(01-06-2001) - Op 'e fyts sjocht de wrâld der
efkes oars út as achter it stjoer fan de auto.
Jo sjogge en hearre mear. En better. Ljochtgrien skearde
greiden. En grientoppe ekers. Ut en troch lykwols ek in
stikje greide mei 'echt' gers, dêr 't blommeguod
noch kâns hat. Skriezen seach ik, hearde ik. In
soad skriezen. It heucht my net dat ea safolle skriezen
my - glimkjende fytser ûnderweis fan en nei Menaam
- beselskippen, lûdroppend my besochten fuort te
jeien. Of har gewoan op in peal of in hikke besjen lieten.
Giet it dan wier sa min mei dizze fûgel?
(01-06-2001) - Ja, it giet min mei de skries. 'Vogelbescherming
Nederland' seit it sels, hat der koartlyn in grutte
aksje foar op tou set. Om dy fûgel te rêden.
Ik moat net sa posityf seure. Dat is sa'n bytsje de
teneur fan de e-mail dy 't ik niis krige. Ik moat der
wat om gnize. Wat ik om my hinne sjoch, doocht net.
Kloppet net mei de wurklikheid dy 't de grutte fûgelklup
fêststeld hat. Okee. It giet min mei de skries.
Klear. Ik moat ek net oer fûgels skriuwe. Yn alle
gefallen net posityf.
(02-06-2001) - De 'Detective & Thrillergids' fan
Vrij Nederland naam fan 't jier ien roman op dy 't mei
it Frysk te krijen hat: 'Moord in het provinciehuis'
fan Frans en Tineke Steenmeijer. Twa stjerren. "..
een vlot geschreven 'speurdersroman' met veel Friesland
(het boek verscheen eerder in het Fries), Leeuwarden,
Mata Hari en Havank (de beroemde Friese misdaadauteur)".
En "...garant voor een avond leesplezier".
Ek Sietse de Vries syn 'De spelbepaler' wurdt neamd.
Gjin oersetting. Gjin stjer. It boek kriget as kwalifikaasje:
'een soap met veel kleinestadsgedoe'.
(02-06-2001) - Fansels is der de ourûne jierren
besocht om ek de Frysktalige misdiedliteratuer yn de
list fan Vrij Nederland te krijen. Yn alle gefallen
troch my. Withoefaak haw ik (skriftlik) besocht troch
te kringen yn dat bolwurk. Listen mei Fryske misdiedboeken
haw ik dy kant út stjoerd, adressen trochjûn
fan útjouwerijen, resinsjes, parseberjochten.
Ien kear bin 'k sels sa fier gong en stjoer foar eigen
rekken in steapeltsje Fryske misdiedboeken nei Amsterdam.
Jo binne ambassadeur fan de Fryske misdiedskriuwerij
of jo binne it net... De reaksje fan Vrij Nederland/Rinus
Ferdinandusse (lange jierren einredakteur fan de 'Detective
en Thrillergids') wie hyltyd deselde: neat, niks, nada,
gjin wurd. Foar Vrij Nederland bestiet dus mar ien taal:
it Nederlâns. Lûden út de Frysktalige
skriuwerij wei binne blykber ek net wichtich genôch
om op te reagearjen.
(03-06-2001) - Dat steapeltsje boeken dêr 't
ik it juster oer hie, dat ik nei de redaksje fan de
VN 'Detective en Thrillergids' stjoerde: romans fan
Sietse de Vries, Riek Landman, Rink van der Velde en
fan mysels; en in ferhalebondel. Weismiten boeken dus.
(04-06-2001) - Dan lês ik hjoed yn it gasteboek
fan myn thússide. Walter Hofstede skriuwt dat
ik net allinne foar mysels skriuw. Hy hat gelyk fansels.
In skriuwer dy 't publisearret, moat net roppe dat er
'allinne foar himsels skriuwt'. Mispleatste idelens
soe dat wêze. As jo fierder wolle as de laden
fan it buro dêr 't jo oan skriuwe, dan wolle jo
ek dat in oar dat lêst. Sa simpel is dat eins.
