne mar reboelje.
(20-11-2001) - Tsjongejonge! Noch mar trije ouleveringen
fan 'Baas boppe baas' oer it skerm fan ús televyzje
rôljen sjoen en no al wurde 'wy' - de skriuwers
- oproppen om te 'evaluearjen' en te 'brainstoarmjen'.
Dat lêste dan oer in nije rige filmkes. Aardich
trouwens dat se by Omrop Fryslân (en sa) it betrouwen
yn my noch net ferlern hawwe. Hawar, 15 desimber sil
soks heve: weromprate en foarútsjen. As 't heal
kin sil 'k der by wêze. Benammen om oer de honorearring
fan de skriuwers te praten. Want dy binne, safolle is
my al dúdlik wurden, mei in rudige sint de bosk
ynstjoerd. Efkes swartopwyt sette litte wat dy per skript
en per ferfilme oulevering krije. Skjin. Faaks dat der
in kontrakt fan de VVL op tafel komme kin. Sadat ek
dy skriuwers as gewoane profesjonals behannele wurde.
(29-11-2001) - No sil 'k de kommende dagen my ta it
skriuwen fan sinterklaasgedichten sette. Elk jier wer
in lea- mar benammen geastbrekkende klus. It probleem
is, ik wol altyd te yngewikkeld. Sonnetten meitsje en
sa. Moai omearjend rymskema yn de kwatrinen, gûchelje
mei it tal wurdlidden per rymjende rigel - skoalmastergedoch.
Om sjen te litten hoe geweldich ik de Fryske taal behearskje.
It omsittend laach is altyd wer ferbjustere. Jo lêze
de eagen: kin it no net ris gewoan? Mei it no noait
ris in echt sinterklaasfers wêze? Ja hear. Fan
't jier sil ik oan pearkerym dwaan. Is dat makliker?
(30-11-2001) - Juster beseach ik foar de twadde kear
'Walter-P5', in tenielprojekt fan Tryater oer pesten,
selsbewustwêzen, minderweardichsgefoel, grutte
bek mar lyts hertsje - sokke dingen. De earste foarstelling
belibbe ik mei in ploech learlingen, yn in klasselokaal.
Juster waard de foarstelling spile foar my en myn kollega's.
Yn in goed oere spylje Nynke Heeg, Hans Kroodsma en
Tamara Schoppert yn in ferskuorrend tempo dit stik,
wêrby 't se om bar learlingen en lesjouwers/direksje
ferbyldzje. Rjocht foar syn raap en o sa werkenber.
Ek yn it neipetear krûpe de spilers út
en troch wer yn har rol, reagearjend op opmerkings fan
bern en folwoeksenen. Knap! Jo laitsje, soms gean de
huvers oer de rêch. In ferbjusterjend stik toaniel.
Alle kompliminten.
It doel is dat dit stik op safolle mooglik skoallen
foar fuortset ûnderwiis spile wurdt. No noch yn
it Nederlâns, aansen ek yn it Frysk. Want it stik
hat in boadskip fansels. It is in ferfolch op in earder
jongereinprojekt fan Tryater, dat oer geweld gong. Hâld
de bern in spegel foar, fergje har op in stânpunt.
Want as publyk komme se werkenbere sitewaasjes tsjin,
yn it neipetear kinne se har útsprekke. Wurde
twongen har út te sprekken.
Helpt soks? De oanpak doocht: it stik wurdt brocht
yn it lokaal, net yn in ûnbekende seal. De taal
is de taal fan de bern, fan har leararen. Werkenber
dus. Foar de measte learlingen sil dizze foarstelling
net mear betsjutte as in stik ferdivedaasje, bin 'k
bang. Ouwikseling yn it ritme fan al den (skoalle-)dei.
Dat is goed: de bern komme yn kontakt mei teniel. Der
is fansels ek de hope dat guon bern troch dit stik oan
it tinken set wurde, dat in (negative) hâlding
feroaret. Mar dat witte jo noait. Sil ek noait te mjitten
wêze. Mar alles is better as neat-dwaan.
(30-11-2001) - It is as wol Chello/UPC my duorjend
peste. Wurket de e-mail net, is myn thússide
net op it skerm te heljen, kin ik myn deiboekberjochtsjes
net publisearje - der is goddomme om de safolle tiid
wol wat! Is it no sa'n yngewikkelde saak om in server
oan 'e praat te hâlden? |