(01-10-2001) - Hjerst. Teminsten, it liket der al in
bytsje op. Ut myn keamer wei sjoch ik hoe 't guon beammen
elke dei neakener wurde, hoe 't de wyn út en troch
wat gielige blêdsjes losskuort en meifiert, hoe
't de nullefegetaasje him hyltyd mear manifestearret as
hurdgriene tekens tusken de lôfbeammen. Ik mei der
wol oer. Ik hâld wol fan de hjerst. It weromlûken,
it oustjerren. Stadichoan de kop tusken de skouders lûke:
lit de winter mar komme! Sa 't ik ek genietsje kin nammers
fan dat earste grien nei in perioade fan skyndea. Mar
ynearsten de hjerst.
It beroerde lykwols is dat de earste tekens fan de
hjerst elk jier wer in grypke yn myn liif plantsje.
Hoastje, snotterje en in skuorpapieren kiel. It is net
oars.
(01-10-2001) - Lês ik krekt yn de LC it ferslach
fan de betinking. 'Slach by Warns'. En ik tink: se ha
der in feestje fan makke, saterdeitemidzje! Se hawwe
stikjes dien, fersen foardroegen, lieten songen. In
multitalich barren ek noch. Elkenien blijblij. Wat is
der ynienen oan 'e hân?, tink ik - dochs wat yn
'e war. Wurdt ús taal net mear bedrige? Binne
dy Hollanners ús fijân net mear? Is ús
provinsje gjin 'wingewest' mear? Hat de lytse Frysk-nasjonale
mienskip ynienen gjin ferlet mear fan tongerpreken?
Of wiene de ûnheilsprofeten op?
(02-10-2001) - Ien fan de nijsgjirrichste boeken yn
myn kast fyn ik 'De Fryske Skriftekennisse fen 1897-1925'
(diel 1: 'oersjuch en karlêzing') fan D.Kalma.
Net allinne omt it sa'n lekker âld boek is (1928).
Dit eksimplaar hat earder eigendom west fan Rely Jorritsma.
Ik wit dat omt Jorritsma oeral yn it boek syn spoaren
achterliet. Benammen yn hânskreaune teksten: ferskes,
kommintaren yn 'e kantline, oantekens. [Lêzen
9 Des. 1938. (5 Des. is Simke Kl. forstoarn. Twizel
begroeven. Freed 3 ûre. 1938. 9.Des.) Rely]. Op
de Frânse side skildere er in soarte fan doarpsgesicht
[RJ. 28/juni 1939 - Donkerbroek]. En - bygelyks - by
in rigel fan in fers fan Th. van der Schaaf ('Men wirdt
hwet húvrich ek, sa oan 'e doar') skreau er spotsk
'ja.beppe.'. Sa stiet dit boek fol nijsgjirrige, aparte,
stikelige, ûnbegryplike en komike tekstkes. Rely
Jorritsma moat oeren en oeren yn dit wurk omsneupt ha.
Lykas ik trouwens. Mar ik folge benammen de eardere
lêzer en syn kommintaar.
Hat sa'n boek, omt Rely Jorritsma der syn dingen mei
die, no mearwearde? Literêr-histoarys besjoen
net, tocht ik. As literêr figuer hat Jorritsma
noait folle foarsteld en syn kommintaren op de opnommen
fersen en ferhalen binne dus net mear as dy fan in willekeurige
lêzer. De ferskes en tekeningen binne ek net bysûnder.
Mar hy makke der wol in 'kurieus' boek fan. Rely Jorritsma
hat syn namme yn de Fryske literatuer kocht troch in
part fan syn neilittenskip beskikber te stellen foar
in jierlikse literêre priis. Allinne al om dy
reden is hy in bysûnder minske. En waard dit in
bysûnder boek.
Ik tink dat ik it meikoarten dochs mar nei it Frysk
Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum ta bring.
Ik ha myn wille der wol oan belibbe. Faaks dat oaren
dat ek wolle.
(03-10-2001) - Tsja, Rely Jorritsma. De man hat my
in skoft yn 'e besnijing hân. Kaam sa. Hjerst
1971 wûn ik myn earste RJ-priis. Wy hiene it dêr
efkes oer, op myn wurk - in mafû yn Gouda. Oer
myn priiswinnend ferhaal. Oer Jorritsma. Doe sei in
kollega: 'Us heit hat de man goed kennen'. Ik fûn
dat in bysûndere meidieling. Ik waard nijsgjirrich.
Dat in moanne as wat letter wie 'k yn Nijmegen, om te
praten mei Simen Feenstra - de heit fan myn kollega,
gâns jierren freon fan Rely Jorritsma. Wy kuieren
troch de stêd, benammen dêr wêr 't
de freonen doedestiids ek kamen. Feenstra prate, ik
harke. Op in stuit rekken wy by it grêf fan Rely
Jorritsma. Ik waard kjel! Yn myn ferslach fan it petear
mei Simen Feenstra (dat ferskynde yn it literêre
tydskrift 'Alternatyf') skreau ik: "Letter op it
Nijmeegske tsjerkhou 'Rustoord', oan de Kwakkenbergweg,
in pear menuten rinnen fan it hûs oan de Payensweg,
dêr 't Rely Jorritsma in skoft wenne hat, seagen
wy syn grêf. Skean achter de haadpoarte. In platte
stien mei de nammen fan syn heit en mem der ek op. De
stien is heal weisakke yn de modder, de letters binne
hast net mear te lêzen. In slim forwaerloaze tastân".
Juny 1974 skreau haadredakteur Jacob Noordmans (hy
resinsearre in boekje fan my dêr 't it Jorritsma/Feenstra-ferhaal
yn opnommen wie) yn de LC : "Hat it Rely Jorritsma
Founs dêr alris hwat oan dien, of moatte de Rely-priiswinders
yn aksje komme?"
Doe 't ik dy hjerst fan ditselde jier wer nei in Rely-priisútrikking
yn Mantgum koe, haw ik in lytse aksje op tou set: alle
priiswinners fan no en earder soene in part fan it prizejild
beskikber stelle moatte foar it opkreazjen en ûnderhâlden
fan Rely syn grêf. Dy aksje is neat wurden. Hoegde
ek net: it bestjoer fan de Fryske Bibletheek (dy 't
de Rely-Rally doe organisearre) sei ta dat sy der mei
rêde soe.