Ik wol dat in hiel soad minsken dizze deistige stikjes
lêze. Har der oan ergerje. Der wille oan belibje.
My wurdearje. Mei my meifiele, meitinke, meignize. Spytgnyskjend
myn grut ego berabje. Ynformearre wurde. Folje mar oan.
Dat, bêste Walter, ik skriuw yndied net allinne
foar mysels. Myn idelens is net ûnecht. Dit 'skriuwersdeiboek'
is soms myn gjalp nei de wrâld om my hinne. Hoeden.
Tuiketuike. Dat wol wer.
(04-06-2001) - Soe 'k net hoeden wêze hjoed,
soe 'k wier foar mysels skriuwe, dan soe 'k in stikje
meitsje oer ús heit. Us heit dêr 't fan
sein waard dat er o sa grutsk op my wie, mar dêr
't ik nea wat fan fernaam. Us heit dy 't alles lâns
de mjitlatte fan it jild ('it kaptaal') lei en elke
kear as ik him in nij boek fan mysels joech, efkes nei
it omkaft seach en frege wat soks no opsmiet. Us heit...
Sokke stikjes, Walter, skriuw ik foar mysels. Dy lizze
yn de laden fan it buro dêr 't ik elke dei oan
skriuw. Lykas de measte fan myn gedichten. Lykas it
measte wat ik skriuw.
Hawar, wy libje op dit stuit op de grins fan alwer
in nije dei. Moaie dei hân hjoed. Moarn wurdt
wer better.
(05-06-2001) - Foar it omkaft fan 'Yn reek ferflein'
haw ik skoften socht om in gaadlike foto fan in Somalys
famke. It byld dat ik yn 'e holle hie, tsjinne him net
oan. Oan 't ik yn de skoalle dêr 't ik wurkje
op 'e trep in prachtich bern tsjin kaam. Wy glimken
nei elkoar en ik wie der wis fan: dit kopke! Dat it
famke yndied út Somalië kaam en dat se sûnt
koarten yn ús Ynternasjonale Skeakelklasse siet,
fernaam ik al gau. Ik prate mei har, lei har út
wat myn bedoeling wie. Se fûn it skitterend. Kollega
en freon Bernard Kamsma fotografearre har. Yn oerlis
mei de ûntwerper fan it omkaft (Chaim Mesika)
waard in gaadlike foto útsocht. Se wie o sa grutsk
doe 't se in skoft letter de folsleine fotoseary krige
en twa eksimplaren fan myn roman.
In wike as wat letter stie se ynienen foar my. Yn 'e
hân in útknipte advertinsje fan de Friese
Pers Boekerij út de LC. Se glimke en fertelde
dat immen yn it sintrum dêr 't se wenne sein hie
dat se jild freegje moast. Ferskate kearen meneuvele
se mei tûme en wiisfinger. Ik wie der knap mei
oan, sei ta dat ik der mei myn útjouwer oer prate
soe. Haw ik dien. Dy wie ree om in fergoeding te beteljen.
It famke haw ik lykwols noait wer sjoen. In oar asylsikerssintrum?
Nimmen hat my dat oait fertelle kinnen.
(05-06-2001) - Ik realisearje my ynienen dat wurklikheid
en fantasy wol ferrekte ticht by elkoar lizze. Yn dit
gefal. Myn fantasy: yn 'Yn reek ferflein' ferdwynt in
Somalys famke út it Ljouwerter asylsikerssintrum.
Spoarleas. Dat famke fan de foto op it omkaft ferdwynt
ek spoarleas. Mar wol nei 't myn roman ferskynde. Ik
wol graach oannimme dat der gjin oarsaaklik ferbân
is.
(06-06-2001) - Wy ha jonge buorlju. André en
Melanie. In kombinaasje fan Utrecht en Amsterdam, dy
't folslein yntegrearre yn alles wat Fryslân en
Frysk is... jezus, wat in sin! Mar prachtige minsken
dus, dy 't ornearren, wy binne oan in bern ta. Hjoed
soe it heve. De berte, bedoel ik. Jo ha der gjin hassus
mei te krijen, mar jo libje mei. Troch de iepen ruten
hearde ik jûn betiid ynienen it grutte lûd
fan André Hazes - ik balte mei (in bern! it is
der!), oan 't dat lûd oubrutsen waard. In klap
tsjin ús rút, twa opstutsen earms - buorman
wyt weilutsen, efkes sûnder tekst. Doe ried er
Melanie de kant fan Ljouwert út.
