Deiboek
Begjin jannewaris 2001 sette ik útein mei
in ‘Skriuwersdeiboek’ op it internet.
Fan it begjin ou oan hat it myn doel west om min ofte
mear fan de sydline kommintaar te leverjen op wat
him yn it dochs wol beheinde wrâldsje fan de
Fryske skriuwerij ouspilet. Dy sydline is net alhiel
slagge: ik bin ek wolris meispiler. Fansels makke
(en meitsje – want it ‘Deiboek 2003’
rint oant hjoeddedei) ik wolris in útstapke
nei it ferline. Wertinkens hat elk minske. Myn persoanlike
ynteresse (fûgels, byldzjende keunst) kamen
en komme ek oan ‘e oarder. En as it my oan ‘e
strôt grypt kin ik fansels net om de polityk
hinne.
Mar it Skriuwersdeiboek giet benammen oer de Fryske
skriuwerij, sjoen út myn persoanlik perspektyf.
Sa wie it, sa bliuwt it.