Wol haw ik my letter oufrege wêr 't ik my eins
mei bemuoide, wêr 't ik my sa drok oer makke.
In antwurd haw ik oan hjoeddedei ta net fûn. Wer
ris in opstiging, tink.
(03-10-2001) - De Koperative Utjowerij hat syn 'Dokurige',
in seary boeken dy 't gean oer 'wittenskip, polityk,
maatskippij, keunst, kultuer, taal en literatuer'. No
hawar, jo kinne it sa mâl net dwaan op it mêd
fan de (net fiktive) skriuwerij of der is wol in plakje
yn dizze rige. Mits kwaliteit fansels. Dat wol. Tagelyk:
dizenich, ûnbestimd, gjin eigen gesicht. Ik haw
it dan oer it uterlik. De foarmjouwing fan in seary.
Dat gesicht is der no al, fernaam ik hjoed. Douwe Huitema
joech de do-Q-rige in eigen uterlik. De beide nije útjeften
yn de seary ('En gjin ein' fan Jan Pieter Janzen / 'Sa'n
tûzen blauwe skriften' fan Doeke Sijens) binne
troch dizze betûfte grafys ûntwerper werkenber
oanklaaid. Efkes oars as Teije Brattinga dat wend wie
te dwaan. Jo nimme no ien fan beide boeken yn hannen
en jo hawwe it gefoel: dit is wat bysûnders! Soks
as it 'Privé Domein-gefoel'. Knap fan Huitema!
Moedige kar fan de KU.
(04-10-2001) - De film 'Nynke' fan Pieter Verhoeff
wurdt ynstjoerd as Nederlânse bydrage oan it nominaasjesirkus
foar in Oscar. Dy eksklusyf-Amerikaanse spekriderij
wêryn 't in hiel lyts hoekje frijmakke is foar
in bûtenlâns wurkstik: ien ûnderskieding
foar al dy tsientallen, faaks hûnderten prachtige
films dy 't bûten de FS makke/produsearre wurde!
Oer wurdearring en belangstelling praat foar kultuer
bûten dy FS... Mar hawar, 'Nynke' mei meidwaan.
Lit ús hoopje dat it mei dizze film wol slagget
wat mei 'De Dream' doedestiids mislearre: fertsjinje
in nominaasje. Foar in Oscar. Dochs in stik internasjonale
erkenning. Soe moai wêze.
(04-10-2001) - Berneboeken skoare poerbêst yn
de sutelaksje. Fan 't jier better as ea. Komt dat troch
de keapsjoggens? Kin. Fryske berneboeken wurde oer 't
generaal kreas en kleurich fersoarge. Net allinne de
(lit ús sizze) internasjonale Afûkprojekten.
Jo krije waar foar jo jild. Efkes wat mear boek as sa'n
sútrige roman, no. Dy 't boppedat ek noch helte
djoerder is... Mar wa keapje berneboeken? Jonge memmen,
taalbewuste memmen dy 't har bern grut wurde litte (wolle)
yn dy âlde taal? Of dochs de beppen dy 't altyd
drok dwaande binne mei de sinterklaas-, kryst- en oare
presinten? Dat lêste wol my wol oan. Ik stel my
foar dat de hjoeddeiske generaasje pakebeppe - no al
sa faak 'dumpplak' foar bernsbern - wol bliid binne
mei dy prachtige berneboeken. Bern op 'e skoat: foarlêze,
plaatsjessjen.
(04-10-2001) - Yntusken haw ik Piter Zwart, produsint
fan 'Baas boppe baas', in riedsel foarlein. Ik skreau
twa folsleine skripts (elk goed foar 500 gûne
neffens it kontrakt). Efkes in diskusje oer smoarch
en skjin. Ik bin in freonlik en aardich minske, dat
ik akseptearre 830 gûne skjin (nei it ynfoljen
fan withoefolle formulieren en sa). Ik krige op myn
bankrekken 530 gûne byskreaun. Hartstikke moai
fansels (wa wurdt noch betelle foar willewurk?), mar
ik frege my wol ou: wêr binne dy 300 gûne
bedarre? Neffens Piter Zwart (e-mail fan hjoed) hie
soks te krijen mei skjin en smoarch. Ik haw werom skreaun:
dy 530 gûne foar twa skripts (500 gûne elk,
neffens it kontrakt) binne no wol ougryslik skjin. En
myn riedsel oan him wie: hoe kinne 1000 gûne yn
dizze sitewaasje rane ta 530? In soap?
(05-10-2001) - Piter Zwart reagearre daalk mei in freonlik
briefke wêryn 't my hiel geduldich útlein
waard dat Omrop Fryslân ƒ500 kwyt is per
skript. Dat bedrach is dus ynklusyf wurkjouwers- en
wurknimmerslêsten. Ik wie, skriptskriuwendewei,
efkes yn tsjinst fan Omrop Fryslân. Myn 'baas'
betelle (fan dy 500 gûne) 20 persint wurkjouwersbelesting.
Oer wat dêr oerbleau haw ik sels dus ek nochris
20 persint wurknimmersbelesting betelle. Soksawat. Hat
Piter my besocht út te lizzen. No, it sil 't
allegear wol. Op it stik fan finânsjes haw ik
noait saakkundich west. Wol sjoch ik yn myn tinzen regisseur
Steven de Jong - op de alderearste skriuwersbyienkomst
- mei in fingerke wizen: "Foar elk folslein skript
dat ynlevere wurdt, of it no al as net ferfilme wurdt,
krije jim 500 gûne". Wy knikten ûnwennich.
Nimmen fan ús dy 't doe noch neitocht hie oer
in honorarium. Achterou (mar ja, achterou...) hie Steven
better sizze kinnen: "Elk skript kostet Omrop Fryslân
500 gûne. Jim as skriuwers moatte dan mar ouwachtsje
wat der foar jim oerbliuwt".