Hast tolve oere no. Ik bin wat yn 'e war. Wol wit ik
dat wat no bart mei Melanie (faaks al bard is) folle
wichtiger is as wat ik ea op dit plak delskriuwe sil.
(07-06-2001) - It waard in jonge, fannacht. Melanie
bliuwt noch in skoft yn it sikehûs.
(07-06-2001) - Op de side fan 'Kistwurk' kin de lêzer
in stim útbringe op in auteur dy 't fan 't jier
de Gysbert Japikspriis hawwe moatte soe. De redakteur
die in eigen kar út mooglike kandidaten. De GJ-priis
as saneamde publykspriis. Nijsgjirrich ûndernimmen,
mar fansels sûnder betsjutting. De troch de provinsje
ynstelde sjuery bepaalt de winner. Dochs wol aardich
trouwens dat 'Kistwurk' myn ideeën om mear mei
de Gysbert Japikspriis te dwaan oppakt hat. In begjin?
Jo soene it hoopje.
(07-06-2001) - It bart yn de Fryske literatuer mar
komselden. Dat in auteur stikjes fan resinsjes fan in
earder boek ouprintsje lit op de achterflap. Sikke Doele
docht dat op syn nije boek (De messeslikker). Ek fan
my naam er in sin op, loovjend. Ik fyn dat prima. Lit
in potinsjele keaper fan jo boek mar witte dat in earder
boek fan jo oer 't generaal tige posityf wurdearre waard.
Wy binne te uzes wolris al te beskieden. Stel dat jo
in opskepper neamd wurde...
(09-06-2001) - Ik lês in soad Frysk. Al jierrenlang
besykje ik sa'n bytsje alles wat der yn ús taal
ferskynt by de hâlden. Yn 't foarste plak omt
ik dat aardich fyn, mar ek omt ik foar de lokale radio
de measte Fryske boeken besprek. Ferline jier hie 'k
ek op myn thússide (op de side 'Ferskaat') in
besprekrubryk. Mei fan dy eigenwize stjerkes (fan *
oant en mei *****) dy 't myn wurdearring oanjoegen.
Begjin ik hjoed wer mei. Bewust hiel koart om 'e hoeke.
(09-06-2001) - Ik haw neat mei Snits. Moai stedsje,
freonlike bewenners - sûnder mis. Mar ik haw noait
in gefoel fan 'hjoed moat ik dochs wer ris yn Snits
sjen'. Of soks. Soms moat ik der wêze. En dan
gean ik der hinne. Nei in adres, net nei de stêd.
Soms moat ik earne oars wêze. Yn - ik neam mar
wat - Wâldsein, Wolvegea, De Knipe. Skoften kin
ik yn sa'n doarp omstappe, fan alles besjen, in pilske
op in terras drinke, prate mei ûnbekenden. Net
yn Snits. Der hinne en werom. Ik wit ek net hoe dat
kin.
Mar de taal fan Snits fyn 'k moai. Eartiids yn teksten
fan K.F.Gildemacher, de lêste jierren as ferfiermiddel
fan de fersen fan Henk van der Veer. Dy taal fiel ik,
fiel ik my by thús. Benammen as Henk dy taal
brûkt. Anekdoatys dy fersen, nostalgys, mar autentyk.
Dy taal libbet. As ik him lês. De taal fan Snits.
De stêd sels is foar my lykwols net mear as in
reade stip op de kaart fan Fryslân. Apart fyn
ik dat.
(09-06-2001) - Der binne skriuwers dy 't bewust ûnouhinklik
bliuwe. Eigen baas. Oertsjûge fan persoanlike
kwaliteit. Auteur, útjouwer en suteler tagelyk.
