(04-01-2001) - Internet en de Fryske skriuwerij - dêr
sil it televyzjeprogramma oer gean dat snein 28 jannewaris
op Nederlân 1 útstjoerd wurdt. Mei programmamakker
Geart de Vries haw ik dêr tiisdjetemidzje in noflik
petear oer hân. Geart sil ek prate (of hat al praat)
mei Cornelis van der Wal, mei Albertina Soepboer en mei
oaren. Wy sille ús betinken jaan oer in medium
dat yn de Fryske literatuer lykwols noch net oan de berneskuon
ta is. En dat is tryst. Fan dy berneskuon, bedoel ik.
Jo soene dochs ferwachtsje dat sa njonkenlytsen hiel skriuwend
Fryslân him op it internet stoart. Om de wrâld
fernimme te litten dat der wier wol soks as in aktive
Fryske literatuer bestiet. Dat der skreaun wurdt dat it
klapt! Hjoeddeisk, yn alle mooglike sjenres en wier net
mear (sa 't ik hjoed yn in ynstjoerd brief yn de LC lies)
yn de styl fan 'de 19de eeuwse streekroman'.
Fryske skriuwers moatte har oppenearje op it internet
en net allinne mar wachtsje oant de redaksje fan in
literêr tydskrift in ferske of in ferhaaltsje
opnimt of oant in útjouwerij beslút oer
in jier (of noch langer) in boek út te jaan.
Dy tiid hat west! It eigen skriuwersbestean ek sels
yn hannen nimme, dat moat der barre. Gebrûk meitsje
fan de aktualiteit fan it nije medium: it hjoed skreaune
fers kin moarn te lêzen wêze troch de hiele
wrâld. Op de thússide fan de auteur. Donderje
de boel sels de wrâld yn! Op in eigen internetside.
Net mear ûnderhearrich wachtsje op it oardiel
fan oaren. De auteur sels bepaalt wat publikabel is
en hy/sy kin publisearje. Elke dei, elke wike. Op it
eigen foar elk tagonklik plakje op dat nije medium.
Internet betsjut persoanlike frijheid - ek foar de Fryske
skriuwer/skriuwster.
Of hat te uzes dat internet noch gjin status? Binne
jo noch altyd allinne mar in echte literator as jo publisearren
op de bewende wize: tydskrift, boek?
Sokke dingen haw ik tsjin Geart sein. Hawar, ik bin
benijd nei de wurden fan Albertina en Cor. En faaks
oare Frysk-skriuwende internetters. Nije wike wurde
de opnames makke.
(06-01-2001) - Al in hiel skoft lyn - ik wie goed fjirtich
- wurke ik mei oan in literêre jûn mei jonge
Fryske skriuwers. Ik wie de jongste fan de trije dielnimmers.
Sûnt bin ik nea wer 'jong' neamd. Yn Frysk fermidden.
Fannemidzje lykwols hie 'k suver efkes oanstriid en
plak mysels dat predikaat wer op: jong wie 'k op de
Nijjiersgearsit fan It Skriuwersboun yn Akkrum. In pear
hannenfol auteurs noflik by elkoar oan 'e kofje en de
koeke. En de foarsitter winske ús folle lok en
seine. En dat der mar fiks skreaun wurde mocht! Mar
hy prate ek oer jong en âld. Oer jong benammen,
oer de jongere Fryske skriuwers dy 't allegear yn de
stêd Grins skine te wenjen en dy 't - want it
binne idealisten, sei de foarsitter - yn Fryslân
poadia sykje om foar te dragen. Op skoallen bygelyks
om sa de Fryske literatuer ûnder de oandacht te
bringen en talinten oan te boarjen ûnder it puberfolk.