Fryske skriuwers binne oer 't generaal hiel ûnnoazel
wat de sinten oanbelanget. Nayf, ûnnoazel, skiterich,
beskieden. Wy binne gau tefreden. Wy doarre gjin easken
te stellen. Hat noait oars west. Niis krekt fernaam
ik fan in freon dat der in standerd VVL-kontrakt bestiet
dat útgiet fan de lingte fan de film dy 't makke
wurdt op basis fan in skript. Jierren lyn krige in skriptskriuwer
al mear as 60 gûne de menút. In oulevering
fan 'Baas boppe baas' duorret al gau mear as 23 menuten...
No hawar - ha wy ús, amateurskriuwers, wer ris
yn 'e sek naaie litten? Retoarise fraach eins.
(05-10-2001) - 'Utjouwers moatte hjir noch in soad
leare'. De lêste sin fan 'Dwers', LC fan hjoed.
Yn it sok fan de film 'Nynke' hie 'Eigenwaarde' (Nederlânse
oersetting fan Tineke Steenmeijer-Wielinga har roman
'De oare helte') in klapper wurde kinnen. 'Het boek
van de film!' net alhiel wier, mar sa'n tekst skoart
wol. En posters binne gau makke en ophongen yn de Nederlânse
boekhannels. Advertinsjes yn 'e lannelike kranten, ek
al sa'n mooglikheid. Of, faaks noch better, wie útkommen
mei in 'speciale filmeditie': it omkaft de affysje,
yn it binnewurk foto's út de film. Tineke har
ferhaal oer it libben fan Nynke fan Hichtum hie in lannelik
ferkeapsukses wurde kinnen. Piter de Groot hat gelyk:
útjouwers lykas de Friese Pers Boekerij/Noordboek
doare gjin tamtam te meitsjen. Of, tink ik, hawwe gjin
each foar aktuele ûntjouwings. Of - noch slimmer-
binne te deun foar ditsoarte saken.
(06-10-2001) - It wie fan 'e midzje as gong der in
huver lâns de muorren, in licht rydboskjen. As
waard der flokt yn it tsjerkje fan Bears. Kees 't Hart
dy 't Josse de Haan in echte topskriuwer neamt, in literêre
skriuwer dy 't út in soarte fan 'woede' en 'geilens'
syn teksten komponearret. Soks yn tsjinstelling ta 'topsellers'
as Geert Mak (net te betraapjen op ien literêre
sin; sjoernalistyk proaza) en Connie Palmen dy 't bygelyks
har roman 'IM' folproppe mei Privé-achtige rabberij.
Wat in kostlik momint! It wie as holden guon oanwêzigen
efkes te lang de siken yn. Josse de Haan in topauteur
yn 'e eagen fan in 'Hollânse' topauteur...? De
Fryske resinsinten hiene dochs fêststeld dat De
Haan syn lêste roman ('Piksjitte op Snyp') minderweardich
proaza wie... Betizing. Kostlik. Fûn ik.
(06-10-2001) - Fan 'e midzje teach ik nei Bears om
de priiswinner te sjen. De iennichste auteur dy 't der
yn slagge en wês de souwe fan de sjuery2001 treast.
Win as iennichste (fan de hast 100 ynstjoerders) in
Rely Jorritsmapriis. Ik haw him sjoen en ik haw nei
him harke. Ik fernaam hoe 't er wist dat dit barren
hielendal om him hinne boud wie: twa treflike gastsprekkers,
presintaasje fan in literêr ûnderleine boargemaster,
in hiel ferhelderjend wurd fan de sjueryfoarsitter,
noflike muzikanten, in heale tsjerke fol publyk. Dat
ik geniete fan Foppe Venema syn tankwurk. Tank oan it
gemeentebestjoer fan Littenseradiel, tank oan de man
dy 't ferantwurdlik wie foar de lekkere kofje. Jo moatte
soks wier meimeitsje om it te leauwen. Syn fers (it
fers yn syn foarlêzing) haw ik te min fan ferstien
om wurdearje te kinnen. Moat ik lêze.
(06-10-2001) - It meast aparte momint fan myn midzje
yn Bears wie de aksje fan 'Kistwurk'-redakteur EH-1.
As wie er efkes godsels stapte er (bûten elk protokol)
achter de mikrofoan om te fertellen dat 'dizze swingende
middei' meikoarten te lêzen (of sa) wêze
sil op syn internetside. 'En faaks ek op dy fan Boomsma'.
Ik glimke, mar ik fernaam dat my ynienen de flammen
út de earen kamen. Wêr hellet de lul it
goare lef wei! Dat wie wat ik tocht. Hoe grut is jo
ego, kin jo ego wêze... Hoe lyts eins.
Graach hie 'k op dat stuit om bar oare sjoernalisten
achter dy mikrofoan ferwachte: "Myn ferslach fan
dit barren is te lêzen, te beharkjen, te sjen...".
Barde net fansels. Echte sjoernalisten hawwe in fatsoenskoade.
(06-10-2001) - Mem - it hie hjoed jo jierdei west -
mem, as jo yn jo himel myn skriuwersdeiboek folgje:
ik boartsje mar wat, jo witte dat. Nim neat searieus.
Mar wat ik niis skreau oer EH-1, it is gjin boartsjen.
(07-10-2001) - Ja, moaie film. 'Nynke'. Magistrale
haadrol! Sfearfolle plaatsjes. Goedrinnend ferhaal.
Ut en troch wiete eagen. Ympresjes. Verhoeff fertsjinnet
troch de moedige kar foar de Fryske taal in fetlearen
medalje. Moai momint, oan 'e ein fan de film, as it
pear yn dat sniebosk rint en Willems as Piter Jelles
syn ellinde/twifel útflokt. Syn 'godvegggdomme'
klinkt sa echt, efkes los fan de taal dy 't er him sa
kreas oanlearde. Unnoazel detail, ik wit ik. Mar ik
moast glimkje.
(07-10-2001) - Fatsoenskoade fan sjoernalisten? No,
gewoan wat ik as lêzer fan in sjoernalist ferwachtsje.
Observearje, registrearje en ferslach dwaan. En seker
net yngripe yn it nijs dat er ferslacht, seker net persoan
wêze wolle yn jo eigen nijsberjocht.
