deiboek   skriuwersdeiboek 2001
(01-07-2001) - In part fan dizze sneintemoarn haw ik sinfol bestege: ik lies it nije nûmer fan it literêre tydskrift 'Hjir'. In blomlêzing fan ferhalen, fersen, oersettings, resinsjes en skôgings. Aardich, mar sa sit it blêd al jierren yn elkoar. In blomlêzing fan ferhalen, fersen, ensfh. Nei alle gedachten is dat it belied fan de redaksje fan 'Hjir': seis kear jiers in blomlêzing meitsje fan aktuele Fryske literatuer. Neat mis mei fansels, mar it is sa ferrekte foarspelber. It brune slúfke mei in nij nûmer fan 'Hjir' der yn lit ik soms skoften lizze: letter mar ris sjen. Soks wylst oare (literêre) tydskriften meast daalk myn omtinken krije. Omt ik benijd bin nei de ynhâld, omt ik it spannend fyn der yn om te noaskjen. Omt ik net wit wat ik foar aparts ûnder eagen krije kin. By 'Hjir' wit ik dat: in blomlêzing fan... En dan ek noch dat lullige formaat, lytser as in dûbelteard A4'ke. 'Hjir' is foar my gjin aventoer. 'Hjir' is in Frysk-literêre folder.

(01-07-2001) - Wy rekken yn Fryslân twa tydskriften kwyt. Earst 'De Strikel' (troch de útjouwer de nekke omdraaid), doe 'Frysk en Frij' (troch de provinsje fermoarde). It aparte is dat ik 'De Strikel' gjin tel mist haw, soks yn tsjinstelling ta 'Frysk en Frij'. Opfallend fyn ik it dan dat 'Trotwaer' de lêste jierren in hyltyd heger 'Strikel'-gehalte kriget. En as ik de plannen fan de provinsje lês, soe dat gehalte noch heger wurde moatte. 'Trotwaer' aansen as 'algemien kultureel moanneblêd'. Nijsgjirrich!

(02-07-2001) - Radio Eenhoorn: in lytse roman besprutsen, in dichtbondel en in boek oer de 'Alde Feanen'. Myn harker(s) krijt/krije waar foar syn/har jild... Aardich wie trouwens dat de presintator fan my hearre woe hoefolle Fryske simmerboeken der fan 't jier ferskynd wiene. Hy gong der breed foar sitten, ferwachte nei alle gedachten in lange list. No, eins allinne mar dat boekje dat ik by my hie, moast ik skruten erkenne. Hy: 'In earmoedige simmer dus foar de Frysk-lêzer'. Ik haw knikt.

(03-07-2001) - Soms ha jo it mei in boek. Jo lêze ien haadstik en jo witte: nee. Jo lêze troch. It bliuwt nee. Mei muzyk kin dat ek sa wêze: dit wurdt gjin 'hit'. Jo fiele dat by yntuysje. Faak kloppet it. Ek nije televyzjeprogramma's lizze op dy souwe, wurde beoardiele op basis fan in earste yndruk. Sa seach ik juster en hjoed op Omrop Fryslân puberaal gepiel mei in bakfytsbrommer of sa. Popyjopygedoch fan in al jierren achterhelle soart. Dat de hiele simmer duorje moat. Wurdt him dus net. Fiel ik oan alles.

(03-07-2001) - Meindert Bylsma: 'In faai hinnekommen'. Wat de foarm fan de fersen oanbelanget eksperimintearret Meindert yn dizze bondel in bytsje - kin 'k wol wurdearje. De ynhâld lykwols skodde my net wekker. Ik bin oars in leafhawwer fan de poëzij fan Meindert Bylsma, mar dizze bondel fyn 'k oerstallich, foeget neat ta oan wat ik al earder út Kimswert wei fernaam. (**)

(04-07-2001) - Doe 't Jim M dea gong, wie 'k tritich jier jonger. Hy waard 27 jier. Ik wie 2 jier jonger doe. En ik wie lulk. Ik wie ek lulk doe 't Jimmy H dea gong en Janis J. Ougryslik lulk wie 'k. Ik fielde dat ik yn 'e steek litten waard. De muzyk dêr 't ik foar keazen hie, de muzyk dy 't myn libben begeliede soe, waard oubrutsen. Ein. Ik fierder. Sy net. Sy fûnen 27 jier wol genôch. Doe 't ik 27 waard, haw ik hûnderten gedichten skreaun - tûzenen kilometers haw ik neitocht. Fytse en kuierje yn de Krimpenerwaard. Ik wie in puber doe, heit en man, skoalmaster, mar adorearjend puberaal. Sykjend. Iensum. Oant ik fan 'e iene tel op 'e oare wist: ik bin folwoeksen. Ik gean fierder. Fansels gean ik fierder. Frou en bern, faaks noch in bern. En wat noch mear. Ik gean dus fierder.