Moai fûnen wy dat. Yn stilte. En de foarsitter
fertelde ek oer praterij mei de Provinsje oer in opfolger
fan it sa mislearre tydskrift FRSK. Dy tekst is my lykwols
wat ûntkommen; myn gedachten namen my mei nei
oare oarden. Faaks dat it deselde tekst wie as in jier
lyn en it jier dêrfoar. Ik rekke wer by de les
doe 't omsittend laach fleurich reagearre op in fleurich
berjocht fan de foarsitter: op 16 febrewaris is it Feest
yn Theater Romein yn Ljouwert. Foar leden fan it Skriuwersboun
en guon oaren. Tryater, poppespul en it boekewikegeskink
fan Douwe Kootstra. No! Dat wie noch ris goed nijs,
fûnen wy. Nei tsienen soene wy dûnsje meie
en sûpe en oangean! Sei de foarsitter.
Doe wie der muzyk en guon liezen in fers of in ferhaal
foar. En der rinkele ynienen in mobile telefoan. Dochs
noch in bewiis fan de tiid fan hjoed.
(08-01-2001) - Ea yn de trein nei Grins siet foar my
oer in man dy 't in boek ûndersteboppe lies. Syn
rjochterhân omklamme de titel, tusken de fingers
fan de oare hân skimere it pertret fan de auteur,
it hier wiisde nei ûnderen. Apart fûn ik
dat. Ik haw it in hoart mei niget oansjoen. Ik gun minsken
har eigenaardichheden, mar dit fûn ik wol hiel
bysûnder.
Justerjûn sei myn frou ynienen: "Do hast
dyn boek op 'e kop". Se hie gelyk, út har
stoel wei sjoen. De ynhâld fan 'Hookstrooks trije
hollen mear' fan Giny Bastiaans is ferkeard yn it omkaft
set. Yn myn eksimplaar. Ik hie der gjin erch yn hân
doe 't ik op in willekeurich plak yn dat boek oan in
ferhaaltsje begûn. Sûnder neitinken hie
'k de tekst rjocht foar de eagen draaid.
Ik siet thús op de stoel. Aldergeloks net yn
in trein. Mar in apart gesicht moat it al west ha.
(09-01-2001) - Hy kaam rjocht op my ta en krekt foar
't ik in stap fansiden dwaan soe, tilde er de pet op:
Piter Yedema! Blinders! Hoe is 't mei dy jonge? Bêst!
En mei dy? Ja, bêst. Mei my ek bêst! Ja
hear... Doe wie 't efkes stil. Sels de Mercuriusfontein
swijde. Piter draaide yn stilte in sjekje.
Skriuwers kinne allinne mar prate oer skriuwen. Want
fierders binne skriuwers sa a-sosjaal as de pest. Dat
Piter en ik praten oer de skriuwerij. Piter dichtet
en Piter is dwaande mei Rilke. Oersettings, bewurkings.
En Klaes Bruinsma stipet. Gôh, sei ik. En, sei
Piter, Eric Hoeksma of -stra hat Nietsche oerset yn
it Frysk. Zaratûstra. 'Er sprach' of soksawat.
Gôh, sei ik wer. Want Nietsche yn it Frysk - dat
Frysk is dochs wol in hiel wichtige taal, hear.
Piter wipte it oubrânde sjekje rûtineus
yn 'e goate - wy fûstken wer. Ik dichtsje ek,
hie 'k noch sizze wollen. Tsjin de man dy 't yn in earder
libben myn earste dichtbondel de himel yn priizge. Mar
Piter wi al ûnderweis nei De Tille. Of nei V&D.
Kin ek.
(11-01-2001) - In 'harkersliet' meitsje, juster 'live'
by Omrop Fryslân-radio - it is efkes bannich,
jo wrotte mei wurden, ideetsjes, folsleine fersen en
oare opsetsjes, farsk oanlevere fan harkers nei 'De
Middei'. Efkes oer twaën in oprop yn 't programma
en oardel oere letter moat der in produkt wêze,
in sjongsum refrein dizze earste útstjoering.
Want it moat in liet wurde, gjin gedicht mei in frije
foarm. Dat piele mei metrum, tal wurdlidden en rym.