(08-10-2001) - Krekt in nije dei. Ik fiel dat ik meidriuw
yn in oarloch, de tredde wrâldoarloch, de earste
mondiale oarloch... te folgjen op CNN. Dize.
(08-10-2001) - Spitigernôch koe 'k der net by
wêze, saterdeitejûn yn Sealen Schaaf. It
konsert fan de bluesband Chickens Go Mad. Blues - fan
Robert Johnson oant Stevie Ray Vaughn - yn Fryske oersetting.
Prachtich projekt fan Beart Oosterhaven en Anne Dykstra!
De 'live'-cd sil 'k al oantuge. Aansen.
(08-10-2001) - Wat wie it doel fan Steven H.P. de Jong
en skriuw de roman 'Swarte egen'? In rûge sedeskets
komponearje fan it libben yn Earnewâld om 1730
hinne? It oprjochtsjen fan in monumintsje foar in jonge
mem, ta de dea feroardiele omt se yn panyk har krektberne
bern deade? It oan 'e oarder stellen fan tsjerklike
skynhilligens? Gewoan in lekker plat ferhaal skriuwe?
Ik wit it net. Feit is wol dat ik yn in pear oeren troch
it boek hinne fleach. Mei reade earen. En in brede glimk.
(***)
(08-10-2001) - De trije jier dat ik (mei-)sjuerywurk
foar de Rely Jorritsmapriisfraach die, keazen wy toppers
en in pear hast-toppers. Pluskes telle dy 't wy ûnouhinklik
fan elkoar oan guon (anonime fansels) ynstjoerings jûn
hiene. In bytsje oerlizze, diskussearje. Us sjuerywurk.
De útslach (de nûmers fan de winnende fersen
en ferhalen) waard trochjûn oan de skriuwer fan
it Rely Jorritsma Founs. Dêrnei skreauwen wy in
lytse beoardieling fan it wurk fan de krektnetwinners.
Waard allegear ek trochjûn oan de skriuwer fan
it RJF. Dy rêde him der fierder mei, soarge dat
elk op 'e tiid berjocht krige fan ús oardiel.
Teminsten, dat ferwachten wy, sjueryleden.
Tiden hawwe tiden? Niis fernaam ik dat in net-Relywinner
de útslach (yn septimber) lêze moatten
hat yn dit skriuwersdeiboek. Ek dat der op 6 oktober
yn Bears in priisútrikking west hat, lies er
hjir. Ik fyn dat apart. Dat er net yn Fryslân
wennet en gjin lêzer is fan de LC/it FD is net
fan belang. Hy, ynstjoerder, dielnimmer oan de Rely
Rally, wist dus nergens fan. Ik haw dat beskamsum neamd.
En sein dat dat earder oars (better dus) gong. Mar wie
dat wol sa? Ik wit it net. Sjueryleden dogge sjuerywurk
en litte saaklike saken oer oan de skriuwer fan it RJF.
Yn alle betrouwen dat dy op de krekte wize funksjonearret.
Dat elk op 'e tiid berjocht krijt.
(Ik moat ynienen tinke oan - al wer - de santiger jierren.
Yn myn argyf sitte noch dy lytse hânskreaune briefkes
fan ds Rienstra, doedestiids skriuwer fan it RJF. Wol
as net in priis. In skoft letter stie de útslach
yn 'e krante. Mei of sûnder jo namme.)
(09-10-2001) - Niis harke ik in telefoanpetear fan
myn frou ou. Se prate mei in Hollânse freondin.
Via de bern kaam it petear al gau op it wrâldnijs.
Afghanistan. Taliban. Fol fjoer fertelde Jenny oer in
boek dat se in skoft lyn lêzen hie. 'Oxzana' fan
Marga Claus. Doe frege se my, op fersyk fan dy freondin
út Súd Hollân: 'Is der al in Nederlânstalige
oersetting fan Marga Claus har roman út?' Ik
skodholle. En ik tocht: nee, fansels net! En no freegje
ik my ou: wêrom net eins? Sa'n aktueel boek, it
hie in lannelike 'seller' wêze kinnen. Ynternasjonaal...?
(09-10-2001) - Soms dream ik dat ik in útjouwer
bin. In lytsenien. In Fryskenien. Ik haw in boek útjûn
dat yn ús taalgebiet samar in twadde printinge
belibbet. In moderne, aktuele roman. Ik bin lyts, mar
ik tink wolris grut. Dat ik tikje op it rút fan
myn buorman, útjouwer oare kant it spoar, efkes
grutter. Ik sis: "Efkes gruttere buorman, ik haw
hjir in útjefte dy 't yn it Nederlâns moat.
My slagget dat net, mar ik kin wol soargje foar in oersetting.
Jim ha in Nederlânstalige poat. Kinne wy saken
dwaan?"
Sa dream ik my in útjouwer.
Utjouwerij Fryslân - Friese Pers Boekerij - Noordboek.
'Oxzana' fan Marga Claus. In moai boek, in boek fan
no. Ek te lêzen yn it Nederlâns. En sa.
(10-10-2001) - Fannemidzje haw ik Maxima foarby farren
sjoen. Se swaaide nei my. Ik haw werom swaaid.
(10-10-2001) - Soms moatte jo neitinke oer saken dêr
't jo hielendal net oer neitinke wolle. Trinus Riemersma
fertelde saterdjetemidzje (yn it tsjerkje fan Bears)
dat elk Frysk wurd dat skreaun wurdt in died fan in
Fryske beweger is. It feit dus dat jo Frysk skriuwe
makket fan jo in Fryske beweger. Lykas elkenien dy 't
boadskippen docht in klant is. Fan de winkel dêr
't er dy boadskippen docht. Yn syn optyk bin ik dus
in Fryske beweger. Gjin neil tusken te krijen fansels.
Myn probleem lykwols is, dat ik net rjocht wit wat dat
is, de Fryske Beweging. In feriening? In maatskiplike
organisaasje? In libbenshâding? Dêr moat
ik no oer neitinke. En oer de fraach oft immen dy 't
(bygelyks) yn it Stellingwerf skriuwt of yn it Nederlâns
in Stellingwerfse beweger is of in Nederlânse.
