DE
EARSTE FASE
Ik waard op 4 augustus 1945 berne. Yn 'e Rottefalle,
yn it part dat doe al by de gemeente Smellingerlân
hearde. Myn bertehûs stiet oan de Brouwersgrêft
dy 't yn '45 noch dat prachtige wetter midden yn it
doarp wie. Jo witte wol: sa'n feart mei beammen oan
wjerssiden, lytse klinkertstrjitsjes der lâns
en in heechhout der oer hinne. Folle wertinkens oan
wenjen yn 'e Rottefalle haw ik lykwols net, want ik
wie noch mar krekt 4 jier doe 't wy nei Surhústerfean
ferfearn binne dêr 't ús heit (Siebe)
op it fabryk wurke. Wy wiene doe mei syn fjouweren:
ús heit en mem (Wytske) fansels, myn âldere
suster Ieke en ik. Yn Surhústerfean kamen der
noch twa susters by: Hilly en Geke. Wy kamen te wenjen
yn sa'n nei-oarlochse wyk dêr 't huzen yn in ferskuorrend
tempo út 'e grûn stampt waarden. Myn boarterswrâld
feroare jier op jier mear yn nije diken en huzen. It
wie dan ek in feest doe 't wy hast 10 jier letter nei
de oare kant fan it doarp ferhuzen, oan 'e râne:
de greiden rikten de achtertún.
Skoallen fansels. De beukerskoalle,
de iepenbiere legere skoalle en dêrnei de ulo.
Op dy ulo die al gau bliken dat ik net allinne niget
oan skriuwen hie, mar ik woe wat ik skreau ek oan oaren
lêze litte. Suver op myn ientsje rjochte ik in
skoallekrante op ('De Ulopost') dy 't ik dan suver ek
allinne folskreau. Sels de produksje fan dat blêdsje
(folle stelde it net foar ha 'k my letter realisearre)
hie 'k eins allinne op myn noed.
Wie my wol nei 't sin, want ek doe wie ik net sterk
yn gearwurkjen mei oaren... Skriuwe foar De Feanster
(de lokale wyklikse krante foar Surhústerfean
en omkriten) die ik doe ek al. Lytse stikjes dy 't ta
myn ferbjustering allegear opnommen waarden. Anonym
fansels.
RYKSKWEEKSKOALLE
Dat ik nei de ulo op 'e Rykskweekskoalle fan Drachten
rekke wie net in negative kar fan in arbeidersjonge
(sa 't dat yn gâns gefallen wol west hat: oan
't wurk of fierder leare = ta skoalmaster leare; in
oare kar wie der meastentiids net): ik woe deagewoan
skoalmaster wurde, krekt as myn grutte foarbyld Lourens
van der Leij dy 't op de legere skoalle in jiermannich
myn 'meester' wie. Myn beropskar wie dus al hiel betiid
bepaald. Dy kweekskoalle hat yn gâns opsichten
foarmjend foar my west. Net allinne omt ik ta in berop
learde, mar benammen om wat ik learde en om wat ik yn
dy sfear fan 'lotgenoaten ûnder elkoar' meikrige.
Der wie belangstelling foar literatuer op 'e kweek,
foar kultuer yn 't algemien. Yn 'e lessen fansels, mar
ek dêr bûten. Wy organisearren saneamde
literêre jûnen dêr 't wy foarliezen
út eigen wurk, wy gongen manmachtich nei
De Lawei, wy spilen toaniel en kabaret en yn De Catheder
- de skoallekrante - tilde it op fan eigenmakke poëzij
en ferhalen. Omt ik sels in jiermannich haadredakteur
fan De Catheder wie, koe 'k yn dy kolommen moai wat
eigen wurk kwyt. Sawol yn it Nederlâns as yn it
Frysk. Want it Frysk kaam hyltyd tichterby, benammen
omt learaar Geale de Vries geduld mei ús hie
en ús stapke nei stapke ou holp fan ús
minderweardichheidsgefoel foar ús eigen taal
oer. Teminsten, by my hat soks hiel sterk wurke. Dat
ik wat de literatuer oanbelanget keas foar it Frysk,
is foar in hiel grut part oan him te tankjen. Op 'e
'kweek' skreau ik myn earste Fryske teksten en dêr
bin 'k dus net mei opholden.
Ek op oare wizen wie de kweekskoalletiid
hiel wichtich foar my. Ik learde Jenny kennen dy 't
letter myn frou wurde soe. Yn dy perioade ferstoar ek
ús mem. Yn 1967 slagge ik foar 'de haadakte'.
Ik koe oan 't wurk. Hoewol: ik soe earst yn militêre
tsjinst.
‹ Mei Jenny as pear
yn in toanielstik op de 'Drachtster kweek'- ús
noch net bewust fan it feit dat wy letter in echt pear
wurde soene... (1974) |