Skriuwe, skrasse, telle, op 'e nij skriuwe, skowe mei
wurdgroepkes, wer ris de opsetsjes fan harkers der by,
op 'e nij begjinne, skriuwe, skrasse, sykje nei in gaadlik
rymwurd. Soks. Yn oardel oere in refrein meitsje- (ho!
sûnt Gurbe elke wike taalman Rienk de Haan yn
de útstjoering hat is in refrein ommers in 'kearsang')
-, hâldfêst foar de harkers, om dêr
de kommende dagen op fierder te bouwen, om my de gelegenheid
te jaan nije wike wensdje in earste kûplet te
meitsjen. Of mear. Bannich, want ûnder tiidsdruk.
It is dus wier net sa dat de 'begelieder' fan it harkersliet
thús yn alle rêst dat liet skriuwt en yn
de útstjoering de harkers sabeare de yndruk jout
dat it ynteraktive radio is. Is is echt in wikselwurking:
it liet wurdt foar it grutste yn de studio makke, tidens
de útstjoering, 'live' dus. Bannich efkes, mar
prachtich wurk. Oer goed twa wiken moat de tekst klear
wêze - in komponist/sjonger kin der dan in liet
fan meitsje.
(11-01-2001) - Wer in erfaring riker: as Grutte Hear
Nayf yn Televyzjelân. Yn 'e wenkeamer breedút
op in bank dêr 't ik oars noait op sit, it each
fan in mânske kamera op my rjochte, boppe de holle
oan in soarte fan angel in mikrofoan en deun foar my
de freonlike holle fan Geart de Vries dy 't my ('Kalm
oan mar, it stelt neat foar, it is mar televyzje' liket
syn lichemstaal te sprekken) syn fragen stelt. En ik?
Ik praat oer internet, oer myn pielen mei dit medium,
oer it belang fan internet foar de Fryske skriuwerij.
Foar myn gefoel swets ik foar it leave faderlân
wei, bliuw ik hingjen yn sinnen, sis ik trije kear itselde,
betink ik 'statements' oer saken dêr 't ik eins
noch noait oer neitocht haw. De kameraman sjocht ûnfersteurber
nei de monitor, de lûdman nei syn lûdbân
en Geart fitert my hyltyd oan mei nije fragen. En mei
eardere fragen dêr 't ik yn earste ynstânsje
wat knoffelich op antwurde. Trije faklju dy 't my -
nearzich mantsje, Grutte Hear Nayf - efkes middelpunt
meitsje fan harren bestean. Har wurk dogge dus.
Letter, op myn keamer achter de computer, fiel ik my
lykwols as in fisk yn 't wetter. It each rjochte op
it byldskerm, my net mear sa bewust fan de drokte om
my hinne.
Hast twa oeren opnames foar - wat sil it wurde? - in
hânfol menuten televyzje. Gôh, tink ik as
ik de mannen útfûstke ha en in glês
sûpe drink: ek in fak om bannen fol swetserij
werom te bringen ta in menútmannich besteklik
praat...
(11-01-2001) - Hjoed lies ik: "Een schrijver is
iemand die zelden schrijft" ('Het roer kan nog
zesmaal om', autobiografise oantinkens fan Maarten 't
Hart, side 153). Neffens 't Hart wurdt in skriuwer te
faak fan syn wurk ouholden omt er allerlei oare saken
dwaan moat. Kloppet. Seker ek yn myn gefal. Mar oars
as by Maarten 't Hart binne it by my net oaren dy 't
jo oandacht freegje, jo fan it skriuwwurk ouhâlde
- ik doch it mysels oan. Faak hiel bewust. Ik griis
der tsjinoan om wer oan in roman te wurkjen. Ik flechtsje.
Yn saken dy 't ik eins aardiger fyn. Folle aardiger.