Komt wat komt, wat nukt it! Dichter Henk van der Veer
is sa'nien. Ik lies en beseach fannemidzje syn nijste
(fjirde!) bondel. In titel as in Russise wodka ('Kajapoetoaly'),
fersen dy 't stean as it Snitser bolwurk, in uterlike
fersoarging om wiis mei te wêzen. Skitterend!
- (****)
(10-06-2001) - Se binne der suver in bytsje senewachtich
fan, de lju fan de Ljouwerter krante. Tiisdje sil de
edysje folslein twatalich wêze. En dat skynt in
mânsk ûndernimmen te wurden: de hiele Afûk
is ynhierd om de selektearre nijsberjochten oer te setten
yn geef mar linich Frysk. Yn ien stap fan de flier op
de souder. As soks mar net in útskuord krús
opsmyt! Want sokke grutte stappen binne se by de LC
net wend. As it om it Frysk giet.
(10-06-2001) - 'De gouden teeman' fan Sikke Doele fûn
ik in prachtige ferhalebondel. Mei grutte ferwachtings
sette ik my dan ek oan de opfolger: 'De Messeslikker'.
En dat foel ou. In simpel eilânfakânsjeferhaaltsje
dat benammen foar pubers ornearre liket. Foar pubers
dan dy 't fan nostalgy en net te folle djipgong hâlde.
- (**)
(11-06-2001) - Oan 'e ein fan 'e midzje hiene wy in
feestje. Yn it brune kafee fan it Omrop Fryslângebou.
Produsinten, produksjelieders, regisseurs, kameraminsken,
akteurs, lju fan it lûd, fan it ljocht, skriuwers,
redakteuren, 'art directors', 'set dressers', klaaisters,
lju fan de 'styling', de 'make up', timmerlju - om mar
ris in pear te neamen. Want der wiene sûnder mis
ek 'gaffers' en 'best boys' en minsken dy 't har dwaande
hâlde mei de 'grip'. En assistenten. Frachten
assistenten ('first' en 'second'). 'Baas boppe baas'
dus. It dekor stiet, de akteurs binne op 'glamourfoto's'
set en de 'catering' regelt de 'wrap' nei elke draaidei.
It sirkus draait. Moarn is de earste draaidei.
Aardich, sa'n feestje. Jonge minsken foar 't measte.
Fol moed. Hege ferwachtings.
(12-06-2001) - It is goddomme alwer hast moarn, de
trettjinde dus. Mar niiskrekt lies ik de LK (de LC haw
ik hjoed oerslein). It is dat myn frou my wiisde op
de ferskillende edysjes. Oars hie 'k it net iens yn
'e gaten hân, sa gewoan fûn ik it eins.
In Frysktalige 'Leeuwarder Courant'. Mar moai!
(13-06-2001) - By folksferhalen moat ik altyd oan Ype
Poortinga tinke. En oan Jurjen van der Kooi. Net oan
Trinus Riemersma. Dat is feroare. Yn 'Salang 't de beam
bloeit' sammele Riemersma syn eigen 'farjaasjes' op
âlde folksferhalen. It waarden foar 't measte
komike stoarjes, alhiel yn styl skreaun en mei gâns
oandacht foar de 'kul' en de 'prom'. Ik haw my skoan
fermakke mei dizze parodyën. Ut en troch miende
ik hiel yn 'e fierte nokkerjen te hearren. Poortinga?
Ut syn grêf wei? - (****)
(13-06-2001) - In dei as wat joech ik Meindert Bylsma
in lift nei Harns. Twa âlder wurdende burdmannen
dy 't kalm en evenredich it autopraat geande holden.
Want wy hiene it der efkes oer. Oer hoe lang 't wy elkoar
no koene. Oer de skriuwerij. Oer it skoalmasterjen.
Oer de bern. Oer wêr 't wy no mei dwaande wiene.
Sokke dingen. Meindert hat it smoardrok, want hy wurket
net mear. Ik haw it smoardrok, want ik wurkje noch al.
Oer de skriuwerij sei Meindert: "It stelt fansels
allegear mar in bytsje foar wat wy by d'ein hân
ha, wat wy bepielden, mar ik hie it net graach mist.