Jassus Trinus, rop net fan dy betiizjende dingen!
(10-10-2001) - Hjoed lies ik in hiel aardich boek:
'Elfstedentocht', in lytse roman fan Sietse van der
Hoek. It riden fan de Alvestêdetocht fan 4 jannewaris
1997 as in soarte fan metafoar. Jins eigen libben yn
in spegel. Soks. Grappich om sa'n boekje te lêzen,
in wykmannich nei 'In kâlde erfenis' fan Hylke
Speerstra. Twa âlder wurdende sjoernalisten dy
't op itselde stuit in rekken opmeitsje.
(11-10-2001) - "Tsja, ik haw ek út dyn
deiboek fernaam wa 't de RJ-priisfraach wûn hat.
Ik wie ien fan de dielnimmers, mar de skriuwer hat ek
my neat berjochte oer de kar fan de sjuery". Al
wer in e-mail oer de sleauwe wize fan dwaan fan it Rely
Jorritsma Founs. Ut Limburg, wêr 't gjin Fryske
krante besoarge wurdt. "In oerke wurk om alle dielnimmers,
op ien nei, efkes in briefke te stjoeren". Tsja,
in oerke wurk, faaks in heale midzje. Mar giet it net
folle mear om fatsoen, yn dizze kwesje? Tocht it wol.
(11-10-2001) - De Nobelpriis foar de literatuer is
fan 't jier foar V.S.Naipaul. Einlings wer ris in skriuwer
dêr 't ik wat (no ja: in stik as trije boeken)
fan lêzen haw. Oare jierren hie 'k faak in gefoel
fan lichte skamte as de winner bekend makke waard: ik
kén dy auteur net iens...
(Fan 't jier trouwens ek wer de gerêststelling:
aldergeloks gjin Harry Mulisch)
(12-10-2001) - It sil no dan dochs heve: de jongerein
nimt it Skriuwersboun oer. Albertina Soepboer en Tsead
Bruinja binne lang om let ree fûn om in sit yn
it bestjoer fan dit âlde, slûge, fermôge
ynstitút te nimmen. Dat is moai. Opskodzje de
boel! Aksje! Net inkeld wurden mear út de stêd
Grins wei, mar dieden yn Fryslâns literêr
fermidden. Nij... eh... 'elan'!
(12-10-2001) - Ek Pieter de Groot skriuwt it hjoed
(LC, 'Dwers'): of ik dat no wol as net, ik bin in Fryske
beweger. Want ik skriuw Frysk. No, toe dan mar.
(13-10-2001) - Wa 't, benammen de lêste jierren,
dielnimmer wie oan in boekemerk yn Fryslân hat
it ferskynsel observearje kinnen. Hylke Speerstra steapelt
in fiks tal fan syn eigen útjeften foar him op
en begjint omraken lûd te meitsjen. Elke potinsjele
klant dy 't him mar yn 'e buert weaget fan de diskes
wurdt oansprutsen en krijt in boek fan him yn hannen
treaun. Keapje blinder! De oare skriuwers wurde wat
ûnwis, swije en doare it grutte foarbyld net te
folgjen. De kâns op in snútslach (meast
ferpakt as grap) fan de master-keapman is grut. Wat
soene jim no mei jim boekjes... Ik besjoch soks altyd
mei in glimk. Ik fyn it eins wol komyk dat immen him
sa etalearret, him sa doart te eksposearjen. Ik haw
sels dat lef net. Ik sjoch suver altyd neutraal as immen
in boek fan my yn 'e hannen nimt. En ik swij. Stel dat
dy immen my in opskepper fynt as ik myn boek oanpriizgje
soe... Fryske beskiedenens, skiterichheid - ik hoech
op in boekemerk dus ek mar komselden in hantekening
te setten. Hylke is duorjend oan it hantekenjen.
Guon kinne minder oer Hylke syn eigenikkige show. Dat
fernim ik ek. Der wurdt spytgnyske, der wurdt flokt,
der wurdt rabbe. Hylke fernimt dêr meast noait
wat fan, want nimmen sprekt him der op oan. Boppedat:
Hylke is ougryslik dwaande: prate, roppe, ferkeapje,
hantekeningen sette, ferkochte foarrie oanfolje út
'e doazen dy 't er altyd by him hat. In Fryske boekemerk
is de lêste jierren altyd in kwesje fan Hylke
Speerstra en de oaren.
Ik skriuw dit op omt ik in dei as wat lyn in stikje
fan Marga Claus yn de nije 'Trotwaer' lies. Marga fernaam
Hylke dwaande op 'e boekemerk fan Stiens. Foar har de
earste kear tink. En hja, skriuwster fan in suksesroman,
waard poerrazen! Fral omt ek hja har (as grap ferpakte)
snútslach fan Hylke krige. Moai stikje. Herkenber
stikje.
(14-10-2001) - Fannemidzje rûn en lies ik in
stik fan de poëzijrûte fan de stêd
Ljouwert. It grêfstiennepaad, opset by 't ouskie
fan boargemaster Te Loo en koartlyn fiks útwreide.
Mei de kreaze folder yn 'e hân kuiere ik by 't
stasjon wei, mei it doel en folgje it hiele paad oan
't ik wer by dat stasjon útkaam. In idioat plan.
Jo moatte hjir de tiid foar nimme. Sa'n fers fan Eddie
Evenhuis bygelyks koste my allinne al 20 menuten. Doe
wie 'k noch mar krekt ûnderweis. Moai, dat fers.
Ik ha besocht it út 'e holle te learen. Dom fansels,
want wylst jo, fierder kuierjend, de strofen troch de
kop gean litte, tsjinnet him in nij fers oan. En daalk
dêrnei it folgjende. Hast twa oeren letter hie
'k de helte noch net hân. Mar ynienen wie der
in noflik terras. Dêr haw ik my op deljûn
en besletten dat ik it oare part fan de rûte letter
dwaan sil. It is tefolle yn ien kear. Foar my. Mar in
prachtich ûndernimmen is it, dizze poëzijtocht.