(14-01-2001) - Wy ha hjoed oerdei wer hurd wurke oan
'Baas boppe Baas', de televyzjeseary dy 't Omrop Fryslân
fan 't hjerst yn 12 wyklikse ouleveringen útstjoere
sil. Wat in Fryske 'soap' wurde soe, wurdt in lichte
dramasearje. It idee fan in 'soap' hat trouwens mar
hiel koart oan 'e oarder west. Daalk troch ús,
de skriuwers, fersmiten. It wurde 12 ousûnderlike
ferhalen. Mar wol mei deselde haadfiguren op ien lokaasje.
It doel is dat it drama mei in knypeach wurdt. Net te
swier. Lichtfuottich - sûnder maatskiplik relevante
saken út 'e wei te gean.
Nimmen fan ús hat echte erfaring mei sénarioskriuwen.
Dat leare wy fan Michael Belderink en Karin van der
Meer, twa topminsken fan Endemol/Scriptstudio. Dat wy
piele mei 'synopsis', 'beatsheet' en 'treatment'. In
einprodukt (it 'script') is noch net echt oan 'e oarder,
mar komt wol hyltyd tichter by fansels. Yn maaie moat
der in fikse steapel troch Steven de Jong te ferfilmjen
kant-en-kleare skripts lizze. Komt wol yn oarder. Wy
leare hurd oan. Wêr 't it dus om giet is dat wy
de ferhalen dy 't wy betocht hawwe yn in skript fan
sa'n 28 menuten jitte. Dat ferget in beskate skriuwtechnyk.
En dy is ús hjoed dus wer wat mear oanleard.
Ik fyn it prachtich. Dizze wize fan tinken en skriuwen,
fan it komponearjen mei sênes, it gûcheljen
mei tellen en menuten is nij foar my. As skriuwer fan
bygelyks in roman gean jo selden op de stoel fan in
lêzer sitten - in skriuwer fan in skript sit duorjend
op de stoel fan in televyzjesjogger. Jo tinke by it
skriuwen duorjend yn bylden. Fassinearjend!
(16-01-2001) - It binne fan dy ûnbestimde mominten.
Yn de nijsgroep alt.culture.friesland.frysk binne guon
lju wer ris benypt-Frysk warber. Ik haw besletten om
mar in skoft net mei te dwaan. Myn tiid kin yn oare
saken stutsen wurde. En dan wol it net rjocht mei dat
'harkersliet' - moarn moat ik wol 'live' op Omrop Fryslân:
wrotte dus, dizze nacht en moarn oerdei! Want Gurbe
(en de harkers) ferwachtsje al wat. Ik bin dwaande,
mar it wol net. En dochs bin ik der moarn. Mei in kûplet.
Tink der mar om... Ik bin allinne benijd of Wim Beckers
mei myn tekst út 'e fuotten kin. Hy sil fan myn
gepiel en wrotterij in liet meitsje moatte. Komt by
dy skriuwerij foar OF-televyzje: wat ik oant no makke,
wie wol yn oarder. Mar ik wol fierder. Rare momìnten.
Oerslaan sa'n dei as hjoed.
(17-01-2001) - Sa dwaande mei dat 'harkersliet' krije
jo wol djip respekt foar de âlde masters dy 't
it iene nei it oare sonnet komponearren. In sonnet:
de wurdlidden telle per rigel, tinke om einrymskema's
en metrum en soks allegear yn it beheinde ramt fan in
beskaat tal rigels. Wat in gedoch moat dat west hawwe
- en noch wêze, want út en troch komt my
sa'n keunstwurk noch wol ris ûnder eagen. As dichter
makke ik my noait drok om sok nifeljen, as makker fan
in liet ûntkomme jo dêr net oan. Respekt
dus foar keunstfersmakker, respekt ek foar lietskriuwers,
tekstdichters. Myn hobby sil dat noait wurde. Foar my
is it echt wrotten!
(21-01-2001) - Fannemoarn lies ik de earste beide haadstikken
fan 'It Guozzeroer', de nije en - dat is wis - lêste
roman fan Rink van der Velde. It ferskinen fan dizze
lytse roman (119 siden) bin 'k wiis mei, mar tagelyk
wurd ik der wat tryst ûnder. Rink is slim siik.