Wy hawwe aardige dingen meimakke, in soad minsken moete".
Ik knikte. Wy. Fansels. Yn gâns opsichten rûnen
ús libbens lykop. Sûnt ein jierren sechstich.
It lêste stik fan de reis ha wy swijd. Ienriedich.
Yn deselde tinzen.
(14-06-2001) - Earjuster brûkte ik it wurd 'goddomme'.
In 'dom stopwurd' neffens de skriuwster fan in e-mail,
hjoed. Dat sil 't wol. Ik brûk oars ek wol oare
tuskenwurdsjes, mar as der god yn stiet, is 't ferkeard.
Dan - ik sitearje - 'ûnthilligje ik Syn Namme'.
Gjin hier op myn holle dy 't dêr by stilstie,
doe 't ik dat wurd opskreau. Unthilligje hie 'k tocht...
jezus!
Docht my tinken oan in literêre jûn dy
't ik ea fersoarge yn Damwâld. Op in stuit lies
ik in stik foar dêr 't efkes yn flokt waard. In
stik út in misdiedferhaal. Twa rûge kriminelen
op 'e tekst. In man kaam út it publyk oerein
en sei my fiks it mannewaar op. Ik hie fanalles (jawis)
'ûnthillige'. Hy fielde him 'djip kwetst' of soks.
Ik haw besocht út te lizzen dat de flokkerij
yn de kontekst fan dit frachmint wol deeglik in funksje
hie. De beide troch my sketste persoanen prate no ienris
net yn termen fan 'hemeltjelief' en 'blikje'. De man
sloech healwei myn útlis lulk de doar achter
him ticht. En ik wist: dit wurdt noait in lêzer
fan myn boeken. En ik wist ek: as jo sa krampachtich
mei jo leauwe omgean, dan ha jo in probleem. Dan sitte
jo hast njonken dy idioaten dy 't yn bibleteekboeken
alle wurden trochskrasse dy 't net yn har benypte wrâldsje
passe.
(15-06-2001) - Wer in soad bliere kopkes sjoen hjoed.
Learlingen dy 't slaggen foar har diploma. Wat dat oanbelanget
binne de bern fan hjoeddedei like spontaan as eartiids.
Blidens is fan alle tiden. Lykas fertriet. Ek dat seach
ik hjoed. Mar ek hoe 't fertriet omslaan kin yn blidens.
Foar de oar. In moai fak, skoalmasterjen. Omt bern sa
earlik binne. Noch net bedoarn-folwoeksen.
(17-06-2001) - As jo romans skriuwe, dan kin it hast
net oars en bliuw út en troch hiel ticht op jins
eigen hûd, by jins eigen libben en belibjen. Bewust
mar likefaak ûnbewust. Lêzers dy 't my wat
better kenne en witte fan myn omstannichheden (om it
sa mar ris te neamen) werkenne in soad fan mysels, fan
myn achtergrûn, fan myn deistich bestean, fan
myn eigenaardichheden yn myn ferhalen. Soms mear as
ik sels weet fan haw.
Fannemoarn haw ik skoften omlêzen yn in nij boek
oer 'De Alde Feanen'. In prachtich natuergebiet dêr
't ik al withoefolle jierren gâns oeren yn omkuierje.
Benammen de Jan Durkspolder hat myn spesjale belangstelling.
Dêr is altyd wat te belibjen, te sjen, te rûken.
Oeren kin 'k yn de fûgelhutte sitte, kiker foar
de eagen. Of de Headammen op en del kuierje, wat yn
'e barm sitte. Rêst, stilte, my domwei noflik
fiele. Ik haw gjin boat, oars soe 'k noch mear tiid
yn de 'Alde Feanen' tabringe.
It is dan ek gjin wûnder dat Hylke Overwijk,
in personaazje dat ik skepen haw yn guon ferhalen en
romans, itselde fielt as it om dit unike gebiet giet.
Efkes út it deistich bestean, efkes nei de 'Alde
Feanen' - ynienen realisearje ik my dat de figuer Hylke
Overwijk kuierjendewei betocht is, om de Jan Durkspolder
hinne. En dat ik him yn de fûgelhutte kop, kont
en harsens joech.