En dat haw ik dien. Oant de dei fan hjoed. Mar dochs: Jim M, Jimmy H, Janis J. Frjemd dat muzyk jo hjitfolget - oant de dei fan hjoed. Fierder...

(05-07-2001) - Op de side fan 'Kistwurk' (wurdt dat noch wat, of bliuwt it de digitale ferzy fan alwer in - subsidiëarre - literêr tydskrift?) seach ik jûn dat Hylkje Goïnga op kop giet wat de Gysbert Japikspriis oanbelanget. De kar fan de lêzers fan it digitale 'Kistwurk' (sa'n 150!!!). Fansels, myn harsens binne ferweake troch dit idioate waar, troch de drank, troch de druk fan myn wurk, troch de sigaarkes, troch de skiterij fan ús kat, mar - tink ik - Hylkje dy 't de GJ-priis winne moatte soe? Yn 2001? Skamje jim, kiezers! Goedkeap sintimint! Achterou-gelul. Hylkje is dea, dus tamtamtam!!! Hylkje hie dizze priis 12 jier lyn al hawwe moatten. Dat as in sjuery dat beskamsume gedoch op 'Kistwurk' folgje soe (ha!), dan is dat in minne sjuery.

Hylkje Goïnga waard te min wurdearre by har libben. In postume GJ-priis oan har soe ik, simpele lêzer, skôger en sa, in mislediging fine.

(06-07-2001) - In freon fan my lêst faker yn 'Kistwurk' (de digitale ferzy) as ik. Hy mailde my niis dat boppesteand deiboekfrachmint oer de GJ-stimmerij/Hylkje Goïnga opnommen is yn de rige kommintaren dy 't parallel giet oan dy stimmerij op 'Kistwurk'. Fansels ha 'k efkes sjoen (20.20 oere). It stikje is twa kear opnommen. Apart. Om twa redenen: ik haw dat kommintaar der nét op set. En ik freegje my no ynienen ou: wêr komme dy oare kommintaren wei? Wa hat dy skreaun? Nergens fyn ik de boarne fan sa'n kommintaarke, ek by myn stikje net. Nochris: apart.

No haw ik der gjin inkeld beswier tsjin dat stikken út dit 'skriuwersdeiboek' op oare plakken publisearre wurde. Dat bart, wit ik. Oant no waard dêr altyd myn tastimming foar frege. In kwesje fan skriuwersfatsoen.

(07-07-2001) - De namme Willem Schoorstra bin 'k al ferskate kearen tsjinkommen yn ús literêre tydskriften. De fersen en ferhalen dy 't de man skriuwt, sprekke my oan. Ik tink dat Schoorstra in grut skriuwer wurde kin, of faaks al is - ik haw efkes tiid noadich foar sa'n oardiel. Ik wurdearje, yn alle gefallen, wat hy skriuwt, publisearret. En dan ynienen, hjoed oerdei - via de streekpost - komt in slúf fan Frysk en Frij op 'e matte: 'Ynwijing', gedichten. In bondel fersen fan Willem Schoorstra. Ik haw der wat ynomlêzen - de bondel giet, takomme wensdje, mei op fakânsje. Ik wol hjir tiid oan besteegje. Want ik fiel by yntyúsje dat dit boekje yn oarder is.

(08-07-2001) - Ik wie niis (00.09 oere - de dei is jong, hartstikke jong) op de side fan 'Kistwurk' en ik haw in stim útbrocht op dat GJ-gedoch. Ik keas foar Josse de Haan. Omt ik wissichheid hawwe woe, haw ik noch in kear stimd. Wer op Josse fansels. Mocht net, sei it program dat se dêr by 'K' ynhierd hawwe. Jo meie net faker as ien kear deis stimme. No, tink ik dan, as ik al myn freonen oanskriuw en harren freegje op skriuwer X (of sa) te stimmen - in dei as wat achter elkoar -, dat wurdt X yn dizze 'poll' sûnder mis spekkeaper. Ik sil dat net dwaan. Ik haw no twa kear op Josse de Haan stimd. Ien kear te folle eins (hoewol 't dy twadde kear net meitelde). Mar hawar, ik haw dat opbychte... ik rekkenje op absolúsje. Boppedat: wat is de wearde fan sa'n stimmerij.

(It kin ek noch oars - jo kinne de boel ek noch op in oare wize persoanlik beynfloedzje: jo kinne ommers sa faak as jo wolle kontakt sykje mei 'Kistwurk' en stimme... Tsjonge jonge, wat meitsje ik my ynienen drok oer dizze flauwekul!)