"Ik gean dea", sei er in wike as wat lyn troch
de telefoan, "mar dizze útjefte woe 'k eins
al efkes meimeitsje". Benammen ek, sa sei er, omt
der foar de earste kear in ynbûne útjefte
mei gean sil fan in boek fan him. Njonken de wenstige
paperback. Dêr hie er by syn útjouwer al
withoefaak om frege. Koe noait. No wie dat dus slagge.
It boek is der. En Rink hat de útjefte belibbe.
Earne yn my libbet no in earnstige en tryste ferwachting:
hoe lang noch? Wannear berikt ús it berjocht
fan syn dea?
(21-01-2001) - 'Uitgeverij Noordboek' is de Grinzer
poat fan de Friese Pers Boekerij. Dizze útjouwerij
leit him ta op Nederlânstalige útjeften.
Ek Fryske skriuwers profiteare dêrfan. Sa ferskynden
koartlyn de earste Nederlânstalige misdiedroman
fan Sietse de Vries ('De spelbepaler') en de oersetting
fan 'De oare helte' fan Tineke Steenmeijer-Wielinga
by Noordboek. Tineke har boek oer Nynke van Hichtum
is no beskikber foar in breder publyk. Dat is moai.
Tsjinstridige gefoelens haw ik oer de nijste útjefte
útjefte fan de Grinzer útjouwerij: 'Moord
in het Provinciehuis', de Nederlânse oersetting
fan 'Moard yn it Provinsjehûs' fan Frâns
en (no ja...) Tineke Steenmeijer. Fansels, ik bin bliid
mei elk Frysk boek yn oersetting. Bliid foar de Fryske
skriuwerij, bliid foar de auteur(s). Ik gun elke skriuwer
syn of har sukses. Myn betinken yn dit gefal giet oer
de kwaliteit fan dit boek: 'Moard yn it Provinsjehûs'.
Ik haw dat boek twa kear lêzen en myn oardiel
is net posityf. It is in boek dat oan 'e iene kant in
moderne misdiedroman wêze wol, yn ús tiid
spilet (ik lês oer de arkaden op it Ljouwerter
Zaailand - om mar ris wat te neamen) , mar tagelyk de
sfear asemet fan lang lyn. De tiid fan 'oubollige' Havanks
en dy fan Theo ('Moord in de Ridderzaal') Joekes. It
feit allinne al dat in Fryske 'mynhear de resjersjeur'
(in Deschesne(!)) út Den Haag wei roppen wurdt
om suver op syn ientsje in moard op te lossen dy 't
yn Ljouwert barde, is net fan dizze tiid. En hoe 't
dy resjersjeur as in echte bobo heind, let en set wurdt
- soks kamen jo yn de âlde speurdersboekjes tsjin.
Fan jierren her. In 'speurdersroman met een knipoog',
neffens it parsebrocht fan Noordboek. My is dy knypeach
blykber ûntkommen. Of ik lês net goed. Kin
ek.
Ik hoopje wier dat dizze Nederlânse oersetting
(nettsjinsteande myn betinken) goed ûntfongen
wurdt yn it Nederlânse taalgebiet. Mar ik hoopje
ek dat Noordboek meikoarten oare Fryske misdiedromans
yn oersetting útjaan sil. 'De ielfretters' fan
Bertys Klazinga bygelyks. Of 'De lange jacht' fan Rink
van der Velde. Dat binne boeken dy 't mei har regionale
kleur echt wat tafoegje oan de misdiedskriuwerij yn
it Nederlânse taalgebiet.
(21-01-2001) - Krekt de lêste siden lêzen
fan 'It Guozzeroer'. Rink nimt yn styl ouskie fan de
Fryske skriuwerij.