Unyk yn 'e wrâld, tocht ik. Op dizze wize.
(14-10-2001) - Op in terras, deun by in poëzijstien.
Hast elkenien rint der oer hinne of der - hiel bewust,
liket it - om hinne. Inkeldris sjocht immen nei ûnderen,
mar de kuier wurdt net ûnderbrutsen. Twa kear
haw ik sjoen dat de stien lêzen wurdt: troch in
âlder pear en in ferskuorrend moaie, jonge frou.
Trije lêzers yn efkes minder as in oere. Gjin
minne skoare.
(14-10-2001) - Niis seach ik in televyzjeprogramma
oer Meindert Talma. In fenomeen! Wat in prachtige, kreative
jonge. Dy 't liket te dwaan wat syn gefoel him ynjout.
Se bestean dus noch, sokken. Wat ek in komplimint foar
de sneinspoat fan Omrop Fryslân: dat in stazjêre
de kâns jûn wurdt sa'n programma te meitsjen.
Ik haw altyd tocht dat ik by soks allinne mar by de
VPRO telâne koe. Televyzje kin soms moai wêze.
Ferfrjemdzjend moai.
(15-10-2001) - Efkes foarby alwer in dei. Niis prate
(skreau) ik mei myn soan. MSN. Hy yn Havanna (Cuba),
ik yn Menaam (Fryslân). Wêrom bin ik noch
altyd ûnder de yndruk fan de kommunikaasjemooglikheden
dy 't it internet my biedt?
(15-10-2001) - In - lit my it neame - whiskyglês
mei in foech hânfol iisblokjes der yn en dêr
oerhinne ik fikse flut jonge jenever. Ik haw it fan
't wykein wer ris ta my nommen. Mar it aparte is, by
dizze konsumpsje moat ik altyd oan Sybe Krol tinke.
Saterdje ried ik troch Furdgum en ik seach ynienen
dy neakene toer op it tsjerkhou. Goddomme Sybe, tocht
ik, wat hast it hjir aaklich keal om dy hinne. Wêr
binne dy prachtige beammen bleaun? Iisblokjes tinkelen
en it wie as preau ik de jenever. Oant de seedyk.
(16-10-2001) - Foar my hie der inkeld in besiker út
Terneuzen west, lies ik yn it gasteboek. In kalme dei
op it FLMD? My wie dat wol nei 't sin. Ik kuierje graach
yn musea en galerys sûnder dat ik rekken hâlde
hoech mei oare besikers. Ik bin it leafste allinne as
ik wat besjen wol. Bart net sa faak fansels, mar as
it sa ris útkomt, genietsje ik der fan. Dat ik
fermakke my skoan, fannemidzje, yn 'e boppeseal fan
it FLMD. Rêst. En boppedat in tige nijsgjirrige
útstalling. Oer libben en wurk fan Reinder Brolsma.
De man hat in soad skreaun. Folle mear as ik weet fan
hie. Romans fansels en novelles. Mar ek sjoernalistyk
wie er tige warber. Aardich wie it ek te fernimmen dat
er troch syn kollega's wurdearre waard. Sa lies ik bygelyks
in fers fan Obe Postma, suver in oade oan Brolsma. Kom
dêr yn ús tiid ris om! Albertina Soepboer
dy 't in fers makket oer Hylke Speerstra. Of sa. De
wurdearring foar it wurk fan Brolsma bliek ek daalk
nei syn nei-oarlochse publikaasjeferbod. De man waard
yn in omsjoch wer op syn skriuwerstroan holpen.
In lokkich minske wie 't net, benammen net yn it lêste
part fan syn libben. It is knap fan de gearstallers
fan dizze útstalling om dit aspekt sa ûngemurken
yn de fitrines mei te nimmen.
Moai en helder oersjoch fan libben en wurk fan de man
fan 'de blauwe skriften'. No sil ik tige meikoarten
te set mei de biografy dy 't Doeke Sijens skreau. Faaks
dat ik nei it lêzen nochris yn it FLMD sjoch.
(16-10-2001) - Doeke Sijens. Ien fitrine is hielendal
wijd oan dy biografy fan Reinder Brolsma. Tige nijsgjirrich
fûn ik it brief dat Sijens skreau oan de famylje,
oan pakesizzer Ulke. Hy freget om meiwurking. En hy
skriuwt (soksawat) dat er 'út bewûndering'
in 'posityf' boek oer Brolsma meitsje wol. Opfallende
stellingname yn 't foar. Fyn ik. Stel no, tink ik mei
myn altyd erchtinkende geast, dat er yn de jierren dy
't er bestege oan dit projekt fan dy bewûndering
oudondere wie, dat er ynienen in pestpokkehekel oan
it wurk fan Reinder Brolsma krigen hie, dat er in ougrysliken
wearzge fan de persoan skipe hie - stel. Hoe bliuwe
jo dan posityf?
Och, tink ik ek, Sijens is net samar mei in biografy
útein set. Hy wist wêr 't en oer wa 't
er skriuwe soe. En dan feroarje mieningen net.
(16-10-2001) - Wannear is ek al wer de útrikking
fan de Gysbert Japikspriis? En wêr? En hoe? En
troch wa? Oan wa is bekend (hat efkes in lyts berjocht
fan west), mar fierder liket it krekt of bestiet de
priis net. Blinders Tsjêbbe - ik gun dy in prachtich
feest, ik hie dy graach lokwinskfûstkje wollen,
mar ik wit wier net wêr en wannear. Apart.
(17-10-2001) - Wat is it moai dat jo as simpele deiboekskriuwer
op jo winkjen betsjinne wurde! Tige tank LC. Tige tank
Jabik Veenbaas. Moarn dus de grutte dei foar Tsjêbbe.
It is fijn dat ik it no wit. Om my persoanlik hie in
ienfâldige e-mail wol genôch west, hear.
Mar no kin elkenien it witte. It is trouwens wol aardich
dat der tagelyk in stikje oer de Gysbert Japikspriiswinner
ou koe. Mar moast dat no ynienen sa ropperich? Sa kletsklatstsjongejongenochoanta,
sa boskfearrenyndekonterich? Ynhelslachje?
