Sa stadichoan begjint yn de Fryske literatuer him
wat fan in streaming ou te tekenjen: de misdiedskriuwerij.
Yn wêzen is dit it twadde echte genre dêr
't sprake fan wêze kin. De 'boereroman' wie altyd
dúdlik. Dêrnei wie 't fan alles wat. Gjin
fleis gjin fisk. Fryske skriuwers fytsten achter ûntjouwingen
yn oare literaturen oan. Diene mei - in hoart letter.
Mar gjin streamingen, gjin aparte genres, lykas de pornoroman,
de doktersroman, de reisroman, de neammarop roman. Fan
alles wat, fan alles in bytsje.
De FRYSKTALIGE MISDIEDROMAN as streaming yn de Fryske
literatuer, dêr sil dizze side oer gean. Ik sil
besykje in folsleine list te meitsjen fan alle misdiedboeken
en -ferhalen dy 't ea skrean binne yn it Frysk. In eigen
ûndernimmen, eigen sneuperij. Mar it seit himsels
dat bydragen fan oaren (fan jo, fan dy dus) hartstikke
wolkom binne.
Gâns gegevens haw ik fûn yn
de folgjende útjeften:
'Moard en deaslach yn de Fryske literatuer' (skripsje
fan Dick Eisma)
'Wa hat it dien?' (Byskriften, nûmer 3 - FLMD,
Ljouwert (1991))
LIST FAN FRYSK(TALIGE) MISDIEDBOEKEN
Wie de Frysktalige misdiedroman eins altyd mar wat
in tafallige útjefte - sa'n bytsje in boek dat
út en troch ferskynde tusken frachten oarssoartige
boeken -, sûnt 1988 lykwols is der sprake fan
in genre; strukturele oandacht, it begjin fan in echte
tradysje: elk jier ferskine der nije misdiedboeken.
Dat is de reden dat ik - foar my sels (en ik mei dat
dwaan, want dit is myn side) - in grins lutsen haw:
twa tiidrekken.
|