(22-01-2001) - Trije nije Fryske boeken dit kear. Ien
minder as gewoanwei. Foar de mikrofoan fan Radio Eenhoorn
(Het Bildt, Frjentsjeradiel, Menameradiel) koe 'k jûn
wer wat aaien kwyt. Echte besprekken binne it net fansels,
mar it is altyd aardich om ienris yn de trije wike in
menút as tsien prate te kinnen oer krekt ferskynde
boeken. Jo witte net oft der immen nei harket, en jo
kinne ek noait neigean of myn praatsjes ynfloed hawwe
op it keapgedrach fan lêzers - mar, tink ik dan
mar - net sketten net rekke. Oandacht foar Fryske boeken
(yn alle sjenres) bliuwt needsaak. Ek foar in lokale
omrop.
Komt noch in persoanlik 'belang' by: omt hast alle
útjouwers sa freonlik binne my de measte nije
útjeften ta te stjoeren, fiel ik my ferplichte
alles te lêzen én oandacht te jaan. Ik
bliuw dus op 'e hichte fan de nije Fryske literatuer.
Besprutsen dit kear in roman, in mearkeboek en in boek
fol berneferskes. Fan trije ferskillende útjouwers.
Want dat hâld ik skerp yn 'e gaten.
(24-01-2001) - Yn de gebou fan Omrop Fryslân
moete ik fannemidzje in jonge út it noarden fan
Finlân. Syn namme haw ik net ûntholden.
Hy sil even âlder as 20 west ha. Wy ha mar in
wurdmannich wiksele, want suver op datselde stuit moast
ik by Gurbe op besite. Wylst ik nei de radiostudio rûn,
realisearre ik my: wy praten Frysk tsjin elkoar. Jo
ferdomd: wy praten Frysk! In Finse jonge - noait earder
yn Fryslân west - praat Frysk tsjin my. Ik fûn
dat hiel bysûnder. Letter hearde ik dat syn Frysk
skriuwen noch better is as syn Frysk praten. No herinnerje
ik my ynienen dat er sei dat der yn de streek dêr
't er wennet, in soad belangstelling foar de Fryske
taal is. Tsjong!
(24-01-2001) - De tekst fan it harkersliet is klear.
Ik haw de definitive ferzy yn 'De Middei' foarlêzen
en de tekst trochjûn oan de oudieling 'nije media'
fan Omrop Fryslân. It liet is te lêzen op
de 'website' fan OF. Wim Beckers sil der mei syn groep
'Om 'e Noard' in echt liet fan meitsje. Nije wike wensdje
wurdt it útfierd.
(25-01-2001) - "De eenentwintigste eeuw wordt
de eeuw van de Dood, dacht ik. Van jouw dood en mijn
dood. Iedereen die ik liefheb zal de volgende eeuw sterven".
(neffens it haadpersonaazje yn 'Verloren tijd' fan Jef
Rademakers - 1999). Sterker noch, tink ik: suver elkenien
dy 't no libbet, sil dizze ieu net oerlibje. In gedachte
dy 't my rêst jout. Alle minsken feriene yn itselde
lot.
(27-01-2001) - 'It literatuerfabryk' is in hiel aardich
ûndernimmen: jou literêre talinten in stim
foar in libben publyk. Sa hearde ik fannemidzje yn it
kafee fan Teater Romein (Ljouwert) bekende en ûnbekende
stimmen dy 't eigen en oarmans wurk foardroegen. Dat
lêste yn de rubryk 'it favorite fers fan'. Aardich.
De beide minsken fan de Parnas-skriuwoplieding foldiene
my omt se it bewiis joegen dat talint stipe wurde kin
- saakkundige begelieding kin beginnende skriuwers in
paad wize en soms docht dat fertuten. De sjonger yn
dit bûnte selskip song min en hy spile noch minder
gitaar - sa beroerd allegear dat it prachtich wie om
der nei te harkjen.