(18-06-2001) - 'Do wurdst sa njonkenlytsen sa rjochts
as de pest'. Immen sei dat hjoed tsjin my. Ik - soasjalist
yn ieren en sinen - waard dêr ougryslik kjel fan.
Rjochts? Ik? In mislediging fûn ik it eins, dy
opmerking. 'Rjochts' fertsjintwurdiget yn myn optyk
in wrâld, in wize fan tinken dy 't fier by my
wei is, wêr 't ik 'neat mei haw'. Dat ik haw neitocht
oer de boarne fan dy opmerking. Myn ûnthâld
joech dit, in sitaat fan my yn in oars hiel aardige
diskusje: "Jo hearre noait wat oer fuotballers,
tennissers, filmspilers en sokke lju dy 't tsientallen
miljoenen jiers fertsjinje, mar as in bedriuwsmanager
- dochs immen dy 't der foar soarget dat withoefolle
lju oan it wurk bliuwe kinne - sa'n lean bart, dan binne
de rapen gear". Ik fûn dat sels in realistise
opmerking. Kritys, seker net rjochts.
(20-06-2001) - Artikeltsje yn de 'Telegraaf' fan hjoed
(ja, ik lês langer alles wat my los en fêst
ûnder eagen komt): 'Helft talen dreigt uit te
sterven'. Oan 'e ein fan dizze ieu sille de dan libjende
wrâldboargers har rêde moatte mei net mear
as sa'n 3000 talen. Slim genôch fansels, mar ik
stroffele lykwols oer ien sin út dat stikje,
in sin dêr 't ik hjoed eins al de hiele dei mei
ompak. It giet oer it Eyak, in taal fan Alaska. 'Het
Eyak wordt zelfs alleen nog maar gesproken door de 83-jarige
Marie Smith uit Anchorage'. Frou Smith giet oer in skoftsje
dea. Dien mei it Eyak. Is dat slim? Tocht it net. Frou
Smith prate dochs allinne mar tsjin harsels.
(20-06-2001) - Ut de Oesdrip, klupblêd fan it
Skriuwersboun (simmer 2001): "Wy ha in grut eigen
fermogen: ƒ12.000". No, tink ik dan, doch
dêr wat mei!
(20-06-2001) - Ek hjoed krige ik wer in e-mail sûnder
titel, mar mei in oanheakke. Sûnt ik in kearmannich
in ferfelend firus op 'e skiif hân ha, bin 'k
dêr deabenaud foar. Daalk fuortsmiten dus. Mar,
tink ik, wat foar doel hat it en stjoer sokke berjochten
om? En tagelyk tink ik: wat soe yn dat oanheakke stien
ha?
(21-06-2001) - Fannacht pielde ik op it internet en
op in stuit ferskynde 'Kistwurk' foar my. Halléluja,
tocht ik: wurdt it dochs noch gesellich. Nee dus, want
ik fersille yn de kommintaren op de 'poll' oangeande
de Gysbert Japikspriis 2001. Josse de Haan en syn roman
'Piksjitten op Snyp' prominint oanwêzich. Mar
wol sa negatyf dat it suver komys wurket. Immen hat
de pest oan Josse (sjocht him as gefaarlike konkurrint,
kin ek) en dat meie wy lêze. In suver sielich
stikje. En dus 'leuk'. Lêze, nochris lêze.
Wat binne guon minsken lyts...
(23-06-2001) - Niis lies ik yn de LC in aardich portret
fan 'Suver Nuver'-aktrise Dette Glashouwer. Wat my opfoel
is dat de redakteur har har eigen Frysk prate lit. Gjin
behoffene boekjestaal, mar gewoan har eigen libbene
Dette-Frysk. Guon taalpuristen sille der, tink, wol
kjel fan wurden wêze (faaks dat der al in ynstjoerd
brief klear leit - dat de redakteur op Fryske taalles
moat of sa), mar ik fyn it prachtich. Sa heart it. Lit
minsken echt prate, har eigen lûd wêze,
ek op krantepapier.