(17-10-2001) - 'Baas boppe baas' sil los! En dat ek
noch mei in echte premjêre: de jûn fan 10
novimber yn de FIB-seal fan de Ljouwerter Harmonie.
Tidens de 'Noordelijke Filmdagen' dus. In televyzjeseary
as keunst. Sa heart it. Wa 't der by wêze wol
moat him/har klaaie yn 'tenue de ville'. Dat wol.
Ik sil der net by wêze, tink, by dizze premjêre.
Nettsjinsteande in prachtich fersoarge útnoeging.
Ik haw neat wêzentliks bydroegen oan de tv-seary.
As deagewoane sjogger sil ik fan 13 novimber ou elke
jûn de ouleveringen besjen (oant en mei 29 jannewaris
- blinders, dat is wol in hiel skoft!). Boppedat - ik
bin as de dea dat ik dy jûns Sybe Joostema tsjinkom,
aktearjend as grut skriptskriuwer.
(18-10-2001) - Op Omrop Fryslântelevyzje seach
ik jûn in bewyske fan de útrikking. Fan
de Gysbert Japikspriis oan Tsjêbbe Hettinga. Mar
wat hearde ik op 'e achtergrûn? Wie dat net muzyk
fan minsken dy 't elke dei op it Leidseplein yn Amsterdam
te fernimmen binne? Dy muzikanten dy 't lûden
weihelje wêr 't gjin lûden hearre te wêzen?
Hawar, OF hie der dus in grut item fan makke. Fan de
útrikking fan de Gysbert Japikspriis. Nee dus.
Literatuer is net wichtich yn Fryslân. Net foar
Omrop Fryslân. En eins ek net foar de LC/FD. Suertsjes
by de boadskippen. En dy boadskippen gean dan benammen
oer sinten fertsjinje, oer ekonomy. Fansels.
(19-10-2001) - Stel jo binne byldzjend keunstner, filmer,
tenielspiler, dûnser. Yn Fryslân. Jo lêze
elke dei de krante. De kâns is dan frij grut dat
jo frustrearre reitsje: al wer oandacht foar dy frekte
literatuer! Ut dat perspektyf wei (fan in net-skriuwer
dus) is der yndied gâns oandacht foar de Fryske
skriuwerij yn ús media. Mear as foar de oare
dissiplines. Ik moat net seure.
(19-10-2001) - Dy muzyk, dy 't ik juster hearde op
Omrop Fryslân, achter de reportaazje oer de útrikking
fan de Gysbert Japikspriis oan Tsjêbbe Hettinga,
wie de stim fan Greetje Bijma. Fansels!
(20-10-2001) - Krekt werom fan de jierlikse reuny fan
Fryske skriuwers: de boekemerk yn Drachten. Ein fan
de sutelaksje. Moai waar. De bek bryk praat fansels,
mar dat heart by in reuny. Fjirtich skriuwers/skriuwsters
binne der teld yn Drachten. Kreaze opkomst. Koe minder.
Alde kunde moete. Rein van der Leest bygelyks: yn gjin
16 jier sjoen. En wy ha boeken ferkocht. Ik miende foar
in tûzen as 14. Durk Hibma fertelde dat der yn
de sutelelaksje fan 't jier likernôch 28 tûzen
boeken ferkocht binne. Dat is even mear as bygelyks
yn 1990. Doe gongen der sa'n 3000 minder de doar/kroade
út. Fryske boeken binne djoerder wurden en der
waarden gâns cd's ferhannele. Sadwaande kaam it
(foarriedige) einbedrach út op ƒ511.000.-
Foar de earste kear boppe it heal miljoen. De topper
wie 'In kâlde erfenis' fan Hylke Speerstra: 1200
fan ferkocht (hast 15 persint fan it totaal oan boeken).
Sifers ynearsten. Al den duvel sifers.
(20-10-2001) - Wat hiel aardich is op sa'n boekemerk,
jo relativearje. De Stellingwarver Schrieversronte die
fansels ek mei en Johan Veenstra en syn assistinte ferkochten
foar even mear as tûzen gûne. Moai fansels.
Tûzen gûne oan Stellingwarver boeken. Wy
Friezen helje ús noas op foar sa'n bedrach, wy
binne gruttere bedragen wend. Mar foar in noch lytsere
taal, foar in lytse organisaasje as de S.S.R. is dit
in sukses! Ik kocht 'Moai veur joker', ferhalen fan
Benny Holtrop en 'Winterlaand', fersen fan Johan Veenstra.
Net foar it goede doel, seker net! Beide skriuwers haw
ik heech en ik bin nijsgjirrich nei har nije wurk.
(20-10-2001) - En ik kocht ek 'Gain weerom', de twadde
cd fan 'Woarom nait', - André Bralts cs. Grinzers,
Stellingwerfs, Frysk - talen yn it ferdomhoekje, mar
it Frysk fannemidzje dus efkes as wichtichste taal,
as liedende taal, as iennichste taal. Gôh - wat
in lúkse! Efkes...
(21-10-2001) - Hylke Speerstra spile juster gjin haadrol
op de boekemerk yn Drachten. Him wie, mei syn boeken,
in plakje taskikt op 'de twadde rang', in achterouhoekje.
Gefolch fan it stikje fan Marga Claus yn Trotwaer, tink,
wêryn 't Speerstra delset waard as allesoerhearskjende
ropper en ferkeaper fan allinne mar syn eigen boeken.
Wy hiene dêr allegear wille om, Hylke noch mear
as wy. Fral ek omt Claus der sels net wie. Leedfermaak,
wol 'k leauwe. Skriuwers binne soms krekt âlde
wiven/weiten hinnen. Foar de ferkeap makke Hylke syn
beskieden stee op de boekemerk net folle út:
de keapers wisten syn boeken wol te finen. Dy leine
trouwens rûnom op de tafels. Yn 't foar al tekene
troch de masterkeapman sels.
(21-10-2001) - Aldereinhûs De Miente, de Gerdyk.
Yn 'e lift wachtsje ik op it sluten fan de doarren.