(08-07-2001) - Myn byldskermklok rjochtsûnder jout my noch 8 menuten foar dizze dei. Niis haw ik (nei in lange dei Amsterdam, de bern en sa) de voice-mailberjochten ouharke, de e-mail besjoen, en ik wit no: myn wurden op dizze side hawwe 'impact'. Ik jou ien antwurd. En dan giet it om de skriuwerij earder op dizze dei: "Ik bin in erchtinkende sek, ik bin in fierste min wurdearre skôger fan de Fryske wrâld, ik haw in misdiedige geast en ik bin 'in wite raven yn de oer 't generaal tsjustere Frysk-literêre wrâld' want ik 'doar myn bek iepen te dwaan'. Is 't net goed! Hiel goed!

(09-07-2001) - Hy is brêgewipper op 't stuit. Lieuwe. Twa brêgen en twa lytse draaien binne syn ferantwurdlikens. Midden yn 'e Gerdyk. Bannich wurk út en troch, einen rinne op in dei: "De broek wapperet my hyltyd wider om 'e kont". Mar hy hat it nei 't sin. Tige!

Lieuwe. Gaoot. Grut sinikus. Sûnt de kweekskoalle yn Drachten kaam ik him net faak mear tsjin. Hy waard gjin skoalmaster, studearre fierder yn Grins; bibliotekaris is er wurden. It 'Scheepvaartmuseum' yn Rotterdam hie in bêstenien oan him. Hy skreau boeken oer maritime ûnderwerpen. In skoft lyn hold er op yn Rotterdam en fear syn skip, syn hûs, nei Ljouwert. Docht ûndersyk nei in seeman út earder tiden: in nij boek. En fan 't simmer is er brêgewipper op 'e Gerdyk. It sinisme strielet him noch út 'e eagen, mar ek humor, wille.

'Dy foto yn 'e krante lêstendeis', frege ik hoeden, 'de brêge dy 't hjir op dat skip dondere...'. Lieuwe lake. 'Ja', sei er, 'myn skuld. Flaterke' En: "Mar it wiene freonlike minsken, hear. Dy fan dy boat. Se hawwe har kreas oan my foarsteld". Ald-bibliotekaris, skriuwer fan yndrukwekkende boeken, no-brêgewipper, gaoot - wa oars as Lieuwe!

(10-07-2001) - It binne mar stikjes dy 't ik hjir dellis, observaasjes út Menaam wei. 'Pro memoarje-notysjes' skriuwt Pieter oan my yn in e-mail. En dat is wier. It stelt allegear ek neat foar. Ik doch mar wat. Ik bin hiel yntuytyf dwaande. Mar ik bin dwaande. En ik haw wier gjin idee wa 't dit lêst. En hoefolle dit lêze. En wêrom. Ja, út en troch krij ik in lullige (en dus anonime) e-mail, soms stiet der in frjemd ferhaal op ús voice-mail (ek anonym), in inkele kear wurd ik op myn teksten hjir oansprutsen (dierber!) of wurdt der earne oer skreaun. Feit is dat ik gewoan opskriuw wat ik tink, fyn, fiel, observearje, belibje en sa - en dat publisearje. Op in side dy 't troch in selekt publyk lêzen wurdt, ik bin my dêr tige fan bewust. Juster - ik haw it efkes neisjoen - hawwe 52 minsken in besite brocht oan myn thússide. Is dat in soad, binne dat minder as echte lêzers fan in Frysk-literêr tydskrift? Ik wit it wier net. Mar salang 't immen my lêze wol - op dizze side, yn dit deiboek - gean ik troch. Sûnder ien pretinsje.

Mar, leave lêzer(s) - (it is goddomme al wer 00.13 oere, tiisdje us) - ik bin dit skriuwersdeiboek sûnder pretinsjes úteinset, sa sil it oer hast in healjier ek einigje. Ik bin benijd. Ik haw gjin idee wat ik moarn (is: letter op 'e dei) skriuwe sil.

(10-07-2001) - In lytse oanfolling op myn stikje fan fannacht. Der komme wierwol aardige reaksjes op dit skriuwersdeiboek, hear. My is it sa stadichoan dúdlik wurden dat ik in ploechje tige trouwe lêzers haw, lju dy 't in kearmannich wyks (of elke dei!) efkes lâns komme op myn side. Ut en troch komt der in kommintaar, in reaksje. Soks stimulearret fansels. En jouwe my de kriich om aansen, oer in wike as wat, as ik werom bin fan in fakânsjereis, gewoan troch te gean. Gewoan.

nei boppe» © Joop Boomsma