Ik moat te faak tinke oan de tiid dat ik tige warber
wie foar it wykblêd 'Frysk en Frij' (begjin tachtiger
jierren). Ik die ek fraachpetearen. Dy lies ik letter
soms werom mei krûme teannen. Der wurke by FF
in pinsjonearre professor dy 't suver alle kopy taaldea
makke. Syn noarm wie it wurdboek, net de libbene taal
fan de tiid. Tryst. Jo koene by de redakteur protestearje
wat jo woene, mar de korrektor wie professor no - dêr
gongen jo net tsjin yn. Doe.
(23-06-2001) - Ek LC-redakteur Pieter de Groot fynt
it Gysbert Japikspriis-barren eins mar in deade boel
('Dwers', juster). Ek hy hie graach spektakel sjoen:
'long-' en 'shortlists' fan nominearre boeken, in gearwurking
mei Omrop Fryslân-televyzje. Soks. Ik hie it dêr
de ourûne moannen (yn dit deiboek) ek al ferskate
kearen oer. It opkreazjen fan de GJ-priis. Tûters
en bellen, oandacht yn de media. Oandacht foar de Fryske
literatuer dus. Mar nee, oant no bliuwt it in deade
boel. Tuike tuike. Doch mar gewoan. Doch mar Frysk.
(25-06-2001) - Ik haw it stikje wier trije kear lêzen
en it iennichste wat my hyltyd mar wer bybliuwt: Piter
Boersma is in arrogante sek dy 't yn selskip skaaltsjes
mei apenuten leechfret. Faaks ek: Marga Claus fielt
har as skriuwster fan it boek 'Oxzana' troch GJ-winner
Piter net genôch op it skouder huft. Mear en oar
boadskip haw ik net meikrigen yn de 'fleurige twaspraak
foar doarpstoaniel' dy 't Claus skriuwt yn 'Trotwaer'-5.
Wat haw ik mist? Bin ik net by steat en sjoch achter
de tekst in djippere bedoeling? Sa'n petear tusken de
sa goedwollende Deby/Claus en in kloaterige Gysbert/Piter
moat dochs wàt betsjutte? Mear as in stikje frustraasje,
bedoel ik. Mystearje.
(26-05-2001) - Fannemidzje wie 'k in skoft op 'e set
fan 'Baas boppe baas'. Oe, wat klinkt dat moai! Ik wie
op 'e set... ja ja. Ik ha my trouwens de eagen útsjoen,
folsleine nitwit as it om televyzjemeitsjen giet. Ik
ha noait witten dat safolle apparatuer noadich is, safolle
kabels, ljochten en wit ik wat mear. Akteurs yn de keuken
fan 'Huize Baas', rippetearje, rippetearje - sûnder
en mei kamera. Dan as de bliksem nei de schmink, opnames.
In sêne fan in menút. Bûten byld
stapten - ik ha se teld - 14 manfroulju om, elk mei
in taak. Mar ûntspannen, sa ferskriklike ûntspannen.
Jo fernimme oan alles: hjir binne 'profesjonals' oan
't wurk. Lju fan bûtenút en lju fan Omrop
Fryslân. Wille, grappen, mar as it der efkes om
giet folslein konsintrearre. En twatalich. Steven de
Jong: :"Dy Hollanners moatte sa njonkenlytsen it
Frysk folgje kinne".
Hjir gebeurt dus wol wat, hjir wurdt in seary fan 12/13
ouleveringen makke fan Frysk tv-drama. Fan novimber
ou moat de boel op de buis. En der is nimmen dy 't twifelet:
dit wurdt in boppeslach! Frysk tv-drama, skreaun troch
Fryske auteurs. En tink der om dat dit ûndernimmen
yn 'e gaten holden wurdt. Troch beropskritikasters út
'e provinsje wei ('dit kin noait wat wurde') en troch
nijsgjirrige lju fan de lanlike media ('ris sjen wat
dy Friezen klear krije'). It komt wol goed. Hartstikke
goed!