It duorret en it duorret mar. Ynienen ferskynt in rollator
yn byld, ik hear in frou, ik sjoch de frou. Se skoot
by my yn de lift en praat. Se praat as de doarren slute,
se praat as wy nei ûnderen reizgje, se praat as
ik har foar my út de lift út gean lit.
Ik groetsje en kuierje hastich troch de gongen. Nei
bûten! Ta myn ferbjustering draaft de frou achter
my oan - de rollator stuitert en se praat, praat. Ik
wachtsje in telmannich foar de automatise bûtendoar.
De rollator wurdt my tsjin 'e skonken treaun, ik sakje
yn 'e hoksen. De frou swijt as ik my nei har ta draai,
glimket. "Dach jonge", seit se dan, "net
bang wêze, hear". Ik sjoch har nei as se
werom karket. Se praat, En se praat.
(22-10-2001) - Radio Eenhoorn: in roman, in boek mei
fraachpetearen, in dichtbondel. Selden haw yn sa'n heech
tempo praat, want der wie noch mar tsien menuten oer.
Komt: foar my wie Teake Oppewal oan de telefoan. En
dy jonge hat noch mear te fertellen as my. Hoe dan ek:
Radio Eenhoorn docht in soad oan kultuer yn Fryslân
- yn de alderbreedste sin fan it wurd.
(23-10-2001) - "'Aldfaars grûn', de ferneamde
histoaryske roman fan J.P.Wiersma út 1948 jout
in panoramysk byld fan it libben op it Fryske plattelân
tusken 1860 en 1940 en de opkomst fan de koöperative
bûterfabriken". Ik lês dizze sin yn
in parseberjocht fan de Friese Pers Boekerij. En ik
tink: 'Aldfaars grûn' - ik haw dat boek lêzen,
mar net as roman. As skiednisboek eins. De romantyk
fan it folkslibben, de skiednis fan de molkfabriken
- Frico dus -, dat lies ik. Prachtich! Geert Mak 'avant
la lettre', in bytsje Hylke Speerstra.
Meikoarten te besetten dus. Fryske klassiken.
(24-10-2001) - Jûn de fuotbalwedstriid Hearrenfean-Ajax.
Sûnder Ajax-supporters dus. Dy krigen te min kaartsjes.
En dus sille yn dat lege fak demontratyf Ajax-bestjoerders
sitte. Djoere mannen dy 't oudale nei it plak fan de
gewoane man. Sûnder dat 'plebs' om 'e teannen.
Wat in lytsbernige oanstellerij! Wat in goedkeape aksje!
Mar de pers sil foto's meitsje. En de televyzje sil
de manlju op it skerm toane. Tsjong!
(24-10-2001) - Efkes in dei as wat gjin deiboek. Efkes
in dei as wat ompiele yn Parys.
(29-10-2001) - Parys. Ourûne freedtemidzje. In
bakje kofje yn Café de la Paix, hoeke Place de
l'Opéra/Boulevard des Capucines. Dat stee dus.
Minsken besjen - Adriaan van Dis kuiert foarby -, sjen
hoe 't it ferkear duorjend yn 'e knoop rekket, frijkomt,
wer stilstiet. In aardichheid. Adriaan van Dis komt
wer foarby, triuwt in fyts foar him út. Jenny
en ik sjogge elkoar oan: "Wie dat net...?".
Op it plein stiet it wer sa fêst as in muorre.
Plysjeminsken op rollerskates meitsje romte foar in
brânwarwein. Se flitse fierder, wylst auto's en
bussen elkoar wer fan alle kanten ynslute. Prachtich
konsert fan klaksons! En wer ferskynt Van Dis: fyts
op 't skouder, reade kop, ferwaaid hier. Hy lavearret
tusken auto's troch, wurdt heal fan 'e sokken riden,
stekt de platte hân omheech. In Hollanner yn Parys...
Wy ha wille achter it rút fan ús kafee.
En wy applaudissearje as er deun foar ús stiet.
Hy sjocht ús mei ferhearde eagen oan, Adriaan
van Dis. Dan glimket er. Skoddet syn grize lokken te
plak.
(29-10-2001) - Parys. Al jierren wie 'k it fan doel
en saterdjetemoarn kaam it der fan: myn besite oan it
grêf fan Jim Morrison. It sil de legende wêze,
wertinkens oan de tiid fan The Doors. It gefoel fan
in generaasje - myn generaasje. Père Lachaise,
dat monumint fan in begraafplak - unheimisch, mar tagelyk
yndrukwekkend. Grut, ûnbidich grut. En griis,
benammen griis. De stien dêr 't de namme fan Morrison
op stiet, falt fuort tsjin oare grêven: sútrich,
lyts. Der lizze in pear blommen foar. Der stean in pear
potten mei planten op. In Belgise man praat op syn frou
yn: "Ik weet dat je teleurgesteld bent. Maar wat
had je verwacht?" Ik fiel wat dy frou fielt. Der
wie in needsaak om hjir te wêzen, mar no 't ik
der west ha freegje ik my ou: wêrom? Mar as ik
der net west hie, hie 'k der hinne wollen.
(30-10-2001) - It is my noch net faak oerkommen fan
't jier: ik haw neat te skriuwen. It liket as bart der
neat yn de Fryske skriuwerij. Ik fernim teminsten neat.
It is in ougryslik deade boel. Of leit him dat oan my?
Mis ik fan alles, ûntgean my wichtige ûntjouwingen?
(31-10-2001) - Krekt it nijste boek lêzen fan
Peter de Zwaan. 'De vrouwenoppasser'. Ik hâld
fan de boeken fan De Zwaan. Nei myn betinken ien fan
de bêste Nederlânse skriuwers fan misdiedromans,
faaks wol de bêste. Absurde lokaasjes, hiel bysûndere
personaazjes, altyd in aparte mar knappe plot. En skreaun
yn in styl dêr 't ik skilich jaloers op bin. Nonsjalant.
Flitsend. Datselde gefoel haw ik ek by de boeken fan
de Amerikaan Carl Hiaasen. It gefoel fan tsjong! Sa
kin it dus ek. Makket in skriuwer beskieden. Hâld
him mei beide skonken yn 'e Fryske klaai. |