Djiptepunt fan de midzje wie in petear tusken Nyk de
Vries en Elly Veltman. Nyk moatte jo gjin fragen stelle
oer wat 'er bedoelt' en 'wêrom 't er it sa opskreaun
hat' en sa. De jonge krijt dan gjin trije wurden achter
elkoar. Seker net as de fraachstelster yn panyk ek noch
freget hoefolle tiid der noch is. Se wie der dúdlik
ou. Nyk moatte jo foarlêze litte. Dat die er nei
dat mislearre petear. Doe koe er himsels wêze.
Prachtich. It hichtepunt fan de midzje. Om my hie er
wol wat langer oan it wurd wêze kinnen. Mar yn
'it literatuerfabryk' wurdt yn menuten sprektiid rekkene.
(28-01-2001) - Fansels seach ik fannemidzje op Nederlân
1 nei de dokumintêre oer Fryske skriuwers op it
internet. Ik bedoel: hoe faak bart it dat jo kop en
wurd lannelik oandacht krije... Knap makke programma,
wie myn earste oardiel. Profesjoneel. Moai fan foarm.
Ouwikseljend fan ynhâld. Mar - en dan bin ik mei
myn eigen plaatsje oan 'e gong: wie ik net tefolle de
'oudere grijze goed formulerende heer' (sa 't ik yn
in e-mail lies, jûn)? Ja fansels. Moarn sil ik
dizze dokumintêre nochris besjen. En bewûndering
opbringe foar de kreativens fan Cor, foar it ouwoegene
fan Albertina, foar it dizenige fan Eeltsje, foar de
noflik-ûnnoazelens fan Trinus, foar it saaklike
fan mysels(?) Bewûndering - och ik wit net. Wy
hawwe ús ferhaal ferteld. De regisseur hat syn
kar dien, hat it programma makke sa 't er dat sels foar
eagen hie. En wy, ûnderwurpen, hawwe ús
dêr ûnder del jûn.
Feit is wol, fernaam ik niis, dat myn thússide
ynienen bestoarme wurdt troch tsientallen besikers.
En dat fyn ik dan wer skitterend!
(30-01-2001) - 'Impact' is it wurd, miende ik. Binne
jo al safolle jierren op allerhande mêd warber,
bealgje jo bygelyks tiden oan in roman, dogge jo wolris
wat op de radio, stiet jo foto út en troch yn
de krante - och, allegear wol aardich. In inkeld wurd
as reaksje. In e-mailtsje. Soks. Dan komt jo kop in
telmannich op de televyzje en ynienen wurde jo oansprutsen
troch frachten minsken dy 't fertelle dat jo op de televyzje
wiene. Wat hat sa'n medium ynfloed! Ik fyn 't prachtich,
hear. Mar ik tink ek: wat moat bygelyks Albertina Soepboer
oerkomme dy 't even earder ek noch in wichtich 'item'
wie yn it NOS-Journaal...
(30-01-2001) - Utnoege wurde foar in 'feestlike boekpresintaasje'
is moai. As it giet om twa boeken is dat noch moaier.
En hielendal skitterend fyn ik it as it giet om nij
wurk fan minsken waans wurk ik bewûnderje. Sjoerd
Bottema skreau in literêre thriller: 'It aai fan
Siderius'. Hjirmei wurdt in nije speurder yn de Fryske
misdiedskriuwerij yntrodusearre, want it sil in 'ynspekteur
Hofstra-mystearje' wêze. Fan Baukje Wytsma komt
har sânde dichtbondel út: 'Kom mei de koer'.
Ja, tink ik dan by sa'n berjocht, wat jo ek op it internet
útfine en hoe grut jo mei dat medium de mooglikheden
foar de Fryske literatuer ek ynskatte, der giet neat
boppe in 'echt' boek. Twa echte boeken op kommendeweis
dus. Feestlik presintearre. Mei rjocht en reden, hoopje
ik.
(30-01-2001) - Hjoed saaide mei in lome mar o sa krêftige
wjukslach in mûzefalk krekt foar de auto oer de
dyk. In grutte dûnkere man. Efkes fierderop struts
it wyfke buizerd op in peal del. Poëzij yn beweging.
Ik woe dat ik soks dichtsje koe.
|