(26-06-2001) - Noch in telmannich en it is alwer in
nije dei. Dit noch al efkes. Ik wie hjoed dus 'op 'e
set' fan 'Baas boppe baas'. Regisseur Steven de Jong
yntrodusearre my by de 'crew' (in manfrou as 18) by
myn namme en by myn funksje as senarioskriuwer. Efkes
wie it stil. Doe kaam der applaus. Faaks dat dit yn
dy wrâld tradysje is, mar ik haw soks erfaren
as wurdearring, erkenning. In skriuwer telt yn dit fermidden.
Dat is moai, mar it moat wol wenne.
(26-06-2001) - Jûn lies ik wer yn Trotwaer-5
en wer haw ik it stik fan Henk van der Veer oer Hylkje
Goïnga lêzen. Benammen dy passaazje oer de
oersetting fan 'It wrede paradys'. Hat Hylke Speerstra
Hylkje mei opsetsin belazere? Om in pear rotsinten.
Of leit it oars? Idelens. Skoare wolle oer de rêch
fan immen oars hinne. Unnoazelens. Optimale selsprojeksje
c.q. selsfergrutting. Dommens. Allegear mooglikheden.
Ik sil links en rjochts wat ynformearje, want ik wol
it al witte.
(27-06-2001) - 'Fries blad voor breed publiek van de
baan' koppet de LC fan hjoed. In algemien Frysktalich
moanneblêd is neffens it provinsjebestjoer 'geen
haalbare kaart'. Ik wie ferbjustere oer myn reaksje
doe 't ik it stikje lies: ik glimke. Ik waard net iens
kâld fan lulkens. En no, op dit plak fiel ik ek
gjin inkele oanstriid en begjin te skellen op provinsjale
bestjoerders dy 't mei safolle ynmoed 'Frysk en Frij'
nei de bliksem holpen, dy 't wat nijs woene, dy 't 'FRSK'
betochten en mislearjen seagen, dy 't in allemachtich
stik jild fergriemden, 'goodwill' by Fryske skriuwers
en lêzers ferspilen, harsels dus fiks te kak setten
- provinsjale dombo's dy 't âlde mar noflike skuon
fuortsmieten ear 't se neitocht hiene oer nije en no
mei bleate fuotten oer spikers rinne sûnder dat
se dat sels fernimme - ik kin allinne mar sokke ûnsin
opskriuwe. Op dit stuit kin 'k noch net lulk wurde.
En dat fyn ik eins hiel slim. It betsjut dat ik ús
provinsjale bestjoerders net searieus nim.
(27-06-2001) - Wy ha twa bern. Beide wenje se al jierren
yn Amsterdam, dogge dêr har dingen. Wurkje en
studearje. Us taal hat altyd it Frysk west, ek doe 't
wy yn harren Súdhollânse bertedoarp wennen.
De lêste jierren giet in part fan ús kontakten
via de e-mail. Jûn - ik lies krekt in berjocht
fan ús dochter - realisearre ik my ynienen: de
bern maile Frysk. Dat hawwe se suver altyd dien fansels,
mar niis foel it my op. As wat aparts? No, eins wol.
Se ha gjin Fryske les hân en it heucht my ek net
dat wy it der ea oer hân ha, oer Frysk skriuwen
en sa. Blykber is hjir sprake fan in natuerlik proses.
Gjin opleine dissipline of ouspraak - gewoan Frysk.
Prate en skriuwe. Gewoan Frysk. Ik bin - ek yn dit opsicht
dus - grutsk op ús bern.
(29-06-2001) - De namme Boomsma waard yn 1811 troch
25 minsken yn Fryslân oannommen. Op dit stuit
wenje de measte Boomsma's yn Fryslân (en direkte
omkriten) en yn de fjouwer grutte stêden fan ús
lân. Jo ha neat oan dizze ynformaasje fansels,
mar dochs fyn 'k it wol aardich om it te witten.
(29-06-2001) - In dichter? In berneboekeskriuwer? In
romansjee? M/F fansels. De auteur fan it bêste
boek fan de ourûne trije jier? Of dochs mar in
oeuvrepriis? De Gysbert Japikspriis begjint sa stadichoan
in bytsje te libjen yn de Frysk-literêre wrâld.
Moai is dat. |